Lezen voor de Lijst

Fries

 | Nivo start | De stilte fan Joachem

De stilte fan Joachem

De stilte fan Joachem

Mindert Wijnstra
Niveau
Niveau 0
Jaar uitgave
2007
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
77
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • freonskip
  • peste
  • stammerje
  • foaroardielen
Taalniveau
A2

Over de auteur

Mindert Wijnstra (Lippenhuzen 1945 – Warns 2020) wie ûnderwizer en letter haad fan de basisskoalle yn Warns. As skriuwer lei er him ta op it skriuwen fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld ferskynde yn 1982. Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en jeugdboeken. Dat boek krige sels ynternasjonale erkenning. Yn 1994 is it op de earelist pleatst fan de International Board on Book for Young People.

Mindert Wijnstra wie ek in ferneamd ferhaleferteller mei in foarleafde foar folksferhalen. Hy publisearre meardere bondels mei ferhalen en reizge troch de provinsje om dy ferhalen foar te dragen. Yn 1997 publisearre er It Kweade Wiif fan Hylpen en oare folksferhalenFoar Omrop Fryslân wurke Wijnstra mei oan berneprogramma's op radio en telefyzje. Sa skreau er de teksten fan Fratsen, in telefyzjeprogramma foar bern oant 7 jier.

Inhoud

Oer de auteur

De tekening op it omslach en de yllustraasje yn it boek binne troch Babs Wijnstra makke, de dochter fan Mindert Wijnstra.

Ynhâld

Joachem is tolve jier en stammeret. Dêrom praat er al in healjier mei gjinien, thús net en op skoalle net. Sels net mei syn freondinne Marijke. Joachem kin lykwols hiel moai tekenje en mei syn tekeningen fertelt er wat er mei wurden net oerbringe kin.

Der is ien persoan dy’t Joachem begrypt. ‘Einstein’ wennet in ein bûten it doarp en der geane nuvere ferhalen oer him. De jonge en de man slute freonskip. En dêr is net elkenien oer te sprekken.

Leesaanwijzingen

It boek De stilte fan Joachem lêst flot. De sinnen binne net lang en oer it algemien binne de wurden net dreech. Soms komt der in wurd foarby dat mooglik nij is, bygelyks ‘trelit’, ‘sturtgiseljend’ en ‘panderje’. Om it ferhaal te begripen is it net nedich om alle wurden te kennen.

Opmerkingen

Printe boek fan Bibliotheek Fryslân Catalogus (hostedwise.nl)

Samengesteld door

Ans Wallinga

Opdrachten

Docenteninformatie

Yntroduksje

Mindert Wijnstra (Lippenhuzen 1945 – Warns 2020) wie ûnderwizer en letter haad fan de basisskoalle yn Warns. As skriuwer lei er him ta op it skriuwen fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld ferskynde yn 1982. Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en jeugdboeken. Dat boek krige sels ynternasjonale erkenning. Yn 1994 is it op de earelist pleatst fan de International Board on Book for Young People.

Mindert Wijnstra wie ek in ferneamd ferhaleferteller mei in foarleafde foar folksferhalen. Hy publisearre meardere bondels mei ferhalen en reizge troch de provinsje om dy ferhalen foar te dragen. Yn 1997 publisearre er It Kweade Wiif fan Hylpen en oare folksferhalenFoar Omrop Fryslân wurke Wijnstra mei oan berneprogramma's op radio en telefyzje. Sa skreau er de teksten fan Fratsen, in telefyzjeprogramma foar bern oant 7 jier.

Ynhâld

Joachem is tolve jier, sit op de basisskoalle en stammeret. Dêrom praat er al in healjier mei gjinien, thús net en op skoalle net. Sels net mei syn freondinne Marijke. 
Joachem kin lykwols hiel moai tekenje en mei syn tekeningen fertelt er wat er mei wurden net oerbringe kin.

Der is ien persoan dy’t Joachem begrypt. ‘Einstein’ wennet allinne mei in herdershûn in ein bûten it doarp en hat mei nimmen út it doarp kontakt. De jonge en de man slute freonskip. En dêr is net elkenien oer te sprekken, want der is yn it ferline wat mei in jonkje gebeurd, dêr’t Einstein wat te krijen mei hawwe soe. En dêr wurdt yn it doarp noch hieltyd oer praat.

Swierte

Foar de begjinnende lêzer yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis sil it ferhaal oansprekke. Foarwearde is wol dat er ynteressearre is yn in haadpersoan dy’t op de basisskoalle sit. It boek is net tsjok, printe yn in grut lettertype en hat in beheind tal rigels op de bledsiden. De 10 tekeningen meitsje it boek foar in begjinnende lêzer hiel oantreklik.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Oer it algemien freget dit boek gjin grutte reewilligens fan de learlingen. It boek is tin, it lettertype grut en it boek befettet tekeningen.

De lêzer moat wol ree wêze om in ferhaal te lêzen oer in jonge dy’t op de basisskoalle sit.

Ynteresses

It ferhaal sil werkenber wêze foar lêzers dy’t op in doarp wenje.

Dit boek is dêrneist ek poergeskikt foar dyjinge dy’t derfan hâlde om te lêzen hoe’t minsken mei elkoar omgeane.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is oar it algemien hiel tagongklik. Guon wurden sille nij wêze foar de lêzers, sa as trelit, sturtgiseljend en panderje. De geef-Fryske wurden steane it begripen fan it ferhaal net yn it paad.

Sinskonstruksjes

Benammen koarte en ienfâldige sinnen. Hiel geskikt foar nivo Start.

Styl

De styl is koart en bûnich.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit in protte aksje yn it ferhaal. De ûntknoping oan de ein is spannend.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld.

Ferhaalline(n)

Oan it begjin fan it boek is der ien ferhaalline. Oan de ein splitst dat yn trije ferhaallinen dy’t hielendal oan de ein by elkoar komme.

Perspektyf

It ferhaal hat in auktoriale fertelsituaasje.

Betsjutting

In lêzer sûnder ûnderfining sil it ferhaal lêze as in avontoer mei aksje en spanning.

Foar de lêzers mei wat mear ûnderfining sille ek de ûnderlinge ferhâldingen tusken de personaazjes nei te kommen en ynteressant wêze.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It tal karakters is foar de begjinnende lêzer te oersjen. It tal haadkarakters is fjouwer (Joachem, Marijke, ‘Einstein’ en Wybren).

Oantal karakters

Neist de haadkarakters is it tal bykarakters te oersjen (heit, mem, master en Marten).

Untjouwing fan de karakters

Yn it begjin fan it ferhaal seit Joachem hielendal neat. Hy doart net mear te praten om’t er stammeret. Joachem kin wol hiel moai tekenje. Dat docht er in protte om utering te jaan oan wat er sjocht en tinkt.

Oan de ein fan it ferhaal moat Joachem wol prate om foar te kommen dat de hûn Herta deasketten wurdt.

Ferantwurding

 Sjoch hjirnei.

Relevante  boarnen foar dosinten

-        https://afuk.frl/nl/mindert-wijnstra-1945-2020

-        https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/998445/skriuwer-mindert-wijnstra-74-ferstoarn

-        https://fy.wikipedia.org/wiki/Mindert_Wijnstra

-        https://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=wijn094

-        https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?code=LC&date=20200904&v2=true&id=LC-20200904-ZU07008002