De keet fan Annawâld
- Niveau
- Niveau 1
- Jaar uitgave
- 2012
- Uitgeverij
- Elikser
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 128
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- doarpslibben
- freonskip
- Greidhoeke
- jeugdkultuer
- Taalniveau
- A2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Freddy Scheltema waard yn 1960 berne yn Easterein. Hy wie boarder by de NAM, barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. Hy is no amtner en spilet yn in punkband. Yn 2010 ferskynde syn debútroman De reüny, oer de opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Twa jier letter kaam er mei De keet fan Annawâld. It boek wie yn 2014 ien fan de fiif nominaasjes foar de Rink van der Veldepriis.
Inhoud
De keet fan Annawâld spilet him ôf ûnder in ploech jongeren út it fiktive doarp Annawâld. Annawâld is saai. As ien fan de jongeren op it idee komt om de ôfdankte karavan fan syn âlden as keet yn te rjochtsjen, fynt er byfal by syn leeftydsgenoaten. Yn de ferskate haadstikken lêst oer de avontoeren fan de jongeren dy't by elkoar komme yn de keet.
Leesaanwijzingen
De keet fan Annawâld is maklik skreaun: de sinnen binne koart, der steane in protte dialogen yn en de struktuer is ienfâldich. It ferhaal wurdt beskreaun út ferskillende personaazjes wei.
Om over na te denken
Wat soesto dwaan ast opgroeie soest yn in saai plak? Soest mei dyn freonen ek in keet ynrjochtsje en wat soest dan yn sa'n keet dwaan? Kinne freonen dy helpe ast it dreech hast?
Waardering
'De keet fan Annawâld is in ûnderhâldend ferhaal, dêr't humor en tragyk hân yn hân geane. Scheltema hat each foar de ûnwisse, oerdreaune en ferbiten hâlding fan pubers, sa eigen oan dizze libbensfaze.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad
'Hoewol't it boek in jongereinboek liket te wêzen is it ek seker oansprekkend foar folwoeksenen. It is echt, suver en emosjoneel heftich, sa't elkenien de puberteit ûnderfûn hat; it ferhaal lit gjin lêzer ûnoandien.'
Sjuery Rink van der Veldepriis 2014
Opmerkingen
Leestips/meer weten
Oer de skriuwer, op tresoar.nl/literatuer
Besprek yn it Friesch Dagblad
Samengesteld door
Bart TemmeAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal of yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om dy te identifisearjen mei de personaazjes |
Opdracht | 1. Mei wat foar personaazje út De keet fan Annawâld soest goed befreone wêze kinne? Lis út wêrom. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld |
Opdracht | Yn it twadde haadstik fan it boek betinke de jongeren fan Annawâld in namme foar har keet. Se komme op 'De Keet'. |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | twatal of yndividueel |
Fokus | ferhaalline en personaazjes |
Learst | om de ferhaalline en de hannelingen fan personaazjes te analysearjen |
Opdracht | Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Tryater in dramarige makke: 'De Keet'. It ferhaal fan dy dramasearje liket op De keet fan Annawâld. It giet ek oer in groep freonen dy't faak gesellich byinoar komme yn har keet. 2. Hokker personaazje út it boek soe de haadrol hawwe moatte? En wêrom? |
Bronnen | Omrop Fryslân, De keet |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal of yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om personaazjes en relaasjes te analysearjen |
Opdracht | 1. Meitsje in list mei de nammen fan de acht personaazjes út De keet fan Annawâld.
|
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld |
Nûmer | N2/3 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | perspektyf |
Learst | om nei te tinken oer de ferteltechnyk |
Opdracht | Bestudearje it ûnderdiel oer 'perspektyf' yn it Basisboek literatuur (sjoch boarne) en skriuw de trije meast foarkommende soarten perspektyf op. 4. Wat tinkt dy, soe De keet fan Annawâld mei sa'n ik-perspektyf in moaier of in minder boek wêze? Lis út. |
Bronnen | Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur, Grins 2009, s. 101-106 |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Freddy Scheltema waard yn 1960 berne yn Easterein. Hy wie boarder by de NAM, barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. Hy is no amtner en spilet yn in punkband. Yn 2010 ferskynde syn debútroman De reüny, oer de opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Twa jier letter kaam er mei De keet fan Annawâld.
Ynhâld
De keet fan Annawâld spilet him ôf ûnder in ploech jongeren út it fiktive doarp Annawâld. Annawâld is saai. As ien fan de jongeren op it idee komt om de ôfdankte karavan fan syn âlden as keet yn te rjochtsjen, fynt er byfal by syn leeftiidsgenoaten. Yn de ferskate haadstikken wurdt ferteld oer de avontoeren fan de jongerein. De keet dêr't se byelkoar komme is it ferbinende elemint.
Swierte
Foar N1-lêzers is it boek tige oantreklik skreaun: de sinnen binne koart, der steane in protte dialogen yn. De roman is net dik en de struktuer is ienfâldich. Foar N2-lêzers is der dêrom minder útdaging. De N1- en N2-lêzers sille har identifisearje kinne mei de haadpersonaazjes: jongerein. Ek de ferwizings nei de hjoeddeiske jeugdkultuer (muzyk, moderne apparatuer) binne oantreklik foar de lêzers fan beide nivo's. Elk haadstik is skreaun út in oar perzonaasje wei. Dat mearfâldich perspektyf is foar N1-lêzers miskien lestich, foar N2-lêzers sit dêr krekt de útdaging. It boek hat gjin iepen plakken, alles wurdt eksplisyt beskreaun.
