nivo 3
|
Nei de klap* | skriuwer : | Riemersma, Tr. | Jier: | 1999 [2de pr. 2014] | Utjouwer: | Koperative Utjowerij | Plak fan útjefte: | Boalsert | Oantal siden: | 235 | Sjenre: | distopyske roman, ûndergongsroman | Stekwurden: | adolesinsje, morele fragen, oerlibje, útsichtsleazens | ERK-nivo :
| B2 |
|
|
|
set yn myn boekenkast
|
|
Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)
|
Oer de skriuwer
Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't bysûnder wie fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Trinus Riemersma eksperimintearre wol mear yn syn boeken. In foarbyld dêrfan is roman De hite simmer (1969) dêr't itselde ferhaal beskreaun wurdt út trije ferskillende perspektiven wei. Dat is ek te sjen oan de manier wêrop't de bledsiden printe binne. Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Nei 1980 brûkte er gauris syn eigen stavering. Riemersma syn wurk is bekroand. Hy krige seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk en De Reade Bwarre ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam, as letterkundedosint oan NHL Hogeschool en as kollumnist foar de Leeuwarder Courant.
Ynhâld
De roman is in ferhaal oer in oerlibbingstocht troch in treasteleaze wrâld sân jier nei 'de klap'. Wat krekt bard is wurdt net hielendal dúdlik. Miskien is der in atoomsintrale ûntploft, in atoombom fallen of in meteoryt delkaam.
De haadpersoan fan de roman is Ake, in jonge fan 14 jier út Drachten. Weromsmiten op himsels moat er him rêde yn in nije sitewaasje sûnder ûnderdak, sûnder iten en klean, sûnder syn famylje en freonen mei minsken dy't him net eigen binne.
Lêsoanwizings
Yn de earste haadstikken fan de roman freget de lêzer him hieltyd ôf wat der no eins bard is, hoe't Ake yn dizze aaklige sitewaasje telâne kommen is. It ferhaal makket nijsgjirrich.
Yn it boek komt in soad ellinde en negativiteit foar. Dat makket miskien datst net folle nocht hast om it boek hielendal út te lêzen.
Oan de oare kant is it nijsgjirrich om in boek te lêzen oer hoe't in jonge fan 14 oerlibbet yn in wrâld dêr't alles weifallen is. Ake moat oerlibje sûnder hûs, famylje en freonen. Oer hoe't er dat docht, kinst allerhande fragen stelle.
Om oer te prakkisearjen
Kinst dy foarstelle dat der in ramp bart en datst alles kwyt bist? Fielt Fryslân noch as in thús as der gjin famylje en freonen mear wenje? En as it doarp der net mear is? Wat betsjut Fryslân foar dy?
Wurdearring
'De inhoud van de roman is boeiend door de harde en genadeloze uitbeelding van de mens in een situatie waarin elke poging tot overleven uiteindelijk uitzichtloos blijkt.'
Elske Schotanus op de eigen website.
'8 september 2009 | UTRECHT
Ik moest er even in komen, maar vond het een erg aardig boek. Een vaak gebruikte setting, maar toch weet de schrijver een 'ander' verhaal te vertellen. Het is ook wel bijzonder dat de hoofdpersoon een Fries is. Ik heb het in een paar dagen uit gelezen.'
Nederlânske lêzer fan de roman op de webside fan bol.com. De lêzer hat de Nederlânske oersetting fan de roman lêzen.
Mear witte?
Dokumintêre oer Riemersma op Omrop Fryslân, maart 2011
De site fan Riemersma sels, Myn eigen eker
Ynformaasje oer de skriuwer op sirkwy.nl
Skreaun troch
Babs Gezelle Meerburg
Suggestjes
Boeken op Lezen voor de lijst