Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 5 | In kop as in almenak

In kop as in almenak

In kop as in almenak

Hindriks, Elske
Niveau
Niveau 5
Jaar uitgave
2013
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
212
Genre
  • famyljeroman
Tags
  • demintens
  • famylje
  • libbensferhaal
  • mem-dochterrelaasje
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

 

Over de auteur

Elske Hindriks is in pseudonym foar Elske Schotanus (1957). Sy is berne yn Terbant. Neidat se in skoft psychology studearre hie yn Grins, begûn se mei wurkjen yn de geastlike sûnenssoarch. Tsjintwurdich is se byldzjend keunstner en skriuwster. Se skriuwt proaza, kollums, fraachpetearen, sjoernalistike artikels en resinsjes, ûnder oare foar it algemien-kulturele opinyblêd De Moanne. Se skriuwt yn sawol Frysk as Nederlânsk. Har earste roman Skrik (2007) giet oer in frou mei in psygoaze.

Inhoud

Dit boek is in skiednis fan in skippersfamylje. In dochter út in laach fan skippers freget har mem nei dy har jeugdûnderfiningen en skriuwt dy op. De tiid fan doe wurdt ferlike mei de tiid fan no en dat lit sjen wat der yn hûndert jier tiid feroare is yn it deistich libben yn Fryslân. De opbou en skriuwstyl fan it boek binne yllustratyf foar hoe't it ûnthâld wurket: fragmintarysk en tafallich. Dit boek is dêrmei net allinnich in boek oer skippers, mar ek oer it ûnthâld en it ferline.

Leesaanwijzingen

Hast mei In kop as in almenak in bysûnder boek yn hannen dat hiel goed ûntfongen is yn de rûnten fan de Fryske literatuer. It is op in wize skreaun dy't sjen lit hoe't it ûnthâld wurket: fragmintarysk, ûnfolslein. It giet oer de famyljeskiednis fan fiif generaasjes, dus der komme in soad personaazjes yn it boek foar. It kin helpe om in stambeam te meitsjen wylst oan it lêzen bist, dan is hieltyd dúdlik oer wa't it fragmint giet. In stjerke (*) tusken de rigels jout oan dat der binnen in haadstik oergien wurdt nei in oare tiid.

Om over na te denken

Hoe wie it fyftich jier lyn om jong te wêzen? Wat wit ien noch fan syn libben as er âld is? Wat witsto fan hoe't dyn pake en beppe froeger libben en hoe oars oft it doe wie?

Waardering

'Wêrs fan falske romantyk of nostalgy toant de roman maatskiplike feroaringen, springend troch de tiid, wêrby't de notiid hyltyd sterker yn de kikert komt.'
Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2015

'It is hiel bysûnder hoe't sa'n persoanlik boek mei hast yntime oantinkens en details dochs sa'n werkenber byld en universeel gefoel oproppe kin.'
Tryntsje van der Steege op Ensafh.nl

'Nea wurdt it ferhaal, dat yn in prachtige literêre styl skreaun is, sentiminteel en saken wurde ek net moaier foarsteld as se binne.'
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant

Opmerkingen

In kop as in almenak stie op de shortlist fan de Gysbert Japicxpriis 2015.




Leestips/meer weten

Website fan de skriuwster
tresoar.nl, boekprofyl
tresoar.nl, biografyske skets

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 4 - Opdrachten

Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld en de betsjutting fan it boek

Opdracht

1. Yn it boek stiet op side 180: 'Der komt altiten in momint dat libbene oantinkens omteare ta skiednis (...).' Lis yn eigen wurden út wat dêrmei bedoeld wurdt.

2. Fynst de oantinkens fan jim heit en mem skiednis? En hoe sit dat mei dyn eigen oantinkens? Wêrom beskôgest dy wol of net as skiednis?

3. De skriuwster lit sjen dat der yn in pear generaasjes in soad feroarje kin. Folje ûndersteande tabel yn. Ast oer ien fan de trije neat fine kinst, meist dat hokje leechlitte. Yn de earste kolom sjochst de sidenûmers dêr'tst de ynformaasje fine kinst.

