
Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
- Niveau
- Niveau 1
- Jaar uitgave
- 2013
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 165
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- Feest
- vmbo
- adhd
- freonskip
- skoalle
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Over de auteur
Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer. Sy waard dat ek, earst yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurke se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Sûnt 2015 is se mei pensjoen. Se hat fan jongs ôf oan al skreaun, yn it begjin foaral mearkes. Se skriuwt no benammen berneboeken en jongereinboeken oer problemen dêr’t de jongerein mei te meitsjen krije kin. Fryske jongereinboeken fan har dy't ek yn it Nederlânsk ferskynd binne: De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist en Salsafamke de Simke Kloostermanpriis.
Inhoud
Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen giet oer Marike dy’t de taak op har nimt om it jierdeisfeest foar har mem, dy’t 40 wurdt, op har te nimmen. Mar net allinnich it feest spilet in wichtige rol yn it libben fan Marike. Sy sit op it vmbo, hat in lestich broerke en krijt foar it earst ferkearing. Gelokkich hat se in bêste freondinne, Nadia, dêr’t se har aai by kwyt kin.
Leesaanwijzingen
Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen giet oer Marike, dy’t op it vmbo sit. It boek giet oer har libben op skoalle en mei freonen en de organisaasje fan it feest. Har gesin spilet in wichtige rol yn it boek. Ast it moai fynst om in realistyk ferhaal te lêzen, dêr’tst dy goed in herkenne kinst, dan is dit boek wol wat foar dy.
It boek lêst flot troch de koarte sinnen en dialogen, mar it is kwa taal net altyd like maklik. Wurden as hymje, snobbersguod en ûnder de seadden binne der in foarbyld fan.
Om over na te denken
Wat dochst ast dy oars as oaren fielst? Wa binne belangryk foar dy? Foar wa soest in feest organisearje wolle?
Waardering
‘Hoewol’t it net allegear feest is en der ek aaklike dingen foarfalle, is de humor net ferjitten, in belangryk yngrediïnt dat yn dit boek it bêste út de ferve komt.’ Sjueryrapport Simke Kloostermanpriis
Samengesteld door
Akke GerlsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau start - Opdrachten
Boek | Hanneke de Jong Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen |
Nûmer | N0/1 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | |
Learst | Learst om in ûnderwerp, sfear en tematyk te ferbyldzjen |
Opdracht | Meitsje in opfallende poster oer Tretjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen. De poster is bedoeld om it boek ûnder de oandacht fan lêzers te bringen. De poster moat net allinne de oandacht lûke en der moai útsjen, it moat ek in yndruk jaan fan de ynhâld fan it boek. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Hanneke de Jong Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen |
Nûmer | N0/2 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1,5 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | |
Learst | Learst oer in personaazje |
Opdracht | Yn dizze opdracht silst ien fan de belangrike persoanen fierder útdjipje. Hjir hast de ynhâld fan it boek foar nedich, mar út en troch ek wat fantasij. It is de bedoeling datst in soart fan hânlieding makkest. Alle fragen fynst yn de opdracht.
De hânlieding: Begjin de hânlieding mei in yntroduksje fan de persoan dy’tst keazen hast. Wa is it, hoe âld is hy/sy en betink in leuk of grappich feitsje. (Bygelyks wat hy/sy it lekkerst fynt of in favoryt bist of favorite kleur) Nim dêrnei ûndersteand skema oer en folje yn: Oplieding: Wenplak: Hobby’s/ynteresses: (Wat docht dizze persoan yn syn/har frije tiid?) Favorite film/searje: (Wat is it sjenre of de spesifike titel dêr’t dizze persoan fan hâldt? Bygelyks in horror of romantyske film) Sterke punten: (Wat binne kwaliteiten dy dizze persoan hat? Wat kin hy/sy goed?) Swakke punten: (Wat fynt dizze persoan dat hy/sy net goed kin? Wêr fynsto dat dizze persoan wol oan wurkje mei?) Libbensmoto/spreuk: (Welke spreuk soe goed by dizze persoan passe. Tink bygelyks oan Doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch of It komt wol goed.) Ideale útsje mei freonen: (Wat soe dizze persoan it leafste dwaan mei syn/har freonen?) Doelen: Betink twa doelen dy’t dizze persoan hat. Dat meie doelen wêze oer hoe’t hy/sy is en docht, mar ek doelen oer wat dizze persoan yn de takomst dwaan of wêze wol. Skriuw yn op syn minst 30 wurden op wêrom’tst foar dizze persoan keazen hast. Wat binne de oerienkomsten en ferskillen tusken dy en de persoan dy’tst beskriuwst? |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Hanneke de Jong Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel of yn twatallen |
Fokus | ynhâld |
Learst | Learst oer de promoasje fan in boek |
Opdracht | Stel dy foar dat de skriuwer fan it boek dy frege hat om dit boek te promoatsjen troch it meitsjen fan in promoasjefilmke.
|
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Hanneke de Jong Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | omkaft |
Learst | Learst oer de betekenis fan de omkaft |
Opdracht | Besjoch de foarkant fan Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen en beäntwurdzje de folgjende fragen.
|
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Hanneke de Jong Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ien haadstik |
Learst | Learst oer it omsetten fan skreaune tekst nei toaniel |
Opdracht | Yn dizze opdracht makkest in toanieltekst. Lês haadstik 9 goed troch. Wat yn dat haadstik lient him goed foar in toanieltekst? Rin ûndersteande stappen troch om ta in moaie tekst te kommen:
Yn de ynlieding lizze de persoanen út wa’t se binne en wat harren ‘probleem’ is. Yn de kearn moat wat barre. As der in rúzje is dan bart dat hjir. De persoanen reagearje op wat der allegear oan de hân is. Yn it slot komt it goed en wurdt neist in oplossing ek in konklúzje jûn. Bygelyks makket Peter it goed mei syn mem en seit sy dat se yn de takomst better om him tinke sil.
