Fete
- Niveau
- Niveau 1
- Jaar uitgave
- 2019
- Uitgeverij
- Afûk yn gearwurking mei Striplân
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 91
- Genre
-
- histoarysk stripferhaal
- Tags
-
- Fryske frijheid
- lette midsiuwen
- boargeroarloch
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Over de auteur
Skelte Siweris Braaksma (1995) út Marrum hat de oplieding Art en Design dien oan ROC Friese Poort yn Drachten. Yn maart 2017 is er úteinset as selsstannich grafysk foarmjouwer, yllustrator en striptekener.
Yn 2010 publisearre er syn earste stripboek, F.K.P. It gong oer de oarloch tusken Fryslân en Grinslân mei de Frysk Kommunistyske Partij as middelpunt.
Foar de strip Het Front, ynspirearre op 1984 fan George Orwell, krige Braaksma yn 2017 de earste priis fan it Kamper Stripspektakel.
Fete is Braaksma syn sechsde stripboek. Lês mear oer Skelte Braaksma by Tresoar.
Inhoud
Tusken 1413 – 1422 hearske der yn it Fryslân fan doe (sjoch ôfbylding hjirûnder) in boargeroarloch.
De oarloch wie yn East-Fryslân ûntstien as gefolch fan in út de hân rûne fete tusken Keno II tom Brok (Skieringer) en Hisko Abdena út Emden.
Dy twist eskalearde doe’t Keno II tom Brok it Emden fan Abdena besette.
Nei dy ynvaazje keas elk yn Fryslân partij. Der bruts in boargeroarloch tusken de stridende partijen fan de Skieringers en de Fetkeapers.
De oarloch kaam ta in ein op 1 febrewaris 1422. Yn de stêd Grins kamen de partijen by-elkoar om frede te sluten (frede fan Grins).
It Fryslân fan de 14e en 15e iuw tusken Fly en Wezer (boarne: Wikipedia).
Leesaanwijzingen
It boek begjint mei in oersjoch fan de wichtichste personaazjes út it ferhaal. Dat is in handich helpmiddel om werom te sjen wa’t wa is.
It ferhaal folget gronologysk de fjildslaggen tusken de Skieringers en de Ferkeapers tidens de Grutte Fryske Oarloch fan 1413 oant en mei it tekenjen fan de soen op 1 febrewaris 1422 yn Grins. Elke wichtige fjildslach en de ferjilding dêrop wurdt yn it giel oanjûn boppe-oan de bledside.
Om over na te denken
Wat docht in boargeroarloch mei in lân? Wat docht in boargeroarloch mei de ‘gewoane’ boarger?
Soe it tinkber wêze dat der yn it Nederlân/Fryslân fan hjoed-de-dei in boargeroarloch ûntstean kinne soe? Wêr soe in boargeroarloch yn Nederlân/Fryslân eventueel oer gean kinne?
Wat soest dwaan as der in boargeroarloch yn ús lân útbrekke soe?
Waardering
“De foarm, in byldferhaal of strip, fyn ik tige nijsgjirrich. De hjitte fan ’e striid komt sa goed ta syn rjocht. Yn it byldferhaal is in soad dialooch en dat lêst hiel flot, wylst it dêrtroch dochs net tefolle fan it histoaryske ferhaal ôfwykt, al ha ik dat net kontrolearre.”
Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga, Heit en mem.
Opmerkingen
De Fryske Frijheid is in finster yn de kanon fan de Fryske skiednis.
Yn in filmke wurdt útlein hoe’t Fryslân der yn dy tiid hinne lei.
Filmke: https://bit.ly/2vbLIWE (oant 9:26 min.)
Leestips/meer weten
- https://frieschdagblad.nl/2019/2/1/skelte-braaksma-23-uit-marrum-maakt-stripverhaal-over-strijd-tussen-schieringers-en-de-vetkopers
- https://heitenmem.nl/artikel/17582/boekresinsje-fan-aukje-tjitske-fete
- https://nieuwsbladnof.nl/artikel/745399/presentatie-nieuw-stripboek-skelte-braaksma.html
Samengesteld door
Ans WallingaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Braaksma, Skelte Fete |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | lêsûnderfining |
Learst | om dyn lêsûnderfining te ferwurdzjen |
Opdracht | Hjirûnder steane in oantal bewearingen oer Fete. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Braaksma, Skelte Fete |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om in ferhaal/stripboek te beoardieljen |
Opdracht | Dyn oardiel kinst dúdlik meitsje mei allerhanne wurden. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Braaksma, Skelte Fete |
Nûmer | N1/3 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst | learst nei te tinken oer de betsjutting fan de titel |
Opdracht |
|
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Braaksma, Skelte Fete |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | spanning |
Learst | om nei te tinken oer ferskillende soarten spanning yn in boek |
Opdracht | ‘Spanning’ (Ingelsk ‘suspence’) is in elemint yn in boek dat der foar soarget datst trochlêze wolst. As lêzer wolle je witte wat der gebeurt of gebeurd is en hoe’t it ferhaal ôfrint. C. |
Bronnen | |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Braaksma, Skelte Fete |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | histoaryske kontekst |
Learst | om nei te tinken oer de perioade dêr't it ferhaal yn Fete him yn ôfspilet |
Opdracht | Yn Fete folgje fjildslaggen en konflikten mekoar op. Om in better oersjoch te krijen fan it ferrin fan de Grutte Frysk Boargeroarloch makkest in tiidline mei de wichtichste foarfallen. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Braaksma, Skelte Fete |
Nûmer | N2/3 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel of yn twatal |
Fokus | ferfilming |
Learst | om nei te tinken oer de ferfilming fan it ferhaal |
Opdracht | A. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Skelte Siweris Braaksma (1995) út Marrum hat de oplieding Art en Design dien oan ROC Friese Poort yn Drachten. Yn maart 2017 is er úteinset as selsstannich grafysk foarmjouwer, yllustrator en striptekener.
