Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 2 | Eudaimoania

Eudaimoania

Eudaimoania

Bloem, I.E.
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2020
Uitgeverij
KFFB (Kristlik Fryske Folksbibleteek)
Plaats
Dokkum
Aantal pagina's
208
Genre
  • coming of age
Tags
  • feganisme
  • adolesinsje
  • famylje
  • jeugdûnderfiningen
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

It is net bekend wa't achter de skûlnamme I.E. Bloem sit. Yn ynterviews jout de skriuwer oan dat hy/sy op syn/har privacy steld is en leaver net yn 'e oandacht stean wol. Bysûnder oan dit boek is dat de skriuwer it spesjaal skreaun hat foar jonge lêzers fan 15 oant 25 jier. De skriuwer hopet lykwols dat ek âldere lêzers it in moai boek fine sille.

Inhoud

Dit boek giet oer Emily (17), dy’t beslút om feganistysk te iten. Se wurdt dêrta ynspirearre troch in superslanke, moaie frou dy’t se op YouTube sjocht. Sels wol se ek oaren ynspirearje en dêrom begjint se filmkes op te nimmen oer har libben as feganist. Har bruorke helpt har om de fideo’s profesjoneler te meitsjen en har kanaal wurdt hieltyd súksesfoller. Sa súksesfol, dat se der goed jild mei fertsjinnet. Undertusken moat se ek gewoan nei skoalle en moat se har ferhâlde ta de nije leafde fan har mem, dy’t se net fertrout. Har eigen heit, dy't ferûngelokke is, mist se bot.

Leesaanwijzingen

Ast begjinst te lêzen falst fuort yn it ferhaal, want Emily fertelt har mem wat har plan is en de earste sin fan it boek is har mem har reaksje dêrop. Dêrtroch wurdst fuort meinommen yn Emily har gedachten oer har mem, dy har freon, en oare saken dy't yn it libben fan Emily spylje. Har wrâld sil foar in part werkenber foar dy wêze.

Om over na te denken

Hoe giest om mei de nije leafde fan dyn heit of mem? Hoe feroarest dyn manier fan libjen? Hoe fier giest foar dyn idealen? Wa kinst fertrouwe?

Waardering

"Eudaimoania ('stribjen nei loksilligens') is in spannende en fernimstich komponearre roman oer in jonge frou dy't har libben net op oarde [sic] krijt en de wierheid net ûnder eagen sjen wol."
Jaap Krol yn Friesch Dagblad

"Posityf is (...) dat it boek bysûnder flot skreaun is en in moai byld jout fan de oandacht dy't YouTube bringe kin. It Frysk is dêrby tige modern."
Doeke Sijens yn Leeuwarder Courant

Leestips/meer weten

- "Stribje nei Eudaimoania", resinsje yn Ensafh, nûmer 5 (2020) troch Gerbrich de Jong
- tresoar.nl

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Bloem, I.E. Eudaimoania
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy in better byld te foarmjen fan de personaazjes

Opdracht

1. Kies trije personaazjes út it boek dy't neist Emily in belangrike rol hawwe yn it boek. Lis koart út wêrom't se belangryk binne.

2. Meitsje in beskriuwing fan Emily. Beskriuw sawol har inerlik as it uterlik. Dat meist dwaan mei wurden, mar meist ek gebrûkmeitsje fan plaatsjes (út tiidskriften of fan ynternet) of tekeningen. Set ûnder dyn beskriuwing in karaktertrek fan Emily en neam in foarbyld út it boek dêr't dy karaktertrek nei foaren komt. Set de side fan it foarbyld derby.
Ast bygelyks seist dat Emily moedich is, kinst ferwize nei it momint dat sy yn de trein stapt nei Grins om dêr minsken te treffen dy't se allinnich fan it ynternet ken (s. 86).

3. Doch no itselde foar ien fan de oare persoanen dy'tst by fraach 1 neamd hast.

4. Hoe is de relaasje tusken Emily en de oare persoan dy'tst beskreaun hast? Feroaret dy relaasje troch it boek hinne?

5. Bliuwt Emily troch it boek hinne deselde persoan of fynsto dat se feroaret?

En hoe sit dat by de persoan dy'tsto by fraach 3 beskreaun hast? Lis dyn antwurd út.

Bronnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 247-248.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Bloem, I.E. Eudaimoania
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfoarkant en flaptekst
Learst

om nei te tinken oer it belang fan it uterlik fan in boek

Opdracht

1. Beskriuw sa dúdlik mooglik hoe't it boek derút sjocht. Wat stiet der op de foarkant? Watfoar plaatsje is brûkt? Watfoar kleuren? Beskriuw it sa, dat ien dy't it boek noait sjoen hat in folslein byld krijt.

2. Betink no wêrom't it boek der sa útsjocht as dat it der útsjocht. Wêrom is keazen foar dat plaatsje en dy kleuren, tinkst? Beskriuw de relaasje tusken de foarkant en de ynhâld fan it boek.

3. Wat fynsto fan de foarkant fan it boek? Kies minstens twa wurden út it listje hjirûnder en ljochtsje ta wêrom'tst dy wurden passend fynst.

moai
eigentiidsk
fris
âlderwetsk
ferrassend
apart
oansprekkend
saai
famkesachtich
spannend

4. Lês no de tekst achterop it boek (de 'flaptekst'). Wat fynst fan dy tekst? Slút er goed oan op de ynhâld fan it boek? Stiet it wichtichste der neffens dy yn? Ljochtsje dyn antwurd ta.

5. De lêste sin fan de flaptekst is: 'En der is noch wat dat Emily ûnder eagen sjen moat.' Wat moat se ûnder eagen sjen?

Bronnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 249.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Bloem, I.E. Eudaimoania
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de betsjutting fan de titel

Opdracht

1. Sykje op ynternet op wat 'eudaimoania' (Nederlânsk: eudaimonia) betsjut en lis yn eigen wurden út watst fûn hast. Jou by dyn antwurd de link fan de website(s) dy'tst brûkt hast foar dyn antwurd.

2. Lis út wêr'tst oan sjen kinst dat Emily stribbet nei eudaimonia. Wat dochst dy om dat te berikken?

3. Kies no in personaazje út Emily har famylje en ien fan bûten har famylje. Stribje sy ek nei eudaimoania? Lis dyn antwurd út en brûk dêr foarbylden út it boek by.

4. Faak wurdt sein dat it goed is om de balâns te sykjen tusken twa utersten. Tusken neat doarre (it iene uterste) en gjin gefaren sjen (it oare uterste) sit moedich wêze (it midden). Fynsto dat it Emily slagget om de balâns te finen tusken dy twa utersten? Wêrom wol of net? Lis dyn antwurd út.

5. Wat is dyn manier om te stribjen nei eudaimoania?

6. Slagget it Emily om eudaimoania te berikken oan de ein fan it boek? Lis dyn antwurd út. 

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Bloem, I.E. Eudaimoania
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn in twatal
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn in personaazje

Opdracht

Dizze opdracht kinst allinnich dwaan of yn in twatal. Ast de opdracht yn in twatal dochst, dogge jim fraach 1 tegearre en fraach 2 en 3 ferdiele jim: de iene betinkt de fragen, de oare betinkt de antwurden.

1. Oan de ein fan it boek is Emily in hiel oar famke as oan it begjin fan it boek. Beskriuw hoe't Emily nei har eigen uterlik sjocht oan it begjin fan it boek en hoe't dat is oan de ein fan it boek.

2. In oare feroaring is dat Emily yn de rin fan it boek dingen doart dy't se earder net doard hie. Neam dêr twa foarbylden fan. Neam ek de sidenûmers.

3. Tink dy no yn datst in meet & greet hast mei Emily nei har reis nei Tailân. Do meist har ynterviewe. Betink minimaal seis fragen dy'tst har stelle kinst. Gean yn dyn fragen yn op de feroaringen dy't sy trochmakke hat.

4. Stel de fragen oan Emily en betink sels de antwurden dy't se jaan kinne soe. Soargje dat Emily har antwurden oanslute by wat der yn it boek bart en libje dy sa goed mooglik yn.

Bronnen

Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 248.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Bloem, I.E. Eudaimoania
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te ferwurdzjen en te ûnderbouwen

Opdracht

1. Lês de resinsjes dy'tst fynst op de website fan Sirkwy, bygelyks dy fan Jaap Krol yn it Friesch Dagblad of dy fan Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant. Kies ien fan de resinsjes út dy'tst fynst ûnder 'boarnen'.

2. Skriuw in brief of in mail oan de resensint dêr'tst yn reagearrest op dy syn resinsje. Hjirûnder sjochst in foarbyld foar in begjin fan dyn stik. Dat meist brûke, mar it hoecht net. Hâld dy oan de regels foar saaklik skriuwen en besykje sa oertsjûgjend mooglik te wêzen.

Achte Sijens, bêste Doeke,

Krekt as jo ha ik it boek Eudaimoania lêzen en graach soe ik reagearje wolle op de resinsje dy't jo oer dat boek skreaun hawwe. Ik bin it op trije punten (net) hielendal mei jo iens.
It earste punt is ...

Bronnen

tresoar.nl

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Bloem, I.E. Eudaimoania
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Yn de flaptekst fan it boek stiet as lêste sin: "En der is noch wat dat Emily ûnder eagen sjen moat."

1. Wat is datjinge dat Emily ûnder eagen sjen moat?

2. It antwurd op de foargeande fraach komt pas yn it alderlêste haadstik oan it ljocht. Dochs fernimst yn it boek al earder dat der wat oan de hân is, bygelyks yn it kontakt tusken Emily en Henk, mar ek troch wat der yn Tailân bart. Neam minstens twa mominten yn it boek datsto fernimst dat Emily benaud is foar (guon) mannen. Neam ek de sidenûmers.

3. De skriuwer fan it boek, dy't anonym bliuwe wol, hat yn in ynterview witte litten dat er him ynspirearje litten hat troch Hoe ik nu leef fan Meg Rosoff en De belevenissen van een muurbloem fan Stephen Chbowsky. Beide boeken binne oerset út it Ingelsk nei it Nederlânsk. Sykje op ynternet op wêr't dy boeken oer geane. Watfoar oerienkomsten sjochst tusken dy boeken en Eudaimoania? Jou de links fan de websites dêr'tst dyn ynformaasje fûn hast.

4. As der in ferfolch op Eudaimoania komme soe, wat tinkst dan dat Emily yn dat ferfolch meimakket? Doch krekt of bisto de skriuwer fan it boek en betink hoe't it fierder giet mei Emily. Nim dêryn yn alle gefallen it aspekt mei dat yn de earste fragen fan dizze opdracht oan it ljocht kaam. Hoe giet Emily dêr mei om? Hoe giet it fierder mei de relaasje tusken Henk en har mem? Komt it noch goed tusken Emily en Erik? Sjocht Emily Lovegan en Patrick noch? Giet se fierder mei it meitsjen fan YouTube-fideo's? Dyn antwurd moat minimaal 200 wurden befetsje.

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

It is net bekend wa't achter de skûlnamme I.E. Bloem sit. Yn ynterviews jout de skriuwer oan dat hy/sy op syn/har privacy steld is en leaver net yn 'e oandacht stean wol. Bysûnder oan dit boek is dat de skriuwer it spesjaal skreaun hat foar jonge lêzers fan 15 oant 25 jier. De skriuwer hopet lykwols dat ek âldere lêzers it in moai boek fine sille.

Ynhâld

Dit boek giet oer Emily (17), dy’t beslút om feganistysk te iten. Se wurdt dêrta ynspirearre troch in superslanke, moaie frou dy’t se op YouTube sjocht. Sels wol se ek oaren ynspirearje en dêrom begjint se filmkes op te nimmen oer har libben as feganist. Har bruorke helpt har om de fideo’s profesjoneler te meitsjen en har kanaal wurdt hieltyd súksesfoller. Sa súksesfol, dat se der goed jild mei fertsjinnet. Undertusken moat se ek gewoan nei skoalle en moat se har ferhâlde ta de nije leafde fan har mem, dy’t se net fertrout. De heit fan Emily is ferstoarn en se mist him