 

  Sjoerdtsje

  Elske

  dochter fan Elske

op stap gean/drank
(s. 195)

 

 

 

wurk
(s. 163-168)

 

 

 

seks/yntimiteit
(s. 111-113)

 

 

 

wenrûmte
(s. 163-168)

 

 

 kin gjin wenrûmte fine

oplieding

 

 

 

 
4. Sjoerdtsje wurdt stadichoan demint en fynt it net altyd maklik om har de dingen fan eartiids te herinnerjen, dêr't har dochter har om freget. Yn it boek komt dat in pear kear nei foaren en it docht ek bliken út de titel. Lis dat út (kinst gebrûk meitsje fan side 14 en 209).

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer perspektyf en it effekt dêrfan

Opdracht

Lês as tarieding op dizze opdracht it haadstik oer perspektyf yn Basisboek Literatuur (s. 101-105) of sjoch op Wikipedy (boarne 1).

1. Lês ûndersteand sitaat.

It noasket Sjoerdtsje mar min dat har bernsbern alle fjouwer yn it Nederlânsk grutbrocht wurde. As se lyts binne, besiket se konsekwint Frysk tsjin har te praten, letter skeakelt se gauris oer.
'Je hebt een knoert van een fout gemaakt in de opvoeding', seit dyn dochter letter. 'Ik spreek wel een beetje Fries en als het moet kan ik het ook wel lezen, maar de taal zal mij nooit eigen worden.' (s. 49)

Nei wa wurdt ferwiisd mei 'dyn'? Wat foar fertelperspektyf is dit dus?

2. Wat is it effekt fan dat perspektyf?

3. Wat soe de reden wêze dat dat perspektyf net faak yn romans foarkomt?

4. Yn it boek wurdt gauris wiksele fan perspektyf. Sjoch bygelyks side 75. Yn wat foar perspektyf begjint dy side? Wêr wurdt fan perspektyf wiksele en wat foar perspektyf wurdt dan brûkt? Wat foar oanwizing jout de skriuwster foar de wikseling fan perspektyf? Ferwiis yn dyn antwurd hieltyd nei de tekst op side 75.

Bronnen

Basisboek literatuur, Joke van Balen e.o., Grins 2009
Wikipedy, fertelperspektyf

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusopbou en tematyk
Learst

hoe't de opbou de tematyk fersterkje kin

Opdracht

In kop as in almenak is fragmintarysk opboud. Dat wol sizze dat de tekst net ien trochrinnend ferhaal foarmet, mar út allegearre lytse stikjes opboud is.

1. Wat fynst fan sa'n opbou? Lis dyn antwurd út.

2. Wat foar effekt hat sa'n opbou op dy as lêzer?

3. Under boarne 1 fynst in fraachpetear mei de skriuwster. Yn dat petear seit se dat har boek net in roman is. Lês it fraachpetear goed troch en lis út op wat foar punt har boek ôfwykt fan de measte romans.

4. Wat foar foardiel fan in fragmintaryske opbou neamt de skriuwster yn it fraachpetear? Bist it mei har iens?

Bronnen

Abe de Vries, fraachpetear mei de skriuwster, Friesch Dagblad 02-05-2013

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusyntertekstualiteit
Learst

om yntertekstualiteit te werkennen en te beoardieljen

Opdracht

Yn In kop as in almenak wurdt út en troch ferwiisd nei oare literêre teksten, muzyk en keunst.

1. Lês boarne 1 oer yntertekstualiteit. Wat is de funksje fan yntertekstualiteit?

2. Op side 194 wurde de boeken 1984 en Brave new world neamd. Wêr geane dy oer? Lis út hoe't de tematyk fan dy boeken oanslút by de passaazje dêr't se yn neamd wurde.

3. Sjoch ûndersteand sitaat.

As de rest fan Nederlân Een roos van vlees lêst of Turks fruit, Op weg naar het einde of Nader tot U, is Hindrik lid fan de KFFB, net om't er sa wei is fan de ynhâld, mar om't er it leafst Frysk lêst. (s. 136)

Fan wa binne de titels dy't neamd wurde? Sykje op hoe’t dy boeken ûntfongen waarden yn de tiid dat se ferskynden. Sykje dêrnei op wat de KFFB is. Wat foar boeken lêst Hindrik?

