Oar plak oare tiid
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2004
- Uitgeverij
- Bornmeer
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 126
- Genre
-
- relaasjeroman
- Tags
-
- chicklit
- famylje
- leafde
- ûntrou
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Jetske Bilker waard yn 1960 berne yn Seisbierrum. Se wurke in moai oantal jierren as dosint Frysk en Nederlânsk yn it middelber underwiis. Se siet ek yn ferskillende redaksjes fan literêre tydskriften en bespriek boeken foar Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Tsjintwurdich is se full time skriuwer. Behalven Oar plak oare tiid skreau se mear romans en ek in ferhalebondel: Imitaasjelear, It libben fan in oar en in nacht fan hûs. Se skriuwt faak yn in iroanyske styl oer relaasjeproblematyk. Bilker wurdt priizge foar de goede plotopbou yn har wurk. Se sette ferskate boeken oer yn it Frysk. Bekend is har oersetting Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen. Yn 2018 sette se it Nederlânske boekewikegeskink Gezien de feiten fan Griet Op de Beeck oer. Yn it Frysk krige it boek de titel Sa’t it lân derhinne leit.
Inhoud
Swaantsje Nammensma is in túnarsjitekte fan 35 jier. Se is gek op har soan Jesse en har man Durk. It hat der alle skyn fan dat har libben o sa de muoite wurdich is. Oant se op in brulloft in man tsjinkomt dy't har libben op 'e kop set.
Leesaanwijzingen
Oar plak oare tiid fan Jetske Bilker is tagonklik skreaun: de sinnen binne koart, der steane in protte dialogen yn de roman, de struktuer is ienfâldich. It ferhaal wurdt hieltyd spannender. Bilkers styl is bytiden iroanysk.
Om over na te denken
Wat soesto dwaan ast de leafde fan dyn dreamen tsjinkaamst, wylst al in relaasje hiest? Soest dyn freon of freondinne bedonderje en dy oerjaan oan leafde op it earste gesicht? Of soest iepen kaart spylje? Wat binne de gefaren fan de rôze bril?
Waardering
'Bilker skriuwt maklik en helder en se set haar novelle behoarlik goed op. (…) Oar plak oare tiid is in aardige, mar yn wêzen ek in frij loftige fertelling.'
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant
'Oar plak oare tiid liket op it earste gesicht in pretinsjeleas ferhaal, dêr't in protte minsken har yn fine kinne. It hat lykwols dúdlik mear te bieden. (...) Mei de mearlagige ynhâld liket it nei dy literatuer te ferwizen: foar in breed publyk, en mear.'
Margryt Poortstra op farsk.nl (earder online tydskrift)
Opmerkingen
De roman ferskynde yn it Nederlânsk as Andere plaats andere tijd. Jetske Bilker krige folle earder al de Fedde Schurerpriis foar har debútroman Imitaasjelear.
Leestips/meer weten
Jetske Bilker, biografyske skets
Foar resinsjes, sjoch oan de ein fan it boekprofyl op tresoar.nl
Samengesteld door
Bart TemmeAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Bilker, Jetske Oar plak oare tiid |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst | om nei te tinken oer de titel en it omslach |
Opdracht | Hjirûnder steane twa ferskillende omslaggen fan Oar plak oare tiid: it omslach fan de Fryske edysje en it omslach fan de Nederlânske oersetting. |
Bronnen | 'Genreleer', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins , 2009, side 34.
