Lezen voor de Lijst

Fries

 | Nivo start | Heech Tymo, sjoch omheech

Heech Tymo, sjoch omheech

Heech Tymo, sjoch omheech

Koos Tiemersma
Niveau
Niveau start
Jaar uitgave
2018
Uitgeverij
Het Nieuwe Kanaal
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
136
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • leafde
  • ferlies
  • freonskip
  • multykulturele mienskip
Taalniveau
A2

Over de auteur

Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Tiemersma hat altyd as learaar yn it basisûnderwiis wurke. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hieltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (ûnder pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe; útjefte yn eigen hân hâlde; ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe't lykwols bekend waard dat Tiemersma foar Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 takend krige, brocht er yn oktober 2015 mei Utjouwerij Elikser in edysje fan Einum op papier út. Heech Tymo, sjoch omheech is Tiemersma syn earste jongereinboek.

Inhoud

Heech Tymo, sjoch omheech giet oer Tymo Sas Kriek, dy’t gjin heit mear hat. Syn mem hat in nije freon, Ferdy, dêr’t Tymo net mei opsjitte kin. De stoere heit fan in nij jonkje yn de klasse, soe in folle bettere match wêze. It blykt net sa maklik te wêzen om Ferdy de doar út te krijen en syn mem oan in leukere man te keppeljen. Tagelyk wurdt Tymo fereale op syn nije buorfamke, Bahar, dy't út Afganistan komt.

Leesaanwijzingen

It ferhaal wurdt ferteld fan Tymo út, dy’t tige nijsgjirrich is en dingen net hielendal begrypt; dit liedt ta grappige, ûnferwachte opmerkings fan Tymo. Sa dochst as lêzer tagelyk mei de haadpersoan ûntdekkingen op.

Om over na te denken

Hoe stelsto dy op tsjinoer minsken dy't út in oar lân komme? Hasto wolris ien kennen leard, dy’t hiel oars bliek te wêzen as as’t earst tochtest?

Waardering

‘Ik kin jim oanriede: doch it boek gewoan iepen en begjin. Krijst gjin spyt!

  • Besprekside Tante Tsjits

‘Het is niet moeilijk om mee te leven met deze hoofdpersoon en te hopen dat de dingen waar hij mee bezig is lukken. Dat het in het leven helaas niet altijd lukt, laat ook dit boek zien. Maar aan het eind is er hoop. En dan vuurt Tymo zichzelf aan: ‘Heech Tymo, sjoch omheech.’

  • Jelle van der Meulen blog

It boek wie yn 2019 nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.

 

Opmerkingen

Liene by de biblioteek

 

It boek wie yn 2019 nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.

De bylden op de foarkant fan it boek besteane echt: se steane op de Nije Seedyk by Holwert. ‘Wachten op hoog water’ is in byld fan Jan Ketelaar.
It byld bestiet út twa metalen froulju fan fiif meter heech. In folle frou en in tinne frou. Se sjogge út oer see.




Leestips/meer weten

Oer de skriuwer biografyske skets

Koos Tiemersma eigen website

Besprek op Frieseliteratuur.nl

Samengesteld door

Fardau Visser

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau start - Opdrachten

Boek Koos Tiemersma Heech Tymo, sjoch omheech
NûmerN0/1
Nivo0
Stúdzjelêst1
WurkfoarmYndividueel
FokusYllustraasjes
Learst

De ynhâld fan it boek kreatyf te ferwurkjen

Opdracht

Yn it boek steane in oantal yllustraasjes fan Carla van der Heijde. Yllustraasjes kinne in boek net allinnich oantrekliker meitsje, mar helpe ek om it ferhaal better te begripen.
Yn dizze opdracht giesto sels oan de slach as yllustrator.

1. Blêdzje it boek nochris troch. Fynst de yllustraasjes passen by it ferhaal? Hokker yllustraasje fynst it moaist? Beskriuw dit yn sa’n 50 wurden.