4. Wat wol de skriuwster dudlik meitsje troch dy boeken en de KFFB te neamen?

5. Lês ûndersteand fragmint.

Hindrik krijt Turks fruit dat op ’e kop op ’e tafel leit, lêst in stikmannich rigels en smyt it gnuvend werom, ‘is dat no wat dy bern foar Nederlânsk lêze moatte?’, mar ast Terug naar Oegstgeest op dyn ferlanglist setst, giet sy nei Binnert Overdiep om dy dyn jierdeikado te heljen. (s. 172)

By opdracht 3 hast útsocht wêr't Turks fruit oet giet. Sykje ynformaasje op oer it oare boek dat neamd wurdt: Terug naar Oegstgeest. Wat soe Hindrik syn beswier wêze tsjin Turks fruit? Wêrom karre Hindrik en Sjoerdtsje Terug naar Oegstgeest wól goed?

6. Wat fynst fan ferwizingen nei oare teksten, muzyk en keunst yn in boek? Lis út oftst yntertekstualiteit in ferriking fynst en jou oan wêrom wol of net. 

7. Is it wichtich om dizze yntertekstualiteit te begripen, foar it begryp fan it boek? Of makket it net út ast it net begrypst?

Bronnen

Wikipedy, yntertekstualiteit

De neamde titels foarsafier opnommen yn Lezen voor de lijst:
Turks fruit
Op weg naar het einde
Nader tot U
Terug naar Oegstgeest

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusyntertekstualiteit
Learst

om yntertekstualiteit te werkennen en te boardieljen

Opdracht

Yn In kop as in almenak wurde hiel wat nammen neamd. Net allinnich fan personaazjes, mar ek fan minsken dy’t net in rolle spylje yn it ferhaal. In pear foarbylden steane hjirûnder (mei sideferwizingen foar safier bekend):

Hylke Speerstra  108
D.A. Tamminga  32, 139, 140, 141, 142, 148, 149, 150
Haring Tjittes Piebenga  148, 150
Douwe Kootstra  194
Trinus Riemersma 69
Klaas Bruinsma  150, 151, 191
dokter Slauerhoff (= Jan Jakob Slauerhoff)
[Durk] Van der Ploeg  173
Klaas Jansma  46, 165, 215
Waling-om (= Waling Dykstra)
Rintsje Piter Sybesma  148
Jan Piebenga  139, 140

1. Wat witst fan dizze persoanen? Skriuw op wêr’tst se fan kenst. Sjoch wa't foarkomme op de Fryske Lezen voor de lijst. Sykje fan dyselden dy'tst net kenst op wa't se binne en skriuw dat ek op. Jou oan yn wat foar tiid oft se libje of libben.

2. Lês ûnder boarne 1 wat yntertekstualiteit is. Heart it ferwizen nei boppesteande persoanen neffens dy ek ta yntertekstualiteit? Lis út wêrom wol of net.

3. Skriuw in stik fan minstens 300 wurden dêr'tst yngiest op in mooglike reden fan de skriuwster om de nammen hjirboppe yn har boek te neamen.

Bronnen

Wikipedy, yntertekstualiteit

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN5/3
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

hoe't it boek ûntfongen is yn kritiken

Opdracht

In kop as in almenak waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2015, de wichtichste literêre priis fan Fryslân.

1. Doch krekt of sitst yn de sjuery en neam trije redenen wêrom oftst dit boek nominearje soest foar de priis. Mei oare wurden, neam trije positive punten oan dit boek.

2. Lês de resinsjes dy'tst fynst op de site dy't neamd wurdt ûnder boarne 1. Wat binne neffens de resinsinten de sterke kanten fan it boek? Meitsje in listje fan minstens trije sterke kanten. Jou hieltyd oan yn wat foar resinsje(s) dat positive punt neamd wurdt.