Swierte

Foar N1-lêzers en N2-lêzers is dit boek oantreklik, omdat it giet om in meislepend ferhaal dêr't in soad yn bart. Fierders spilet it ferhaal him ôf yn in werkenbere wrâld en sille de gedachten en de frustraasjes dy't Emily hat foar de lêzer werkenber wêze. It boek befettet gjin yngewikkelde ferteltechnyske prosedees. It iennige dat de lêzer begripe moat is dat it ferhaal healweis in sprong makket yn tiid en plak. In N3-lêzer kin troch dit boek oan it tinken set wurde oer hoe't je omgeane mei grutte feroaringen en der libbenslessen út helje.
It boek befettet in soad taaleigen en in iroanyske styl, wat mooglik lestich is foar de N1- of N2-lêzer. De flotte, eigentiidske en meinimmende styl makket it boek lykwols ek tige oantreklik foar dy lêzers.

Didaktyske en letterkundige analyze

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek hat in aardich grutte letter, begjint spannend en is opdield yn haadstikken. It sil net lestich wêze foar de N2- of N3-learling om deryn te begjinnen. In N1-lêzer sil it boek oan de tsjokke kant fine.

Ynteresses

Learlingen mei ynteresse yn feganisme sille dit boek ekstra nijsgjirrich fine.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske op it boek nei te kommen, hielendal foar jonge minsken net, dy't bekend binne mei YouTube en influencers.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It boek is skreaun yn natuerlik Frysk mei in soad Frysk taaleigen. Emily waacht harsels op 'de skealje', se 'lûkt oan de skouders', sjocht ien 'libbensliif', 'jout om sizzen', mar is ek gau 'kiezzich'.

Sinskonstruksjes

Koarte en lange sinnen wikselje inoar ôf. It boek hat in soad dialogen. Opfallend is dat yn guon sinnen de ynterpunksje ûntbrekt, wat in boartlik effekt jout. Foarbyld: 'Tútsje, kopke tee, hoe wie dyn dei ja goed en dy fan dy dan o myn dei wie ek prima tankjewol.' (s. 9)

Styl

De styl is bytiden iroanysk te neamen en Emily kin fûl wêze yn har taalgebrûk en har tinzen oer oaren. Foar lêzers dy't net rjochte binne op styl mar mear op hanling, kin dat lestich wêze.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek befettet it in soad aksje, want Emily is in aktyf type en der bart in soad. Foar de N1-lêzer kinne Emily har tinzen oer wat der spilet lestich wêze om nei te kommen.

Gronology

It ferhaal spilet him gronologysk ôf.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline, dus der binne gjin lestichheden op dit punt.

Perspektyf

Learlingen krije it ferhaal mei út it perspektyf fan Emily wei. It smyt foar de lêzer gjin problemen op.

Betsjutting

N1-lêzers sille dit boek beskôgje as in spannende roman oer in influencer en oare bekende ûnderwerpen. N2-lêzers sille it noflik fine dat se harsels (foar in part) werkenne kinne yn it libben dat Emily hat en har meislepe litte troch it meislepende ferhaal. Foar de reflektearjende N3-lêzer sil dit boek betsjutting ha om nei te tinken oer famyljeferhâldingen, freonskippen en hoe't je je ferhâlde ta feroaringen. N3-lêzers kinne ek neitinke oer seksuele yntimidaasje en hoe'tst dêr mei omgean moatst ast der mei te meitsjen krijst.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It kin lestich wêze foar de N1- en N2-lêzer om him goed yn Emily te ferpleatsen en de keuzes dy't sy makket te begripen. De oergong fan Emily as 'gewoan famke' nei Emily as 'ferneamde influencer' giet frij abrupt en har karakter liket mei te feroarjen. Emily sil net foar elke lêzer in sympatyk karakter wêze.

Oantal karakters

In tal karakters yn dit boek is oersichtlik en goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

De iennige persoan dy't him yn it boek tige ûntwikkelet is Emily. Fan in skrutel, stevich famke wurdt se in selsbewuste jonge folwoeksene dy’t wit wat se te bieden hat. Dy ûntwikkeling giet yn in heech tempo.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten