Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 1 | Slangen ûnder it bêd

Slangen ûnder it bêd

Slangen ûnder it bêd

Talsma, Hilda
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2017
Uitgeverij
Utjouwerij Elikser
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
185
Genre
  • jongereinboek
  • skoalleroman
  • young adult
  • famkesboek
Tags
  • earste leafde
  • skûtsjesilen
  • Suriname
  • misbrûk
  • Amsterdam
  • multykulturele mienskip
  • erotyk
  • relaasjes
  • famylje
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Hilda Talsma waard yn 1971 yn Alde Leie berne en wennet no mei man - hy is skûtsjeskipper - en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan de NHL yn Ljouwert. Hilda Talsma begûn jierren lyn mei skriuwen en hat ferskate kursussen folge. Hilda hat meast boeken skreaun foar folwoeksenen. Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman. Ien fan de ûnderwerpen dêr’t Talsma graach oer skriuwt, is it skûtsjesilen. Yn Slangen ûnder it bêd spilet in skûtsje ek in grutte rol.

Inhoud

Marte hat hielendal gjin nocht oan it skoallereiske nei Amsterdam. Se bliuwt leaver thús, dochs giet se mei. Yn Amsterdam hat in knappe jonge wol ynteresse yn Marte, mar dy jonge hat wat mins yn it sin mei har. Gelokkich hâldt Rienk - Marte ken him ek fan it skûtsjesilen - Marte yn 'e gaten. Rienk is der mar krekt op 'e tiid by. Fia in Surinaamske famylje einigje Marte en Rienk mei harren heiten yn Suriname. Marte leart al dwaande better omgean mei feroarings. No de heiten fan Marte en Rienk noch…

Leesaanwijzingen

Slangen ûnder it bêd giet foar in part oer skûtsjesilen. Ek ast neat witst fan skûtsjesilen, kinst dit boek lêze. It is wol aardich om de webside oer it skûtsjesilen op Wikipedia as tarieding op it boek te lêzen.
Marte is in famke dat graach altyd itselde docht. Yn it twadde diel binne der âlderein dy’t datselde gedrach fertoane. Besykje út te finen wa’t dat binne en wêrom’t hja sa dogge.

Om over na te denken

Yn hoefier bist ree om nije dingen te besykjen? Hoe komt it dat guon minsken graach fan hûs binne en oaren net?
Kinst in relaasje mei immen ha as dyn âlders it der net mei iens binne?
Doarst altyd te fertrouwen op dyn gefoel?

Waardering

“It ferhaal is licht, mar inkeldris komme der wol serieuze observaasjes foarby, lykas it momint dat Marte it hâlden en dragen fan de beide heiten yn Suriname analysearret.” Doeke Sijens – Ljouwerter Krante.

“In spannende roman oer in aventoer mei de klasse yn Amsterdam en in reis nei Suriname, op syk nei in Piipster skûtsje.” – Website It Fryske Berneboek.

Leestips/meer weten

Boekbesprekking troch Ernst Bruinsma
Resinsje fan Doeke Sijens

Samengesteld door

Cilla Geurtsen

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda Slangen ûnder it bêd
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusûntwikkeling personaazje
Learst

de ûntwikkeling fan in personaazje yn kaart te bringen

Opdracht

1. Printsje it dokumint dat hjirûnder stiet, twa kear. Set op de iene print ‘Marte oan it begjin fan Slangen ûnder it bêd’ en op de twadde ‘Marte oan it ein fan Slangen ûnder it bêd.'

2. No silst de beide Martes fierder analysearje. Do makkest twa tekeningen fan Marte: ien oer hoe’t hja is oan it begjin fan it boek en ien oer hoe’t se is oan it ein fan it boek. Yn beide tekeningen beskriuwst en tekenst de gedachtes, de gefoelens, de dieden en hannelingen fan Marte.

