It neidiel fan 'e twivel
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2021
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 172
- Genre
-
- coming of age
- young adult
- Tags
-
- koroana
- leafde
- adolesinsje
- jeugdûnderfiningen
- famylje
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
I.E. Bloem is de skûlnamme fan Jan Minno Rozendal. It neidiel fan ‘e twivel is syn twadde boek ûnder dit pseudonym. Yn earsten wie it net de bedoeling dat de identiteit fan de skriuwer útkomme soe. Yn ynterviews joech er oan dat er leaver net yn ‘e oandacht stean wol. Mei it winnen fan de Simkekloostermanpriis foar bêste berneboek yn 2022, koe er lykwols net anonym bliuwe.
Jan Minno Rozendal is de soan fan twa skriuwers: Anders Rozendal en Corry Boelens en hat fan syn tsiende ôf yn Bûtenpost wenne. Hy studearre Skiednis oan de Universiteit fan Grins. Op dit stuit hat er in kommersjeel skriuwburo. Dêrneist wurket er oan in promoasjeûndersyk oer Douwe Kalma, dat er yn 2024 hopet ôf te sluten mei in dissertaasje.
Neist de jongereinboeken dy’t er skreaun hat, hat er fan 2017 ôf in biografy oer de dichter Anders Minnes Wybenga en trije romans skreaun ûnder syn eigen namme.
Inhoud
It neidiel fan ‘e twivel giet oer Bas dy’t yn 5 VWO sit. Hy sil mei klasgenoat Vera op útwikseling fan skoalle nei Italië. Syn heit is ferstoarn. Dêrtroch is it foar syn omjouwing lestich is om him gean te litten.
Bas moetet dêr de mysterieuze Julia, dêr’t der fereale op rekket. Wannear’t er goed kontakt mei Julia begjint te krijen, brekt de koroanapandemy út en moatte alle bûtenlanners werom nei harren lân. Bas besiket hjir mei Julia ûnderút te kommen.
Leesaanwijzingen
It neidiel fan ‘e twivel begjint middenyn it ferhaal. Wêr’t it earste haadstik presys oer giet wurdt pas letter yn it boek dúdlik. Bas syn wrâld is foar in grut part werkenber, om’t it spilet op in middelbere skoalle, yn tiid fan koroana en giet oer jongerein. It ferhaal is ek meinimmend en spannend, trochdat der in soad yn bart as it giet om relaasjes en troch de reis nei Italië.
Om over na te denken
Wat dochst ast it net iens bist mei dyn âlders? Hearre âlders allinnich foar harren bern te soargjen of hearre bern ek foar harren âlders te soargjen? Hasto geheimen dy’tst oan gjinien fertelst?
Waardering
De sjuery fan de Simke Kloostermanpriis skriuwt:
"Yn dit aktuele, skerpe, ferrassende en yntrigearjende ferhaal bliuwt lang yn ’e midden wat der no krekt te rêden is. En sels oan de ein bliuwe der noch fragen oer, want, hoe soe it no fierder gean? I.E. Bloem boartet hiel tûk mei de lêzer en mei de feiten dy’t er wol en net sjen lit. In bysûndere oanwinst foar de jeugdliteratuer."
Dit boek is in echte oanrieder foar alle (jonge) minsken dy’t hâlde fan psychologyske romans.
(heitenmem.nl)
It neidiel fan de twivel - I.E. Bloem | Boekpromoasje - YouTube (promoasje filmke studinten NHL Stenden)
Opmerkingen
It neidiel fan ‘e twivel hat de Simkekloostermanpriis foar bêste jongereinboek fan 2022 wûn en is foarsjoen fan in White Raven, in ynternasjonale oanbefelling foar berne- en jeugdliteratuer.
Samengesteld door
Akke GerlsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Bloem, I.E. It neidiel fan 'e twivel |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | plot |
Learst | om nei de plotopbou yn it ferhaal te sjen |
Opdracht | Tink derom! |
Literaire theorie | Plot, Basisboek literatuur, Peppelenbos, Temme en Joosten, Grins, 2020 Of fia dizze link: Plot - Wikipedia |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Bloem, I.E. It neidiel fan 'e twivel |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om dy te identifisearjen mei de personaazjes |
Opdracht | 1. Soargje derfoar datst iepen fragen stelst. Dyn fragen begjinne dus mei hoe, wat, wie, wêrom, wêrom, wannear. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Bloem, I.E. It neidiel fan 'e twivel | ||||||||||||||||||
Nûmer | N2/1 | ||||||||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slû | ||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||
Fokus | identiteit | ||||||||||||||||||
Learst | om nei it gedrach en de karren fan Bas te sjen | ||||||||||||||||||
Opdracht | A. B. Sykje trije oerienkomsten yn syn gedrach en trije ferskillen yn de petearen dy’t er hat mei de ferskillende minsken. Hjirûnder is in rige mei minsken wêr’tst in kar út meitsje kinst. Kies yn alle gefallen trije persoanen út. Jou oan op hokker side ast it petear fûn hast.