2. Kies in sêne út it boek dy’t dy oansprekt. Dat kin in momint wêze datst spannend, grappich of oandwaanlik fûnst.

3. Tekenje dizze sêne út. Kinst gebrûk meitsje fan pinnen, potleaden, stiften, of miskien sels ferve.

4. Skriuw dêrnei in koarte útlis fan wat der yn dizze sêne bart en wêrom’tst dizze sêne keazen hast. Omskriuw dit yn sa’n 50 wurden.

5. Hoe fieldest dy doe’tst dy sêne liest? Omskriuw dit yn sa’n 50 wurden.

 

Makke trochFardau Visser
Boek Koos Tiemersma Heech Tymo, sjoch omheech
NûmerN0/2
Nivo0
Stúdzjelêst1
WurkfoarmYndividueel
FokusIt gefoel fan de haadpersoan
Learst

It gedrach fan de haadpersoan better te begripen.

 

Opdracht
Tymo docht somtiden dingen dy’t oaren, sa as bygelyks syn mem, net goed begripe. Omdatsto yn de holle fan Tymo krûpst, kinsto miskien wol better begripe wêr’t Tymo syn gedrach weikomt.
1. Yn de tabel (download hjirûnder) stiet in foarbyld fan sa’n situaasje. Folje de tabel oan mei noch twa foarbylden fan sokke situaasjes.
2. Wat fynst fan hoe’t Tymo omgiet mei syn gefoel?
3. Stel dy foar datsto Elmar bist, de freon fan Tymo. Tymo fertelt dy oer de trije boppesteande situaasjes en dat hy him dêr min oer fielt.  Jou by alle situaasjes in tip. Yn totaal brûkst sa’n 100 wurden.
Downloads tabel Heech Tymo.docx
Makke trochFardau Visser
Boek Koos Tiemersma Heech Tymo, sjoch omheech
NûmerN0/3
Nivo0
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusMiening
Learst

Dyn miening oer it boek te jaan

Opdracht

Op de achterkant fan Heech Tymo, sjoch omheech stiet: ‘In boek foar lyts en grut, jong en âld, oer leafde en lije, it trochbrekken fan grinzen en ûntdekke wa’t je binne, skreaun mei humor en oant de ein ta spannend.’ Sa’n stikje tekst kin dy fertelle of it boek wat foar dy is.

1. Is dit boek echt foar elkenien?

Tinkst dat dit boek like moai is foar bern as folwoeksenen? Wêrom wol of wêrom net? Jou dyn miening yn sa’n 50 wurden.

2. Humor yn it boek
Fynst dat der in soad humor yn it boek sit? Sa ja, neam in foarbyld fan in grappige situaasje yn it boek. Sa nee, lis út wêrom’tst it net grappich fynst. Doch dit yn sa’n 50 wurden.

3. De ein fan it boek
Wat fynsto fan it ein fan it boek? Bliuwt it boek oant de ein ta spannend? Lis út yn sa’n 50 wurden.

Oan wa fan dyn klassegenoaten, freonen of famyljeleden soest it boek Heech Tymo, sjoch omheech oanriede? Skriuw in briefke fan sa’n 100 wurden oan dy persoan. As der gjin minsken yn dyn omjouwing binne dy’t neffens dy geskikt binne, dan kinst sels in fantasy-persoan betinke.

Lis yn it briefke út wêrom't hy of sy it boek neffens dy leuk fine sil. Tink dêrby oan: de ûnderwerpen dy’t yn it boek nei foaren komme, de haadpersoan, de ôfrin fan it boek, hoe’t it boek derút sjocht. Beneam twa dingen dy’t dy persoan oansprekke sille. Fansels giest der fanút dat dy persoan it boek noch lêze sil: gjin spoilers dus!