3. Wurde der ek negative punten neamd? Skriuw dy dan ek op.

4. Ferlykje dyn eigen miening mei dy fan de resensinten.

Literaire theorie

De Gysbert Japicxpriis is in priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Hy wurdt beskikber steld troch de Deputearre Steaten fan Fryslân. Sy rikke de priis út en wurde advisearre troch in advyskommisje fan minsken dy't doel ha oer literatuer. De priis bestiet sûnt 1947 en wurdt tsjintwurdich om de twa jier útrikt, ôfwikseljend foar proaza of poëzij. De takkenningsfrekwinsje is in pear kear wiksele. De winner krijt in oarkonde, tsientûzen euro en subsydzje om wurk oersette te litten yn in oare taal.
Mear oer de priis >>

Bronnen

Resinsjes:
Tryntsje van der Steege, ensafh.nl
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Doeke Sijens, Leeuwarder Courant

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 6 - Opdrachten

Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN6/1
Nivo6
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmetafertellen
Learst

om nei te tinken oer it effekt fan metafertellen

Opdracht

1. Lês de twa sitaten hjirûnder en beäntwurdzje dan de fraach.

'Moat dat der allegear yn?'
'Ja, it moat der allegear yn.'
'It is saai, al dy feitlikheden. Kom wat mear los! Brûk de ferbylding!' (s. 143)

'Wêrom skriuwst dit op?'
'Om't sy de iennige wol net wêze sil.'
'Is it in warskôging?'
'Se like it sa maklik te krijen, de generaasje dy't yn wielde grutbrocht waard.'
'En dat is net sa.'
'Nee ... Foar in soad jonge minsken is it omstean leare.' (s. 168).

Wa is hjir mei wa yn petear? Wêr ha se it oer?

2. Wat soe de reden wêze kinne foar de skriuwster om dy petearen yn har boek op te nimmen?

3. Lês no it folgjende fragmint.

mist de grute line ... mar wat taskreaun ... wêr't je net altiten wat mei kinne ... it is te min om ... oansetten dy't drama's ûnhite wurdt neat mei dien ... net trochsichtich ... as der ien kommunikaasjemiddel is dat om kausale ferbannen freget is it ... net in ramp as de lêzer meisûge waard ... rekket de tried kwyt ... (...) (s. 74)

Wa is hjir oan it wurd? En wêr hat dy persoan it oer?

4. Wat is it ferskil mei de foarige beide fragminten?

5. Lês no ûnder literêre teory wat metafertellen is. Is der yn ien of mear fan de fragminten dy'tst hjirboppe lêzen hast, sprake fan metafertellen? Lis út wêrom wol of net.

Literaire theorie

Metafertellen is in ferskynsel dat him foardwaan kin by in auktoriale ferteller. It foarheaksel 'meta' is Gryksk en betsjut: oer it ûnderwerp sels. Metafertelle is dus fertelle oer it fertellen. Mei oare wurden: de skriuwer skriuwt oer it proses fan skriuwen sels en de keuzes dy't er dêryn makket.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Hindriks, Elske In kop as in almenak
NûmerN6/2
Nivo6
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfiksjonaliteit
Learst

om te reflektearjen op de ferhâlding tusken fiksje en werklikheid

Opdracht

1. Lês it fraachpetear dat Abe de Vries hâlden hat mei de skriuwster (boarne 1). Yn dat petear seit de skriuwster dat se har boek ta faction rekkenet: in gearmjuks fan fiksje en facts. Se neamt har boek 'in dokumintêre roman, mar it is gjin roman'. Wêrom fynt de skriuwster dat har boek net in roman is? Under boarne 2 kinst mear ynformaasje fine oer wat 'faction' is.

2. Wat foar belangryk ferskil mei in roman en In kop as in almenak komt yn it fraachpetear nei foaren?

3. Yn de ferantwurding (s. 215) stiet:

"Yn In kop as in almenak sitte tsjinstridichheden, oantinkens binne ûnfolslein, mieningen en observaasjes subjektyf, anekdoaten heal optocht en út en troch is der mar wat hinne liigd: it is net oars."

Fynt de skriuwster it slim dat de ferhalen yn it boek net persys oerienkomme mei de werklikheid? Hoe sjochst dat yn boppesteand fragmint? En hoe sjochst dat yn it fraachpetear werom?

4. Wêrom soe de skriuwster it boppesteande fragmint yn har ferantwurding opnaam ha? Mei oare wurden, wêrom fertelt sy de lêzer dit? Belûk ek it sitaat hjirûnder by dyn antwurd.

"Wolst net dat ien dy't better op 'e hichte is asto bist, dyn skriuwen de panne ynhakt om't it net strykt mei de werklikheid. Joust trouwens hieltyd minder om kreas yn elkoar bakte teltsjes. Dyn belangstelling ferskoot fan fiksje nei non-fiksje, joust de foarkar oan bylden boppe tekst en strúnst leaver in dei yn 'e krante-argiven om as in roman te lêzen. Hâldst fan de yntriizje dy't it libben sels is, mei al syn riedsels, syn kûlen en syn gatten." (s. 143)

5. Gean yn op de fraach oft in boek In kop as in almenak wol of net ûnder it kopke 'fiksje' falt. Jou in útlis fan minstens 200 wurden.

Bronnen

Abe de Vries, fraachpetear Friesch Dagblad 02-05-2013
Wikipedy, faction

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Elske Hindriks is in pseudonym foar Elske Schotanus (1957). Sy is berne yn Terbant. Neidat se in skoft psychology studearre hie yn Grins, begûn se mei wurkjen yn de geastlike sûnenssoarch. Tsjintwurdich is se byldzjend keunstner en skriuwster. Se skriuwt proaza, kollums, fraachpetearen, sjoernalistike artikels en resinsjes, ûnder oare foar it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne. Se skriuwt yn sawol Frysk as Nederlânsk. Nei in ferhalebondel folge de earste roman Skrik (2007), dy’t giet oer in frou mei in psygoaze. In kop as in almenak (2013) is har twadde roman. It levere har yn 2015 in shortlistnominaasje op foar de Gysbert Japicxpriis.

Ynhâld

Dit boek is in skiednis fan in skippersfamylje. In dochter út in laach fan skippers freget har mem nei dy har jeugdûnderfiningen en skriuwt dy op. De tiid fan doe wurdt ferlike mei de tiid fan no en dat lit sjen wat der yn hûndert jier tiid feroare is yn it deistich libben yn Fryslân. De opbou en skriuwstyl fan it boek binne yllustratyf foar hoe't it ûnthâld wurket: fragmintarysk en tafallich. Tagelyk lit it sjen hoe't de mem hieltyd mear begjint te ferjitten omdat se demint wurdt. Dit boek is dêrmei net allinnich in boek oer skippers, mar ek oer it ûnthâld en it ferline.

Swierte

Yn dit boek sitte in soad ferwizingen nei aspekten fan eardere tiid (literatuer, muzyk en ferieningslibben), dy't learlingen net direkt wat sizze sille. Foar in N5-lêzer sil dat gjin problemen opsmite, mar in N4-lêzer fynt dat mooglik lestich. Fierders ferget de fragmintaryske opbou fan it boek konsintraasje: de lêzer moat de grutte hoemannichte personaazjes útinoar hâlde, harren plak yn de stambeam bepale en de fragminten oaninoar ferbine. Dy binne net gronologysk oardere en der binne ûnderskate perspektiven dy't per alinea wikselje kinne. In lêste drege kant fan dit boek is dat it gâns algemiene kennis fereasket om alle stikken te begripen. In soad saken wurde net útlein.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat ree wêze om te begjinnen oan in boek dat giet oer oantinkens en ferhalen oer in tiid dy't er sels net ken. It boek leit lykwols op in oantal plakken ferbannen tusken de tiid fan doe en it no. De learling moat witte dat er net begjint oan in boek mei in spannend ferhaal, mar oan in fragmintarysk boek mei oantinkens en bespegelingen.

Ynteresses

It helpt as in learling it boeiend fynt om famyljeskiednissen te lêzen.

