Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 4 | Rêdbâd

Rêdbâd

Rêdbâd

Schoorstra, Willem
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
2011
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
367
Genre
  • histoaryske roman
Tags
  • freonskip
  • Fryske frijheid
  • Fryske keningen
  • held
  • midsiuwen
  • religy
Taalniveau
C1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Willem Schoorstra (1959) komt fan Ternaard. Hy wurket as teamlieder by de Dokkumer Vlaggen Centrale. Hy hie fan jongs ôf nocht oan lêzen, mar syn kreayf wurk begûn yn de muzyk: gitaarspylje, lieten skriuwe. Op oantrún fan syn suster begûn er ek ferhalen te skriuwen. Syn debútbondel Berjochten út Babel yn 2002 wie daliks in súkses. 'In jonge hûn, en hy kin noch moai blaffe ek!' sei in kritikus, en in oare: 'Hy batst der op in ûnfryske wize yn en lit sa in hiel eigen lûd hearre'. In folgjend súkses wie syn roman Swarte ingels, dy't ek opnommen is op Lezen voor de Lijst, in roman oer in leafdesrelaasje tusken broer en suster. De skriuwer hâldt derfan om syn lêzers yn heftige situaasjes te bringen. Yn de boeken fan Schoorstra spylje tema's in rol as as heit-soanrelaasje, homoseksualiteit, it ferlet fan leafde yn in wrede realiteit fol misbegryp, leafdeleazens en identiteit. Ynspiraasje hellet de skriuwer ûnder oare út muzyk (metal) en film. Syn nijsgjirrichheid nei de ferneamde Fryske kening Redbad sette him op it spoar om Rêdbâd te skriuwen.

Inhoud

Hadagrim is de freon fan Rêdbâd. As Hadagrim yn 'e winter fan syn libben kaam is wol er dat de minsken witte wa't Rêdbâd wie. Dêrom fertelt er it libbensferhaal fan Rêdbâd. De jonge Rêdbâd krige by Hadagrim thús syn tarieding op it keningskip. Hadagrim koe sa goed mei Rêdbâd opsjitte dat dy him mei ha woe oan syn hôf. It boek spilet yn 'e tiid fan de striid tusken de Franken en Friezen om 700 nei Kristus hinne. De Friezen wolle har frijheid hâlde en dêr striidt Rêdbâd foar. Tsjinstanner fan Rêdbâd is de Frankyske kening Pepijn. Foar Hadagrim is Rêdbâd Fryslâns grutste kening. Dizze roman is ek it ferhaal fan de freonskip tusken Hadagrim en Rêdbâd.

Leesaanwijzingen

Hast grif wolris fan kening Rêdbâd heard. Wolst mear lêze oer syn libben, syn striid, syn jeugd, syn leafdes en de rûge tiid dêr't er yn libbe? Hy hie fijannen, hy hie wat tsjin op it Kristlik leauwen dat de sindeling Willibrord ferkundige en hy focht mei de Frankyske kening Pepijn. Dêr fertelt Willem Schoorstra oer yn dit boek. Syn taalgebrûk is argaysk mar dat past by de tiid dêr't it boek yn spilet, de jierren om 700 hinne. Ast ienris yn it ferhaal sitst, silst sjen dat it dy meinimt.

Om over na te denken

Hoe belangryk is freonskip foar dy? Hoe soe it wêze om kening fan Fryslân te wêzen eartiids? Soest kening Willem Alexander ynruilje wolle foar in eigen Fryske kening? Wat is dyn earste yndruk fan de figuer Rêdbâd no'tst der hjir sa it ien en oar oer lêst?