By Martes holle beskriuwst wat Marte tinkt. Meitsje it ferskil tusken har gedachtes yn Amsterdam en yn Suriname dúdlik.
By Martes hert beskriuwst en tekenest har gefoelens oer Rienk, har âlders, har klasgenoaten, har leararen, har libben.
By Martes fuotten beskriuwst en tekenest detaillearre wer’t hja allegear west hat.
By Martes hannen beskriuwst wat Marte allegear dien hat.

3. Personaazjes yn boeken meitsje faak in ûntjouwing troch. Beskriuw yn 150 wurden hoe’t Marte feroare is yn Slangen ûnder it bêd.

Makke trochCilla Geurtsen. Basearre op in idee fan Gea Veenstra.
Boek Talsma, Hilda Slangen ûnder it bêd
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmtwatal
Fokustitel
Learst

oer de betsjutting fan in titel nei te tinken

Opdracht

Let op! It earste part fan dizze opdracht dochst allinnich. It lêste diel dochst tegearre.

Allinnich
1. Op de foarside fan it boek Slangen ûnder it bêd steane fjouwer ôfbyldings. Notearje per ôfbylding yn fiiftich wurden wat de ôfbylding mei it boek te krijen hat.
2. Mei hokker ôfbylding hat de titel fan it boek te krijen?
3. Betink by de oare trije ôfbyldings ek in moaie titel dy’t op it boek slacht. Beskriuw per titel yn trije sinnen wêrom’tst foar dy titel keazen hast.

Tegearre
4. Ferlykje jimme trije oare titels. Hokker titels fine jim it bêste? En wêrom fine jim dat?
5. Marte is yn it boek foaral yn it begjin foar alles bang. Se leart fan Justine dat hja net foar alles bang hoecht te wêzen. De boektitel Slangen ûnder it bêd kinst dus eins wol letterlik nimme. Lis dat yn fjouwer sinnen út.
6. “Marte oerwint har eangsten. Se is net mear bang foar de figuerlike slangen ûnder it bêd.”
Beskriuw yn fjouwer sinnen oft jimme it iens binne mei dy ynterpretaasje.
7. Besjoch de titels dy’t jimme sels betocht hawwe noch in kear. Hokker fan alle fjouwer titels fine jim no it bêste? En wêrom?

Makke trochCilla Geurtsen
Boek Talsma, Hilda Slangen ûnder it bêd
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting
Learst

nei te tinken oer de betsjutting fan it boek

Opdracht

1. Beskriuw yn 150 wurden dyn thússituaasje. Bist graach thús? Hoe sjocht dyn famylje of libbensomjouwing derút?

2. Marte is ek graach thús. Beskriuw yn 150 wurden wer’t se wennet en hoe har libbensomjouwing der útsjocht. Fertel ek wêrom’t se sa graach thús is. Wêr hâldt Marte fan?

3. Marte giet op skoallereiske nei Amsterdam. Beskriuw yn 100 wurden wat Marte allegear ferfelend fynt yn Amsterdam.

4. Marte giet yn diel twa fan it boek op reis nei Suriname. Hoe fynt se it dêr? Reagearret se ek oars? Sa ja, wêr komt dat troch?

5. In protte minsken sizze: ‘Troch te reizgjen learst de wrâld om dy hinne better te begripen’. Jildt dat ek foar Marte? Wat hat Marte leard troch it skoallereiske en har reis nei Suriname? Brûk 100 wurden foar dyn antwurd.

6. Kies út A of B (Brûk yn beide gefallen 150 wurden foar dyn antwurd.)
A: Asto net fan reizigjen hâldst: is dyn miening oer reizigjen en oare wrâlden ûntdekke ek feroare nei it lêzen fan dit boek?
B: Asto wol fan reizigjen hâldst: wat hast leard oer de wrâld troch dyn reizen? Is dat ek te fergelykjen mei wat Marte leard hat?

Makke trochCilla Geurtsen

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Talsma, Hilda Slangen ûnder it bêd
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmtwatal
Fokusplot
Learst

it ferskil tusken plot en subplot

Opdracht

1. Slangen ûnder it bêd giet oer in ferskaat oan ûnderwerpen.
Fraach 1: Skriuw op hokker tsien ferskate ûnderwerpen yn it boek oan bar komme.