C. | ||||||||||||||||||
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Bloem, I.E. It neidiel fan 'e twivel |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1,5 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titelferklearring |
Learst | wat de titel mei it ferhaal te krijen hat |
Opdracht | A. B. C. D. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Bloem, I.E. It neidiel fan 'e twivel |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazje |
Learst | wat in held of antyheld is yn in ferhaal |
Opdracht | A. B. Dat in antyheld: Maklik, laf of egoïstysk is; Troch minsklike gebrekken werkenber is; Realistysker is as in held. Jou oan oftst fynst dat Bas past by (dielen fan) boppesteande omskriuwing. Ferklearje dyn antwurd yn op syn minst 100 wurden. C. Besjoch dyn antwurden by opdracht A, B en C. Wat is dyn einoardiel? Is Bas in held of in antyheld? Ferklearje dyn antwurd yn op syn minst 150 wurden. Begjin dyn antwurd mei: Bas is in held/antyheld omdat … |
Literaire theorie | antiheld Algemeen letterkundig lexicon - DBNL |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Bloem, I.E. It neidiel fan 'e twivel |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om in miening te foarmjen oer it boek |
Opdracht | Lês de resinsje fan heitenmem.nl oer It neidiel fan ‘e twivel: De resinsje fan Corrie: It neidiel fan ‘e twivel » heit&mem (heitenmem.nl) A. B.
Bisto it mei boppesteande saken iens? Ferklearje dyn antwurd mei op syn minst 150 wurden. C. "Yn dit aktuele, skerpe, ferrassende en yntrigearjende ferhaal bliuwt lang yn ’e midden wat der no krekt te rêden is. En sels oan de ein bliuwe der noch fragen oer, want, hoe soe it no fierder gean? I.E. Bloem boartet hiel tûk mei de lêzer en mei de feiten dy’t er wol en net sjen lit. In bysûndere oanwinst foar de jeugdliteratuer." D.
De booktok kinst opnimme mei dyn telefoan. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
I.E. Bloem is de skûlnamme fan Jan Minno Rozendal. It neidiel fan ‘e twivel is syn twadde boek ûnder dit pseudonym. Yn earsten wie it net de bedoeling dat de identiteit fan de skriuwer útkomme soe. Yn ynterviews joech er oan dat er leaver net yn ‘e oandacht stean wol. Mei it winnen fan de Simkekloostermanpriis foar bêste berneboek yn 2022, koe er lykwols net anonym bliuwe.
Jan Minno Rozendal is de soan fan twa skriuwers: Anders Rozendal en Corry Boelens en hat fan syn tsiende ôf yn Bûtenpost wenne. Hy studearre Skiednis oan de Universiteit fan Grins. Op dit stuit hat er in kommersjeel skriuwburo. Dêrneist wurket er oan in promoasjeûndersyk oer Douwe Kalma, dat er yn 2024 hopet ôf te sluten mei in dissertaasje.
Neist de jongereinboeken dy’t er skreaun hat, hat er fan 2017 ôf in biografy oer de dichter Anders Minnes Wybenga en trije romans skreaun ûnder syn eigen namme.
Ynhâld
It neidiel fan ‘e twivel giet oer Bas dy’t mei klasgenoat Vera út 5 VWO op útwikseling fan skoalle nei Italië is. Syn heit is ferstoarn. Dêrtoch is it foar syn omjouwing lestich is om him gean te litten.
Bas moetet dêr de mysterieuze Julia, dêr’t er fereale op rekket. Wannear’t er goed kontakt mei Julia begjint te krijen, brekt de koroanapandemy út en moatte alle bûtenlanners werom nei harren lân. Bas besiket dêr mei Julia ûnderút te kommen.
