Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 1 | Sterke skouders

Sterke skouders

Sterke skouders

Jong, Hanneke de
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2004 [2de pr. 2014]
Uitgeverij
Koperative Utjowerij
Plaats
Easterein
Aantal pagina's
127
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • eilânlibben
  • famylje
  • ferline
  • heit-soanrelaasje
  • leafde
  • rasisme
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Hanneke de Jong groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer en Hanneke is dat letter ek wurden. Letter folge se de learare-opleiding Fysk en hat se in skoft as dosint Frysk wurke. Se wurke letter op de kommunikaasjeôfdieling fan skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert. Sûnt 2015 is se mei pinsjoen. Hanneke de Jong hat fan jong ôf al mei skriuwen oan de gong west. Se skriuwt benammen berneboeken en jongereinboeken. Bekende Fryske boeken fan har binne De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Yn har boeken giet se de problemen dêr't jongerein soms mei te krijen ha net út de wei, lykas fersteurde relaasjes mei heit en/of mem. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist. Se set har boeken ek oer yn it Hollânsk.

Inhoud

Willem komt fan in waadeilân, mar hy wennet no oan 'e wâl by syn omke en muoike. Der is eartiids wat bard mei syn heit en dêrtroch sit Willem no net mear op it eilân. Wat is dêr krekt bard? Dêr giet Willem nei op syk. Stikje foar stikje falle de puzelstikjes te plak. It wurdt ek in syktocht nei it ferline fan syn heit. Willem sit op skoalle yn Ljouwert en hat dêr as freon Liban, in ama, in alllinnesteande minderjierrige asylsiker. Dy freon sil hiel wat foar him betsjutte. En dan binne ek Angelique en Marij der noch, twa wol hiel ferskillende froulju foar Willem.

Leesaanwijzingen

Der spilet hiel wat by Willem yn de holle om. Dêr lêst oer yn dit boek: de fragen dêr't er mei sit, en de antwurden dy't er siket. Dit boek jout dy mear minskekennis. Der komme ek beskriuwingen fan filmfragminten yn it boek foar. Dat kin wolris wat dreech wêze. Willem belibbet yn dy gedielten syn ferline wer.

Om over na te denken

Wat ha sterke skouders te betsjutten yn in heit-soanrelaasje? Hoe sil it wêze foar in eilânbewenner om op it fêstelân wenje te moatten? Wat bart der mei ien dy't jierren net by syn eigen heit en mem wennet?

Waardering

'Hanneke de Jong hat op 'e nij sjen litten dat se in knappe jeugdroman komponearje kin mei in boeiende, hjoeddeiske tematyk, yn linich Frysk mei in knappe literêre struktuer. Sokken mear.'
Jant van der Weg yn it Frysk Deiblêd

'Hanneke de Jong weet wat ze niet moet zeggen.'
Monique Snoeijing yn de NRC

Opmerkingen

De tekst fan Sterke skouders is opnommen yn de dbnl.




Leestips/meer weten

Jelle van der Meulen op syn Fryske literatuerside oer dit boek
Hanneke de Jong, webside

Samengesteld door

Syb van der Ploeg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Jong, Hanneke de Sterke skouders
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting
Learst

om nei te tinken oer de betsjutting fan dit boek

Opdracht

Besjoch de boekomslaggen fan Sterke skouders yn it Frysk en Sterke schouders yn it Hollânsk hjirûnder.

1. Meitsje in beskriuwing fan beide omslaggen, fertel oer: foto/yllustraasje, hokker sêne út boek is ôfbylde (sidenûmer), lettertype en -grutte, watfoar kleuren ensfh.

2. Hokker omslach fynst it moaiste? Jou arguminten foar dyn antwurd.

3. Sterke skouders stiet op de IBBY-earelist. Stel dat it boek yn it Ingelsk útjûn waard en dêr in nije omslach foar komme moast. Watfoar tips soest de ûntwerper dan jaan wolle om in alternatyf te betinken? Tink dêrby oan de punten dy't by fraach 2 oan de oarder kamen.

Sterke skouders 2004 301x478   Sterke schouders 2005 301x489

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Jong, Hanneke de Sterke skouders
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusiepen plakken
Learst

om te reflektearjen oer de iepen plakken yn dit boek

Opdracht

Yn it boek sitte iepen plakken (sjoch útlis by literêre teory oer 'iepen plakken' of yn de boarne). Dy roppe hieltyd in fraach op. De measte fragen wurde yn it lêste haadstik beantwurde. Yn it skema hjirûnder moatst neist elk iepen plak oanjaan hokker fraach oft dit by dy opropt.

Lês haadstik 12 goed troch en jou by elke fraach oan hoe't haadstik 12 dyn fraach beantwurdet.