2. Lês de literêre teory hjirûnder troch en beäntwurdzje dernei fraach 1 oant en mei 4.

Fraach 1: Ferlykje jimme antwurden by fraach 1 fan hjirboppe. Wat fine jim no it haadplot fan Slangen ûnder it bêd? Wat is it wichtichste ûnderwerp en wêrom? Brûk ûngefear fyftich wurden foar jim antwurd.
Fraach 2: Hokker twa ferhaallinen fine jim ‘subplotten’? En wêrom?
Fraach 3: Elkenien makket in gearfetting fan ien fan de ‘subplotten’.
Fraach 4: Lês inoars gearfettings en pas se oan as der saken net klopje.

3. Hokker relaasje bestiet der tusken it haadplot en de beide subplotten? Lis jim antwurd út.
Opsje 1: de ‘subplotten’ fersterkje it haadplot.
Opsje 2: de ‘subplotten’ foarmje in kontrast mei it haadplot.
Opsje 3: de ‘subplotten’ en it haadplot folje inoar oan.
Opsje 4: de ‘subplotten’ en it haadplot hawwe neat/net genôch mei inoar te krijen.

Literaire theorie

De wichtichste ferhaalline wurdt ‘plot’ neamd. As dêrnjonken noch in oar ferhaal ferteld wurdt, dan binne dat minder wichtige plotten. Yn in Nederlânsk sizze se subplotten. ‘Sub’ betsjut 'ûnder' of 'minder wichtich’. Der moat eins altyd in ferbining wêze tusken it plot en in ‘subplot’.

Der binne fjouwer mooglikheden:
Opsje 1: de ‘subplotten’ fersterkje it plot.
Opsje 2: de ‘subplotten’ foarmje in kontrast mei it plot.
Opsje 3: de ‘subplotten’ en it plot folje inoar oan.
Opsje 4: De ‘subplotten’ en it plot hawwe neat/net genôch mei inoar te krijen.

Makke trochCilla Geurtsen. Basearre op in idee fan Marlies Schouwstra.
Boek Talsma, Hilda Slangen ûnder it bêd
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

wat in sjenre is

Opdracht

1. Fan hokker artyst yn de muzykwrâld bist fan? (Ast gjin fan bist, skriuw dan op nei hokker artyst oftst it faakst harkest op bygelyks Spotify.)

2. Beskriuw sa sekuer mooglik hokker soarte fan muzyk oft dyn favorite artyst makket. Is dat dance? Of metal? Of makket er hiphop?

3. Dy ferdieling yn soarten muzyk neame wy ek wol muzyksjenres. Dat bestiet ek yn de literatuer. De betinkers fan dizze webside hawwe fjouwer sjenres oanjûn dy’t by Slangen ûnder it bêd passe. Dat binne: jongereinboek, skoalleroman, young adult, famkesboek. Notearje dy fjouwer sjenres en gean dêrnei op syk nei in goede omskriuwing fan dy fjouwer sjenres. By boarnen steane websiden dy’tst brûke kinst. Meist ek sels boarnen sykje. Brûk per sjenre ûngefear fyftich wurden foar dyn útlis.

4. Stel dy foar: Slangen ûnder it bêd komt op dyn skoalle yn de mediateek te stean. Op it kaft fan it boek kinst mar ien sjenre notearje. Hokker sjenre skriuwst dêr op en wêrom?

