Brekber
- Niveau
- Niveau 1
- Jaar uitgave
- 2014
- Uitgeverij
- Elikser
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 314
- Genre
-
- relaasjeroman
- Tags
-
- chicklit
- hynders
- leafde
- autisme
- Taalniveau
- A2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Hilda Talsma waard yn 1971 yn Alde Leie berne en wennet no mei man en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan de NHL yn Ljouwert.
Hilda Talsma begûn jierren lyn mei skriuwen en hat ferskate kursussen folge. De twadde hûd út 2011 is har earste roman, Brekber de fjirde. Yn har boeken steane de minske en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
Inhoud
Sinne is in jonge frou dy't it dreech fynt om relaasjes oan te gean. Dêr stiet tsjinoer dat se ferskuorrend goed mei hynders oerwei kin. Se wurket dan ek mei in soad nocht op in maneezje. Mar as de maneezje in nije baas kriget, feroaret dat. De nije baas is tige kreas en alle froulju falle as in blok foar him. Sinne lykwols net. Sy fynt dat Richard te rûch en saaklik mei hynders omgiet. Der folget dan ek in striid tusken dy twa.
Op in stuit giet Sinne mei har suster en har âlden foar in wike nei Sardinië om foar it earst har pake en beppe te moetsjen. Sinne wurdt dêr fereale op in jonge, Bruno, en se hat in geweldige wike mei him. Oant it momint dat se derachter komt dat alles oars yn elkoar stekt as dat se tocht hie. Desyllusionearre komt se werom.
Op de maneezje krije Sinne en Richard yn de rin fan de tiid wat mear respekt foar elkoar. Mar as Sinne Richard dêrnei nochris betrapet op it wreed omgean mei hynders, beslút se dat hy mar ris letterlik fiele moat wat er hynders oandocht. In wrede died fan Sinne, dy't syn útwurking op him, mar ek op har net mist.
Leesaanwijzingen
Brekber is maklik skreaun: de sinnen binne koart en der sitte hast gjin lestige wurden yn. Der sitte wol tiidsferspringings yn it ferhaal, mar dy binne logysk en goed nei te kommen. It is in behoarlik dik boek, mar silst sjen dat it dy meinimt en dat it dy spyt as it boek út is!
Om over na te denken
Wat dochtst as jonge frou ast it dreech fynst om (leafdes)relaasjes oan te gean? Hoe reagearrest ast immen dingen dwaan sjochst dy't oer dyn grinzen geane?
Waardering
'Mei Talsma's wurk is de Fryske literatuer in sjenre riker, dat ek geskikt is foar de wat jongere froulju en dêrmei it gat tusken jongerein- en folwoeksene literatuer opfollet.'
Nienke Jet de Vries op de digitale De Moanne.
Opmerkingen
Promoasjefilmke oer Brekber
Leestips/meer weten
Website fan de skriuwster
In wiidweidich fraachpetear fan Hedwig Terpstra mei Hilda Talsma
is te finen op Ensafh
Ynterview fan Sietse de Vries mei Hilda Talsma, LC 09-11-2012
Samengesteld door
Ans WallingaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Talsma, Hilda Brekber |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ferbylding |
Learst | om in ûnderwerp, sfear en tematyk te ferbyldzjen |
Opdracht | Meitsje in opfallende poster oer Brekber. De poster is bedoeld om it boek ûnder de oandacht fan lêzers te bringen. De poster moat net allinne de oandacht lûke en der moai útsjen, it moat ek in yndruk jaan fan de ynhâld fan it boek. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Talsma, Hilda Brekber |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | kwestje |
Learst | om nei te tinken oer in foarfal tusken twa persoanen. |
Opdracht | Understeande fragen geane oer it foarfal tusken Sinne en Richard fan side 282 - 302.
Stel Richard docht oanjefte fan wat Sinne him oandien hat en it ynsidint komt foar it rjocht. Kies út ien fan trije neikommende opdrachten.
Hoe’tst in krante-artikel skriuw moatst stiet yn ûndersteande link: |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Talsma, Hilda Brekber |
Nûmer | N1/3 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | realiteitsgehalte |
Learst | om de oannimlikens fan in ferhaal te ferwurdzjen |
Opdracht | Hjirûnder steane fiif stellingen oer Sinne en oer har hanneljen. Notearje by elke stelling oftst it dermei iens bist of net. Jou in argumint by dyn miening. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Talsma, Hilda Brekber | ||||||||||||||||||
Nûmer | N2/1 | ||||||||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slû | ||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||
Fokus | karakters | ||||||||||||||||||
Learst | om ûnderskied te meitsjen tusken round en flat characters | ||||||||||||||||||
Opdracht | A
B | ||||||||||||||||||
Bronnen | [1] Wikipedy, Flat character en Round character | ||||||||||||||||||
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Talsma, Hilda Brekber |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om te reflektearjen op de ynhâld |
Opdracht | It ferhaal oer Sinne yn Brekber wurdt net hielendal gronologysk ferteld. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Talsma, Hilda Brekber | ||||||||||||||||||
Nûmer | N2/3 | ||||||||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slû | ||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||
Fokus | autisme | ||||||||||||||||||
Learst | om in personaazje mei in stoarnis yn it autistysk spektrum te ferlykjen mei de teory oer dy stoarnis | ||||||||||||||||||
Opdracht | Sinne fynt it dreech om mei minsken om te gean. Se begrypt minsken faak net en de minsken begripe Sinne ek faak net. Neffens Marit is Sinne in Asperger (side 129 en 132).
3. Is Sinne neffens boppesteand skema in foarbyld fan immen mei it syndroom fan Asperger? Motivearje dyn antwurd. | ||||||||||||||||||
Bronnen | [1] Balans digitaal, Kenmerken van het syndroom van Asperger | ||||||||||||||||||
Makke troch | Ans Wallinga |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Hilda Talsma waard yn 1971 yn Alde Leie berne en wennet no mei man en bern yn Warten. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen folge oan de NHL yn Ljouwert.
Se is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen folge. Mar it grutbringen fan fjouwer bern mei de dêrby hearrende húshâlding hie de prioriteit. No't de bern grutter wurde en de tiid rommer, hat se har skriuwen fierder ûntwikkele. Yn har boeken stiet de minske en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
Talsma is tige produktyf. Har debútroman De twadde hûd (2011) waard yn 2012 folge troch Flammen en yn 2013 troch It geloksbern. Dizze trije titels foarmje mei-inoar de Frisum-trilogy. Yn 2014 kaam Brekber út en yn 2015 de skûtsjeroman Wyn fan feroaring.
Ynhâld
Yn Brekber draait it om de 25 jierrige Sinne. Se kin har net goed ynlibje yn minsken, sosjale struktueren fynt se lestich en freonen hat se net. Dêr stiet tsjinoer dat se mei hynders lêze en skriuwe kin. Se wurket op in maneezje, dêr't se it tige nei it sin hat. Mar as de eigner fan de maneezje siik wurdt en de lieding yn hannen komt fan Richard feroaret dat. Sinne giet hiel weardich mei hynders om en dat strykt net mei de hurde en saaklike oanpak fan Richard.
Mei har âlden en suster Marit giet se in wike nei Sardinië om de pake en beppe fan har heitekant te moetsjen. Dêr wurdt dúdlik dat Sinne de leafde en it talint foar hynders fan har beppe hat. Lykwols rint dy fakânsjewike út op in fiasko en desyllusjonearre yn de leafde komt Sinne werom.
Yn de rin fan de tiid krije Sinne en har nije baas wat mear respekt foar elkoar. Mar as Sinne Richard dêrnei nochris betrapet op it wreed omgean mei hynders, beslút se dat hy mar ris fiele moat wat er hynders oandocht.
Swierte
Foar N1-lêzers is Brekber tige tagonklik: de sinnen binne koart, der sit in protte aksje en dialooch yn it boek. It is neffens de kritearia foar N1 wol in grou boek, mar dat wurdt grif goedmakke trochdat it boek sa meinimmend is. Foar N2-lêzers kinne de personaazjes en de relaasjeproblematyk in útdaging wêze.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in boek dêr't leafde en relaasjes in wichtige rol yn spylje. |
Ynteresses |
It ferhaal is tige nijsgjirrich foar minsken dy't fan hynders hâlde. |
|
Algemiene kennis |
Net fereaske. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk yn Brekber is flot en hjoeddeistich. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne net lang en kompleks. |
|
Styl |
De styl yn Brekber is tige tagonklik. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der sit in protte aksje yn it boek. Hiel wat ûntwikkelingen folgje mekoar yn rap tempo op. |
Gronology |
Der sitte tiidsferspringings yn it ferhaal, mar dy binne logysk en goed nei te kommen. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaalline yn Brekber is goed te folgjen. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers. |
|
Perspektyf |
It ferhaal hat in personale fertelsituaasje en wurdt út Sinne wei ferteld. Op side 22/23 wikselet it perspektyf eefkes en wurde de tinzen fan de heit fan Sinne werjûn. |
|
Betsjutting |
De tema's yn Brekber wurde eksplisyt beskreaun. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Yn Brekber draait it om Sinne. Se is in jonge frou, dy't muoite hat mei leafde en relaasjes, mar dy't hiel goed mei hynders oerwei kin. Foar de N1-lêzer smyt it karakter fan Sinne gjin problemen op, want alles wurdt wiidweidich beskreaun en útlein. Foar de N2-lêzer sil it autistyske karakter fan Sinne in útdaging foarmje. |
Hoemannichte |
Der komme in soad personaazjes foar yn it boek, dy't allegearre by de namme neamd wurde. Dêr komme de nammen fan de ferskillende hynders nochris by. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Benammen Sinne en Richard meitsje in ûntjouwing troch. Dy ûntwikkelingen wurde sa beskreaun dat se dúdlik en te begripen binne. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Ynterview fan Sietse de Vries mei Hilda Talsma, LC 09-11-2012 |