|
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Bilker, Jetske Oar plak oare tiid |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | plot |
Learst |
om nei de plotopbou yn it ferhaal te sjen |
Opdracht |
NB Foarôf - Tink derom! |
Bronnen |
'Plot', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, 2009, side 99. |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Bilker, Jetske Oar plak oare tiid |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst | om te reflektearjen op de titel |
Opdracht | De titel Oar plak oare tiid jout fan tefoaren gjin dúdlike oanwizing wêr't it boek oer giet. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Bilker, Jetske Oar plak oare tiid | ||||||||||||||||||||||||
Nûmer | N2/2 | ||||||||||||||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slu | ||||||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||||||||
Fokus | personaazjes | ||||||||||||||||||||||||
Learst | om in ûnderskied te meitsjen tusken flat en round characters | ||||||||||||||||||||||||
Opdracht | A
5. Hokker personaazje feroaret yn Oar plak oare tiid it meast fan karakter? | ||||||||||||||||||||||||
Bronnen | 'Personages', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, 2009, side 106-108. | ||||||||||||||||||||||||
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Bilker, Jetske Oar plak oare tiid |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal, kin ek yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om in oardiel te foarmjen oer hannelingen fan personaazjes |
Opdracht | A |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Bilker, Jetske Oar plak oare tiid |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal, kin ek yndividueel |
Fokus | ôfrin |
Learst | om nei te tinken oer it slot fan in ferhaal |
Opdracht | Op de lêste siden fan Oar plak oare tiid is Jesse weromfûn. 'Kom jonges', seit Swaantsje. Durk antwurdet mei: 'We geane nei hûs.' Dy rigels lykje te wizen op in happy end, lykas yn Hollywoodfilms. |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Jetske Bilker waard yn 1960 berne yn Seisbierrum. Yn 1988 debutearre se mei de roman Imitaasjelear dêr't se yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar krige. Yn 1997 ferskynde har ferhalebondel In nacht fan hûs, folge troch it Boekewikegeskink Oar plak oare tiid (2004). De roman It libben fan in oar kaam yn 2012 út. Bilker skriuwt yn har wurk faak oer relaasjes en it moderne libben. Se siet yn ferskillende redaksjes fan literêre tydskriften (Trotwaer en ynternettydskrift Farsk) en se bespruts boeken foar Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante. Se wie ek dosint Frysk en Nederlânsk yn it middelber ûnderwiis. Dêrneist sette Bilker ferskate boeken oer yn it Frysk. Bekend is har oersetting Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen. Yn 2018 sette se it Nederlânske boekewikegeskink Gezien de feiten fan Griet Op de Beeck oer. Yn it Frysk krige it boek de titel Sa’t it lân derhinne leit.
Ynhâld
Swaantsje Nammensma is in túnarsjitekte fan 35 jier. Se is gek op har soan Jesse en har man Durk. It hat der alle skyn fan dat har libben de muoite wurdich is. Oant se op in brulloft in man tsjinkomt dy't har libben op 'e kop set.
Swierte
Oar plak oare tiid is tagonklik skreaun: de sinnen binne koart en yn de roman steane in protte dialogen. Foar N1- en N2-lêzers is dat oantreklik. De roman is net dik en de struktuer is ienfâldich. Dêrtroch is Oar plak oare tiid minder útdaagjend foar N3-lêzers. It ferhaal fan Bilker wurdt hieltyd spannender, it is hielendal taskreaun op de plot. N1- en N2-lêzers sille dat wurdearje. Jonge lêzers kinne har wierskynlik minder goed identifisearje mei it haadpersonaazje: in frou fan 35 jier. It ik-perspektyf soarget der lykwols foar dat N1- en N2-lêzers wol hielendal yn 'e hûd krûpe kinne fan Swaantsje. It boek hat net folle iepen plakken, alles wurdt frij eksplisyt beskreaun. Dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. De iroanyske styl fan Bilker sil har soms ûntgean, foar N3-lêzers is dat krekt in útdaging.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N1- en N2-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan it 35-jierrige haadpersonaazje dat prakkesearret oer oare manlju, har libben en har húshâlding. |
Ynteresses |
N1- en N2-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen. Bilker jout har sa'n ferhaal. It ferhaal hat dêrneist oerienkomsten mei in chicklit; dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. Se sille har miskein net maklik identifisearje kinne mei de haadpersoan: in frou fan 35 jier mei in man en in bern. It tema frjemdgean en húshâlding sil ek net elke jonge lêzer ynteressearje, dêr moat de dosint rekken mei hâlde. |
|
Algemiene kennis |
Kennis oer de wrâld is net echt nedich. Psychyske kennis is wichtiger: de haadpersoan tinkt nei oer morele fraachstikken. Moat ik my oerjaan oan leafde op it earste gesicht? Sil ik myn man en soan ferlitte? Wat binne de gefaren fan de rôze bril? |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der steane net folle lestige wurden yn 'e roman. Oar plak oare tiid is yn gongber Frysk skreaun. Ut en troch komme mear literêre wurden foar, mar se binne goed te begripen út de kontekst. |
Sinskonstruksjes |
De lingte fan de sinnen yn Oar plak oare tiid fariearret. Bilker brûkt bygelyks bysinnen, mar har sinnen binne soms ek 'staccato'. Foar N2- en N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen. |
|
Styl |
De styl fan Bilker is frij tagonklik. De roman is skreaun yn praattaal, yn Oar plak oare tiid steane hast gjin metafoaren. De haadstikken driuwe op dialogen. Foar N1- en N2-lêzers is dat tige oantreklik. De tema's (leafde, frjemdgean) binne troch Bilker frij eksplisyt beskreaun. De goede N2-lêzer en de N3-lêzer wolle miskien mear útdaging. Bilker skriuwt bytiden wol iroanysk. Dat kin lestich wêze foar N1- en N2-lêzers, mar foar N3-lezers is it útdaagjend. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn Oar plak oare tiid is sprake fan aksje. Dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. It ferhaal wurdt hieltyd spannender. Hoe rint it ôf? Wurde se ûndutsen troch de man fan Swaantsje? Oan de ein fan it ferhaal bart der wat mei har soan. Uteinliken is dit ferhaal dus taskreaun op de plot. De ferhaallinen wurde mei faasje ferteld, de dialogen soargje ek foar tempo yn it ferhaal, mar ek foar bespegelingen fan it karakter Swaantsje. Miskien is dat lestich foar N1-lêzers. |
Gronology |
De struktuer fan de roman is ienfâldich. De gronology slút oan by de N2-lêzer: koarte haadstikken mei dúdlik in begjin en in ein. Sawol it ferhaal oer de relaasje bûten de doar as it ferhaal oer de soan fan Swaantsje wurdt ôfrûne. Yn Oar plak oare tiid sitte net folle werom- of foarútferwizings. Se binne dúdlik oanjûn mei wytrigels. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaalline fan Bilker is goed te folgjen foar N2-lêzers: de ûntrou tusken man en frou. Der binne net in protte sydlinen binnen it ferhaal (de wikselingen wurde markearre). Oar plak oare tiid is dêrtroch net kompleks foar N1- en N2-lêzers. |
|
Perspektyf |
Der binne gjin perspektyfwiksels yn it ferhaal. It ferhaal wurdt ferteld út it ien karakter wei: Swaantsje. Dat makket it tangonklik foar N2-lêzers. De lêzers wurde wol twongen om har te identifisearjen mei in 35-jierig karakter en har te folgjen yn har prakkesaasjes. Net foar elke N2-lêzer sil dat maklik wêze. |
|
Betsjutting |
It tema (frjemdgean) fan de roman is dúdlik. Bilker beskriuwt it frij eksplisyt. De N2-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. Oare betsjuttings (motiven en ideeën) wurde ek frij eksplisyt útlein. In foarbyld dêrfan is de skuldfraach. Oar plak oare tiid hat gjin djippere betsjuttingslagen: der steane yn de roman gjin ferwizings nei de polityk, literatuer of filosofy. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
De lêzer folget de hannelings fan ien personaazje. De jonge lêzer sil miskien net alle hannelings en prakkesaasjes fan Swaantsje begripe kinne (mem-wêzen, lichemlike feroarings, in húshâlding liede). Swaantsje makket in ûntwikkeling troch, in N3-lêzer sil dat bedjipje kinne. De morele opfettings fan de haadpersoan (oerjaan oan ferlieding) sil net elke N2-lêzer begripe, in N3-lêzer kin him miskien better ferpleatse yn Swaantsje. |
Hoemannichte |
De hoemannichte personaazjes yn Oar plak oare tiid is net grut. Swaantsje is de sintrale persoan. Ek har frijer Grealt stiet op 'e foargrûn, fansels beskreaun út Swaantsje wei. De minsken om har hinne binne byfigueren (man Durk, soan Jesse, Ulie, Gretha). Sawol N1- as N2-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes maklik behappe. |
|
Untjouwing fan karakters |
De ferhâldingen tusken personaazjes yn Oar plak oare tiid binne net echt kompleks (psychologyske ferdjipping ûntbrekt), se binne foar N2-lêzers goed nei te kommen. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Jabik Veenbaas, 'Frijaazjes bûten de doar', Leeuwarder Courant, 20 febrewaarje 2004. |