Meist dizze opdracht ynleverje as tekst, mar meist ek in filmke meitsje fan hoe’t it útspile wurdt. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Hanneke de Jong Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ien personaazje |
Learst | Learst oer it ynlibjen yn ien fan de personaazjes |
Opdracht | Peter fielt him troch it hiele boek hinne in bútensteander. Hy hat in soad rúzje mei syn heit en mem en op skoalle liket er der ek bûten te fallen. Lês haadstik 8 nochris.
|
Makke troch | Akke Gerlsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer. Sy waard dat ek, earst yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurke se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Sûnt 2015 is se mei pensjoen. Se hat fan jongs ôf oan al skreaun, yn it begjin foaral mearkes. Se skriuwt no benammen berneboeken en jongereinboeken oer problemen dêr’t de jongerein mei te meitsjen krije kin. Fryske jongereinboeken fan har dy't ek yn it Nederlânsk ferskynd binne: De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist en Salsafamke de Simke Kloostermanpriis.
Ynhâld
Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen giet oer Marike dy’t de taak op har nimt om it jierdeisfeest foar har mem, dy’t 40 wurdt, te organisearjen. Mar net allinnich it feest spilet in wichtige rol yn it libben fan Marike. Sy sit op it vmbo, hat in lestich broerke en krijt foar it earst ferkearing. Gelokkich hat se in bêste freondinne, Nadia, dêr’t se har aai by kwyt kin.
Swierte
It boek is foaral geskikt foar N1-lêzers fan in jier as 12. Sy sille harren werkenne yn de wrâld fan Marike. Seker as sy op it vmbo sitte, om’t der in soad sênes op skoalle ôfspylje. Der bart genôch yn it boek om it ferhaal spannend en meinimmend te hâlden al stiet it organisearjen fan it feest hieltyd sintraal. Kwa taal is it net perfoarst in maklik boek. Al sitte der in soad dialogen yn en koarte sinnen, it taalgebrûk is net altyd hiel gongber mear. Wurden as hymje, snobbersguod en ûnder de seadden binne der in foarbyld fan.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It boek stiet ticht by de belibbingswrâld fan in learling fan in jier as 12, 13. Aldere lêzers sille ree wêze moatte om harren dêr yn te ferdjipjen. |
Ynteresses |
Ynteresse yn klasse 1 en it libben fan in learling fan klasse 1 is genôch om dit boek te lêzen. |
|
Algemiene kennis |
It is handich wat te witten fan it vmbo. Bygelyks dat dêr in ferskaat oan rjochtingen is om te kiezen. As in lêzer dat net wit, dan leart er dat troch dit boek. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fan tapassing. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It taalgebrûk fan De Jong mei ryk neamd wurde. Al binne it mar koarte sinnen, sa no en dan sil in N1-lêzer nije wurden leare. Wurden as snobbersguod en nei in protte kibjen en tiizjen binne net lestich om te finen. De tekst bliuwt goed te begripen, mar in Nivo Start- en N1-lêzer sil wol útdage wurde. |
Sinskonstruksjes |
Koarte sinnen en in soad dialogen meitsje it in goed te lêzen ferhaal foar N1-lêzers. |
|
Styl |
De Jong wikselet ienfâldige dialogen ôf mei de tinzen fan Marike. It boek is flot skreaun en lêst maklik. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De spanning sit yn de fraach oft it Marike slagget om in spetterjend feest te organisearjen yn in koarte tiid. Tuskentroch rint it ferhaal fan har broerke dêr’t wat mei oan de hân is en binne der jonges dy’t it libben fan Marike spannend meitsje. |
Gronology |
It ferhaal is gronologysk en duorret fjirtjin dagen. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline, dy’t gronologysk ferrint. Dat makket it in goed te folgjen ferhaal foar Nivo Start- en N1-lêzers. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld út it ik-perspektyf wei. |
|
Betsjutting |
De Jong beskriuwt yn Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen de tema's eksplisyt (adhd, freonskip, leafde, rûzje). De N1-lêzer hoecht der net op te stinnen. It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen: der steane yn de roman gjin ferwizings nei de polityk, literatuer of filosofy. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Marike, Peter, heit, mem en Nadia binne de belangrykste karakters. |
Oantal karakters |
It oantal útwurke karakters is goed te oersjen. Der wurde wol mear nammen neamd, mar dy hawwe mar in lytse rol yn it ferhaal. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Marike makket dúdlik in ûntjouwing troch en giet fan ûnwis nei in sterke persoan dy’t wit hoe’t se mei tsjinslagen omgean moat. De lêzer leart Peter ek hieltyd better kennen. Earst is hy foaral it ferfelende broerke, mar oan de ein wurdt hy better begrepen. In echte ûntjouwing fan it karakter is it lykwols net, mar mear in ferklearring foar de lêzer. |
|
|
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
|