Waardering

'Ast trochlêst dan komst yn de besnijing fan it betûfte skriuwerskip fan Willem Schoorstra. It is him slagge in yndruk te jaan fan de tiid fan trettjin iuwen lyn.'
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante

'Mei dit boek hat Willem Schoorstra syn magnum opus skreaun.'
Geart Tigchelaar op Ensafh

'Hardly could wait to get started! And it sure was hard to stop reading it.
The life of 'our' king Rêdbâd, how little did I know. Magna Frisia, same.
The way the book is written is bringing the reader back to the old days.
A book to read more than once. Great, fantastic novel.'
Anna jout 5/5 stjerren op goodreads.com

Leestips/meer weten

Willem Schoorstra fertelt oer kening Redbad en oer it boek, You Tube
Jetske Bilker har resinsje yn de LC

Samengesteld door

Syb van der Ploeg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

om it ferskil sjen tusken in histoaryske roman en in skiednisboek

Opdracht

Sykje op ynternet op it stekwurd 'Redbad'. Der is in Nederlânske en in wiidweidige Fryske Wikipedy-side oer him.
Lês dy tekst. Meist ek oare teksten en gegevens oer Redbad brûke.

1. Neam trije gegevens út dyn boarnen op ynternet dy't net oerienkomme mei sa't it yn de roman oer Rêdbâd ferteld wurdt.

2. Wat is in histoaryske roman? Skriuw dat op yn net mear as tweintich wurden. Rieplachtsje boarne 1 of sykje op ynternet.

3. Betink in reden wêrom't in skriuwer ôfwykt fan wat histoarysk bekend is oer syn ûnderwerp.

4. Wêr kinst oan sjen dat Rêdbâd net in skiednisboek is mar in histoaryske roman?

5. Neam trije histoaryske romans fan de Fryske skriuwers D.A. Tamminga, Piter Terpstra en Durk van der Ploeg, fan eltse skriuwer ien. Jou oan yn wat foar tiid oft se spylje. Brûk boarne 2.

6. Yn it Basisboek literatuur stiet dat yn de histoaryske romans fan nei de neoromantyk (begjin 20ste iuw) de skriuwer óf de klam leit op de psychology fan de haadpersoan óf mear omtinken jout oan de histoaryske gebeurtenissen. Hoe leit dat neffens dy yn Rêdbâd ? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

boarne 1 Basisboek Literatuur, Joke van Balen e.o., Grins 2009, s. 39.
boarne 2 Zolang de wind van de wolken waait, Teake Oppewal e.o., Amsterdam 2006, Haadstik 8, s. 244 e.f. Haadstik 8 yn de dbnl.

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersonaazje
Learst

om ynsicht te krijen yn de dieden fan Rêdbâd en dêr in oardiel oer te foarmjen

Opdracht

1. Neam neffens dy trije goede dieden fan Rêdbâd. Om dy wat op gleed te helpen binne hjirnei in oantal siden neamd dêr't grif wol wat te finen is: 36, 50, 61, 81, 145, 200, 210, 249, 260, 293. Brûk eventueel ek oare foarbylden, dy'tst sels fûn hast.

2. Neam neffens dy trije ferkearde dieden fan Rêdbâd. Siden dêr't dêr mooglikerwiis wat oer te finen is: 146, 149, 155, 160, 186, 211, 256, 331, 343, 353. Brûk byneed ek oare foarbylden, dy'tst sels fûn hast.

3. Fertelt Hadagrim dizze dieden partijdich en subjektyf of ûnpartijdich en objektyf? Lis út wêr'tst dat oan sjen kinst.

4. Wat is dyn miening oer de wurkwize fan Hadagrim as ferteller? Motivearje dy antwurd.

5. Hoe beoardielesto de persoan Rêdbâd, fynst him in goede kening of net? Brûk arguminten by dyn miening.

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN3/3
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmgroepsopdracht 3 of 4 learlingen
Fokushaadpersoanen
Learst

om persoanen út it boek út te byldzjen en dy yn har yn te libjen

Opdracht

Meitsje in trailer, in promoasjefilmke oer it boek Rêdbâd fan twa oant trije minuten. Yn dit filmke presintearje jimme benammen de haadpersoanen Rêdbâd en Hadagrim.
Foar in foarbyld, sjoch jeugdtoanielselskip 'n Meeuw yn de boarne.

Bronnen

'n Meeuw op You Tube

Makke trochSyb van der Ploeg

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusskriuwersbedoeling
Learst

om te reflektearjen op de skriuwersyntinsje

Opdracht

Lês it ynterview mei de skriuwer oer dit boek út boarne 1 en besjoch boarne 2.

