Fries
| Nivo start | Wês net bang
Wês net bang
- Niveau
- Niveau start
- Jaar uitgave
- 2016
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 83
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- famylje
- fertrouwen
- flechtlingen
- kultuerferskillen
- libbensferhaal
- Syrië
- Taalniveau
- A2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeit op yn Sint Nyk. Se wol krekt as har heit ûnderwizer wurde. Dat slagget, se jout earst les yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurket se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Sûnt 2015 is se mei pinsjoen. Hanneke de Jong skriuwt al fan jongs ôf oan. Yn it begjin wiene it foaral mearkes en no benammen berne- en jongereinboeken oer problemen dêr't jongeren mei te meitsjen krije. Fryske jongereinboeken fan har dy’t ek yn it Nederlânsk útkamen binne: De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Fan Wês net bang komt ek Nederlânske oersetting. Hanneke de Jong hat mei har jongereinboeken hiel wat prizen wûn. Se krige twa kear de Simke Kloostermanpriis.
Inhoud
Wês net bang (mar wol foarsichtich) fertelt it wier barde ferhaal fan de flecht fan Lilan fan 17 jier út Syrië nei Nederlân. Hanneke de Jong komt mei Lilan yn ’e kunde as der op twitter in fioele foar Lilan frege wurdt. Hanneke brûkt harres net mear, lit him opknappe en jout dy oan Lilan. Sa krijt se fan Lilan it ferhaal oer har flecht te hearren. It boek lit sjen dat it foar Lilan hielendal net maklik is en meitsje de kar om har famylje, freonen en har lân te ferlitten. De flecht is wier gjin plezierreiske mar in tocht fol gefaren. En de oankomst yn Nederlân jout ek noch lang gjin wissichheid dat se bliuwe kin.
Leesaanwijzingen
Dit boek is maklik te lêzen. It taalgebrûk is eigentiidsk en it boek is ferdield is yn koarte haadstikjes, sadatst de tekst maklik behappe kinst. Der sit in soad dialooch yn, dat makket it ferhaal libben. Mar moatst dy wol iepenstelle foar in ferhaal dat oer in flechtling giet. Miskien hast by dysels al in oardiel foarme oer flechtlingen dy’t nei Europa komme. Wolst mear witte oer de achtergrûn en wat flechtlingen allegear meimeitsje? Dan is Wês net bang wat foar dy.
Om over na te denken
Soesto in reis meitsje wolle sûnder dyn âlden of oare famylje of freonen en harren thús achterlitte? Wat fynst fan de hâlding fan de Nederlanners tsjin flechtlingen oer? Fynst dat wy mear of minder foar flechtlingen dwaan moatte? En op watfoar wize?
Waardering
‘Troch it boek Wês net bang begryp ik folle better wat it ynhâldt om flechtling te wêzen. It is in oangripend ferhaal dat elke learling lêze moatte soe.’
Lotte, 3havo
‘Ik bin fan fan de boeken fan Hanneke de Jong, mar fyn dizze it aldermoaist en hiel ûntroerend.’
Famke, 3vmbo
‘Wat allemaal niet wegneemt dat Wês net bang een fantastisch boek is voor jonge mensen om te begrijpen dat vluchtelingen geen rare vreemdelingen zijn, maar vaak gewone scholieren die ooit bijna net zo leefden als zijzelf.’
Hella Kuipers op har website heldenreis.nl
Opmerkingen
In soad learlingen ha Hanneke de Jong har boek Wês net bang (mar wol foarsichtich) lêzen om’t it oanbean is oan learlingen yn de ûnderbou by it projekt 'Lês No', dat yn jannewaris 2017 losgie. Sjoch Omrop Fryslân.
Leestips/meer weten
De skriuwster oer dit boek op har bloch
Pieter Feller yn boekenbijlage.nl
Hella Kuipers op Heldenreis.nl
Samengesteld door
Lieukje Leistra-ReidsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau start - Opdrachten
Boek | Jong, Hanneke de Wês net bang |
Nûmer | N0/1 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld |
Opdracht | Tink dy it folgjende yn: It is trije jier nei it ferskinen fan Wês net bang (mar wol foarsichtich). Doe, yn learjier 1, hawwe jim it boek yn it ramt fan ‘Lês No’ allegearre lêzen. Jimme nûgje Lilan no út om op jim skoalle har ferhaal te dwaan. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Jong, Hanneke de Wês net bang |
Nûmer | N0/2 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om nei te tinken oer de personaazjes |
Opdracht | 1. Meitsje in oersjoch fan Lilan en har famylje en jou de nammen fan de persoanen. Doch dat mei de generaasjes ûnder elkoar, sa as by in stambeam.
|
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Jong, Hanneke de Wês net bang |
Nûmer | N1/4 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | flashback |
Learst | om nei te tinken oer de flashbacks yn it boek |
Opdracht |
|
Bronnen | |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Jong, Hanneke de Wês net bang |
Nûmer | N1/3 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel of klassikaal |
Fokus | titel |
Learst | om nei te tinken oer de titel |
Opdracht | 1. Wat is de hiele titel fan it boek? |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Jong, Hanneke de Wês net bang |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om yn kaart te bringen wat wêr op de flecht bart |
Opdracht | Oanwizing: foar dizze opdracht is it handich ast oantekenings makkest by it lêzen fan it boek. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Jong, Hanneke de Wês net bang |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | oarsaak en motiven |
Learst | om nei te tinken oer de oarsaak en motiven foar Lilan har flecht |
Opdracht | Oanwizing: |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Hanneke de Jong (berne yn 1952) groeide op yn Sint Nyk. Har heit wie dêr ûnderwizer. Sy waard dat ek, earst yn it basisûnderwiis en nei in stúdzje Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Letter wurke se op de pr-ôfdieling fan in skoallemienskip. Sûnt 2015 is se mei pinsjoen. Se hat fan jongs ôf oan al skreaun, yn it begjin foaral mearkes. Se skriuwt no benammen berneboeken en jongereinboeken oer problemen dêr't jongeren mei te meitsjen krije. Fryske jongereinboeken fan har dy't ek yn it Nederlânsk útkamen binne De lêste brief, Sterke skouders en Salsafamke. Sterke skouders krige in plak op de IBBY-earelist en foar Salsafamke en Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen krige Hanneke de Jong de Simke Kloostermanpriis. Hanneke de Jong wurket ek gear mei Dolf Verroen, tegearre ha se it boek Time out skreaun.
Ynhâld
Wês net bang (mar wol foarsichtich) fertelt it wier barde ferhaal fan de flecht fan Lilan fan 17 jier út Syrië nei Nederlân. Hanneke de Jong komt mei Lilan yn ’e kunde as der op twitter in fioele foar Lilan frege wurdt. Hanneke brûkt harres net mear, lit him opknappe en jout dy oan Lilan. Sa krijt se fan Lilan it ferhaal oer har flecht te hearren. Yn har tankwurd seit Hanneke de Jong: ‘Dêrom is dit ferhaal foar in part fan Lilan en foar in part fan har mem. Ik ha de gatten opfold mei myn fantasy.’
Swierte
Tweintich koarte haadstikken elk mei in titel, in soad dialogen, koarte sinnen skreaun yn gongber Frysk, dat makket it boek maklik lêsber foar N1-lêzers. De lêzers kinne har maklik ferpleatse yn it spannende ferhaal fan de flecht fan Lilan út Syrië en alles wat se ûnderweis belibbet. N1-lêzers en wis ek N2-lêzers sille har ynlibje kinne yn de problemen dêr’t Lilan op de reis mei wrakselet.Troch it boek kinne guon lêzers in better en minder oerflakkich ynsjoch krije yn de problematyk fan flechtlingen út in oarlochsgebiet.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn in famke fan 17 dat út har eigen lân dêr’t in oarloch fierd wurdt flechtsje moat op in reis troch in soad lannen mei alderhande gefaren. |
Ynteresses |
Problemen dêr’t flechtlingen en yn it bysûnder de jongeren dêrûnder mei wrakselje, moatte lêzers oansprekke om dit boek te lêzen. Dat kin lêzers fan elk nivo ynteressearje, ek al is it boek bedoeld foar N1. |
|
Algemiene kennis |
Algemiene kennis is net fereaske. Elk sil bekend wêze mei it flechtlingeprobleem. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It gebrûk fan wurden yn gongber Frysk, sa’t learlingen dy sels brûke, makket Wês net bang maklik lêsber. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne ienfâldich en koart. |
|
Styl |
De koarte sinnen en haadstikken, de dialogen en it Frysk sa’t de lêzers it sels brûke, meitsje dit boek geskikt foar jonge lêzers fan nivo N1 en N2. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De aksje spilet him ôf yn Syrië, ûnderweis op de flecht en nei de oankomst yn Nederlân. Bliuwe of flechtsje en de gefaren dy’t foar beide jilde, wurde goed delset, lykas de eangsten dy’t Lilan hat. Dat der yn it boek in protte aksje foarkomt is geskikt foar N1 en N2. |
Gronology |
De haadstikken binne gronologysk fan it ôfskie yn Syrië oant it nije libben yn Nederlân. Haadstikken 4 o/m 7 binne foar it grutste part flashbacks. Dêr sjocht Lilan yn werom op hoe’t se ta de flecht kommen is. De flashbacks binne kursyf printe. Foar N1 is it sa net lestich. |
|
Ferhaalline(n) |
It boek fertelt it ferhaal fan de flecht fan Lilan fan begjin oant ein. Yn de flashbacks wurdt werom sjoen op hoe’t se dêrta kommen is. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld út it personaal perspektyf fan de haadpersoan Lilan wei. |
|
Betsjutting |
Wês net bang is in orizjineel jongereinboek oer in wichtich en aktueel ûnderwerp. It is net leadswier, mar lêst as in aventoereferhaal. Mar tagelyk lit it wol sjen dat der hiel wat barre moat, wol ien kieze foar in flecht dy’t fol gefaren sit en net altyd goed ôfrint of liedt ta tastimming om yn Nederlân te bliuwen. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Lilan is de haadpersoan. Fierder binne der oaren út de húshâlding fan Lalan (oft se noch yn Syrië binne of net) en har beppe. Guon reizgers ûnderweis spylje ek in rol. N1- en N2-lêzers kinne de karakters goed begripe en har maklik ynlibje. |
Oantal karakters |
Der binne wol in soad karakters, mar inkelde dy’t mar fan belang binne. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Lilan makket de grutste ûntjouwing troch. Fan in nayf famke fan 17 dat in beslút nimme moat om har famylje te ferlitten en sûnder harren de lange gefaarlike flecht te meitsjen oant se as in folle selsstanniger famke oankomt yn Nederlân. |
|
Ferantwurding |
Ferhaal fan de skriuwster oer de achtergrûn fan it boek op har bloch. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Resinsjes fan Pieter Feller en Hella Kuipers. |