Omrop Fryslân hat yn 2013 de searje ‘De Keet’ útstjoerd. De regisseur fan de dramasearje wie Mirjam de With.
De lokaasje fan de tsiendielige searje is ferlykber mei dy yn de roman De keet fan Annawâld, mar it ferhaal is oars. Op it Noordelijk Film Festival yn novimber 2013 wie de premiêre. Mear by Omrop Fryslân.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N1-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in roman mei in protte personaazjes. It boek bestiet út ferskate ferhalen, yn elk ferhaal stiet in oar personaazje sintraal. De lêzer moat dêr foar iepen stean. Foar N2-lêzers sil dat minder in probleem wêze. |
Ynteresses |
De ferskillende tema's (jongerein, earste leafde, freonskip) út De keet fan Annwâld sille N1-lêzers ynteressearje. Se sille har maklik identifisearje kinne mei de jonge haadpersonaazjes. N1-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen. De keet fan Annawâld jout har sokke ferhalen. |
|
Algemiene kennis |
Kennis oer de wrâld is net nedich, De keet fan Annawâld spilet yn it no. Dat is foar N1- en N2-lêzers tige oantreklik. Se sille de ferwizingen nei it hjoeddeiske libben (muzyk, televyzje, film, moderne apparatuer as iPods en BlackBerry's) maklik begripe kinne. Psychyske kennis is net belangryk: de personaazjes binne flat characters: de N1- en N2-lêzer kin se maklik bedjipje, se hawwe in ienfâldich karakter. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der steane gjin lestige wurden yn 'e roman. De keet fan Annawâld is yn hjoeddeiske taal skreaun. Foar N1- en N2-lêzers is de skriuwer syn wurdgebrûk tige tagonklik. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen yn De keet fan Annawâld binne faak koart: Scheltema brûkt hast gjin bysinnen. De sinskonstruksjes yn it ferhaal binne dêrom ienfâldich foar sawol N1- en N2-lêzers. |
|
Styl |
De styl is tige tagonklik foar N1 en N2-lêzers. De roman is skreaun yn praattaal, Scheltema brûkt gjin metafoaren. De ferhalen ûnderskiede har troch dialogen, foar N1-lêzers is dat oantreklik. De tema's binne troch Scheltema eksplisyt beskreaun. De stof wurdt de lêzer optsjinne. Foar de N1-lêzer is dat fijn, de goede N2-lêzer wol miskien mear útdaging. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De roman bestiet út ferskate ferhalen, der bart in soad yn de ferhalen. Dat is oantreklik foar N1-lêzers. De dialogen soargje dêrneist foar tempo. Der is ien reade tried: de keet as moetingsplak. Troch de ferskate ferhalen is der net echt sprake fan in plot. Ek krijt net elke ferhaalline in ferfolch binnen de roman. Foar N1-lêzers is dat miskien lestich. |
Gronology |
De struktuer fan de roman is op himsels ienfâldich. It begjint mei it ynrjochtsjen van de keet en dêrnei folget de lêzer ferskate fan de jongeren. Guon ferhaallinen binne gronologysk en komme letter werom yn de roman, lykas it ferhaal fan Pieter. De roman hat koarte haadstikken en der is in dúdlik ein: de keet wurdt ûntbûn, elk giet syn eigen wei. Foar de N1-lêzer is dat goed. Yn it ferhaal sitte net folle werom- of foarútferwizings. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaallinen yn De keet fan Annawâld is goed te folgjen foar N1-lêzers: de avontoeren fan ferskate jongerein. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers. Se sille har identifisearje mei de jonge personaazjes, ek al is net elk karakter útdjippe. |
|
Perspektyf |
It boek hat in auktoriale fertelsituaasje. De lêzers wurde twongen om har te identifisearjen mei in protte personaazjes, foar guon lêzers is dat miskien lestich. Se moatte meigean yn de prakkesaasjes fan alle personaazjes. |
|
Betsjutting |
Scheltema beskriuwt yn De keet fan Annawâld de tema's eksplisyt (selsmoard, freonskip, leafde, rûzje). De N1-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen: der steane yn de roman gjin ferwizings nei de polityk, literatuer of filosofy. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
It binne jonge minsken; de N1-lêzer sil in soad fan har hannelings begripe kinne (earste ferkearing, op stap gean mei freonen, striid tusken groepen jongeren). De karakters meitsje gjin ûntwikkeling troch, it binne flat characters. De redenen fan har hannelings wurde net echt útwurke. Dêrtroch binnen sommige ferhaallinen ûnfoarsisber (de dea fan Pieter). Guon karakters krije mear oandacht, sa as Halbe (de keet is fan syn âlden), Rinze en Pieter. De fammen yn de freonegroep komme in bytsje oan bod. |
Hoemannichte |
Der komme in protte personaazjes foar yn De keet fan Annawâld. Dêrtroch is der net echt in ûnderskied tusken haadfigueren en byfigueren. Sawol N1-lêzers as N2-lêzers moatte dêr rekken mei hâlde. |
|
Untjouwing fan karakters |
De prakkesaasjes fan de karakters steane ticht by de belibbingswrâld fan N1- en N2-lêzers. De ferhâldingen tusken de karakters (in groep freonen) is har net frjemd. Dy ferhâldingen binne net kompleks (net folle psychologyske ferdjipping), se binne maklik te befetsjen. De N1-lêzers sille har de prakkesaasjes fan de karakters en har ûntjouwing maklik yntinke kinne. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
|
Jaap Krol, 'Kete yn 'e karavan', Friesch Dagblad, 17 novimber 2012, te finen op tresoar.nl by it boekprofyl. |