1. Wêrom hat de skriuwer dit boek skreaun?

2. Hoe ferwurdet de skriuwer syn doel yn it boek Rêdbâd en troch hokker persoan? Sjoch side 9, 10 en 11.

3. Hokker bân soe de skriuwer mei Fryslân ha neffens watst opmakkest út boarnen 1 en 2?

4. Hoe sjochst de relaasje dy't de skriuwer mei Fryslân hat werom yn syn skriuwersbedoeling?

Bronnen

boarne 1 Fraachpetear fan Sietse de Vries mei de skriuwer, LC 29-04-2011
boarne 2 De skriuwer sels oer it boek, You Tube

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustaalgebrûk
Learst

om de wurking fan it taalgebrûk yn te sjen

Opdracht

1. Skriuw fan side 9 o/m 11 de wurden op dy'tst net kenst.

2. Sykje de betsjutting fan dy wurden op.

3. Hoe erfaarsto dy drege en âlde wurden by it lêzen, wat roppe dy by dy op? Nim de folgjende twa foarbylden: 'fan jeld begnobbe' en 'in gewante ferskining' en sykje sels noch in tredde foarbyld op.

4. Wêrom soe de skriuwer dizze wurden brûke, ek al binne se net mear sa gongber? Neam minstens twa motiven.

5. Lês side 9, 10 en 11 fan dizze roman. Skriuw de sinskonstruksjes op dy'tst nuver fynst. Bring ûnder wurden wat der frjemd oan is.

6. Kinst it lêzen fan in Fryske roman as dizze ferlykje mei it lêzen fan Ingelske, Dútske of Frânske boeken of net? Lis út wêrom.

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN4/3
Nivo4
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
FokusGodserfaring
Learst

om te reflektearjen op it wêzen en de betsjutting fan de Godserfaring sa't dy yn it boek foarkomt

Opdracht

Yn Rêdbâd wurdt Redbad taret op it keningskip troch de wolvetiid. Yn dat tariedngsritueel moat er fjochtsje mei minsken, de Woestlingen, en mei bisten, in wyld swyn en in bear. Ek iepenbierje de goaden har oan Redbad. Lês side 101 o/m side 123 fan de roman noch in kear.

1 Wat witsto fan mystyk yn it leauwen fan bg. Kristenen of oare godstsjinsten? Ast der neat fan witst meist dat ek sizze.

2 By de Godserfaring of mystyk ûndergeane persoanen in bysûndere, ûngewoane erfaring dy't net alledeisk is. Hokker erfaring hie Rêdbâd mei de ûnderneamde goaden, persoanen of krêften en/of wat koene dy foar Redbad betsjutte? Set de antwurden yn de tabel.

nr

Goaden, persoanen/krêften

Erfaring, betsjutting

1

Ieneach

2

Wêda

3

Folger

4

Ham

5

Heuge

6

Fredou

7

Nertha



3 Lês it gedicht hjirnei fan de Fryske dichteres Rixt.

Oan him

Do bist foar my yn 't rûzjen fan de winen
en yn 'e iiv'ge sangen fan de see;
do bist foar my wêr't oargeltoanen sjonge
in liet fan wijinge, in liet fan free.

Do bist foar my yn 't poarper fan de sinne,
as jûns yn 't west de loft yn lôge stiet,
do bist yn 't boartsjen fan de bliere weachjes,
do bist yn 't bloeijend blomke yn de mied'.

Do bist wêr't skelle wjerljochtflitsen ljochtsje,
de tonger droanjend rôlet oer de wrâld,
yn 't ivich sniekleed fan de hege bergen,
yn 't hillich swijen fan in steatlik wâld.

Do bist foar my wêr't tûz'nen stjerren blinke
mei súv're glâns yn 't hege himelblau,
do bist yn al wat grut en goed en wier is,
wêr't God foar my is, leafste, dêr bisto.


Yn hokker rigels hat dit gedicht mei mystyk te krijen? Lis út.

