Koartsluting
- Niveau
- Niveau 1
- Jaar uitgave
- 1991 [2de pr. 2014]
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Drachten/Ljouwert
- Aantal pagina's
- 91
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- enerzjy
- leafde
- lytse kriminaliteit
- mem-soanrelaasje
- Taalniveau
- A2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Akky van der Veer is berne yn it hjoeddeiske Damwâld yn 1943 en ferstoarn yn 2019. Doe't se jong wie krige se TBC en moast se nei in sanatoarium. Dêr lies se in soad en skreau se ek har earste ferhalen. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt. Koartsluting kaam út yn ien bân mei Hoogspanning fan de Nederlânske skriuwer Jan Terlouw. Oare boeken dy't se skreaun hat binne de histoaryske romans Kuneara en Grutte wurden en it non-fiksjeboek Brieven oan ús mem. Oer it generaal is der in protte wurdearring foar har wurk. It lêste boek is in útiensetting fan in libbensfizy; de resinsjes dêrfan binne kritysk.
Inhoud
Harry Stobbe hat jild liend om gokke te kinnen. Hy hat it fergokt yn in kasino. Hy sit no sûnder jild en om de liening ôf te beteljen moat er fytsen stelle foar Sjors. Yn in tunneltsje by Camminghabuorren yn Ljouwert komt Harry Yfke Jorritsma tsjin. Har heit is eigner fan de Hifi-shop. Der sjit him ynienen in idee yn 'e holle om mei help fan Yfke fan syn skulden ôf te kommen. Hy moat hiel wat lige om syn geheime libbentsje foar syn mem ôf te skermjen. Op it lêst komt der koartsluting yn 'e ferhâlding mei syn mem.
Leesaanwijzingen
Dit boek bringt dy yn de wrâld fan Harry, de fytsedief. De skeanprinte stikken binne wolris wat dreech, mar de aksje en de humor meitsje datst wol trochlêze wolst!.
Om over na te denken
Wat is koartsluting? Wannear krigest koartsluting yn de ferhâlding mei minsken om dy hinne? Hoe soe it wêze om alle dagen in fyts stelle te moatten? En om yn de tange te sitten fan in misdiedige heelder?
Waardering
'Twa skriuwers ha de opdracht krigen om in jeugdboek te skriuwen oer enerzjy. It boek fan Akky van der Veer wurdt dan heger achte as it boek fan Jan Terlouw. Bleau it boek fan Terlouw wat yn uterlike avontueren hingjen, de Frysktalige helte fan it boek dolt djipper. Ek literêr is dat ferhaal nijsgjirriger as dat fan har Hollânsktalige kollega.'
Jant van der Weg yn it Frysk Deiblêd
Opmerkingen
Dit boek ferskynde by it 75-jierrich bestean fan it PEB, it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân yn 1991. Ast it omdraaidest, krigest in Nederlânsk boek fan Jan Terlouw, Hoogspanning. De nije útjefte fan 2014 hat allinne de Fryske tekst.
Leestips/meer weten
In koart besprek fan de ferhalen fan Terlouw en Van der Veer, Leeuwarder Courant 17-05-1991.
Samengesteld door
Syb van der PloegAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Veer, Akky van der Koartsluting |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om nei te gean hokker relaasjes de persoanen ûnderling ha |
Opdracht | De wichtichste personaazjes yn Koartsluting binne: Harry Stobbe, mem Swaan Stobbe, Sjors de Vries, Van der Velde (de skriuwer fan in boek oer de PEB), Jurre van der Velde, Yfke Jorritsma, Yvonne, Kak, Piet de Groat, Foekje. Yn de Literêre teory kinst lêze hoe't in skriuwer syn 'personaazjes op papier' foarmjaan kin. |
Bronnen | Joke van Balen e.a. Basisboek literatuur. Grins, 2009, s. 106-108. |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Veer, Akky van der Koartsluting | ||||||||||||||||||||||||
Nûmer | N1/2 | ||||||||||||||||||||||||
Nivo | 1 | ||||||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slu | ||||||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||||||||
Fokus | personaazjes | ||||||||||||||||||||||||
Learst |
om dy te ferdjipjen yn de haadpersoan | ||||||||||||||||||||||||
Opdracht |
Jou dyn miening oer fiif stellingen dy't te
krijen ha mei haadpersoan Harry. Bist it mei de stellingen iens of
net, en wêrom?
