De oerwinning fan Bjinse Houtsma
- Niveau
- Niveau 4
- Jaar uitgave
- 1962 [3de pr. 2014]
- Uitgeverij
- A.J. Osinga
- Plaats
- Boalsert
- Aantal pagina's
- 174
- Genre
-
- ideeëroman
- psychologyske roman
- Tags
-
- doarpslibben
- jierren '50
- sjongkoar
- ûntrou
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Anne Wadman (1919-1997) wie learaar Nederlânsk, earst yn Snits en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert, de foarrinder fan NHL Stenden Hegeskoalle. Al yn syn jongfeintetiid wie er dwaande mei skriuwen; de driuw dêrta soe er syn libben lang hâlde. Hy skreau hiel wat romans en wie jierrenlang kritikus foar kranten en tydskriften. Syn bekendste boek is De smearlappen út 1963, dêr't gâns opskuor om ûntstie omdat er seksualiteit net yn in tradisjoneel kader pleatste. Alle jierren troch wie de muzyk syn passy, sawol klassyk as jazz.
Wadman is de skriuwer fan it minsklik tekoart. Syn haadpersonaazje is gauris in (manlike, yntellektuele) antyheld dy't altyd twivelet en der net ta komt trefseker te hanneljen en krekt dêrtroch skuld op him laadt. Dêr tsjinoer steane fitalere en minder prakkesearderich ynstelde minsken. Syn wurk falt op troch in heldere styl fan skriuwen mei in iroanyske ynslach. De oerwinning fan Bjinse Houtsma ferskynde yn 1962 en waard troch de kritisy útienrinnend beoardiele. Yn 1984 kaam der in twadde, bywurke printing.
Inhoud
Trou bliuwe oan syn eigen frou Wypkje of it avontoer oangean mei in oare, spannende frou? Dat is it dilemma fan Hindrik Visser, haadûnderwizer fan it doarp en dirigint fan it sjongkoar. As de jonge Lutske Westra, 'in frou mei in Mercedes en in ferline', by it koar komt, rekket er hielendal fan har yn 'e besnijing. Hy wol spesjaal foar har in muzyksolo skriuwe en wurdt hyltyd mear fereale. In oare doarpsgenoat, de wat âldere amateurtoanielspiler en frije fûgel Bjinse Houtsma, hat ek in eachje op Lutske. Sy wiist him ôf fanwegen Hindrik. Dy moat dan kieze. It liket derop dat Hindrik der sûnder kleanskuorren ôfkomt, mar is dat ek sa?
Leesaanwijzingen
It boek is yn koarte haadstikjes opdield, dat makket it trochlêzen makliker. De skriuwer hat sa'n tritich siden nedich om de personaazjes en achtergrûnen del te setten, dan begjint de gong deryn te kommen. It ferhaal spilet yn in no foarbye tiid (doe't iderien noch oan in ketting luts om de wc troch te spielen en de radio it wichtichste medium wie) mar dat hoecht de lêswille net te bedjerren. Itselde jildt foar de nammen fan komponisten dy't Wadman neamt.
Om over na te denken
Hoe trou moat ien wêze as er in relaasje hat? Wat soesto dwaan ast ferkearing hiest en fûnst út dat dyn freon of freondin eins leaver mei in oar gie? Hoe belangryk kin muzyk wêze foar minsken? Wat moatte je dwaan as je net genôch talint ha om te berikken wat je wolle?
Waardering
'Masterlik is beskreaun hoe't yn 'e ferhâlding man/frou it egoïstyske seksduveltsje as in slange tusken alle reedlike arguminten trochkrûpt...'
Steven de Jong yn Ta in hichte
'... dizze werprinting [yn de nije stavering] is in goed middel om Anne Wadman as Fryske romanskriuwer bekend te meitsjen by in jonger lêspublyk.'
Tiny Mulder yn it Frysk Deiblêd
Opmerkingen
It boek waard yn 2014 op 'en nij útjûn. De tekst stiet yntegraal op de DBNL.
Leestips/meer weten
Oer Anne Wadman kinst mear lêze op tresoar.nl. Dêr stiet ek in profyl fan de roman mei in oantal resinsjes.