4. By hokker goaden, persoanen of krêften fan opdracht 2 fynsto dit gedicht passen en wêrom?

5. Hoe posityf/negatyf komt de mystyk fan Rêdbâd en de mystyk fan Rixt by dy oer? Ljochtsje dyn antwurd ta.

Bronnen

De 100 mooiste Friese gedichten, Jetske Bilker en Babs Gezelle Meerburg, Grins 2006

Makke trochSyb van der Ploeg

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om nei te gean hoe't kritisy oer Rêdbâd tinke

Opdracht

1. Lês de resinsje fan Jetske Bilker oer dit boek út boarne 1.

Jetske Bilker seit yn har resinsje dat Schoorstra it kristlike Frankyske ryk en it heidenske Fryske beskriuwt. De Franken en de sindelingen skilderet er sa swart dat de Fryske heidenen der blanke sielen fan krije.

2. Lês no it ynterview fan Sietse de Vries oer dit boek út boarne 2.

Hoe beskriuwt neffens Sietse de Vries de skriuwer de Friezen? Wat is it ferskil en de oerienkomst mei de resinsje fan Jetske Bilker?

3. Mei wa bisto it iens en wêrom? Wat is dyn eigen miening?

4. Lês de stikken fan Jetske B. en Sietse de V. nochris. Skriuw fan beide stikken trije mieningen op dêr'tst it mei iens bist en trije mieningen dêr'tst it net mei iens bist.

5. Lês de resinsje fan Geart Tigchelaer, boarne 3.
Tigchelaar hat wurdearring en krityk op dit boek. Neam trije punten fan wurdearring en trije punten fan krityk. Jou dyn eigen miening oer de punten dêr't Tigchelaar it oer hat.

6. Tigchelaar jout ek in einbeoardieling fan it boek. Hoe is dy? Wat is dyn eigen einbeoardieling oer it boek?

Bronnen

boarne 1 Resinsje Jetske Bilker, LC 20-05-2011
boarne 2 Fraachpetear Sietse de Vries, LC 29-04-2011
boarne 3 Resinsje Geart Tigchelaar, Ensafh jg 3 (2011) nr. 4 s. 35-40 (sjoch hjirûnder by Downloads)

Downloads schoorstra_willem_redbad_geart_tigchelaar_ensafh_2011_nr4.pdf
Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskultuer-histoaryske eftergrûn
Learst

hoe't in skriuwer him tariedt op syn boek en de fyzjes op de Fryske selsstannichheid

Opdracht

Lês 'Petear mei Willem Schoorstra' fan Hedwig Terpstra yn boarne 1 en 'Rêdbâd's saga' fan Geart Tigchelaar yn boarne 2

1. Hoe hat de skriuwer him kultuer-histoarysk taret op de persoan fan Rêdbâd? Wat fynsto fan dy tarieding werom yn dit boek? Wat is de miening fan Geart Tigchelaar oer de tarieding fan Willem Schoorstra op dit boek?

2. In bern mei in handikap hie gjin takomst yn 'e âlde Germaanske kultuer. Hoe hat de skriuwer dat yn syn boek ferwurke? Hoe komt it op dy oer ast de fyzje fan dy kultuer fergelikest mei de hjoeddeiske fyzje op it handikaptwêzen? Sjoch side 99 en 100 fan dizze roman.

3. De Friezen hiene ek in fyzje op de ferhâlding man/frou. Wat wie dy fyzje neffens Schoorstra en hoe hat de skriuwer dy fyzje yn syn boek brocht? Hoe froufreonlik wie Rêdbâd yn dit wurk neffens dy? Sjoch û.o. side 116 en 117.

Bronnen

boarne 1 Hedwig Terpstra op ensafh.nl 15 april 2011
boanre 2 Resinsje Geart Tigchelaar, Ensafh jg 3 (2011) nr. 4 s. 35-40 (sjoch hjirûnder by Downloads)

Downloads schoorstra_willem_redbad_geart_tigchelaar_ensafh_2011_nr4.pdf
Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Schoorstra, Willem Rêdbâd
NûmerN5/3
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskultuer-histoaryske eftergrûn
Learst

hokker fyzje de skriuwer op de Fryske selsstannichheid hat en hokker oare fyzjes dêroer binne

Opdracht

Lês de boarnen 1 o/m 3

1. Wat is de miening fan de skriuwer oer selsstannichheid fan Fryslân yn it petear mei Hedwig Terpstra?
Hy jout ek stânpunten fan oaren wer. Wat is neffens him de miening fan oaren? Foar hokker mieningen hat de skriuwer sympaty?
Yn hoefiere dielsto syn miening?