Side út it boek

Sêne út it boek it iepen plak.

Wat is de fraach dy'tst stelle kinst?

Hoe wurdt de fraach yn haadstik 12 beäntwurde?

12

Acht jier wie ik doe't ik pesten waard, omdat der wat mei ús heit wie op de skoalle dêr't er lesjoech.

 

 

33

Heit. Mei him oer it strân rinne. Oer de weachjes springe, sadat de broek earst mei dripkes, letter mei grutte spatten wiet waard. En as ik útboarte wie, fytsten we werom. Ik fiel noch syn grutte hân op 'e rêch. Soe hy der wolris oan werom tinke?

 

 

38

Stroetinga! Dy namme ken ik. It bloed rint my sa gau út 'e holle, dat ik my oan 'e stelling beetgripe moat. Ik sjoch it minske nochris oan. Dit is se dus, de frou dy't ús heit de kop gek makke. Hy koe har bloed wol drinke! Ik kin sa wer hearre hoe't er har namme útkoarre: 'Stroetinga!' Mar wat en hoe, dat hat er noait ferteld.

 

 

45

Wêrom moast ik fuort?

 

 

71

'Bliuw tenei mei de poaten fan myn dochter ôf!'

 

 

85

'Heit, heit, wêrom litstû neat fan dy hearre? Heit, heit!'

 

 

93

'Mar wat se ek fan dyn heit sizze, it is net wier. Silst dat noait ferjitte?'

 

 

Literaire theorie

Verhalen worden spannend als ze open plekken bevatten. Een open plek is iets wat voor de lezer verborgen wordt gehouden, iets wat het verhaal voorlopig verzwijgt. Een open plek roept een vraag op bij de lezer, bijvoorbeeld: Wat is de hoofdpersoon van plan? Of: Hoe lost de hoofdpersoon dit probleem op? Je leest verder, omdat je een antwoord op die vraag wilt krijgen.
út Op niveau bovenbouw 3 vmbo-gt. Ruud A.J. Kraaijeveld e.o., side 52.

Bronnen

Basisboek Literatuur, Joke van Balen e.o., side 191-192

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Jong, Hanneke de Sterke skouders
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei persoanen út it boek

Opdracht

Willem ferwyt syn heit nochal wat yn it boek. Hy hat in soad fragen dy't er syn heit geande it boek stelt. Syn fragen binne bygelyks:

* Wat gie der ferkeard op it wurk fan heit?
* Wêrom moast ik, Willem, fan it eilân ôf?
* Wat hie de famylje Stroetinga foar rol yn it konflikt op heit syn skoalle?
* Wêrom ferhuzen heit en mem net om by my, Willem, te wêzen?
* Wêrom kaam heit noait by my op besite?       

1. Op al dy fragen krijt Willem pas yn haadstik 12 antwurd. Dat hie earder kind. Willem hie heit in brief skriuwe kind. Skriuw do heit dy brief út it perspektyf fan Willem wei.

2. Skriuw ek in brief as antwurd út it perspektyf fan de heit fan Willem wei. Lês dan earst wol haadstik 12 nochris.

Makke trochSyb van der Ploeg

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Jong, Hanneke de Sterke skouders
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusrollen
Learst

om te reflektearjen op de relaasjes tusken de personaazjes en de rol dy't elk spilet

Opdracht

1. Meitsje in list fan de sân wichtichste persoanen út dit boek en jou oan hokker relaasje se ha mei de haadpersoan.

2. Wat is het grutste doel fan de haadpersoan, Willem Jacob Jagersma?

3. Set achter de nammen fan opdracht 1 hokker rol oft se spylje by it berikken fan Willem syn doel. Binne se helper, tsjinstanner, ôfsidige, slachtoffer of begeunstige?
Sjoch by literêre teory de útlis oer de ferskillende rollen dy't personaazjes ha kinne.

4. Beskriuw by alle neamde personaazjes wat har eigen belang is by it berikken fan it doel fan de haadpersoan. Wêrom spilet dit personaazje dizze rol?

5. Besjoch dyn resultaat. Falle dy noch opfallende saken op oer de personaazjes, en sa ja, wat foar?

6. Hokker rollen út de literêre teory komme net yn Sterke skouders foar en wat foar gefolgen hat dat foar it boek?

Literaire theorie

De rol fan in personaazje is altyd ferbûn mei it doel dat de haadpersoan foar eagen hat. It giet dan om dizze rollen:

Haadpersoan - wol in bepaald doel berikke.
Helper - wol de haadpersoan helpe dit doel te berikken.
Tsjinstanner - wol net dat de haadpersoan syn doel berikt, mar wurket tsjin.
Ofsidige - hat neat te krijen mei it doel fan de haadpersoan.
Slachtoffer - helpt de haadpersoan net om syn doel te berikken, mar hat der wol lêst fan as de haadpersoan syn doel berikt.
Begeunstige - helpt de haadpersoan net om syn doel te berikken mar hat der wol  foardiel fan as de haadpersoan syn doel berikt.

