Wolken en stjerren
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 1994
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 256
- Genre
-
- histoaryske roman
- Tags
-
- 18de iuw
- technyk
- sinnestelsel
- religy
- Frjentsjer
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Piter Terpstra, ek wol skreaun as Pieter Terpstra, (1919 - 2006), wie in Frysk sjoernalist en skriuwer. Hy hat wol 125 boeken skreaun yn it Frysk en Nederlânsk. Skriuwt er yn it earst literêre en fernijende romans, letter leit er him ta op it skriuwen fan histoaryske romans oer bekende persoanen út it Frysk ferline. Wolken en stjerren is dêr in foarbyld fan, lykas de rige fan trije romans oer de dichter Gysbert Japiks. Dy Fryske romans hearre ta it bêste fan syn wurk. Sokke romans berêste op histoaryske feiten, mar, benammen by it útbyldzjen fan syn romanfigueren, moat er syn fantasij brûke. De skriuwer kin knap in tiidsbyld oproppe.
Piter Terpstra hat ek frijwat toanielwurk skreaun. Grut súkses hie er mei it stik De triljende ierde oer it libben fan Piter Jelles Troelstra.
As sjoernalist wurke Terpstra foar it Nieuwsblad van het Noorden, Trouw, de Ljouwerter Krante en Friesland Post.
Inhoud
Wolken en stjerren hat as ûndertitel: roman oer Eise Eisinga. It boek beskriuwt in part fan it libbensferhaal fan Eise Eisinga (1744-1828), de makker fan it wrâldferneamde planetarium yn Frjentsjer. De oanlieding ta, it betinken en it útfieren fan de bou fan it planetarium spilet yn it earste diel fan it boek. It twadde diel fertelt oer de politike ideeën fan de patriot Eise Eisinga en de gefolgen dy’t er dêrfan ûnderfynt.
Leesaanwijzingen
Wolken en stjerren is in moai boek oer de betinker en bouwer fan it planetarium yn Frjentsjer. Elk yn Fryslân ken dat hast wol en minsken út de hiele wrâld besykje Frjentsjer om it te besjen. Yn 1774 ha in soad minsken grutte eangst dat de wrâld fergean sil. Eise Eisinga wit better en wol de eangst fan de minsken graach weinimme en dúdlik meitsje hoe’t it sit. Om dat sjen te litten bout er in planetarium yn de wenkeamer fan syn hûs yn Frjentsjer.
Oars tinke as de measte minsken en seker as it om de bestjoerders giet, kin ek tsjin jo wurkje. Eise Eisinga moat as patriot flechtsje, wurdt ferballe, komt yn de finzenis, mar kin werom komme yn Frjentsjer. Dat wurdt ferteld yn diel 2.
Miskien tinkst yn it begjin: ‘wat in drege wurden, dy kin ik net allegearre’. Lit dat dy der net fan tsjinhâlde om troch te lêzen. It ferhaal kinst ek begripe sûnder alle wurden te begripen. En it is de muoite wol wurdich.
Om over na te denken
Hoe tinksto oer in famke of jonge mei in oare godstsjinst en hiele oere tinkwizen oer wat wol en net mei, wat wier is en net wier? Komsto op foar it klimaat of tinkst dat it opwaarmjen fan de ierde wol wat tafalle sil, en wat kin ik dêr no eins oan dwaan? Komst yn opstân ast it ergens net mei iens bist en dochst der dan ek wat oan?
Waardering
"Wolken en stjerren bestiet út twa dielen. Se ferskille bot fan inoar, fyn ik, foaral yn de ynhâld. Ik bin ynteressearre yn technyk, útfinings en útfynders. Yn it earste diel fûn ik genôch dêrfan en it koe my hiel goed boeie. It twadde diel fûn ik in stik dreger en minder ynteressant. Dat kin wol mei komme trochdat ik net safolle wit oer de Patriotten. It hiele boek jout wol in goed byld fan it libben fan Eise Eisinga."
Johannes, 4 Havo.
Opmerkingen
Wolken en stjerren is net beskikber as harkboek mar wol as sprutsen boek yn Daisy format foar de daisyspiler. It boek is ferskynd yn de Gurbe-rige as nûmer 121 en de Kristlike Folksbibleteek as nûmer 381.
Piter Terpstra krige yn 1988 de Piter Jellespriis foar syn hiele oeuvre dat út Frysk- en Nederlânsktalich wurk bestiet. In protte fan syn Fryske boeken binne ek yn it Nederlânsk beskikber.
Leestips/meer weten
- 11en30.nu
- entoen.nu
- Biografy tresoar.nl
Samengesteld door
Lieukje Leistra-ReidsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Terpstra, Piter Wolken en stjerren |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | de titel |
Learst | om nei te tinken oer de titel |
Opdracht | De titel fan in boek ferwiist nei de ynhâld fan it boek. Eins is it in hiele koarte gearfetting. De titel moat nijsgjirrich wêze en de oandacht fêstigje op it boek.
|
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Terpstra, Piter Wolken en stjerren |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | it omslach |
Learst | om nei te tinken oer de funksje fan it omslach |
Opdracht |
Hjirboppe sjochst it omslach, de foar- en achterkant fan Wolken en stjerren. Sjoch hjirûnder by downloads foar bettere ferzjes. 3. Op de achterkant fan it omslach fan Wolken en stjerren steane skriuwer, titel en koarte ynhâld. 4. Meitsje in nije foarkant fan it omslach, en doch dat sa: |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Terpstra, Piter Wolken en stjerren | ||||||||
Nûmer | N3/1 | ||||||||
Nivo | 3 | ||||||||
Stúdzjelêst | 2 slû | ||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||
Fokus | ynhâld | ||||||||
Learst | wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje | ||||||||
Opdracht | 1. Sykje út wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje. Dit kinst dwaan op de site: Skriuw de trije belangrykste ferskillen op yn de kolom hjirûnder:
2. Is Wolken en stjerren fiksje of non-fiksje? Beskriuw wêrom'tst dat tinkst yn op syn minst 80 wurden op. | ||||||||
Literaire theorie | Feit en fiksje | ||||||||
Bronnen | Wikipedy: fiksje | ||||||||
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Terpstra, Piter Wolken en stjerren |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 sû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | opbou |
Learst | om nei te tinken oer de opset en yndieling fan it boek |
Opdracht | Wolken en stjerren bestiet út twa dielen. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Terpstra, Piter Wolken en stjerren |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | eigen miening en resepsje |
Learst | om in eigen miening oer in roman te foarmjen, mei op basis fan in resinsje |
Opdracht | 1. Wat fynst fan it boek Wolken en stjerren? Jou dyn miening wer yn in ferslach fan 150 wurden. |
Bronnen | |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Terpstra, Piter Wolken en stjerren |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | de haadpersoan |
Learst | de ûntwikkeling fan de haadpersoan te pleatsen yn de tiid en de omstannichheden dêr’t hy yn libbet |
Opdracht | 1. Eise Eisinga en syn komôf. 2 Eise Eisinga en de Frjentsjer universiteit. 3. Eise Eisinga en de eangst foar it fergean fan de wrâld yn 1774. 4. Eise Eisinga en de Ferljochting. 5. Patriotten 6. De Frânske tiid yn Nederlân |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Piter Terpstra, ek wol skreaun as Pieter Terpstra, (1919 - 2006), wie in Frysk sjoernalist en skriuwer. Hy hat wol 125 boeken skreaun yn it Frysk en Nederlânsk. Skriuwt er yn it earst literêre en fernijende romans, letter leit er him ta op it skriuwen fan histoaryske romans oer bekende persoanen út it Frysk ferline. Wolken en stjerren is dêr in foarbyld fan, lykas de rige fan trije romans oer de dichter Gysbert Japiks. Dy Fryske romans hearre ta it bêste fan syn wurk. Sokke romans berêste op histoaryske feiten, mar, benammen by it útbyldzjen fan syn romanfigueren, moat er syn fantasij brûke. De skriuwer kin knap in tiidsbyld oproppe.
Piter Terpstra hat ek frijwat toanielwurk skreaun. Grut súkses hie er mei it stik De triljende ierde oer it libben fan Piter Jelles Troelstra.
As sjoernalist wurke Terpstra foar it Nieuwsblad van het Noorden, Trouw, de Ljouwerter Krante en Friesland Post.
Ynhâld
Wolken en stjerren hat as ûndertitel: roman oer Eise Eisinga. It boek beskriuwt in part fan it libbensferhaal fan Eise Eisinga (1744-1828), de makker fan it planetarium yn Frjentsjer. De oanlieding ta, it betinken en útfieren fan de bou fan it planetarium spilet yn it earste diel fan it boek. It twadde diel fertelt oer de politike ideeën fan de patriot Eise Eisinga. Hy moat flechtsje nei it bûtenlân, wurdt foar in jier yn it Ljouwerter Blokhûs fêstset en dêrnei foar fiif jier ferballe. Mar yn 1795 kin er werom komme nei Frjentsjer en syn planetarium, dêrby stipe troch syn nije leafde.
Swierte
Wolken en stjerren beskriuwt it lêste kwart fan de 18de iuw. Haadpersoan Eise Eisinga is wolkjimmer fan berop. De histoaryske fasetten fan it libben oan ‘e ein fan de 18de iuw binne net ienfâldich te begripen. De wurden en nammen fan it fak fan wolkjimmer en syn ark, de Ferljochting tsjin de religy oer, de polityk fan doe meitsje de roman net ienfâldich foar N2 en guon N3-lêzers. It lêzen fan ynformaasje foarôf, te finen yn byg. de kanon fan Fryslân kin liede ta in better begryp. Foar wa’t in besite oan Frjentsjer bringt kin it boek hielendal ta libben komme. Wolken en stjerren is in N3-boek dêr’t fan alles yn te finen is: de eangst fan ienfâldige minsken foar feroaring, it ferlet nei kennis en dêr wat mei dwaan wolle foar jinsels mar ek foar oaren, de Ferljochting en de gefolgen fan de politike striid yn Nederlân. Foar N4-lêzers sil de histoaryske achtergrûn it lêzen fan it boek in ekstra diminsje jaan. Troch de opbou fan it boek, it wurdgebrûk en de koarte sinnen is it foar N2-lêzers wol lêsber, al binne de tinzen faak fette yn langere sinnen mei in tal bysinnen. Foar N3-lêzers is it technysk lêzen gjin probleem.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn de skiednis fan it lêste kwart fan de 18de iuw en it tinken fan de minsken doe. |
Ynteresses |
Ynteresse yn it hielal, de universiteitsstêd Frjentsjer yn de 18de iuw en yn minsken yn dy tiid en hoe’t sy libje, wurkje en tinke, is in fereaske. |
|
Algemiene kennis |
Kennis fan de skiednis is net perfoarst nedich, mar it begripen fan it tinken en stribjen fan in patriot makket it begripen fan de ynhâld fan it boek wol makliker. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is maklik útsein de wurden dy’t te krijen hawwe mei wurk, ark, gebrûken en oare saken út dy tiid. |
Sinskonstruksjes |
It boek is troch koarte sinnen goed nei te kommen troch N2-lêzers, mar byg. gedachten wurde ferteld yn langere sinnen mei bysinnen. N3- en N4-lêzers sille har nettsjinsteande dregere sinsopbou wat makliker meinimme litte yn it ferhaal oer Eise Eisinga en syn tiid. |
|
Styl |
De styl dêr’t Terpstra yn skriuwt, docht tinken oan dy fan in sjoernalist. Wat der bart, fertelt er as yn in ferslach: koart, mar krêftich. Skriuwt er oer tinzen, dan liket it as is der hast in oare skriuwer oan it wurd. Dan brûkt er mear wurden en langere sinnen. Foar in N2-lêzer sille tinzen dreger te folgjen wêze as foar in N3-lêzer. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
It útfieren fan de bou fan it planetarium en dêrnei de flecht as patriot, in jier finzenis, it ferballen wêze foar fiif jier út Fryslân en it werom kommen yn Frjentsjer, njonken it houlik mei syn earste frou en de leafde dêrnei, makket dat der wol aksje is. Dat past ek by N2-lêzers dy’t sykje om ûntspanning. N3-lêzers kinne troch dit boek nije wrâlden ûntdekke. |
Gronology |
It ferhaal is gronologysk opboud. It rint fan 1774, as Eise Esinga begjint te tinken oer in planetarium oant 1795 as er werom is yn Frjentsjer. Dat sil foar gjin lêzer swierrichheden jaan. |
|
Ferhaalline(n) |
It boek bestiet út ien ferhaaline꞉ dy fan Eise Eisinga. Neist it ferhaal fan it betinken en de bou fan it planetarium yn diel 1, komme de gefolgen fan syn politike kar as patriot yn it twadde diel oan de oarder. It earste is in hiel bekend ferhaal; it twadde diel fereasket wat mear histoaryske kennis fan de lêzers. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld út it personale perspektyf fan Eise Eisinga wei. Om him te folgjen yn syn prakkesaasjes is foar in N2-lêzer net sa maklik. Foar de N3-lêzers dy’t betûfter binne yn literêre techniken sil it personale perspektyf gjin problemen jaan. |
|
Betsjutting |
Dizze histoaryske roman jout in moai byld fan Eise Eisinga, syn bou fan it planetarium en syn tiid. Achterlizzende tema‛s꞉ de opkomst fan de Ferljochting, it patriottisme en de ynfloed en gefolgen fan de Frânske revolúsje. Dat lêste jout in ekstra diminsje en ferdjipping en makket it ferhaal nijsgjirrich foar N4-lêzers. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De karakters binne tagonklik. Foar de N2-lêzer jildt dat er de personaazjes dy’t der ta dogge werkent en foar de N3-lêzer dat er him yn de karakters ynlibje kin. |
Oantal karakters |
It oantal karakters dat der ta docht is beheind. It draait meast om Eise Eisinga en de minsken mei wa’t hy in direkte bân hat. Mear karakters spylje in rol, mar it oantal karakters yn it ferhaal leveret gjin problemen op foar de lêzer. |
|
Untjouwing fan de karakters |
It karakter fan de haadpersoan hat de grutste ûntjouwing. Troch alles dêr’t er yn dit part fan syn libben tsjin oanrint, komt er yn konflikt mei de minsken om him hinne en mei himsels. It libben falt foar him net ta en it meitsjen fan in kar hat konsekwinsjes. Foar de N2-lêzers kin dat hjir en dêr muoite jaan. Foar de N3 en N4-lêzers is it net dreech. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
11en30.nu Mei ferwizing nei filmkes en fideo’s; by it planetarium is in DVD te keap oer Eise Eisinga en de bou fan it planetarium. |