In foarbyld:

Hoi Anne,

Ik haw lêst it boek Heech Tymo, sjoch omheech lêzen. Ik tink datsto dit boek leuk fine silst omdat Tymo yn it ferhaal nije buorlju krijt dy’t hy yn it begjin net sa lije mei. Troch wat Tymo belibbet, feroaret syn miening. Hiesto dat ek doe’t dat nije famke by jim yn de strjitte kaam? Ik wit datsto ek wol fan spannende boeken hâldst: der gebeurt in soad yn dit boek. Yn elk haadstik makket Tymo wer wat geks mei. It is dêrtroch net allinnich spannend, mar ek grappich. Echt in oanrieder!

 

Makke trochFardau Visser

Niveau 1 - Opdrachten

Boek Koos Tiemersma Heech Tymo, sjoch omheech
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst2
WurkfoarmYndividueel
FokusDeiboekfragmint
Learst

Dy yn te libjen yn de gefoelens fan de haadpersoan

Opdracht

As Tymo wat ferfelends meimakket, ferstoppet er him gauris op de fliering. Dêr bout hy syn Legostêd op, of sjocht hy ta it rút út. Foar guon minsken kin it helpe om gefoelens út te skriuwen yn in deiboek.

1. Stel dy foar datst Tymo bist. Skriuw in deiboekside dêr'tst dyn gefoelens en gedachten yn beskriuwst. Skriuw oer ien fan de folgjende ûnderwerpen:

o Ferdy, de nije freon fan dyn mem. Wat fynst fan him? Wat binne dy soargen en wat hopest foar de takomst?
o Bahar, dyn nije buorfamke. Hoe fielde it doe’tst har foar de earste kear seachst? Wat soest tsjin har sizze wolle?
o De (mislearre) rêdingsaksje fan it protterke. Wat hiest oars dwaan wollen? Wat fûnst it slimst oan de situaasje?

Begjin dyn fragmint mei: “leaf deiboek, do riedst noait wat ik hjoed belibbe haw!”

 

Makke trochFardau Visser
Boek Koos Tiemersma Heech Tymo, sjoch omheech
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1
WurkfoarmYndividueel
FokusTekstbegryp
Learst

It ferhaal better te begripen troch mei wurden te eksperimintearjen

Opdracht

De haadstikken yn Heech Tymo, sjoch omheech begjinne alle kearen mei in wurd en de wurdboekútlis. Bygelyks: Evolúsje – in net al te flugge feroaring fan alles wat libbet. (s.23.) Dat binne nije wurden dy’t Tymo leart yn it haadstik.

1. By it lêzen fan dit boek silst ek in pear nije wurden tsjinkaam wêze. Skriuw in nij wurd datst leard hast op, en skriuw dêrneist de betsjutting fan it wurd. Kinst de betsjutting fan it wurd opsykje op Frysker.nl. Somtiden hawwe wurden meardere omskriuwingen. Kies dan foar de omskriuwing dy’t it bêste by it wurd yn it ferhaal past. Ien foarbyld is útwurke:

Diggels (s. 59): stikken fan in foarwerp fan ierdewurk, porslein, glês dat útinoar fallen is.

(Neffens Frysker.nl kin in diggel ek in stik fan in ûntplofte bom of granaat wêze, mar dat komt yn it boek net foar. It giet yn it ferhaal om in stikken rút.)

 

2. De skriuwer, Koos Tiemersma, betinkt yn it boek soms ek nije wurden. Dan is it net nuver, datst dat wurd noch net kenst.

In foarbyld dêrfan is ‘gûlklim’. “Ik gûlklim by it trepke op en triuw it lûk iepen” (s. 34). Silst it wurd ‘gûlklimme’ net yn it wurdboek fine, mar ‘gûle’ en ‘klimme’ wol. Je kinne je foarstelle, dat Tymo gûlend it trepke opklimt.

Betink no sels sa’n nij wurd dat past by it ferhaal. Betink in sin dêr’t it wurd yn brûkt wurdt en lis út wêrom’t it by it ferhaal past. In foarbyld:

Búkspjeldzje: Tymo búkspjeldet de sliepende Ferdy.

Om’t Tymo Ferdy net lije mei, stekt hy him mei in spjeld yn de búk.

 

Makke trochFardau Visser
Boek Koos Tiemersma Heech Tymo, sjoch omheech
NûmerN1/3
Nivo1
Stúdzjelêst1
WurkfoarmYndividueel
FokusTitelferklearring
Learst

De titel te begripen yn relaasje ta it ferhaal

Opdracht

Yn it ferhaal wurdt de titel Heech Tymo, sjoch omheech twa kear neamd. Twa kear troch de mem fan Tymo. De earste kear op s. 76 en de twadde kear op s. 132.

1. Lês side 76 en side 132 nochris in kear.

2. Wêrom seit Tymo syn mem “Heech Tymo, sjoch omheech!” op s.76? Skriuw yn twa sinnen op wat der op dat stuit gebeurt en wêrom't se dit seit.

3. Op s .132 seit Tymo syn mem wer “Heech Tymo, sjoch omheech.” Wat gebeurt der yn it ferhaal op dat stuit en wat bedoelt se dêrmei, tinksto? Beskriuw yn sa’n 50 wurden.

4. Mei de sin “Heech Tymo, sjoch omheech!” rint it ferhaal ôf op s. 132. Wat fynsto fan it ein fan it ferhaal? Wie it in goed ein foar it ferhaal? Jou dyn miening yn sa’n 50 wurden.

5. Fynst dat de titel Heech Tymo, sjoch omheech goed by it ferhaal past? Wêrom wol of wêrom net?

6. Asto in oare titel foar it ferhaal betinke moatst, wat soe dat dan wêze?

 

Makke trochFardau Visser

Docenteninformatie

Yntroduksje
Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Tiemersma hat altyd as learaar yn it basisûnderwiis wurke. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hieltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (ûnder pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe; útjefte yn eigen hân hâlde; ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe't lykwols bekend waard dat Tiemersma foar Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 takend krige, brocht er yn oktober 2015 mei Utjouwerij Elikser in edysje fan Einum op papier út. Heech Tymo, sjoch omheech is Tiemersma syn earste jongereinboek.

Ynhâld
Heech Tymo, sjoch omheech giet oer Tymo Sas Kriek, dy’t gjin heit mear hat. Syn mem hat in nije freon, Ferdy, dêr’t Tymo net mei opsjitte kin. De stoere heit fan in nij jonkje yn de klasse, soe in folle bettere match wêze. It blykt net sa maklik te wêzen om Ferdy de doar út te krijen en syn mem oan in leukere man te keppeljen. Tagelyk wurdt Tymo fereale op syn nije buorfamke, Bahar, dy't út Afganistan komt.

Swierte
It boek is ornearre as jongereinboek; de sinnen binne koart, de ferhaalstruktuer is ienfâldich en it tempo is rap, wat it nijsgjirrich makket foar de Nivo 1-lêzer. It ferhaal behannelet drege tema’s lykas pestgedrach, ferlies fan in âlder en foaroardielen oer asylsikers op in tagonklike, grappige manier: troch de eagen fan Tymo, dy’t njoggen jier âld is. In Nivo Start-lêzer sil der gjin muoite mei hawwe en him ferpleatse kinne yn de haadpersoan. De lêzer moat wol ynteresearre wêze yn in haadpersoan dy’t op de basisskoalle sit.

 



 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De learling moat ree wêze om omtinken te jaan oan
de tinkwrâld fan in bern dat nei alle gedachten wat jonger
is as de lêzer.

Ynteresses

Heech Tymo, sjoch omheech is geskikt foar de lêzer dy’t hâldt fan in
grappich boek dêr’t foarfallen rap op-inoar folgje. It is benammen
geskikt foar in Nivo Start-lêzer yn de earste klasse dy’t him of har
miskien wol werkent yn de haadpersoan. In âldere Nivo 1-lêzer sil
benammen aardichheid hawwe oan it rappe ferteltempo en de
spanning.

