Fries
| Nivo start | Femke faalt
Femke faalt
- Niveau
- Niveau start
- Jaar uitgave
- 2014 [as e-boek; 2e printing (papier) 2016]
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 142
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- famylje
- freonskip
- jeugdkultuer
- leafde
- Taalniveau
- A2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Ate Grypstra (1973) is berne te Noardburgum. Hy studearre Ingelsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dêrnei waard er dosint Ingelsk en Frysk. Hy wie ek in skoft koördinator fan edukative projekten by de Afûk. Neist dit boek hat er ferskate koarte ferhalen, gedichten en kollums skreaun en is er aktyf mei oersettingen fan Ingelsktallich wurk, dy’t publisearre binne yn it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne. Femke faalt is syn tredde jeugdroman.
Inhoud
Femke Koning is in gewoan famke fan hast sechstjin. Se sit yn in havo 4-klasse yn Bûtenpost, neidat se fan it Dokkumer gymnasium moast. Se spilet as drummer yn in band. Sy jaget har mem wol gauris op de kast, mar dat is de leeftiid. Femke is wol gelokkich mei har libbentsje, ek al is it net altyd sûnder problemen. Se fynt dat dy komme troch har eigen tekoartsjitten. Yn it ferhaal docht bliken dat der by har thús ek wol it ien en oar oan de hân is. Femke komt der dan ek efter dat har ûnwissens net altyd terjochte is.
Leesaanwijzingen
Dit ferhaal sil dy fan it begjin ôf meinimme troch de spanning dy’t deryn sit. Miskien fynst de oergong fan it earste haadstik nei it twadde wat lestich. It ferhaal begjint nammentlik middenyn in spannende situaasje, mar komst der pas oan de ein efter hoe’t it safier kaam is. It liket wat dat oanbelanget in bytsje in detektive; moatst derefter sjen te kommen wa’t it net sa op Femke hat.
Om over na te denken
Op hokker mominten bist ûnwis oer dyn eigen kinnen? Yn hoefier hawwe oare minsken ynfloed op hoe’tst tinkst oer dysels? Op wat foar flak hawwe se ynfloed?
Waardering
‘In skitterjend boek! Flot skreaun en aktueel, sûnder al te populêr te wurden.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant
‘Femke faalt is in flot skreaun boek en hielendal fan dizze tiid. Der sit in soad psychology achter de húshâlding dêr’t Femke út komt, mar it wurdt luchtich holden. Opboutechnysk sit it ferhaal sterk yn mekoar, wat foar de nedige spanning soarget.’
Ut it sjueryrapport fan de Simke Kloostermanpriis 2016
Opmerkingen
It boek wie yn 2016 nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.
Leestips/meer weten
Oer Ate Grypstra kinst mear fine op Wikipedy en op tresoar.nl.
Samengesteld door
Akke GerlsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau start - Opdrachten
Boek | Grypstra, Ate Femke faalt |
Nûmer | N0/4 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel of yn twatal |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld |
Opdracht | Femke faalt is in hiel spannend boek mei in protte aksje. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Grypstra, Ate Femke faalt |
Nûmer | N0/3 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om dy te identifisearjen mei de personaazjes |
Opdracht | Femke drumt yn in band. Se is net by alle bandleden populêr. Douwe Jan hat har der net sa graach by. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Grypstra, Ate Femke faalt |
Nûmer | N0/2 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld |
Opdracht | Femke faalt is in hiel spannend boek dêr’t in soad yn bart. By elts foarfal yn it boek soest in foarwerp betinke kinne. Tink bygelyks oan it petear dat Femke en Sjors middenyn de nacht hawwe. Dêr soest in kompjûterspultsje by betinke kinne. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Grypstra, Ate Femke faalt |
Nûmer | N0/1 |
Nivo | 0 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om dy yn te libjen yn de personaazjes |
Opdracht | Stel do wiest in freon of freondinne fan Femke. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Grypstra, Ate Femke faalt |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje |
Opdracht | 1. Sykje út wat it ferskil is tusken fiksje en non-fiksje. Dit kinst dwaan troch op dizze site te sjen by ‘Literêre teory’ en by boarne [1]. |
Literaire theorie | Feit en fiksje |
Bronnen | [1] Wikipedy: fiksje en non-fiksje |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Grypstra, Ate Femke faalt |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | wat objektive ynformaasje en subjektive ynformaasje oer personaazjes is |
Opdracht | Femke har heit is altyd fan hûs. Hy hat it hiel drok mei syn wurk. Femke kin wol goed mei har heit opsjitte. |
Bronnen | Wikipedy: oer subjektyf en objektyf. Klik eventueel foar mear binnen wikipedy troch nei de Nederlânske of Ingelske Wikipedia. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Ate Grypstra (1973) is berne te Noardburgum. Hy studearre Ingelsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dêrnei waard er dosint Ingelsk en Frysk. Hy wie ek in skoft koördinator fan edukative projekten by de Afûk. Neist dit boek hat er ferskate koarte ferhalen, gedichten en kollums skreaun en is er aktyf mei oersettingen fan Ingelsktallich wurk, dy’t publisearre binne yn it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne. Femke faalt is syn tredde jeugdroman.