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Jong, Hanneke de Sterke skouders
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de tematyk

Opdracht

Oer in titel wurdt troch skriuwer en útjouwer goed neitocht. Wêrom hyt dit boek no Sterke skouders en net bygelyks: Willem en Marij, De ôfwêzige heit, In eilângeheim of Yn 'e steek litten ?

1. Lis by elke boppeneamde titel út wêrom'tst dy titel better of krekt minder fynst as Sterke skouders.

2. Betink sels trije oare titels foar Sterke skouders. Lis út wêrom'tst dy better fynst as Sterke skouders.

3. Wêrom hat de skriuwster keazen foar Sterke skouders ? Lês side 98. Hokker relaasje hat dizze titel mei de tematyk fan it boek?

Makke trochSyb van der Ploeg
Boek Jong, Hanneke de Sterke skouders
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel of yn twatal
Fokuspersonaazjes
Learst

om de relaasje tusken haadpersoan en de byfigueren yn kaart te bringen

Opdracht

Willem hat oer de measte persoanen út Sterke skouders wol in miening.
Lit him dat mar sizze yn de tabel by A.
Jimme jouwe jim eigen miening oer in personaazje yn de tabel by B.
Yn C ferlykje jimme jim eigen miening mei dyn fan Willem en sette dat yn in tabel.

A Hoe tinkt Willem neffens jimme oer de personaazjes?

Personaazje

Stiet Willem posityf, negatyf, of neutraal tsjinoer

Koarte útlis

Kees Jagersma, heit fan Willem

 

 

Anne Jagersma, mem fan Willem

 

 

Marij, freondinne fan Willem

 

 

Liban, ama en freon fan Willem

 

 

Jaike suske fan Willem

 

 

Lys, suster fan mem fan Willem. By dizze tante wennet Willem

 

 

Simen, de man fan Lys

 

 

Miranda Stroetinga, troch Kees út 'e klasse set

 

 

Angelique, (Willem iepent it boek mei har mei in beugelbektút)

 

 

Gerlof, syn maat fan de basisskoalle op it eilân

 

 

Sytske, maatskiplik wurkster

 

 


B
Hoe tinke jimme as lêzers oer de personaazjes út Sterke skouders?

Personaazje

Steane wy posityf, negatyf, neutraal tsjin oer

Koarte útlis

Kees Jagersma, heit fan Willem

 

 

Anne Jagersma, mem fan Willem

 

 

Marij, freondinne fan Willem

 

 

Liban, ama en freon fan Willem

 

 

Jaike suske fan Willem

 

 

Lys, suster fan mem fan Willem. By dizze tante wennet Willem

 

 

Simen, de man fan Lys

 

 

Miranda Stroetinga, troch Kees út 'e klasse set

 

 

Angelique, (Willem iepent it boek mei har mei in beugelbektút)

 

 

Gerlof, syn maat fan de basisskoalle op it eilân

 

 

Sytske, maatskiplik wurkster

 

 


C
Ferlykje de resultaten fan de tabellen by A en B, bepraat de ferskillen en folje dan de tabel hjirûnder yn.

Personaazje

Tinke wy itselde, positiver of negativer as Willem oer it personaazje ?

Mooglike ferklearring fan it ferskil

Kees Jagersma, heit fan Willem

 

 

Anne Jagersma, mem fan Willem

 

 

Marij, freondinne fan Willem

 

 

Liban, ama en freon fan Willem

 

 

Jaike suske fan Willem

 

 

Lys, suster fan mem fan Willem. By dizze tante wennet Willem

 

 

Simen, de man fan Lys

 

 

Miranda Stroetinga, troch Kees út 'e klasse set

 

 

Angelique, (Willem iepent it boek mei har mei in beugelbektút)

 

 

Gerlof, syn maat fan de basisskoalle op it eilân

 

 

Sytske, maatskiplik wurkster

 

 

Makke trochSyb van der Ploeg

Docenteninformatie

Yntroduksje

Hanneke de Jong waard berne yn 1952 en groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer en Hanneke is dat letter ek wurden. Se folge de mo-oplieding Frysk en wurke in skoft as dosint yn it middelber ûnderwiis. Letter stapte se oer nei de kommunikaasjeôfdieling fan skoallemienskip Piter Jelles. Sûnt 2015 is se mei pinsjoen. Se hat fan jong ôf al skreaun. Se skreau benammen berneboeken en jongereinboeken. Har bekendste Fryske jongereinboeken binne De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist. De jongereinboeken set se ek oer yn it Hollânsk. Foar De laatste brief krige se fan de Zoensjuery yn 2002 in earfolle fermelding. Hja wurket somtiden gear mei Dolf Verroen, tegearre ha se it boek Time out skreaun. Yn har wurk komme allerhanne problemen oan de oarder dêr't jongerein mei te krijen hat lykas fersteurde relaasjes mei (ien fan de) de âlden of abortus.