Algemiene kennis

It begripen fan it ferhaal freget gjin spesifike kennis. De ferhaalwrâld
stiet tichtby de Nivo Start- en Nivo 1-lêzer. De lêzer wurdt meinaam
yn detinkwrâld fan Tymo, dy’t sels ek oan it ûntdekken is: 
wa is Tally Ban, bygelyks?

Spesifike literêre en kulturele kennis

Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis nedich om it boek
te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn Heech Tymo, sjoch omheech is ienfâldich. Somtiden
steane der minder bekende útdrukkings yn, sa as: ‘oer him op ‘e tekst
wêze’ en ‘dûm’. Dêrneist boartet de skriuwer mei taal troch it betinken
fan nije wurden, lykas panykpraat (s. 75).

Sinskonstruksjes

De sinskonstruksjes sille gjin problemen opsmite. De sinnen binne koart
en goed lêsber.

Styl

De styl yn ’e foarm fan in soad dialooch mei koarte sinnen en maklik
wurdgebrûk is tagonklik foar Nivo Start en Nivo 1-lêzers. De tinzen fan
de haadpersoan wurde somtiden yn bullet points opsomme.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der bart in soad yn it ferhaal, yn alle haadstikken belibbet Tymo wat nijs.
It ferhaal rint flot en bliuwt oant de ein ta spannend foar Nivo Start- en
Nivo 1-lêzers

Gronology

It ferhaal is gronologysk opboud. Sa no en dan komme flashbacks foar,
wannear’t de haadpersoan ferwiist nei eat dat earder bard is.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline.

Perspektyf

It perspektyf fan it ferhaal leit by Tymo. Troch syn eagen belibbet de lêzer
de dingen dy’t barre en wat hy dêrby tinkt en fielt. It ferhaal bliuwt sa
nijsgjirrich foar Nivo Start en Nivo 1-lêzers.

Betsjutting

Heech Tymo, sjoch omheech in maklik te folgjen ferhaal foar alle nivo’s.
Om’t it troch de eagen fan in bern ferteld wurdt, komme de swierdere
tema’s net al te dreech nei foaren.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoan is Tymo, in nijsgjirrich jonkje fan 9-jier âld dy’t al hiel
wat meimakke hat en de wrâld net altyd begrypt. De Nivo Start-lêzer
sil him of har miskien werkenne yn de haadpersoan.

Oantal karakters

It oantal karakters is op twa hannen te tellen en steane allegear tichtby
de haadpersoan. It binne bygelyks de klassegenoaten, master Pippie of
buorlju fan Tymo, Tymo syn mem en har nije freon. Guon karakters,
lykas De Fine en De Folle, spylje in symboalyskerol yn it ferhaal.

Untjouwing fan de karakters

Yn it begjin fan it ferhaal sjocht Tymo dingen hiel swart-wyt: de heit
fan Elmar is in Man Sûnder Frou, dat dy moat de freon wurde fan
syn mem, in Frou Sûnder Man. Dêrneist is hy bang foar Tally Ban
yn ferbân mei de dea fan syn heit. Troch syn freonskip mei Elmar,
syn moetingen mei Bahar en har famylje en de petearen mei syn mem
feroaret dat. Soms fielst dy earst ûnwis of sels bang foar ien omdatst
dyjinge noch net kenst. Mar as’t yn kontakt komst mei dy persoan
of situaasje, groeit dyn wurdearring.

Ferantwurding

Biografyske skets fan de skriuwer op tresoar.nl https://www.tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bce9ec

Relevante  boarnen foar dosinten

Biografyske skets fan de skriuwer op tresoar.nl https://www.tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bce9ec

Fragmint út it boek fia Omrop Fryslân https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/924980/boekekast-11-heech-tymo-sjoch-omheech-fan-koos-tiemersma

Lesbrief fan de Berneboekeambassadeur by it boek https://berneboekeambassadeur.frl/wp-content/uploads/2021/05/BBA_Heech_Tymo_HR.pdf