Lezen voor de Lijst

Fries

 | Achtergrondinformatie

Wolkom by 'Lezen voor de lijst' Frysk!

Ofdieling Frysk
Bist hjir op de thússide (home) fan de Fryske ôfdieling fan Lezen voor de lijst. Dit stik fan de site is bedoeld foar minsken dy't in paad sykje yn de Fryske literatuer. Dat kinne learlingen wêze út it middelber ûnderwiis, mar ek dosinten, âlden, bibleteekmeiwurkers, leden fan lêsklubs en oaren. Mar omdat de site yn it foarste plak foar learlingen bedoeld is, sizze wy hjir 'do' en net 'jo' - oaren dy't op de site komme fine it grif net slim dat wy dookje. 

In boek kieze foar de lêslist
Dizze site helpt dy by it kiezen fan boeken foar de lêslist en it ynskatten fan dyn lêsnivo. Ast langer mei de site oan de gong bist, kinst ek sjen oft dyn nivo feroaret.
Hjirûnder stiet hiel yn it koart hoe'tst mei de site oan de slach kinst.

Sykje út wat dyn lêsnivo is
Der binne seis lêsnivo's. Klik yn it submenu by 'Fries' op de menukar 'lêsnivo's'. Dan krijst in koarte beskriuwing fan de seis lêsnivo's. Lês dy troch en bepaal it nivo dat it bêste by dy past. Dat is fansels in skatting, miskien pasto ek wol in bytsje op twa nivo's. Kinst it ek mei dyn dosint beprate.

Sykje in boek
By de submenukar hjirboppe 'sykje in boek' kinst de list sjen fan alle Fryske boeken fan de site.

- Boppe-oan dy list kinst mei in tab selektearje op allinne de boeken fan dyn eigen lêsnivo.
- Besjoch de ynformaasje oer de boeken fan dyn eigen nivo.
- Op it tabblêd 'algemeen' stiet koarte ynformaasje oer it boek en de skriuwer en ek wurdearringen fan oare lêzers. Sykje sa it boek út dat dy oansprekt en dat by dy past.
- Op de oare tabblêden steane opdrachten fan ferskate nivo's, en ynformaasje foar de dosint (dy is net geheim...).

Wy winskje dy in soad sukses by it boekútsykjen en nocht by it lêzen!

De redaksje fan de ôfdieling Frysk.