Algemiene kennis

Der komme in soad ûnderwerpen út de sosjale skiednis fan Nederlân en Fryslân oan bod, sa as de Dolle Mina's, de ûntpyldering, de blauwe knoop en de modernisearring nei de Twadde Wrâldkriich. Der is in protte algemiene kennis fereaske om dit boek goed begripe te kinnen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Yn it boek komme ferskillende ferwizingen foar nei bekende romans en skriuwers út de (Nederlânske en Fryske) literatuer. It is net perfoarst nedich om dy boeken te kennen, mar it jout wol in better begryp fan it boek.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Yn it boek sitte in soad wurden dy't hjoeddedei net (folle) brûkt wurde. Der wurdt ek skippersjargon brûkt, dat by de measte learlingen net bekend wêze sil. De betsjutting wurdt net altyd dúdlik út de kontekst. Foarbylden binne: grútsje, klettertest, kettermintsje, skolperje, lewant, bushimmelje. It is lykwols mooglik om oer dy wurden hinne te lêzen en it boek dochs te begripen.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne soms lang en kompleks. In foarbyld is de sin dy't begjint op side 39 en einiget ûnderoan side 40. Binnen dy sin wikselje herinnering (doe) en werklikheid (no) inoar mei de komma ôf. Foar in N4-learling kin dat dreech wêze.

Styl

De styl foarmet in dreech aspekt oan dit boek. Der bliuwt in soad ymplisyt. Foarbyld: 'De poëzije fan it wetter bliuwt fan A oant en mei Y allinne noch bewarre yn it digitaal hielal (...)' (s. 49).
Lang net alles wat ymplisyt bliuwt sil foar de learling maklik oan te foljen wêze mei eigen kennis.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn dit boek is it net spanning dy't de oandacht fan de lêzer fêsthâldt. It nijsgjirrige fan de herinneringen en de wize fan opskriuwen moatte de lêzer boeie. Foar N5-lêzers sil dat net in probleem wêze.  

Gronology

De opbou fan it boek is net gronologysk. Learlingen fan N4 of heger sille dêr net in probleem mei ha.

Ferhaalline(n)

De besites fan de haadpersoan oan har mem foarmje de reade tried yn it boek. Dy jouwe in kapstok ta it opheljen fan herinneringen. Der is net in gearhingjend plot.

Perspektyf

De perspektyfhantearring yn In kop as in almenak is kompleks en kin per fragmint ferspringe. Yn guon stikken is der in auktoriale ferteller. Oer de famyljeleden binne ek stikken yn personaal perspektyf. Guon fragminten binne oanhalen út eksterne teksten (brieven, dokuminten). As de haadpersoan it oer harsels hat, brûkt se do-perspektyf. Dat kin yn it begjin even wennen wêze, want yn earste ynstânsje is it dêrmei as wurdt de lêzer oansprutsen.

Betsjutting

In N4-learling sil oan dit boek betsjutting hechtsje as in famyljeroman mei in bysûndere opbou. In N5-learling sil dit boek sjen as in boek dat heechwurdearre wurdt yn de Fryske literatuer en him fêstbite kinne oan de yntertekstualiteit dy't der yn sit. Foar in N6-lêzer is it boeiend om te sjen hoe't de manier fan skriuwen it boadskip fan it boek stipet. Fierders kin dy de ferhâlding tusken fiksje en werklikheid problematisearje.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It kin dreech wêze foar in learling om mei alle personaazjes mei te fielen, omdat dy foar in grut part libje yn in hiele oare tiid en dus hannelje op grûn fan oare idealen en prinsipes as wat hjoed-de-dei gewoan is.

Oantal karakters

Der binne in soad karakters dy't somtiden ek noch deselde nammen ha. Guon binne goed te ûnthâlden, oaren minder, omdat se net allegearre in like grutte rol ha yn it boek.

Untjouwing fan de karakters

De ûntjouwing fan de karakters smyt foar learlingen fan dit lêsnivo nei alle gedachten gjin problemen op.

Relevante  boarnen foar dosinten

tresoar.nl, boekprofyl
tresoar.nl, biografyske skets