Yn 2010 publisearre er syn earste stripboek, F.K.P. It gong oer de oarloch tusken Fryslân en Grinslân mei de Frysk Kommunistyske Partij as middelpunt.
Foar de strip Het Front, ynspirearre op 1984 fan George Orwell, krige Braaksma yn 2017 de earste priis fan it Kamper Stripspektakel.
Fete is Braaksma syn sechsde stripboek. Lês mear oer Skelte Braaksma by Tresoar.
Ynhâld
De Grutte Fryske Boargeroarloch fan 1413 - 1422 foarmet de boarne foar it ferhaal yn it stripboek Fete. De oarloch wie yn East-Fryslân ûntstien as gefolch fan in út de hân rûne fete tusken Keno II tom Brok (Skieringer) en Hisko Abdena út Emden. Dy twist eskalearde doe’t Keno II tom Brok it Emden fan Abdena besette. Nei dy ynvaazje keas elk yn Fryslân partij. Der bruts in boargeroarloch tusken de stridende partijen fan de Skieringers en de Fetkeapers. It ferhaal folget gronologysk wichtige fjildslaggen. De oarloch kaam ta in ein op 1 febrewaris 1422. Yn de stêd Grins kamen de partijen by-elkoar om frede te sluten (frede fan Grins).
Swierte
Foar de N1-lêzer is Fete in spannend ferhaal út de Fryske skiednis. Trochdat it ferhaal yn stripfoarm ferteld wurdt, is it tige geskikt foar de N1-lêzer. Tagelyk is it boek ek geskikt foar N2-lêzers om’t it in dramatysk ferhaal is mei amper obstakels (ien ferhaalline, gjin perspektyfwiksels). De tiidsprongen wurde hiel dúdlik oanjûn. Foar de N3-lêzer jout it ferhaal ferdjipping fan de histoarje fan Fryslân oan it begjin fan de 15e iuw.
De lêzer moat him/har bewust wêze dat Fryslân der yn dy tiid oars hinne lei as hjoed-de-dei. Under it kopke Frij en Frysk foar de prolooch op side 1 wurdt útlein hoe’t Fryslân yn dy tiid bestjoerd waard en hoe’t de Grutte Fryske Oarloch ûntstean koe.
Om’t de tekeningen net ynkleure binne, lykje de personaazje somtiden op elkoar. It is dan lestich om te sjen wa’t wa is. It oersjoch fan de personaazjes foaryn it boek is in nuttich helpmiddel.
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it midsiuwske Fryslân fan it begjin fan de 15de iuw, de tiid fan de Grutte Fryske Boargeroarloch, d.w.s. de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers. |
Ynteresses |
Ynteresse yn de let-midsiuwske maatskippij yn de Fryslannen is in pree. Foar de N1-lêzer kin dat in útdaging wêze. |
|
Algemiene kennis |
Foar de prolooch (side 1) wurdt útlein hoe’t Fryslân der yn dy tiid bestjoerlik hinne lei. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.
|
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is oan 'e iene kant tagonklik en somtiden fan dizze tiid. Oan de oare kant komme der ek net gongbere Fryske wurden foar dy't meast passe by de tiid fan it ferhaal. Guon begripen wurde ûnderoan de side ferklearre. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne ienfâldich mei net te folle en al te lange bysinnen. |
|
Styl |
De styl is direkt. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der komt in hiele protte aksje yn it ferhaal foar. Benammen N1- en N2-lêzers sille dat bot wurdearje kinne. |
Gronology |
It ferhaal is gronologysk opboud en sil gjin problemen opsmite. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline. De ferhaalline wurdt foarme troch de ferskate fjildslaggen tusken 1413 – 1422. |
|
Perspektyf |
De voice-over/alwittende ferteller foarmet it ramt fan de fertelling. Binnen dat ramt wurdt it hy-perspektyf hantearre. Dat sil foar de lêzers gjin problemen opsmite, om’t de gongbere foarm yn de measte stripboeken is. |
|
Betsjutting |
Dit histoaryske stripferhaal byldet de Grutte Fryske Boargeroarloch fan 1413 – 1422 út. De ûndertitel fan it boek is: ‘It nea earder fertelde ferhaal’. Ferantwurding troch de auteur: Opdroegen oan alle minsken dy’t belutsen rekken by dit ûngenedige konflikt, dat harren ynspanningen net fergetten wurde sille. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De karakters wurde net bot útdjippe. Se bliuwe allegearre flak. Foar de N1- en N2-lêzer is dat noflik. Mooglik biedt dat foar de N3-lêzer wat te min útdaging. |
Hoemannichte |
Der komme in soad persoanen yn it ferhaal foar. Foardat it ferhaal begjint, is der in oersjoch (portrettekening plus namme) fan de personaazjes yn it ferhaal. Dat is in hiel handich helpmiddel. Omdat de tekeningen net ynkleure binne is it dreech om de personaazjes útelkoar te hâlden. |
|
Untjouwing fan de karakters |
De karakters steane yn tsjinst fan de striid. De karakters ûntjouwe harren allinne mei it ferrin fan dy striid. Fierder bliuwe de karakters oerflakkich. Foar de N1- en N2-lêzer is dat noflik. Foar de N3-lêzer kin dat mooglik te min útdaging jaan. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
- https://fy.wikipedia.org/wiki/Grutte_Fryske_Oarloch - https://fy.wikipedia.org/wiki/Skieringers_en_Fetkeapers
|