Fries
| Leesniveaus
Belibjend lêze (nivo 1)
Typearjend foar de learling
- hat net folle ûnderfining mei it lêzen fan fiksje
- hâldt net fan lêzen, lêst omdat it moat
- hat in leech lêstempo
- fynt it net aardich om lang oer in boek te praten
- wol troch in boek fermakke wurde
It doel is om
- belibjend lêzen te learen
- motivearre te reitsjen om te lêzen
Typearjend foar it boek
- net tefolle siden
- giet oer bekende ûnderwerpen
- der bart in soad en flak achterinoar
- ienfâldige opbou fan it ferhaal
- befredigjende ein
- fermakket de lêzer (spannend, dramatysk, humoristysk, sensasjoneel)
Mear lêze
- Besjoch de boeken op dit nivo
- Proefskrift Het oog van de meester fan Theo Witte, gearfetting
Werkennend lêze (nivo 2)
Typearjend foar de learling
- hat positive ûnderfinings mei it lêzen fan fiksje
- fynt it aardich om personaazjes, situaasjes, hanlingen yn in boek te werkennen
- fynt it aardich om mei klasgenoaten oer in boek te praten
- wol him benammen ûntspanne mei in boek
It doel is om
- werkennend lêzen te learen
- belangstelling te ûntwikkeljen foar sjenres en ûnderwerpen
Typearjend foar it boek
- foar jongerein werkenbere ûnderwerpen en personaazjes
- dramatysk, meislepend ferhaal
- ferhaal hat net folle obstakels (tiidsprongen, perspektyfwikselingen, mear ferhaallinen, iepen plakken)
- eventueel in iepen ein
Mear lêze
- Besjoch de boeken op dit nivo
- Proefskrift Het oog van de meester fan Theo Witte, gearfetting
Reflektearjend lêze (nivo 3)
Typearjend foar de learling
- hat positive ûnderfinings mei it lêzen fan ienfâldige literêre romans
- hat belangstelling foar ûnderwerpen dy't spylje yn de wrâld fan folwoeksenen
- fynt it nijsgjirrich om te hearren wat klasgenoaten fan in boek sizze en der mei-inoar oer te praten
- wol troch it boek nije wrâlden ûntdekke en oan it tinken set wurde
It doel is om
- reflektearjend lêzen te learen
- de hoarizon te ferbreedzjen
- ynteresse te ûntwikkeljen foar ferteltechnyk
Typearjend foar it boek
- it ûnderwerp hoecht net oan te sluten by de belibbingswrâld fan jongerein
- it giet faak oer sosjale, psychologyske, morele fraachstikken
- der kin in libbensles út it boek helle wurde en it boek kin hjir en dêr yngewikkeld yninoar sitte (tiidsprongen, perspektyfwikselingen, mear ferhaallinen, iepen plakken)
- der is in djippere betsjuttingslaach
Mear lêze
- Besjoch de boeken op dit nivo
- Proefskrift Met oog van de meester fan Theo Witte, gearfetting
Ynterpretearjend lêze (nivo 4)
Typearjend foar de learling
- hat belangstelling foar literêre romans en hat dêr ek aardich wat ûnderfining mei
- is ynteressearre yn ferteltechnyk
- wol ûngewoane, soms komplekse personaazjes, situaasjes en hanlingen trochgrûnje
- fynt it in útdaging om in tekst te analysearjen en te sykjen om djippere betsjuttingslagen
It doel is om
- ynterpretearjend en estetysk lêzen te learen
- ynterne ferbannen leare te lizzen (bgl. oarsaak, gefolch, motiven)
- estetysk besef (literatuer as keunstfoarm) te ûntwikkeljen
Typearjend foar it boek
- kin in grutte ynspanning en tiid fan de lêzer fergje
- ferûnderstelt in soad algemiene, soms ek spesifike kennis (bygelyks kultuer-histoaryske kennis)
- it ferhaalferrin en it hâlden en dragen fan de personaazjes binne minder goed te foarsizzen
- de ferhaalstruktuer kin kompleks wêze, kin in protte ynspanning fan de lêzer fergje
- faak mear betsjuttingslagen
Mear lêze
- Besjoch de boeken op dit nivo
- Proefskrift Het oog van de meester fan Theo Witte, gearfetting
Letterkundich lêze (nivo 5)
Typearjend foar de learling
- hat belangstelling foar literêre klassikers en wichtige skriuwers
- is ynteressearre yn de achtergrûnen en literêr-histoaryske kontekst fan in boek
- hat each foar de literêre styl en kin dêrfan genietsje
- leit binnen de tekst ferbannen op mear nivo's
- bringt it boek maklik yn ferbân mei oare media en de wrâld bûten de tekst
- fynt it aardich en útdaagjend om him te ferdjipjen yn taal, literatuer en kultuer
It doel is om
- letterkundich lêzen te learen
- tekstynterne en teksteksterne ferbannen lizze te kinnen
- ynteresse foar poëtika en styl fan auteurs te ûntwikkeljen
Typearjend foar it boek
- docht berop op kulturele, poëtikale en literêre kennis
- personaazjes en tematyk steane fier fan de belibbingswrâld fan jongerein ôf, de ynhâld kin kompleks wêze
- taalgebrûk en literêre konvinsjes kinne ôfwikend wêze of (tige) datearre
- komplekse struktuer en betsjutting (mear betsjuttingen, ymplisyt)
Mear lêze
- Besjoch de boeken op dit nivo
- Proefskrift Het oog van de meester fan Theo Witte, gearfetting
Akademysk lêze (nivo 6)
Typearjend foar de learling
- motivearre, ambisjeus lêzer fan literatuer, ken in protte teksten út de wrâldliteratuer
- is ynteressearre yn in akademyske fyzje op literatuer
- kin de tekst út ferskillende ynfalshoeken benei komme en ynterpretearje (psychologysk, filosofysk, sosjologysk, et cetera)
- sjoch yntertekstuele ferbannen
- fynt it nijsgjirrich om eigen lêsûnderfinings út te wikseljen mei dy fan eksperts
- lêst om fet te krijen op de wrâld en himsels
It doel is om
- akademysk lêzen te learen
- yntertekstuele ferbannen leare te lizzen
- literatuerwittenskiplik ûndersyk leare te dwaan
Typearjend foar it boek
- ferûnderstelt in protte algemiene, kulturele en literêre kennis
- freget soms ek spesjalistyske kennis fan literêr-histoaryske kontekst
- kin ymplisite ferwizingen befetsje nei klassike motiven (de Bibel, mytology)
- kin ferwize nei oare teksten en kultueruteringen
- raffinearre, soms eksperimentele styl
- rike en laagde betsjutting, faak dreech te trochgrûnjen
Mear lêze
- Besjoch de boeken op dit nivo
- Proefskrift Het oog van de meester fan Theo Witte, gearfetting