2. Hjirnei steane twa stellingen.

 'Fryslân moat as selsstannich lân fierder mei in eigen kening en dy earste kening moat Rêdbâd hite.'

 'De Friezen moatte har sterk meitsje foar kulturele autonomy'.

Sykje ien stelling út dêr'tst dy sterk foar meitsje wolst. Dyn dosint lit dy dit presentearje foar de klasse.

Mei 'Kulturele autonomy' wurdt hjir bedoeld: baas wêze oer eigen taal en kultuur.

3. Meitsje in stelling oer de selsstannichheid fan Fryslân dy't sa ticht mooglik by dyn eigen miening komt.

4. Hokker stelling soene Rêdbâd en Hadagrim makke ha oer de selsstannichheid fan Fryslân?

Bronnen

boarne 1. Fraachpetear fan Hedwig Terpstra mei de skriuwer op ensafh.nl 15 april 2011
boarne 2. Groep fan Auwerk
boarne 3. Nederlânske Wikipedia oer de FNP

Makke trochSyb van der Ploeg

Docenteninformatie

Yntroduksje

Willem Schoorstra (1959) is hikke en tein yn Ternaard. Syn kreative driuw utere him earst yn de muzyk, hy learde gitaarspyljen en skreau syn eigen teksten. Sa kaam er by de poëzij. Letter makke er de oerstap nei proaza. Yn 2002 ferskynde de ferhalebondel Berjochten út Babel. Dat boek waard goed ûnthelle. De resinsinten fûnen him in grut ferteltalint en wurdearren syn byldzjende styl. Yn 2005 krige de skriuwer de Fedde Schurerpriis foar Swarte ingels, in ferhaal oer de leafdesrelaasje tusken in broer en suster. De skriuwer hâldt derfan om syn lêzers yn heftige situaasjes te bringen. Yn de boeken fan Schoorstra spylje tema's as heit-soanrelaasje, homoseksualiteit, it ferlet fan leafde en yn in wrede realiteit fol misbegryp, leafdeleazens en identiteit. Ynspiraasje hellet er ûnder oare út muzyk (metal) en film. Syn nijsgjirrichheid nei de hast mytyske bekendheid fan de Fryske kening Redbad, dy't eins allinne mar in namme is, sette him op it spoar om Rêdbâd te skriuwen.

Ynhâld

Hadagrim is de freon, de stalke fan Rêdbâd. As Hadagrim yn 'e winter fan syn libben kaam is wol er dat de minsken witte wa't Rêdbâd wie. Hy skriuwt dan it libbensferhaal fan Rêdbâd. By Hadagrim thús krige de jonge Rêdbâd syn tarieding op it keningskip. Dy koe sa goed mei Hadagrim opsjitte dat er Hadagrim mei ha woe oan syn hôf. It boek spilet yn 'e tiid fan de striid tusken de Franken en Friezen om 700 nei Kristus hinne. De Friezen wolle har frijheid hâlde en dêr striidt Rêdbâd foar. De tsjinstanner fan Rêdbâd is de Frankyske kening Pepijn. Foar Hadagrim is Rêdbâd Fryslâns grutste kening. Dizze roman is ek it ferhaal fan de freonskip tusken Hadagrim en Rêdbâd.

Swierte

Foar learlingen dy't ynteresse yn skiednis ha is dit boek poer geskikt. Dit boek is sawat in must foar minsken dy't niget oan Frysk nasjonalisme ha want de Fryske frijheid soest it tema fan dit boek neame kinne. Fierder moat de lêzer him bejaan yn taal dy't frijwat argaysk is. Foar in N3-lêzer kin dat dreech wêze, foar in N4-lêzer sil it minder problemen jaan en foar in N5-learling moat it goed te dwaan wêze. De lêzer komt âlde wurden tsjin lykas 'stalke'. In N3-lêzer sil dit boek al gau te dik fine. It tema freonskip is foar dit nivo wol gaadlik. De N4-lêzer sil him ferdjipje kinne yn 'e komplekse sitewaasje oan it Frankyske hôf om Pepijn hinne. N5-learlingen kinne harren maklik ferdjipje yn 'e histoaryske kontekst fan dit boek.