| ||||||||||||||||||||||||
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Veer, Akky van der Koartsluting |
Nûmer | N1/3 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | boekferfilming |
Learst | om nei te tinken oer aspekten fan boekferfilming |
Opdracht | Koartsluting hie ferfilme wurde kind. Dat is noch net bard, mar dochs makkest in plan foar in film. Tink nei oer útdagingen dêr't in regisseur foar komt te stean. Jou antwurd op de folgjende fragen: |
Bronnen | Inez Risseeuw op boekschrijven.nl |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Veer, Akky van der Koartsluting | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Nûmer | N2/1 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slu | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Fokus | perspektyf | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Learst |
om wat der yn it boek mei Harry bart út in oar perspektyf wei te sjen | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Opdracht |
Koartsluting is skreaun út personaal
perspektyf wei, dus út Harry wei (en ek soms út Jurre wei).
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Literaire theorie |
Joke van Balen e.a. Basisboek literatuur. Grins 2009, s. 101-106 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Veer, Akky van der Koartsluting |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst | om te reflektearjen op de titel |
Opdracht | 1. Nei hokker foarfallen ferwiist de titel fan it boek Koartsluting? |
Bronnen | "De titel 'Koartsluting' hat dan ek minder mei it produkt fan de jubilaris (PEB 75 jier, elektrisiteit) te krijen mar alles mei de relaasjes fan de ferhaalfigueren ûnderling." |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Veer, Akky van der Koartsluting |
Nûmer | N2/3 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | indentifikaasje |
Learst | om dy yn te libjen yn personaazjes |
Opdracht | Lês it lêste haadstikje XIII nochris troch. It jout it slot fan it ferhaal. |
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Boek | Veer, Akky van der Koartsluting | |||||||||||||||||||||
Nûmer | N2/4 | |||||||||||||||||||||
Nivo | 2 | |||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slu | |||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | twatal | |||||||||||||||||||||
Fokus | ferhaallinen | |||||||||||||||||||||
Learst | om ûnderskied te meitsjen yn ferhaallinen en dy byelkoar komme te litten | |||||||||||||||||||||
Opdracht | Yn dit boek binne twa ferhaallinen: ien fan Harry en ien fan Jurre.
| |||||||||||||||||||||
Literaire theorie | Joke van Balen e.a. Basisboek literatuur. Grins, 2009, s. 110-112 | |||||||||||||||||||||
Makke troch | Syb van der Ploeg |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Akky van der Veer is berne yn 1943 yn it hjoeddeiske Damwâld en ferstoarn yn 2019. Doe't se jong wie krige se TBC en moast se nei in sanatoarium. Dêr lies se in soad en skreau se ek har earste ferhalen. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt. Koartsluting kaam út yn ien bân mei de titel Hoogspanning fan de Nederlânske skriuwer Jan Terlouw. It waard skreaun yn opdracht fan it PEB, it provinsjaal enerzjybedriuw, doe't dat 75 jier bestie. Oare boeken dy't Akky van der Veer skreaun hat binne Kuneara, Grutte wurden en Brieven oan ús mem. Oer it generaal wurdt har wurk loovjend ûnthelle. De resepsje fan it lêste boek, mear in traktaat oer in libbensfizy as in fiksjoneel wurk, is minder posityf.
Ynhâld
Harry Stobbe hat jild liend om gokke te kinnen. Hy hat it fergokt yn in kasino. Hy sit no sûnder jild en om de liening ôf te beteljen moat er fytsen stelle foar Sjors. Yn in tunneltsje by Camminghabuorren yn Ljouwert komt Harry Yfke Jorritsma tsjin. Har heit is eigner fan de Hifi-shop. Der sjit him ynienen in idee yn 'e holle om mei help fan Yfke fan syn skulden ôf te kommen. Hy moat hiel wat lige om syn geheim libbentsje foar syn mem ôf te skermjen. Op it lêst komt der koartsluting yn 'e ferhâlding mei syn mem. It ferhaal fan Harry is noch altyd aktueel.
Swierte
Dit boek is net dreech om te lêzen. Der sit spanning en waarmte yn en it hat in ûnferwachte ûntknoping. De lange kursive stikken helje de gong út it boek. Foar in N1-lêzer is dat in obstakel, in N2-lêzer sil dat minder dreech fine.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze om him te ferpleatsen yn it libben fan in fytsedief en syn motiven. |
Ynteresses |
It stellen fan fytsen is wol in ûnderwerp dat de ynteresse fan lêzers fan it ynstapnivo en fan de N2-lêzer hat. |
|
Algemiene kennis |
It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan foar de mobyltsjes, doe't in telefoansel noch wichtich wie en in kleuretv mei teletekst it nijste fan it nijste. Dat is foar de lêzers gjin grut obstakel. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
|
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der wurdt yn dit boek yn 'e regel Frysk praat, mar Harry, syn mem en de âld man by de tunnel brûke it stêdfrysk fan Ljouwert. Der wurde yn it hiele ferhaaltekst fan it boek gjin drege wurden brûkt. Allinne yn 'e gedielten dêr't it oer enerzjy giet komt wolris in wat dregere term foar. Meastentiids wurde dy wol útlein. It wurdgebrûk is eigentiids. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne net kompleks, dialogen binne fersoarge. De N1-lêzer sil dêr gjin problemen mei ha. |
|
Styl |
De styl is helder en dúdlik. Koartsluting is konsintrearre skreaun, strak komponearre sûnder omhaal fan wurden. Foar N1-lêzers is dit hiel gaadlik. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der sit wol aksje en humor yn dit boek, N1-lêzers sille dêrfan genietsje kinne. Humor is benammen te finen yn de rol fan de âldere man yn it ferhaal. |
Gronology |
It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. |
|
Ferhaalline(n) |
De twa ferhaallinen, dy fan Harry en dy fan Jurre, komme goed byelkoar sûnder tafallichheden en keunstgrepen. |
|
Perspektyf |
Der is in personaal perspektyf, de skriuwster beskriuwt it ferhaal út Harry en Jurre wei. De wikseling fan perspektyf is dúdlik, dêrom is it oer it generaal goed nei te kommen; guon N1-lêzers soene it noch wolris dreech fine kinne. |
|
Betsjutting |
De skriuwster fynt de ferhâlding tusken minsken in wichtich elemint yn har boeken. Dat tema hat se ek yn dit boek ferwurke. As lêzer priuwe je it belang fan de goede ferhâlding tusken mem en soan. De haadpersoan Harry hat de jierdei fan syn mem fergetten. Hy jout syn mem in telefyzje (dy't er stellen hat) op 'e jierdei om dat goed te meitsjen. Oan 'e ein fan it boek, as Harry slim ferwûne yn it sikehûs belânet, moat mem by him bliuwe en dat docht se ek. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De haadpersoan is in round character, de oare persoanen binne flat characters. N1-lêzers sille de haadpersoan goed folgje en begripe kinne, hy bliuwt sympatyk en kwetsber. De karakters binne libbene kreatueren dy't de skriuwster delset troch it (doe) eigentiidske taalgebrûk, shit's en bullshit's binne net fan 'e loft. |
Oantal karakters |
Der is in oersichtlik oantal figueren dy't faak ek meielkoar te krijen ha. Harry syn mem wurket by de heit fan Jurre. Jurre sjocht hoe't Harry in fyts stelt. Harry brûkt Yfke foar syn grutte slach. Jurre is ferlyfd op Yfke. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Untjouwing sjogge je allinne by de haadperoan Harry. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
|
- Oer Akky van der Veer, tresoar.nl, bioskets. |