Ynhâld
Femke Koning is in gewoan famke fan hast sechstjin. Se sit yn in havo 4-klasse yn Bûtenpost, neidat se fan it Dokkumer gymnasium moast. Se spilet as drummer yn in band. Sy is in echte puber dy’t har mem wol gauris op de kast jaget. Femke is wol gelokkich mei har libbentsje, ek al is it net altyd sûnder problemen. Se fynt dat dy komme troch har eigen tekoartsjitten. Yn it ferhaal docht bliken dat der by har thús ek wol it ien en oar oan de hân is. Femke komt der dan ek efter dat har eigen ûnwissens net altyd terjochte is.
Swierte
Femke faalt is in meinimmend boek dat sawol foar N1-lêzers as foar N2-lêzers goed te lêzen is. It is tagelyk mei Wês net bang fan Hanneke de Jong in goed boek foar lêzers dy‘t begjinne mei it lêzen fan Fryske boeken. It boek begjint mei it foarstellen fan de haadpersoan: Femke, dy’t har yn in spannende situaasje befynt. Dat makket de lêzer direkt nijsgjirrich. Foar N1-lêzers kin de oergong nei it twadde haadstik wol wat swierrichheden jaan, om’t it ferhaal dêr net trochrint. Oan de ein fan it boek wurdt weromkaam op de iepeningssêne.
De lêzers kinne har identifisearje mei de haadpersoan en de oare karakters yn it ferhaal. De karakters dy’t útdjippe binne, binne faak fan har leeftiid. Sawol N1- as N2-lêzers sille situaasjes út har deistich libben werkenne yn it boek.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
Femke faalt is in spannend ferhaal dat tichtby it deistich libben fan jongeren stiet, dêrom sil sawol de N1-lêzer as de N2-lêzer ree wêze dit boek te lêzen. De drompel om dit boek te lêzen is hiel leech. |
Ynteresses |
In N1-lêzer dy’t ynteresse hat yn oare leeftiidsgenoaten sil him meinimme litte troch it ferhaal. Freonskip en leafde, mar ek de ûnwissichheid dy’t de puberteit mei him meibringt, sille de N1- en de N2-lêzer oansprekke. |
|
Algemiene kennis |
Algemiene kennis is net perfoarst nedich. De ferhaalwrâld stiet tichtby de lêzers. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is fan dizze tiid en slút oan by dat fan de learlingen. Der komme sa no en dan Ingelske útspraken yn foar. Dat is gjin beswier foar it begripen fan it boek. De nammen fan de haadstikken binne faktermen út de literatuer yn it Latyn mei in maklike ûndertitel. De ûndertitel makket it tagonklik foar sawol N1- as N2-lêzers, mar de titel yn it Latyn sil de lêzers net direkt oansprekke. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne koart en dêrtroch maklik lêsber. |
|
Styl |
De styl yn ’e foarm fan in soad dialooch mei koarte sinnen en maklik wurdgebrûk is tagonklik foar N1- en N2-lêzers. Dêrneist wurde der krante-artikels en WhatsAppberjochten ôfbylde. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn it boek sit in soad spanning en aksje. Fan de earste side fan it boek ôf is it spannend. De lêzer sil derefter komme wolle wa’t Femke boppe it frituerfet yn in hâldgreep hat en hoe’t it safier kaam is. Dy spanning bliuwt it hiele boek en der barre noch folle mear spannende dingen. Dat makket it oantreklik foar sawol N1- as N2-lêzers. |
Gronology |
It boek bestiet út trije dielen. ‘In medias res’ (of: Yn it midden fan de (patat)saak), ‘Ab ovo’ (of: Hoe’t it (lykas alle sneinen) begûn mei in aai) en ‘Post rem’ (of: Nei al it gedonder). |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien haadferhaal en dêrneist binne der twa minder belangrike ferhaallinen dy’t ferflochten sitte yn it haadferhaal. De ferhaalline wat der bart yn de band en dy fan de ferkearing. Dêrtroch bliuwt it ferhaal spannend en oantreklik foar sawol N1- as N2-lêzers. |
|
Perspektyf |
Der binne gjin perspektyfwiksels. It ferhaal wurdt ferteld út in personaal perspektyf wei. Allinnich Femke har dwaan en litten en dat wat sy tinkt wurdt beskreaun. Dat makket it tagonklik foar N1- en N2-lêzers om har mei Femke te identifisearjen. |
|
Betsjutting |
Femke faalt is in maklik te folgjen ferhaal foar alle nivo’s. It is sawol foar N1- as N2-lêzers fan it begjin ôf dúdlik wêr’t it ferhaal oer giet. Dat kin foar N2-lêzer te min útdaging jaan. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De sintrale persoan yn it ferhaal is Femke. Hoe’t sy tinkt en wat sy docht wurdt útdjippe. Se is hast sechstjin jier; de N1- en N2-lêzer sil dêrom in soad fan har hannelings begripe kinne. |
Oantal karakters |
Der binne neist Femke noch seis karakter fan belang. Troch net te folle karakters op te fieren en de karakters dy’t der binne hiel dúdlik allinnich yn deselde omjouwing te brûken, is it ferhaal hiel geskikt foar N1-lêzers. Foar N2-lêzers kin it wat te maklik wêze. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Yn it begjin fan it ferhaal is Femke foaral in puber. Troch it ferhaal hinne blykt se flinker te wêzen as se sels tocht hie. |
|
Ferantwurding |
Boekprofyl op tresoar.nl |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Biografyske skets fan de skriuwer op tresoar.nl |