Ynhâld

Willem komt fan in waadeilân, mar hy wennet no oan 'e wâl by syn omke en muoike. Der is eartiids wat bard mei syn heit en dêrtroch sit Willem no net mear op it eilân. Wat is dêr krekt bard? Dêr giet Willem nei op syk. Stikje foar stikje falle de puzelstikjes te plak. Heit wie learaar op in mafû, mar hy koe min oarder hâlde. Hy pakte in learlinge te bot oan en waard dêrtroch twongen op te hâlden mei syn wurk. Dat wurdt geandewei yn dit boek dúdliker. Willem sit op skoalle yn Ljouwert en hat dêr as freon Liban, in ama, in allinnesteande minderjierrige asylsiker. Dy freon sil hiel wat foar him betsjutte. Yn it begjin fan it boek hat Willem wat mei Angelique. Letter kriget er gefoelens foar Marij dy't in positive ynfloed op him hat.

Swierte

Der sit net folle aksje yn dit boek. De learling moat him ynlibje yn in probleem, it probleem fan wat it ferline fan in heit mei in bern docht. Haadpersoan Willem hat ek allegear gefoelens en gedachten oer syn âlden. Wêrom ha se him net mear ferteld ensafuorthinne. Yn dy wrâld moat de learling komme wolle. It psychologyske gehalte fan dit boek is frij heech. Dat kin foar in N1-lêzer dy't mear aksje wol, wolris dreech wêze. In N2-lêzer sil yn de psychologyske kanten fan dit boek wol dingen út de eigen wrâld weromkenne.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat it net te dreech fine om te lêzen oer problemen dy't benammen psychologysk fan aard binne.

Ynteresses

De learling moat ynteresse ha yn wat der yn minsken omgiet as dy wat slims ûnderfûn ha.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net nedich.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Is likemin nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is net lestich, der komme gjin drege wurden yn foar.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne ienfâldich, koart en yn 'e notiid skreaun.

Styl

It boek is skreaun yn flotte populêre jongereintaal.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit net botte folle aksje yn dit boek.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld, mar der komme hieltyd filmfragminten yn foar. Dy wurkje as flashbacks. Se helje it tempo wolris út it ferhaal. Se kinne foar in N1-lêzer ek dizich wêze. Dat sil in N1-lêzer net noflik fine.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline fan haadpersoan Willem is de iennichste.

Perspektyf

Der is in fertellend ik-perspektyf. Foar de N1-lêzer wurdt dat wolris wat dreech. It
kommentaar fan de ferteller hellet it tempo wat út it belibjen fan it ferhaal.

Betsjutting

Guon resinsinten ha har útlitten oer de betsjutting fan Sterke schouders.
'Hanneke de Jong hat op 'e nij sjen litten dat se in knappe jeugdroman komponearje kin mei in boeiende, hjoeddeiske tematyk, yn linich Frysk mei in knappe literêre struktuer.'
'Jeugboekenschrijfster Hanneke de Jong schreef met Sterke schouders een prachtige kleine roman die door zowel volwassenen als wat oudere jeugd te lezen is. Het is een verademing te zien hoe in wezen weinig spectaculaire gebeurtenissen zo'n treffend boek opleveren.'
'De Jong laat zien waar ze goed in is: het blootleggen van emoties als verliefdheid en beginnende vriendschap, en levensechte dialogen waarin het ongemak voelbaar is omdat ze vooral veelzeggend zijn door wat niet wordt verteld. Dan vallen opeens ook de filmfragmenten op hun plek.'

Fertroud-heid mei literêre personaazjes

Karakters

De skriuwster jout de karakters djipte. Se slagget deryn om ek de byfigueren sa del te setten dat de lêzer se kennen leart.

Oantal karakters

It oantal karakter is beheind en foar N1-lêzers te oersjen.

Untjouwing fan de karakters

Benammen it karakter fan Willem ûntjout him. Ek it karakter fan Liban feroaret.

Relevante boarnen foar dosinten

 

Karen Bies, fraachpetear yn 'De koperen tún', 21-11-2004
Resinsjes te finen op tresoar.nl, oan de ein fan it boekprofyl.
Op tresoar.nl: biografyske skets
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite