Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | Minskebern

Minskebern

Minskebern

Poortstra, Margryt
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2008 [2de pr. 2014]
Uitgeverij
Utjouwerij Fryslân
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
133
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • berte
  • dea
  • demintens
  • mem-dochterrelaasje
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Over de auteur

Margryt Poortstra is yn 1953 berne yn Harns. Se groeide op yn Arum en Wytmarsum. Yn Ermelo hat se yn de swaksinnigesoarch wurke, letter kaam se as sikretaresse te wurkjen. Poortstra debutearre mei de roman Hillige Minke (1975). Nei it útkommen fan har earste boeken hâlde se har in skoft lang ôfsidich fan it skriuwen fan fiksje. Yn 1987 ferskynde de dichtbondel Krúswetter, en dêrnei in hiele rige romans, dy't foar in part ek yn it Nederlânsk ferskynden. Poortstra siket har ûnderwerpen tichteby: yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou, en dy tusken âlden en bern. Froulju binne faak de sintrale figueren yn har literêr wurk. Poortstra skriuwt yn in heldere, subtile styl.

Inhoud

Minskebern is in roman oer libben en dea. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. De lêzer folget ek Geke, dy't har mem Maart ôftakjen sjocht en har bernsbern Daan leafhat.

Leesaanwijzingen

Yn Minskebern skriuwt Margryt Poortstra oer grutte tema's as 'libben' en 'dea'. It ferhaal wurdt ferteld út ferskillende perspektiven wei. De lêzer folget trije generaasjes. In frou dy't demint is, har dochter dy't dêr mei wrakselet en har bernsbern dat krekt berne is. Poortstra har taal is frij tagonklik, maatskiplike fraachstikken mijt se net.

Om over na te denken

Wat soesto dwaan as dyn heit of mem dy net mear werkent? Soest him of har nei in ferpleechhûs ta bringe? Hoe is it ast neat mear ûnthâlde kinst?

Waardering

'Al is it as roman net hielendal slagge, Minskebern is wol in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn, en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem, dy't ûndanks har ôftakeling as persoan rjochtoerein stean bliuwt.'
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante

'Maart komt it bêste út de ferve, benammen yn it earste diel. Yn de stikken dêr't it perspektyf by Maart leit, slagget it de skriuwster it bêste de lêzer mei te nimmen yn hoe't Maart har libben besjocht. En dat is knap dien.'
Imke Hooijenga op ensafh.nl

Opmerkingen

De tekst fan Minskebern is te finen yn de DBNL.




Leestips/meer weten

Oer de skriuwster
Besprek yn de Ljouwerter Krante
Besprek op digitaal Ensafh

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Poortstra, Margryt Minskebern
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de relaasje tusken foarm en ynhâld

Opdracht

Op de flaptekst fan Minskebern stiet:

'Twa minskebern spylje yn dit ferhaal in rol. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan Alzheimer. Daan, krektberne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan 'e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêr't se yn lizze.'

1. Komme de ferwachtings fan de flaptekst út neidatst Minskebern lêzen hast? Lis út.
2. Wat kin der better oan de flaptekst fan Minskebern? Lis út.
3. Ferbetterje de flaptekst, sadat de lêzer in better byld krijt fan de ynhâld fan it boek.
4. Wat fynst fan it omslach mei de babyfuotsjes? Soest dêrfoar keazen hawwe ast de útjouwer wiest? Wêrom (net)?
5. Meitsje in nij omslach foar Minskebern en lis dyn ûntwerp út.


Makke trochBart Temme
Boek Poortstra, Margryt Minskebern
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmfjouwertal (twatal kin ek)
Fokusmiening
Learst

om dyn miening oer it boek te formulearjen en te beärgumintearjen

Opdracht

1. Elk fan jim skriuwt sels fiif stellingen op oer it boek Minskebern. Bygelyks: 'Minskebern is in prachtich boek!' of 'Minskebern is in lestich boek.'
2. Kies yn oerlis mei jim fjouweren (of twaen) de bêste fiif stellingen út.
3. Wiis mei jim fjouweren in notulist en in foarsitter oan en diskussiearje meiinoar oer de stellingen. Kom mei foarbylden út it boek om in miening te ûnderbouwen. De foarsitter soarget dat elkenien oan it wurd komt en hy hâldt de tiid yn de gaten (25 minuten foar de diskusje). De notulist notearret yn stekwurden de mieningen oer de stellingen.
4. As jim yn in twatal wurkje, kinne jim punt 3 mei inoar besprekke.

As jim klear binne, wiist de dosint ien út jim groep oan dy't yn in koarte presintaasje fan fiif minuten foar de hiele klâsse de belangrykste punten fan jim diskusje oanjout.

Makke trochBart Temme

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Poortstra, Margryt Minskebern
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om oer de wurking fan it perspektyf nei te tinken

Opdracht

A

1. Lês de teory oer it perspektyf (sjoch hjirûnder). Hokker soarten perspektyf besteane der? Skriuw dy op.
2. Hast in foarkar foar boeken mei ien fan 'e perspektiven? Lis út.
3 Hast earder boeken lêzen mei in wikseljend perspektyf?
         a. Sa ja, hokker boeken? Wiest dy bewust fan it perspektyf? Lis út.
         b. Sa nee, fynst de roman van Poortstra lestich om te lêzen? Lis út.

B

1. Poortstra hat yn Minskebern keazen foar in wikseljend perspektyf. Hokker personaazjes wurde as ferteller opfierd?
2. Hokker effekt soe it ha as Poortstra allinne Maart oan it wurd litten hie? Lis út.
3. Is der in parallel te lûken tusken Minskebern en de bekende roman Hersenschimmen fan J. Bernlef? Om dizze fraach te beantwurdzjen, moatst de dosintepagina fan Hersenschimmen lêze op 'Lezen voor de lijst' (sjoch hjirûnder). Lis dyn antwurd út.

Bronnen

'Perspectief', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 101-106.

J. Bernlef, Hersenschimmen

Makke trochBart Temme
Boek Poortstra, Margryt Minskebern
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op maatskiplike fraachstikken út de roman

Opdracht

1. Yn de dokumintêre 'Papa' fertelt Josselin oer har heit dy't demint is (sjoch by de boarnen). De jonge frou wrakselet mei de sykte fan har heit. Moat er nei in ferpleechhûs ta of sil er thús fersoarge wurde? Hy wurdt foarearst thús holpen, omdat se dat it bêste fynt. Yn it boek Minskebern hat Geke deselde fragen. Uteinliken wurdt har mem Maart nei in ferpleechhûs ta brocht.

2. Lês de prolooch fan Minskebern (side 5 oant 8). Hokker redenen hat Geke om har mem wol nei in ferpleechhûs te bringen?

3. Wat fynsto? Moatte bern har deminte heit of mem by har yn 'e hûs nimme? Lis út.

Bronnen

Dokumintêre 'Papa' fia YouTube

Makke trochBart Temme

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Poortstra, Margryt Minskebern
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfoarm
Learst

om de foarm fan it boek te analysearjen

Opdracht

1. Op side 60 en 62 yn Minskebern steane twa gedichten. Lês de gedichten en skriuw yn in pear rigels op wêr't de gedichten oer geane.
2. Wat fynst fan de gedichten? Lis dyn antwurd út.
3. Lis út wat de gedichten mei inoar te krijen ha.
4. Nei hokker passaazjes yn it boek ferwize de gedichten? Lis út.
5. Margryt Poortstra hat de gedichten mei opset tusken it earste en twadde diel fan it boek set. Wêrom hat se dat dien?

Makke trochBart Temme
Boek Poortstra, Margryt Minskebern
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om te reflektearjen op de resepsje

Opdracht

1. Lês yn it stik 'Spegelskrift' fan Alpita de Jong de passaazje oer Minskebern (sjoch hjirûnder. It stiet op s. 13 en 14 fan de pdf).

2. De Jong neamt de roman fan Poortstra 'nochal sentiminteel'. Skriuw alle arguminten op dy't De Jong jout om Minskebern as 'nochal sentimenteel' te skaaimerken.

3. Bist it mei de arguminten fan De Jong iens of net?
         a. Sa ja, ferdedigje it argumint fan De Jong op basis fan in passaazje út de roman.
         b. Sa nee, bestriid it argumint fan De Jong op basis fan in passaazje út de roman. Behannelje sa alle arguminten dy'tst by 2 neamd hast.

Bronnen

Alpita de Jong, Sirkwylêzing 25 jannewaris 2011, 'Spegelskrift'

Downloads alpita_de_jong_-_spegelskrift_def_foar_sirkwy.pdf
Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje

Margryt Poortstra is yn 1953 berne yn Harns. Se groeide op yn Arum en Wytmarsum. Yn Ermelo wurke se yn de swaksinnigesoarch, letter kaam se as sikretaresse te wurkjen. Poortstra debutearre mei de roman Hillige Minke (1975). Yn 1977 ferskynden de roman It stille wetter en it berneboek It lân efter de wolken. Dêrnei hâlde se har in skoft lang ôfsidich fan it skriuwen fan fiksje. Yn 1987 kaam se mei de dichtbondel Krúswetter. Dêrnei folgen ek wer ferhalebondels en romans. Kâldfjoer út 2002 ferskynde yn 2003 yn in Nederlânske oersetting as Koudvuur. De roman Suster út 2004 yn itselde jier allyksa ûnder de titel Zuster. In oantal kearen wûn se mei har ferhalen en gedichten in Rely Jorritsmapriis.
Poortstra siket har ûnderwerpen tichteby: yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou en dy tusken âlden en bern. Froulju binne faak de sintrale figueren yn har wurk. Se skriuwt yn in heldere en subtile styl.

Ynhâld

Minskebern is in roman oer libben en dea. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. De lêzer folget ek Geke dy't har mem Maart ôftakjen sjocht en har bernsbern Daan leafhat.

Swierte

Minskebern fan Margryt Poortstra is frij tagonklik skreaun: de sinnen binne net hiel lang, der steane net in protte lestige wurden yn. De roman befettet net folle dialogen, foar N2-lêzers is dat net hiel oantreklik. Dêrfoaroer stiet dat de roman net grou is en it ferhaal gronologysk ferteld wurdt. N2-lêzers sille dat wurdearje. Foar N3-lêzers is der genôch útdaging: it perspektyf wikselet ferskate kearen en de struktuer fan de roman is ek opfallend. It ferhaal befettet bygelyks twa dielen, de oergong tusken dy dielen bestiet út twa gedichten. Foar N4-lêzers sil de struktuer maklik te begripen wêze. Se sille har dêrneist ek better identifisearje kinne mei ien fan de haadpersonaazjes: de âlde Maart dy't lijt oan Alzheimer en stadich ôftakelet. It boek hat in pear iepen plakken; dat is in útdaging foar N3-lêzers. It sykteproses fan Maart wurdt wol frij eksplisyt beskreaun. N2- en N3-lêzers moatte har dêr wol mei rêde kinne.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N2- en N3-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in detaillearre skreaun ferhaal oer it sykteproses fan in âlde frou (Maart) en de berte fan in bernsbern (Daan). Tema's dy't net oanslute by de belibbingswrâld fan alle lêzers.

Ynteresses

N3-lêzers hâlde fan ferhalen oer psychologyske kwestjes. Poortstra jout har sa'n ferhaal, mar it tema Alzheimer sil net elke jonge lêzer ynteressearje. Dêr moat de dosint rekken mei hâlde. Se sille har faaks net hiel maklik identifisearje kinne mei de demintearjende Maart, mar de literêre ûntwikkeling fan N3-lêzers moat dêrby helpe. Leafhawwers fan Hersenschimmen fan Bernlef sille har miskien ek ynteressearje foar dizze roman fan Poortstra.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net echt nedich. Psychologyske kennis is wichtiger: de lêzer sit regelmjittich yn de holle fan Maart. Har prakkesaasje (dy't hieltyd fragmintarysker wurde) moat de lêzer keppelje kinne oan har sykteproses. Ek foar de prakkesaasjes fan de dochters fan Maart en har man is wat psychyske kennis nedich. Hoe geane we om mei de sykte fan ús mem of frou?

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Yn Minskebern steane net folle lestige wurden. De romanis yn frij gongber Frysk skreaun. Ut en troch komme literêr oandwaande wurden foar, mar se binne goed te begripen út de kontekst fan de sin. Soms skriuwt Poortstra yn it stedsk fan Harns.

Sinskonstruksjes

De lingte fan de sinnen yn Minskebern fariearret. Poortstra brûkt bygelyks lange bysinnen, mar har sinnen binne soms ek koart. Foar N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen.

Styl

De styl fan Poortstra is frij tagonklik. De roman is skreaun yn praattaal. Yn Minskebern steane hjir en dêr metafoaren. It ferhaal befettet net folle dialogen. Foar N2-lêzers is dat net echt oantreklik. It tema (Alzheimer) wurdt troch Poortstra detaillearre beskreaun, bytiden eksplisyt. De N3-lêzer krijt genôch tiid om troch te kringen ta de âlde Maart.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn Minskebern is gjin sprake fan aksje, ek befettet it ferhaal net folle dialogen. Dat is minder oantreklik foar N2-lêzers. Der bart net in soad. It ferhaal hat wol in plot (hoe rint it ôf mei de sykte fan Maart), mar it ferhaal giet mear oer de psychologyske ûntwikkeling fan de personaazjes. Dat sil N3- en N4-lêzers oansprekke.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. Dat slút oan by de N2-lêzer. Wol sitte der tiidsprongen yn it ferhaal en flashbacks, dy binne net hieltyd dúdlik markearre. Dat makket it somtiden kompleks foar N2-lêzers. N3-lêzers kinne dêr wol útkomme.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline sil soms lestich wêze foar N2-lêzers. Der sitte nammentlik sydlinen yn it ferhaal, dy wurde ek nochris ferteld troch ferskillende personaazjes. Foar N3-lêzers sit dêr de útdaging.

Perspektyf

Der sitte in protte perspektyfwiksels yn Minskebern. It ferhaal lit it ferrin fan it sykteproses sjen út wikseljend perspektyf wei: dat fan Maart sels en dat fan har man en dochters. It perspektyf fan Maart en de âldste dochter Geke nimt it wichtichste plak yn. De perspektyfwiksels binne kompleks foar N2-lêzers, mar ek N3-lêzers sille har troch it hege tal wiksels ynsette moatte om de tried fan it ferhaal te folgjen.

Betsjutting

It belangrykste tema (Alzheimer) fan de roman is dúdlik. Poortstra beskriuwt it detaillearre en frij eksplisyt. De N3-lêzer hoecht dêr net op sitten te stinnen. Oare betsjuttings (motiven en ideeën) wurde net eksplisyt útlein. Yn Minskebern wurde motiven as 'libben' (Daan) en 'dea' (Maart) oanhâldend mei inoar ferbûn. Poortstra leit faak in link tusken dy twa minskebern. De roman liket te sizzen: it libben giet fierder. N4-lêzers sille dat makliker werkenne as N3-lêzers. Der steane yn de roman gjin ferwizings nei de polityk, literatuer of filosofy.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget de hanlings fan in grut tal personaazjes. Foar N2-lêzers sil dat lestich wêze. Dêr spilet yn by dat it meast giet om personaazjes fan hegere leeftyd. De jongere lêzer sil miskien net alle hanlings en prakkesaasjes fan de personaazjes begripe kinne (oan Alzheimer lije, beppe wurde, frou ferlieze, mem nei ferpleechhûs bringe). Omdat de personaazjes net echt útdjippe wurde, sille de N3-lêzers ek har bêst dwaan moatte om de karakters te begripen.

Hoemannichte

De hoemannichte personaazjes yn Minskebern is grut. Maart is úteinliken de sintrale persoan, de minsken om har hinne (man Jelte, dochters Geke, Janny, Aukje), dy't ek in stim krije in de roman, prate oer har. Ek it bernsbern fan Geke (Daan) wurdt hieltyd wichtiger. N3-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes wol maklik oersjen.

Untjouwing fan karakters

De ferhâldingen tusken personaazjes yn Minskebern binne net echt kompleks. It is dúdlik wat de posysje is fan de ferskillende karakters. De psychologyske ferhâldingen binne wol lestiger en draaie om de fragen: hoe geane we om mei in frou en mem mei Alzheimer, hoe gean ik om mei Alzheimer?

Relevante  boarnen foar dosinten

Jetske Bilker, 'In deminte mem', LC 24-10-2008.
Imke Hooijenga, 'It sil simmer wêze,' ensafh.nl 30-05-2009.