Bronnen

https://kunst-en-cultuur.infonu.nl/taal/93990-boeken-welke-genres-kennen-we.html

https://www.lezen.nl/nl/onderwerp/jongerenliteratuur

https://schrijvenonline.org/forum/het-schrijfproces/overig/109032

https://proudbookjunkblog.wordpress.com/2017/08/08/10-kenmerken-van-young-adult-boeken/

https://www.hebban.nl/spot/boekenmonster/nieuws/drie-meisjesboeken-2

https://nl.wikipedia.org/wiki/Jeugdliteratuur

https://www.allesoverboekenenschrijvers.nl/boeken-en-romans-over-school-leraren/

Makke trochCilla Geurtsen
Boek Talsma, Hilda Slangen ûnder it bêd
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmtwatal
Fokusanalyze fan de rollen fan de personaazjes
Learst

dat personaazjes yn ferhalen faaks ferskate rollen hawwe

Opdracht

1. Skriuw apart fan inoar de nammen op fan de tsien wichtichste personaazjes út Slangen ûnder it bêd.
2. Notearje dêrneist de relaasjes tusken dy personaazjes: bygelyks: Sake is de heit fan Marte.
3. It is dúdlik dat Marte de haadpersoan is fan it boek. Bestudearje de teory ûnder literêre teory. Wat is it doel fan Marte?
4. Ferlykje jimme antwurden en besprek wat jimme útkomsten binne. Binne jimme it iens oer it doel fan Marte? Beskriuw tegearre yn fyftich wurden wat it doel fan Marte is.
5. Tegearre beskriuwe jim no de rollen fan de oare njoggen personaazjes dy’t jimme it wichtichst fine. Brûk de rollen dy’t neamd wurde by de literêre teory. Hjirûnder kinst dêr mear oer fine.
6. Hokker observaasjes hawwe jim dien oer de personaazjes? Hawwe alle personaazjes in rol dy’t yn de literêre teory beskreaun wurdt?
7. Fine jim it beskriuwen fan rollen in geskikte manier om oer de personaazjes yn in boek nei te tinken? Lis jim antwurd út.

Literaire theorie

In manier om teksten te analysearjen is troch te sjen nei rollen. Yn de measte koarte ferhalen en romans binne dizze seis rollen wol te ûntdekken:

- Haadpersoan wol in beskaat doel berikke.
- Helper helpt de haadpersoan om syn doel te berikken.
- Tsjinstanner besiket om it berikken fan it doel troch de haadpersoan tsjin te wurkjen.
- Ofsidige hat neat te krijen mei it berikken fan it doel troch de haadpersoan.
- Slachtoffer helpt de haadpersoan net om syn doel te berikken, mar hat der al lêst fan as de haadpersoan syn doel berikt.
- Begeunstige helpt de haadpersoan net om syn doel te berikken, mar profitearret der al fan as dat slagget.

Makke trochCilla Geurtsen. Basearre op in idee fan Janneke Blok.

Docenteninformatie

Yntroduksje

Hilda Talsma waard yn 1971 yn Alde Leie berne en wennet no mei man - hy is skûtsjeskipper - en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan wat no NHLStenden Hegeskoalle hyt yn Ljouwert. Hilda Talsma begûn jierren lyn mei skriuwen en hat ferskate kursussen folge. Talsma hat meast boeken skreaun foar folwoeksenen. Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman. Ien fan de ûnderwerpen dêr’t Talsma graach oer skriuwt, is it skûtsjesilen. Yn Slangen ûnder it bêd spilet in skûtsje ek in grutte rol.

Ynhâld

Marte hat hielendal gjin nocht oan it skoallereiske nei Amsterdam. Se bliuwt leaver thús, dochs giet se mei. Yn Amsterdam hat in knappe jonge wol ynteresse yn Marte, mar dy jonge hat wat mins yn it sin mei har. Gelokkich hâldt Rienk - Marte ken him ek fan it skûtsjesilen - Marte yn 'e gaten. Rienk is der mar krekt op 'e tiid by. Fia in Surinaamske famylje einigje Marte en Rienk mei harren heiten yn Suriname. Marte leart al dwaande better om te gean mei feroarings. No de heiten fan Marte en Rienk noch…

Swierte

In protte dialogen, allegearre aksje, werkenbare situaasjes, lykas in skoallereiske, rare leararen en fereale wurde soargje derfoar dat it ferhaal maklik te folgjen is: hiel geskikt foar N1. It boek hat ek koarte haadstikken en der wurdt dúdlik oanjûn hokker diel fan it boek him yn Suriname ôfspilet. Dat ien fan de tema’s fan it boek, skûtsjesilen, net by alle lêzers bekend wêze sil, wurdt wol kompensearre troch de oare ûnderwerpen dy’t hiel tagonklik binne.