It boek Ta in hichte, of de balke yn eigen each fan Steven de Jong út 2007 jout in protte ynformaasje oer it literêre wurk fan Anne Wadman.
Samengesteld door
Teake OppewalAanbevolen
Opdrachten
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | plot |
Learst | om it plot te analysearjen |
Opdracht | Op side 123 is it sneintejûn. Hindrik hat spul mei syn skoanheit en Wypkje leit siik op bêd. Nei it brea-iten giet er it hûs út. 'De jongfeint, de puber, de adolesint waard yn him wekker, de plattelânse seden lieten har nochris jilde: der foel fan alles te belibjen as je de frijheid keazen of krige hiene!' |
Bronnen | |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om in miening te jaan oer de personaazjes |
Opdracht | 1. |
Makke troch | Teake Oppewal |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | betsjutting |
Learst |
om nei te tinken oer de betsjutting fan it boek |
Opdracht |
1. Hjirûnder steane fiif sitaten oer it haadpersonaazje Hindrik
Visser dy't yn de tekst foarkomme. Tusken kante heakken stiet
oanjûn wa't oan it wurd is, wa't it tinkt of oer wa't it giet. Kies
twa fan de fiif út dy't yn dyn eagen it bêste fan tapassing binne
op it personaazje Hindrik Visser sa'tsto him út de roman kennen
leard hast. Motivearje dyn antwurd. |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | motiven |
Learst | om nei te tinken oer de motiven yn it boek |
Opdracht | 1. |
Bronnen | 'Motief' op Wikipedia |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma |
Nûmer | N4/3 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel of yn twatal |
Fokus | tekst |
Learst |
om op detailnivo de betsjutting fan de tekst nei te gean |
Opdracht |
A |
Makke troch | Teake Oppewal |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | resepsje |
Learst | wat it ferskaat wie yn resepsje fan dizze roman fan Wadman |
Opdracht | Oer De oerwinning fan Bjinse Houtsma waarden in protte kritiken skreaun, sawol loovjende as negative. By it boekprofyl ûnderoan op tresoar.nl kinst in hiele rige fine (sjoch boarne). Yn dizze opdracht fergelikest fjouwer fan dy resinsjes. |
Bronnen | Resinsjes by it boekprofyl op tresoar.nl |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Wadman, Anne De oerwinning fan Bjinse Houtsma |
Nûmer | N5/2 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | auteur |
Learst | wat de betsjutting is fan Anne Wadman yn de Fryske literatuer |
Opdracht | It belang fan Anne Wadman yn de Fryske literatuer wurdt oer it algemien grut neamd. |
Literatuurgeschiedenis | De wichtichste literêre priis yn Fryslân is de Gysbert Japicxpriis. Yn 2013 waard er foar de 33ste kear útrikt. Trije auteurs krigen de priis twa kear, Anne Wadman is dêr ien fan. |
Bronnen | [1] Anne Wadman, biografyske skets op tresoar.nl |
Makke troch | Teake Oppewal |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Anne Wadman (1919-1997) wie learaar Nederlânsk, earst yn Snits en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert, de foarrinder fan NHL Stenden Hegeskoalle. Al yn syn jongfeintetiid wie er dwaande mei skriuwen; de driuw dêrta soe er syn libben lang hâlde. Hy skreau in grut oeuvre en wie jierrenlang kritikus foar kranten en tydskriften. Syn bekendste boek is De smearlappen út 1963, dêr't gâns opskuor om ûntstie. De muzyk wie syn passy, sawol klassyk as jazz.
Wadman is de skriuwer fan it minsklik tekoart. Syn haadpersonaazje is gauris in (manlike, yntellektuele) antyheld dy't altyd twivelet en der net ta komt trefseker te hanneljen en krekt dêrtroch skuld op him laadt. Dêr tsjinoer steane fitalere en minder prakkesearderich ynstelde minsken. Syn wurk falt op troch in heldere styl fan skriuwen mei in iroanyske ynslach. De oerwinning fan Bjinse Houtsma ferskynde yn 1962 en krige in útienrinnende en nijsgjirrige resepsje. Wadman sette it yn 1965 sels oer yn it Nederlânsk en bewurke it. Dy bewurking wie wer de basis foar de twadde Fryske printinge fan 1984. De skriuwer naam yn de nije ferzy mear ôfstân ta syn haadpersoan; de opbou fan it ferhaal bleau gelyk.
Ynhâld
Hindrik Visser is de muzikale haadûnderwizer fan it doarp en dirigint fan it sjongkoar. Hy hat wol wat ambysjes en folget de learare-oplieding Dútsk. As de jonge en rike boeredochter Lutske Westra, 'in frou mei in Mercedes en in ferline', by it koar komt, rekket hy hielendal fan har yn 'e besnijing. Hindrik sjocht syn frou Wypkje as in sloofke oan wa't er tsjin ham en gram trou bliuwe wol. Hy pakt om mei skuldgefoel. Troch sels in muzyksolo foar Lutske te komponearjen hopet Hindrik har op akseptabele wize syn leafde te bewizen. As se dochs in ferhâlding begjinne, rekket Hindrik noch mear yn de tiis mei himsels, mei Lutske, mei Wypkje en mei de minsken yn it doarp. In oare doarpsgenoat, de net mear sa jonge amateurtoanielspiler en frije fûgel Bjinse Houtsma stiket ek om Lutske. Sy wiist him ôf fanwegen Hindrik. Hindrik moat kieze. It liket dat er der sûnder kleanskuorren ôfkomt, mar is dat ek sa?
Swierte
It boek is opboud út betreklik koarte haadstikken, elk mei in eigen titel. Sa wurdt de lêsstof oanbean yn hapkleare brokken, wat it (troch)lêzen makliker makket. Yn it earste haadstik wurdt it haadpersonaazje Hindrik Visser skerp delset en is gau dúdlik wêr't it yn it boek om giet. Foar N3-lêzers kin de gearfetsjende styl sûnder in protte aksje fan de earste seis haadstikken dreech oerkomme. Haadstik 3, 'Yn 'e fuotleasten fan Buxtehude', giet nochal sterk yn op de wrâld fan de klassike koarmuzyk dêr't Hindrik him yn beweecht. Dat kin foar net-ynwijden ferfeelsum oerkomme. Pas op side 33 steane alle stikken op it boerd en kin de aksje begjinne. N3-lêzers dy't hjir oan ta komme, sille dêrnei genôch yn it ferhaal meinommen wurde en boeid troch de morele problematyk dy't it boek sketst. Foar N4-lêzers kin it boek net dreech wêze. Sy sille nêst it ferrin fan it ferhaal ek each ha foar de ynderlike striid fan Hindrik, har ynlibje yn de dilemma's dêr't er yn fersylt en de irony fan de auteur wurdearje kinne. De nochal ûnoannimlike ôfrin fan it ferhaal kin krityske fragen oproppe. N5-lêzers kinne der in útdaging yn sjen troch dit tagonklike boek in byld te krijen fan de skriuwer Wadman en de tiid dêr't it boek yn spilet.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om de tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It boek is mei sa'n 150 siden oantreklik foar N3-lêzers. Wa't daliks aksje wol, moat wol in ekstra ynspanning leverje om troch de earste beskriuwende haadstikken te kommen. |
Ynteresses |
It ferskynsel dat ien dy't in relaasje hat fereale wurdt op in treddenien is werkenber foar elk; dat hoecht net allinne te jilden foar in houlikssituaasje. Learlingen dy't wat ha mei (klassike) muzyk en/of yn in koar sjonge sille har miskien ekstra oanlutsen fiele ta de setting fan de roman. |
|
Algemiene kennis |
It doarpslibben en de kontekst binne net mear fan dizze tiid en binne miskien lestich te pleatsen foar N3-lêzers. Op detailnivo komme wol eleminten foar dy't fragen oproppe kinne foar alle lêsnivo's. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Yn de tekst komme ferwizingen foar nei oare literêre teksten, skriuwers en oare keunstners. De learling moat war dwaan wolle him dêr yn te ferdjipjen. Itselde jildt foar de wrâld fan de koarmuzyk en de byhearrende faktermen. N3-lêzers sille dat gewurde litte; it ferhaal is likegoed wol te folgjen. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Wadman syn wurdgebrûk is ryk. De lêzers fan hokker nivo ek sille net alle wurden kenne, mar kinne it measte wol út de kontekst opmeitsje. Foar N5-lêzers kin it in útdaging wêze troch it lêzen fan de tekst har wurdskat te ferrykjen. |
Sinskonstruksjes |
Der is in grutte fariaasje yn de lingte fan de sinnen en kompleksiteit. Lange sinnen fan fiif rigels of mear komme geregeld foar. Foar N3-lêzers is dat net maklik. |
|
Styl |
De dialogen binne libben en goed te folgjen. De styl is direkt begryplik en net ferhullend. Yn de gearfetsjende stikken is de fertelling fan wat der bart of bard is lykwols sterk ferfrissele mei Hindrik syn tinzen dêroer. Foar N3-lêzers kin it boek dêrtroch te saai wurde, mei omdat se de wrantelige irony net pakke. N4-lêzers ha op dit punt gjin swierrichheden. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De echte aksje begjint op s. 33 mei it haadstik 'Busproleet en Mercedesdochter'. Dêrnei sit der wol safolle gong yn it ferhaal dat it ek foar N3-lêzers meinimmend is. |
Gronology |
It ferhaal wurdt sa goed as gronologysk ferteld. Flashbacks fan Hindrik binne organysk yn de tekst opnommen. |
|
Ferhaalline(n) |
Der binne gjin swierrichheden, der is mar ien ferhaalline. |
|
Perspektyf |
It perspektyf is oer it generaal personaal út Hindrik Visser wei. Rûnom yn de tekst binne kursive sinnen of fragminten opnommen, dêr't men jin fan ôffreegje kin hoe't dy yn it perspektyf passe. Foar N3-lêzers kin dat betiizjend wêze. |
|
Betsjutting |
N3-lêzers sille benammen it ferhaal wurdearje en de betsjutting sjen yn de ymplisite moraal. N4-lêzers kinne de symboalyske eleminten en opposysjes yn it wurk herkenne en it hâlden en dragen fan Hindrik ynterpretearje yn psychologyske termen. Foar N5-lêzers telt ek de betsjutting fan it boek yn de kontekst fan syn tiid en de filosofy fan it eksistinsjalisme. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Hindrik Visser is de iennichste dy't de lêzer goed kennen leart. De twa froulju jildt dat minder foar, en dan altyd troch de bril fan Hindrik: Lutske Westra en Wypkje Himpenius. Bjinse Houtsma is hast mear in harseskym fan Hindrik as in personaazje fan fleis en bloed. |
Oantal karakters |
De fjouwer hjirboppeneamde, en in grut tal byfigueren dy't gjin swierrichheden opsmite. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Hindrik ûntjout him yn dat er it ynsicht krijt dat er eins in grutte leffert is. Wypkje feroaret fan in sloofke yn in frou dy't krekt seit wêr't it op stiet en dy't Hindrik oermânsk is. It byld fan Lutske as sterke frou fan de wrâld wurdt geandewei it ferrin fan it ferhaal hyltyd minder oertsjûgjend, oan de ein wurdt se ûnsichtber. It hâlden en dragen fan de fjouwer personaazjes oan de ein kin foar de N3-lêzer ûnbegryplik oerkomme. Foar de N4- en N5-lêzers spilet dat minder en se sille de ôfrin en de betsjutting dêrfan kritysk hifkje kinne. |
|
Ferantwurding |
Steven de Jong, Ta in hichte, of de balke yn eigen each. Monografy oer it literêre wurk fan Anne Wadman, 2007. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Klaas de Wit en Anne Wadman, 'Brieven oer Bjinse', De teannewâdder 2de jg. nr 3, nov. 1962, s. 73-81 en idem 2de jg. nr 4, april 1963, s. 109-113. In nijsgjirrige diskusje tusken de twa mannen oer it boek, dy't fokust op 'e (ûn)mooglikheit om mei Fryske romans boppe it streekromannivo út te kommen en op de skriuwstyl fan Wadman en syn generaasje. De Wit neamt dy styl 'eksplisyt', dws. dy styl giet yn tsjin wat no [yn 1962] de regel is: 'Show, don't tell'. Hjir is ek Wadman syn opmerking te finen: 'Hindrik Visser en ik binne goede maten'. |