Lezen voor de Lijst

Fries

 | Leesniveaus

Belibjend lêze (nivo 1)

Typearjend foar de learling

  • hat net folle ûnderfining mei it lêzen fan fiksje
  • hâldt net fan lêzen, lêst omdat it moat
  • hat in leech lêstempo
  • fynt it net aardich om lang oer in boek te praten
  • wol troch in boek fermakke wurde

It doel is om

  • belibjend lêzen te learen
  • motivearre te reitsjen om te lêzen

Typearjend foar it boek

  • net tefolle siden
  • giet oer bekende ûnderwerpen
  • der bart in soad en flak achterinoar
  • ienfâldige opbou fan it ferhaal
  • befredigjende ein
  • fermakket de lêzer (spannend, dramatysk, humoristysk, sensasjoneel)

Mear lêze

Werkennend lêze (nivo 2)

Typearjend foar de learling

  • hat positive ûnderfinings mei it lêzen fan fiksje
  • fynt it aardich om personaazjes, situaasjes, hanlingen yn in boek te werkennen
  • fynt it aardich om mei klasgenoaten oer in boek te praten
  • wol him benammen ûntspanne mei in boek

It doel is om

  • werkennend lêzen te learen
  • belangstelling te ûntwikkeljen foar sjenres en ûnderwerpen

Typearjend foar it boek

  • foar jongerein werkenbere ûnderwerpen en personaazjes
  • dramatysk, meislepend ferhaal
  • ferhaal hat net folle obstakels (tiidsprongen, perspektyfwikselingen, mear ferhaallinen, iepen plakken)
  • eventueel in iepen ein

Mear lêze

Reflektearjend lêze (nivo 3)

Typearjend foar de learling

  • hat positive ûnderfinings mei it lêzen fan ienfâldige literêre romans
  • hat belangstelling foar ûnderwerpen dy't spylje yn de wrâld fan folwoeksenen
  • fynt it nijsgjirrich om te hearren wat klasgenoaten fan in boek sizze en der mei-inoar oer te praten
  • wol troch it boek nije wrâlden ûntdekke en oan it tinken set wurde

It doel is om

  • reflektearjend lêzen te learen
  • de hoarizon te ferbreedzjen
  • ynteresse te ûntwikkeljen foar ferteltechnyk

Typearjend foar it boek

  • it ûnderwerp hoecht net oan te sluten by de belibbingswrâld fan jongerein
  • it giet faak oer sosjale, psychologyske, morele fraachstikken
  • der kin in libbensles út it boek helle wurde en it boek kin hjir en dêr yngewikkeld yninoar sitte (tiidsprongen, perspektyfwikselingen, mear ferhaallinen, iepen plakken)
  • der is in djippere betsjuttingslaach

Mear lêze

Ynterpretearjend lêze (nivo 4)

Typearjend foar de learling

  • hat belangstelling foar literêre romans en hat dêr ek aardich wat ûnderfining mei
  • is ynteressearre yn ferteltechnyk
  • wol ûngewoane, soms komplekse personaazjes, situaasjes en hanlingen trochgrûnje
  • fynt it in útdaging om in tekst te analysearjen en te sykjen om djippere betsjuttingslagen

It doel is om

  • ynterpretearjend  en estetysk lêzen te learen
  • ynterne ferbannen leare te lizzen (bgl. oarsaak, gefolch, motiven)
  • estetysk besef (literatuer as keunstfoarm) te ûntwikkeljen

Typearjend foar it boek

  • kin in grutte ynspanning en tiid fan de lêzer fergje
  • ferûnderstelt in soad algemiene, soms ek spesifike kennis (bygelyks kultuer-histoaryske  kennis)
  • it ferhaalferrin en it hâlden en dragen fan de personaazjes binne minder goed te foarsizzen
  • de ferhaalstruktuer kin kompleks wêze, kin in protte ynspanning fan de lêzer fergje
  • faak mear betsjuttingslagen

Mear lêze

Letterkundich lêze (nivo 5)

Typearjend foar de learling

  • hat belangstelling foar literêre klassikers en wichtige skriuwers
  • is ynteressearre yn de achtergrûnen en literêr-histoaryske kontekst fan in boek
  • hat each foar de literêre styl en kin dêrfan genietsje
  • leit binnen de tekst ferbannen op mear nivo's
  • bringt it boek maklik yn ferbân mei oare media en de wrâld bûten de tekst
  • fynt it aardich en útdaagjend om him te ferdjipjen yn taal, literatuer en kultuer

It doel is om

  • letterkundich lêzen te learen
  • tekstynterne en teksteksterne ferbannen lizze te kinnen
  • ynteresse foar poëtika en styl fan auteurs te ûntwikkeljen

Typearjend foar it boek

  • docht berop op kulturele, poëtikale en literêre kennis
  • personaazjes en tematyk steane fier fan de belibbingswrâld fan jongerein ôf, de ynhâld kin kompleks wêze
  • taalgebrûk en literêre konvinsjes kinne ôfwikend wêze of (tige) datearre
  • komplekse struktuer en betsjutting (mear betsjuttingen, ymplisyt)

Mear lêze

Akademysk lêze (nivo 6)

Typearjend foar de learling

  • motivearre, ambisjeus lêzer fan literatuer, ken in protte teksten út de wrâldliteratuer
  • is ynteressearre yn in akademyske fyzje op literatuer
  • kin de tekst út ferskillende ynfalshoeken benei komme en ynterpretearje (psychologysk, filosofysk, sosjologysk, et cetera)
  • sjoch yntertekstuele ferbannen
  • fynt it nijsgjirrich om eigen lêsûnderfinings út te wikseljen mei dy fan eksperts
  • lêst om fet te krijen op de wrâld en himsels

It doel is om

  • akademysk lêzen te learen
  • yntertekstuele ferbannen leare te lizzen
  • literatuerwittenskiplik ûndersyk leare te dwaan

Typearjend foar it boek

  • ferûnderstelt in protte algemiene, kulturele en literêre kennis
  • freget soms ek spesjalistyske kennis fan literêr-histoaryske kontekst
  • kin ymplisite ferwizingen befetsje nei klassike motiven (de Bibel, mytology)
  • kin ferwize nei oare teksten en kultueruteringen
  • raffinearre, soms eksperimentele styl
  • rike en laagde betsjutting, faak dreech te trochgrûnjen

Mear lêze