 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat it oandoarre in boek te lêzen mei skiednis en dan benammen de Fryske skiednis. De learling sil him bejaan moatte yn âlde, argayske taal.

Ynteresses

Learling mei niget oan iere skiednis fan de Midsiuwen sille wat mear fan dit boek genietsje kinne.

Algemiene kennis

Kennis fan de tiid fan Magna Frisia, de tiid fan foar Karel de Grutte, draacht by oan in better begryp fan dat boek.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Kennis fan de Germaanske goadewrâld is in pree mar is net needsaaklik.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk fan Schoorstra is argaysk, wat yn dizze histoaryske sfear hiel funksjoneel is. Foar de N3-lêzer kin dat dreech wêze.

Sinskonstruksjes

De skriuwer brûkt graach ûngewoane foaroppleatsingen lykas yn 'Ferzen hie it' en 'Tsien winters wie ik'. Dat kin de lêzers frjemd oankomme, mar it is gjin grut beswier.

Styl

De sinnen binne net al te yngewikkeld. Der is in ferteller dy't it ferhaal fan Rêdbâd sa dúdlik mooglik werjaan wol. De tekst befettet royaal dialooch. De N3-lêzer sil dizze styl goed oankinne.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der binne genôch aksje-eleminten yn dit boek. De tarieding op it keningskip, de reis nei Denemarken, de striid tsjin de Franken, de moard op de soan fan Pepijn, de striid om Keulen ensfh. De N3-lêzer sil dat aspekt moai fine.

Gronology

It boek is opset as in ramtferhaal. De ferteller Hadagrim fertelt it as er al hiel âld is en hy folget de gronology, fan it begjin ôf fan syn eigen libben en dat fan Rêdbâd. By elk haadstik is oanjûn yn hokker tiid oft it spilet. Gjin beswier foar de lêzers.

Ferhaalline(n)

Der binne trije ferhaallinen: fan de ferteller, fan Rêdbâd en fan Pepijn. Se wurde dúdlik ûnderskaat per haadstik, de earste twa mei de titel 'Noarderryk', de lêste as 'Suderryk'

Perspektyf

As der oer it Noarderryk ferteld wurdt is der in ik-perspektyf út Hadagrim wei. De ûntjouwingen yn it Suderryk wurde ferteld út in oerweagjend personaal perspektyf wei fan de persoan fan Pepijn. Dat sil foar de lêzers gjin beswier opsmite.

Betsjutting

De skriuwer is der yn slagge in goed byld op te roppen fan de wrâld fan om 700 hinne. N3-lêzers sille it boek sjen as in spannend ferhaal oer freonskip en machtsstriid fan lang lyn. N4-lêzers sille boppedat ek niget ha kinne nei te tinken oer de betsjutting fan it boek as literêr keunstwurk. N5-lêzers kinne de betsjutting fan de tekst ek sjen yn it ramt fan de Fryske identiteit en de Fryske myte.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Rêdbâd is it wichtichste karakter. Hy is in round character. Aldgillis en Pepijn wurde mear skematysk delset as resp. 'softy' en 'kristlike smjunt'.

Oantal karakters

It oantal personaazjes yn dit boek is grut. Oan de ein fan it boek stiet in handich oersjoch. It is goed om de lêzers dêrop te wizen, benammen N3-lêzers soene der oars miskien yn ferslaan.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan Rêdbâd ûntjout him fan in jongeseftige ynslach nei de folwoeksenheid. Hy jout in hieltyd moediger yndruk.

Ferantwurding

 

 

Relevante boarnen foar dosinten

 

Ynformaasje op tresoar.nl oer skriuwer en boek.
Fraachpetear mei de skriuwer oer it boek op YouTube.