Rêdbâd
- Niveau
- Niveau 4
- Jaar uitgave
- 2011
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 367
- Genre
-
- histoaryske roman
- Tags
-
- freonskip
- Fryske frijheid
- Fryske keningen
- held
- midsiuwen
- religy
- Taalniveau
- C1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Willem Schoorstra (1959) komt fan Ternaard. Hy wurket as teamlieder by de Dokkumer Vlaggen Centrale. Hy hie fan jongs ôf nocht oan lêzen, mar syn kreayf wurk begûn yn de muzyk: gitaarspylje, lieten skriuwe. Op oantrún fan syn suster begûn er ek ferhalen te skriuwen. Syn debútbondel Berjochten út Babel yn 2002 wie daliks in súkses. 'In jonge hûn, en hy kin noch moai blaffe ek!' sei in kritikus, en in oare: 'Hy batst der op in ûnfryske wize yn en lit sa in hiel eigen lûd hearre'. In folgjend súkses wie syn roman Swarte ingels, dy't ek opnommen is op Lezen voor de Lijst, in roman oer in leafdesrelaasje tusken broer en suster. De skriuwer hâldt derfan om syn lêzers yn heftige situaasjes te bringen. Yn de boeken fan Schoorstra spylje tema's in rol as as heit-soanrelaasje, homoseksualiteit, it ferlet fan leafde yn in wrede realiteit fol misbegryp, leafdeleazens en identiteit. Ynspiraasje hellet de skriuwer ûnder oare út muzyk (metal) en film. Syn nijsgjirrichheid nei de ferneamde Fryske kening Redbad sette him op it spoar om Rêdbâd te skriuwen.
Inhoud
Hadagrim is de freon fan Rêdbâd. As Hadagrim yn 'e winter fan syn libben kaam is wol er dat de minsken witte wa't Rêdbâd wie. Dêrom fertelt er it libbensferhaal fan Rêdbâd. De jonge Rêdbâd krige by Hadagrim thús syn tarieding op it keningskip. Hadagrim koe sa goed mei Rêdbâd opsjitte dat dy him mei ha woe oan syn hôf. It boek spilet yn 'e tiid fan de striid tusken de Franken en Friezen om 700 nei Kristus hinne. De Friezen wolle har frijheid hâlde en dêr striidt Rêdbâd foar. Tsjinstanner fan Rêdbâd is de Frankyske kening Pepijn. Foar Hadagrim is Rêdbâd Fryslâns grutste kening. Dizze roman is ek it ferhaal fan de freonskip tusken Hadagrim en Rêdbâd.
Leesaanwijzingen
Hast grif wolris fan kening Rêdbâd heard. Wolst mear lêze oer syn libben, syn striid, syn jeugd, syn leafdes en de rûge tiid dêr't er yn libbe? Hy hie fijannen, hy hie wat tsjin op it Kristlik leauwen dat de sindeling Willibrord ferkundige en hy focht mei de Frankyske kening Pepijn. Dêr fertelt Willem Schoorstra oer yn dit boek. Syn taalgebrûk is argaysk mar dat past by de tiid dêr't it boek yn spilet, de jierren om 700 hinne. Ast ienris yn it ferhaal sitst, silst sjen dat it dy meinimt.
Om over na te denken
Hoe belangryk is freonskip foar dy? Hoe soe it wêze om kening fan Fryslân te wêzen eartiids? Soest kening Willem Alexander ynruilje wolle foar in eigen Fryske kening? Wat is dyn earste yndruk fan de figuer Rêdbâd no'tst der hjir sa it ien en oar oer lêst?
Waardering
'Ast trochlêst dan komst yn de besnijing fan it betûfte skriuwerskip fan Willem Schoorstra. It is him slagge in yndruk te jaan fan de tiid fan trettjin iuwen lyn.'
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante
'Mei dit boek hat Willem Schoorstra syn magnum opus skreaun.'
Geart Tigchelaar op Ensafh
'Hardly could wait to get started! And it sure was hard to stop reading it.
The life of 'our' king Rêdbâd, how little did I know. Magna Frisia, same.
The way the book is written is bringing the reader back to the old days.
A book to read more than once. Great, fantastic novel.'
Anna jout 5/5 stjerren op goodreads.com
Leestips/meer weten
Willem Schoorstra fertelt oer kening Redbad en oer it boek, You Tube
Jetske Bilker har resinsje yn de LC
Samengesteld door
Syb van der PloegAanbevolen
Opdrachten
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | om it ferskil sjen tusken in histoaryske roman en in skiednisboek |
Opdracht | Sykje op ynternet op it stekwurd 'Redbad'. Der is in Nederlânske en in wiidweidige Fryske Wikipedy-side oer him. |
Bronnen | boarne 1 Basisboek Literatuur, Joke van Balen e.o., Grins 2009, s. 39. |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | haadpersonaazje |
Learst | om ynsicht te krijen yn de dieden fan Rêdbâd en dêr in oardiel oer te foarmjen |
Opdracht | 1. Neam neffens dy trije goede dieden fan Rêdbâd. Om dy wat op gleed te helpen binne hjirnei in oantal siden neamd dêr't grif wol wat te finen is: 36, 50, 61, 81, 145, 200, 210, 249, 260, 293. Brûk eventueel ek oare foarbylden, dy'tst sels fûn hast. |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N3/3 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | groepsopdracht 3 of 4 learlingen |
Fokus | haadpersoanen |
Learst | om persoanen út it boek út te byldzjen en dy yn har yn te libjen |
Opdracht | Meitsje in trailer, in promoasjefilmke oer it boek Rêdbâd fan twa oant trije minuten. Yn dit filmke presintearje jimme benammen de haadpersoanen Rêdbâd en Hadagrim. |
Bronnen | 'n Meeuw op You Tube |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | skriuwersbedoeling |
Learst | om te reflektearjen op de skriuwersyntinsje |
Opdracht | Lês it ynterview mei de skriuwer oer dit boek út boarne 1 en besjoch boarne 2. |
Bronnen | boarne 1 Fraachpetear fan Sietse de Vries mei de skriuwer, LC 29-04-2011 |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | taalgebrûk |
Learst |
om de wurking fan it taalgebrûk yn te sjen |
Opdracht |
1. Skriuw fan side 9 o/m 11 de wurden op dy'tst net kenst. |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd | |||||||||||||||||
Nûmer | N4/3 | |||||||||||||||||
Nivo | 4 | |||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slu | |||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | |||||||||||||||||
Fokus | Godserfaring | |||||||||||||||||
Learst |
om te reflektearjen op it wêzen en de betsjutting fan de Godserfaring sa't dy yn it boek foarkomt | |||||||||||||||||
Opdracht |
Yn Rêdbâd wurdt Redbad taret op it keningskip troch de
wolvetiid. Yn dat tariedngsritueel moat er fjochtsje mei minsken,
de Woestlingen, en mei bisten, in wyld swyn en in bear. Ek
iepenbierje de goaden har oan Redbad. Lês side 101 o/m side 123 fan
de roman noch in kear.
| |||||||||||||||||
Bronnen |
De 100 mooiste Friese gedichten, Jetske Bilker en Babs Gezelle Meerburg, Grins 2006 | |||||||||||||||||
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | resepsje |
Learst | om nei te gean hoe't kritisy oer Rêdbâd tinke |
Opdracht | 1. Lês de resinsje fan Jetske Bilker oer dit boek út boarne 1. |
Bronnen | boarne 1 Resinsje Jetske Bilker, LC 20-05-2011 |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N5/2 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | kultuer-histoaryske eftergrûn |
Learst | hoe't in skriuwer him tariedt op syn boek en de fyzjes op de Fryske selsstannichheid |
Opdracht | Lês 'Petear mei Willem Schoorstra' fan Hedwig Terpstra yn boarne 1 en 'Rêdbâd's saga' fan Geart Tigchelaar yn boarne 2 |
Bronnen | boarne 1 Hedwig Terpstra op ensafh.nl 15 april 2011 |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Schoorstra, Willem Rêdbâd |
Nûmer | N5/3 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | kultuer-histoaryske eftergrûn |
Learst | hokker fyzje de skriuwer op de Fryske selsstannichheid hat en hokker oare fyzjes dêroer binne |
Opdracht | Lês de boarnen 1 o/m 3 |
Bronnen | boarne 1. Fraachpetear fan Hedwig Terpstra mei de skriuwer op ensafh.nl 15 april 2011 |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Willem Schoorstra (1959) is hikke en tein yn Ternaard. Syn kreative driuw utere him earst yn de muzyk, hy learde gitaarspyljen en skreau syn eigen teksten. Sa kaam er by de poëzij. Letter makke er de oerstap nei proaza. Yn 2002 ferskynde de ferhalebondel Berjochten út Babel. Dat boek waard goed ûnthelle. De resinsinten fûnen him in grut ferteltalint en wurdearren syn byldzjende styl. Yn 2005 krige de skriuwer de Fedde Schurerpriis foar Swarte ingels, in ferhaal oer de leafdesrelaasje tusken in broer en suster. De skriuwer hâldt derfan om syn lêzers yn heftige situaasjes te bringen. Yn de boeken fan Schoorstra spylje tema's as heit-soanrelaasje, homoseksualiteit, it ferlet fan leafde en yn in wrede realiteit fol misbegryp, leafdeleazens en identiteit. Ynspiraasje hellet er ûnder oare út muzyk (metal) en film. Syn nijsgjirrichheid nei de hast mytyske bekendheid fan de Fryske kening Redbad, dy't eins allinne mar in namme is, sette him op it spoar om Rêdbâd te skriuwen.
Ynhâld
Hadagrim is de freon, de stalke fan Rêdbâd. As Hadagrim yn 'e winter fan syn libben kaam is wol er dat de minsken witte wa't Rêdbâd wie. Hy skriuwt dan it libbensferhaal fan Rêdbâd. By Hadagrim thús krige de jonge Rêdbâd syn tarieding op it keningskip. Dy koe sa goed mei Hadagrim opsjitte dat er Hadagrim mei ha woe oan syn hôf. It boek spilet yn 'e tiid fan de striid tusken de Franken en Friezen om 700 nei Kristus hinne. De Friezen wolle har frijheid hâlde en dêr striidt Rêdbâd foar. De tsjinstanner fan Rêdbâd is de Frankyske kening Pepijn. Foar Hadagrim is Rêdbâd Fryslâns grutste kening. Dizze roman is ek it ferhaal fan de freonskip tusken Hadagrim en Rêdbâd.
Swierte
Foar learlingen dy't ynteresse yn skiednis ha is dit boek poer geskikt. Dit boek is sawat in must foar minsken dy't niget oan Frysk nasjonalisme ha want de Fryske frijheid soest it tema fan dit boek neame kinne. Fierder moat de lêzer him bejaan yn taal dy't frijwat argaysk is. Foar in N3-lêzer kin dat dreech wêze, foar in N4-lêzer sil it minder problemen jaan en foar in N5-learling moat it goed te dwaan wêze. De lêzer komt âlde wurden tsjin lykas 'stalke'. In N3-lêzer sil dit boek al gau te dik fine. It tema freonskip is foar dit nivo wol gaadlik. De N4-lêzer sil him ferdjipje kinne yn 'e komplekse sitewaasje oan it Frankyske hôf om Pepijn hinne. N5-learlingen kinne harren maklik ferdjipje yn 'e histoaryske kontekst fan dit boek.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De learling moat it oandoarre in boek te lêzen mei skiednis en dan benammen de Fryske skiednis. De learling sil him bejaan moatte yn âlde, argayske taal. |
Ynteresses |
Learling mei niget oan iere skiednis fan de Midsiuwen sille wat mear fan dit boek genietsje kinne. |
|
Algemiene kennis |
Kennis fan de tiid fan Magna Frisia, de tiid fan foar Karel de Grutte, draacht by oan in better begryp fan dat boek. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Kennis fan de Germaanske goadewrâld is in pree mar is net needsaaklik. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk fan Schoorstra is argaysk, wat yn dizze histoaryske sfear hiel funksjoneel is. Foar de N3-lêzer kin dat dreech wêze. |
Sinskonstruksjes |
De skriuwer brûkt graach ûngewoane foaroppleatsingen lykas yn 'Ferzen hie it' en 'Tsien winters wie ik'. Dat kin de lêzers frjemd oankomme, mar it is gjin grut beswier. |
|
Styl |
De sinnen binne net al te yngewikkeld. Der is in ferteller dy't it ferhaal fan Rêdbâd sa dúdlik mooglik werjaan wol. De tekst befettet royaal dialooch. De N3-lêzer sil dizze styl goed oankinne. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der binne genôch aksje-eleminten yn dit boek. De tarieding op it keningskip, de reis nei Denemarken, de striid tsjin de Franken, de moard op de soan fan Pepijn, de striid om Keulen ensfh. De N3-lêzer sil dat aspekt moai fine. |
Gronology |
It boek is opset as in ramtferhaal. De ferteller Hadagrim fertelt it as er al hiel âld is en hy folget de gronology, fan it begjin ôf fan syn eigen libben en dat fan Rêdbâd. By elk haadstik is oanjûn yn hokker tiid oft it spilet. Gjin beswier foar de lêzers. |
|
Ferhaalline(n) |
Der binne trije ferhaallinen: fan de ferteller, fan Rêdbâd en fan Pepijn. Se wurde dúdlik ûnderskaat per haadstik, de earste twa mei de titel 'Noarderryk', de lêste as 'Suderryk' |
|
Perspektyf |
As der oer it Noarderryk ferteld wurdt is der in ik-perspektyf út Hadagrim wei. De ûntjouwingen yn it Suderryk wurde ferteld út in oerweagjend personaal perspektyf wei fan de persoan fan Pepijn. Dat sil foar de lêzers gjin beswier opsmite. |
|
Betsjutting |
De skriuwer is der yn slagge in goed byld op te roppen fan de wrâld fan om 700 hinne. N3-lêzers sille it boek sjen as in spannend ferhaal oer freonskip en machtsstriid fan lang lyn. N4-lêzers sille boppedat ek niget ha kinne nei te tinken oer de betsjutting fan it boek as literêr keunstwurk. N5-lêzers kinne de betsjutting fan de tekst ek sjen yn it ramt fan de Fryske identiteit en de Fryske myte. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Rêdbâd is it wichtichste karakter. Hy is in round character. Aldgillis en Pepijn wurde mear skematysk delset as resp. 'softy' en 'kristlike smjunt'. |
Oantal karakters |
It oantal personaazjes yn dit boek is grut. Oan de ein fan it boek stiet in handich oersjoch. It is goed om de lêzers dêrop te wizen, benammen N3-lêzers soene der oars miskien yn ferslaan. |
|
Untjouwing fan de karakters |
It karakter fan Rêdbâd ûntjout him fan in jongeseftige ynslach nei de folwoeksenheid. Hy jout in hieltyd moediger yndruk. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
|
Ynformaasje op tresoar.nl oer skriuwer en boek. |