Didaktyske en letterkundige analyze   

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek is net al te tsjok: foar lêzers op N1 is de omfang gjin probleem. Om’t it boek benammen oer de gefoelens fan in famke giet, sille famkes it boek wierskynlik heger wurdearje as jonges. 

Ynteresses

It is wol in foardiel as de lêzers ynteresse hawwe yn it skûtsjesilen.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net fereaske.

Spesifyke literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich. Net alle lêzers sille witte dat Suriname eartiids in koloanje wie fan Nederlân.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Foaral de wurden dy’t wat te krijen hawwe mei it skûtsjesilen sille net alle lêzers fuort begripe, mar al lêzende wurdt alles wol dúdlik. Fierder binne de wurden meastentiids yn deistich Frysk: gjin probleem foar lêzers op nivo 1. It taalgebrûk is oanpast oan de jongerein. Der binne ek fragminten en sinnen yn it Nederlânsk en it Ingelsk.

Sinskonstruksjes

Koarte en langere sinnen wurde ôfwikseljend brûkt. Foar lêzers dy’t krekt begjinne mei lêzen op nivo 1, is dat wol efkes wennen.

Styl

Talsma brûkt gauris punktuaasjes om dúdlik te meitsjen wat de karakters fine fan bepaalde saken. Der wurde in soad dialogen brûkt. Dy binne soms ek yn it Nederlânsk of Ingelsk. 

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Slangen ûnder it bêd sit fol mei aksje: in skoallereiske nei Amsterdam, drugs yn in drankje, hast in ferkrêfting, de ûntdekking fan in spesjaal skûtsje, in reis nei Suriname en in earste grutte leafde. De lêzer op N1 sil him net ferfele.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. Dúdlik oanjûn is wannear’t it giet om oantinkens oan it ferline.

Ferhaalline(n)

It boek hat ien ferhaalline: dat is gjin probleem foar lêzers op N1.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it personaal perspektyf wei, út haadpersoan Marte wei.

Betsjutting

Slangen ûnder it bêd is foar lêzers op nivo 1 in boek oer in famke dat hieltiid sterker yn harren skuon stiet. Lêzers op nivo 2 begripe ek dat it boek giet oer omgean mei feroarings en omgean mei oare kultueren. De tema's wurde yn Slangen ûnder it bêd eksplisyt beskreaun. De lêzers bliuwe net mei fragen sitten oer de haadpersoanen yn relaasje ta de tema's.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Marte is de haadpersoan. Fierder ha we te krijen mei de klasgenoaten fan Marte, har leararen, har famylje. Se wurdt fereale op Rienk, dy hat ek in famylje. De Surinaamske famylje fan Justine hat ek noch in rol yn Slangen ûnder it bêd.

Hoemannichte

Marte is de haadpersoan. Der komme aardich wat bypersoanen yn it ferhaal foar: ek om’t it ferhaal him op meardere plakken ôfspilet. It is lykwols net dreech de persoanen fan elkoar te ûnderskieden.

Untjouwing fan de karakters

Marte makket de grutste ûntjouwing troch. Yn it begjin fan it boek doar se neat en fynt se nearne wat oan. Yn Suriname docht de heit fan Rienk eins itselde. Marte leart mear en mear dat se op harsels betrouwe kin. Se rint net mear fuort as har heit wenne moat oan har relaasje mei Rienk.

It is in útdaging foar lêzers op N2 om de parallellen tusken de ûntjouwings fan ferskillende personaazjes yn de ferskillende omjouwings te ûntdekken.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

- Webside fan Hilda Talsma
- Ynterview mei Hilda Talsma oer har libben as skippersfrou
- Boekbesprekking troch Ernst Bruinsma
- Resinsje fan Doeke Sijens