Swierte
Foar N1-lêzers en N2-lêzers is dit boek oantreklik, omdat it in meinimmend ferhaal is dêr't in soad yn bart. Fierders spilet it ferhaal him ôf yn in werkenbere wrâld en sille de gedachten en de frustraasjes dy't Bas hat foar de lêzer oer it algemien werkenber wêze. Troch de tiidwikselingen dy’t net altyd oanjûn wurde en it iepen ein, sil it boek geskikter wêze foar in N2-lêzer as foar in N1-lêzer. Der sitte sa no en dan wol iepen plakken yn it boek. In N3-lêzer kin troch dit boek oan it tinken set wurde oer hoe't je omgeane mei grutte feroaringen en der libbenslessen út helje.
It boek befettet in soad taaleigen en in iroanyske styl, wat mooglik lestich is foar de N1- of N2-lêzer. De flotte, eigentiidske en meinimmende styl makket it boek lykwols ek tige oantreklik foar dy lêzers.
Didaktyske en letterkundige analyze
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It ferhaal begjint direkt en de lêzer moat miskien efkes wenne oan de omjouwing en de Italiaanske nammen. It boek is meinimmend skreaun, mar de lêzer wit net direkt wêr’t it oer giet. Foar in N1-lêzer kin dat lestich wêze, in N2-lêzer sil dêr makliker oerhinne stappe. |
Ynteresses |
Learlingen dy’t reizgjen of Italië aardich fine, sille aardichheid hawwe oan dit boek. |
|
Algemiene kennis |
It is handich te witten wat de situaasje yn Italië wie oan it begjin fan de koroanapandemy, mar dit is net in eask om it ferhaal begripe te kinnen. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek te begripen. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It boek is skreaun yn natuerlik Frysk mei in soad Frysk taaleigen. Der wurde ek Italiaanske wurden brûkt, lykas forza, mio figlio, pace nel mondo. It is handich om dy wurden te kennen, mar de betsjutting is ek goed út de kontekst te heljen. |
Sinskonstruksjes |
Koarte en lange sinnen wikselje inoar ôf. It boek hat in soad dialogen. Dat is foar N1-lêzers oantreklik. |
|
Styl |
De styl soarget derfoar dat de lêzer net fan it begjin ôf in posityf byld hat fan de haadpersoan, om’t hy bot op himsels is. Dat kin foar in N1-lêzer lestich wêze. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der sit in soad aksje yn it boek. De reis nei Italië en letter de wize hoe’t Bas besiket yn Italië te bliuwen, mar ek syn famyljehistoarje meitsje it in spannend ferhaal. |
Gronology |
It ferhaal begjint mei in flash forward, mar is dêrnei sa goed as gronologysk. It begjin fan it ferhaal kin betiizjend wêze foar N1-lêzers en miskien ek wol wat útdaagjend foar N2-lêzers, om’t se net fuortdaliks witte wêr’t it oer giet. In N3-lêzer sil it spannend fine en lêst gau troch. |
|
Ferhaalline(n) |
Der binne twa ferhaallinen: ien dy’t yn de no-tiid spilet en ien dy’t al west hat. Oan de ein fan it boek kin dat foar betizing soargje by N1- en N2-lêzers. N3-lêzers sille dêr gjin muoite mei hawwe. |
|
Perspektyf |
Learlingen krije it ferhaal mei út it perspektyf fan Bas wei. It smyt foar de lêzer gjin problemen op. |
|
Betsjutting |
N1-lêzers sille dit boek beskôgje as in spannende roman oer in útwikseling fan skoalle nei Italië en oare bekende ûnderwerpen. N2-lêzers sille it noflik fine dat se harsels (foar in part) werkenne kinne yn it libben dat Bas hat en har meislepe litte troch it pakkende ferhaal. Foar de reflektearjende N3-lêzer sil dit boek soargje dat hy neitinkt oer famyljeferhâldingen, freonskippen en hoe't je je ferhâlde ta feroaringen. N3-lêzers kinne ek neitinke oer húslik geweld en hoe'tst dêr mei omgean moatst ast der mei te meitsjen krijst. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
It kin lestich wêze foar de N1- en N2-lêzer om him goed yn Bas te ferpleatsen en de karren dy't hy makket te begripen. Foaral de fersteurde relaasje mei syn heit sil foar in soad lêzers net fertroud wêze. |
Oantal karakters |
It tal karakters yn dit boek is oersichtlik en goed nei te kommen. |
|
Untjouwing fan de karakters |
De iennige persoan dy’t in ûntjouwing trochmakket is Bas. Yn it begjin liket Bas in skeind jongkeardel, mar hoe fierder it ferhaal giet, hoe minder dêr fan wier blykt te wêzen. Dat sil foar alle nivo’s net lestich wêze. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |