Fries | niveau 6 | De Reade Bwarre

De Reade Bwarre

De Reade Bwarre

Riemersma, Tr.
Niveau
Niveau 6
Jaar uitgave
1992 [3de pr. 2010]
Uitgeverij
Koperative Utjowerij
Plaats
Boalsert
Aantal pagina's
499
Genre
  • autobiografy
  • boereroman
Tags
  • autobiografy
  • boereroman
  • doarpslibben
  • Ferwert
  • Fryske beweging
  • Fryske literatuer
  • jierren '30
  • polemyk
  • Twadde Wrâldoarloch
  • postmodernisme
Taalniveau
C2
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't yn dy tiid bysûnder wie foar Fryslân fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Guon fûnen dy iepenheid ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Behalve mei it skriuwen oer tabû-ûnderwerpen droech Riemersma mei foarmeksperiminten by oan de modernisearring fan de Fryske literatuer. In foarbyld dêrfan is de 'trijeslachtige' roman De hite simmer (1969). Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Yn de jierren '70 probearre er in eigen, fonologyske stavering út. Hy wie doe foarstanner fan in radikale staveringsfernijing. Nei 1979 skikte er him yn de nije staveringsregels, mar De Reade Bwarre ferskynde wol yn de eigen stavering.
Riemersma hat faak prizen krigen foar syn wurk: seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk (yn 1967) en De Reade Bwarre (yn 1995) ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam (dissertaasje Proza van het platteland), as letterkundedosint oan NHL Hegeskoalle en as kolumnist foar de Ljouwerter Krante.

Inhoud

De roman set útein mei it haadstik 'Ut ydyomatyske vudbûk' [= 'It idiomatyske wurdboek']. Sintraal yn dy tekst stiet it wurd. De roman en de ferhaallinen binne in útlis en útwurking fan dit haadstik 1 fan de roman.
De earste line is dy fan Grimbold en spilet him ôf yn de 15de iuw. Grimbold hat in kat, in reade boarre, mei de namme Boldgrim. Dy kat kin prate en seit tsjin Grimbold dat er op 'en paad moat om de minsken oer it evangeelje te fertellen. Grimbold slacht Boldgrim dea, snijt him de ballen ôf en giet op reis. Boldgrim syn geast giet mei him mei.
De twadde ferhaalline is de boereroman mei it libbensferhaal fan Harrem Bosma, alias Módderklauer. Hy is de soan fan Têke en Eelkje, dy't in gerniersbedriuw hawwe, dat is in lyts boerebedriuw (keuterboer).
De tredde line is dy fan Tilly. Dat is it autobiografyske ferhaal fan Trinus Riemersma. Harrem en Tilly groeie beide op yn Noardwest-Fryslân.
Tusken dy linen troch spylje anekdoates, ferhalen, parodyen en polemiken oer de Fryske literatuer, taalkunde en bewegingsskiednis in rol. Dy soe men beskôgje kinne as aparte ferhaallinen. Alle ferhaallinen wurde ferteld troch fiif kopijskriuwers dy't wurkje foar in opdrachtjouwer, dy't der ien gehiel fan makket. Fanwege it feit dat der fiif kopijskriuwers oan it wurk binne, kin men der fanútgean dat der ek fiif ferhaallinen binne.

Leesaanwijzingen

It drege oan dit boek daget dy tagelyk út. Dat komt trochdat it Frysk èn yn noardwestlike fariant is èn yn in oare stavering skreaun is èn it in tsjok boek is èn der fjouwer-fiif ferskillende ferhaallinen binne. Dêrnêst moatst aardich thús wêze yn de Fryske kultuer en skiednis om it boek wurdearje te kinnen. Ast beslútst om dizze roman te lêzen en do bist in N5-lêzer, is it fan belang datst gewoan trochlêst. Ek al lykje dyn eagen oer de wurden hinne te sweevjen sûnder datst der alles fan begrypst: gewoan trochlêze. Besykje de ferskillende ferhaallinen te folgjen. De N6-lêzer kin him talizze op de ynterpretaasje fan de ferskillende ferhaallinen.

Om over na te denken

Wat is dyn ferwachting fan dit boek? De Reade Bwarre wurdt troch guon as in modernistyske roman, troch oaren as in postmodernistyske roman beskôge. Wat is it ferskil neffens dy? Wannear soe in wurk in magnum opus neamd wurde kinne?

Waardering

'Yn de roman is alles tematisearre wat de Fryske literatuer ta de Fryske literatuer makket.'
Liesbeth Brouwer yn Parmentier

'Uteinliken is it boek - ek - wurden wat Riemersma doedestiids foar eagen stie: in literêre hommaazje oan syn heit.'
Sytske van Aalsum yn Trouw

'Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. Riemersma is ús earste postmodernist yn in faaks noch mytysk Fryslân.'
Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 1995 yn Trotwaer

'My sprekt dizze roman benammen oan, omdat ik in soad werken fan Ferwert en omjouwing. Ik ken de iisbaan, Utsjuch en de Hallumer Hoeke en wit presys wêr't de ferhalen harren ôfspylje.'
Leo (studint Frysk, NHL Hegeskoalle)

Opmerkingen

Trinus Riemersma heart by Fryslâns klassike skriuwers. De Reade Bwarre is syn 'magnum opus'. De komplete romantekst stiet digitaal op de dbnl en der is in harkboek (25 oeren!).
Dielnimmers oan in sympoasium oer 'Klassikers yn de Fryske literatuer' yn 2014 fertelden yn in enkête har top-3 fan Frysk proaza. Ien fan de trije neamde De Reade Bwarre, dat dêrmei fierwei op nûmer 1 kaam.




Leestips/meer weten

Myn eigen eker is it skriuwersblog fan Trinus Riemersma. It is nei syn ferstjerren yn 2011 op ynternet stean bleaun. Dêr kinst in protte te witten komme oer de skriuwer en syn wurk. Yn de knipselmappen by Tresoar kinst resinsjes fan De Reade Bwarre fine. Dy jouwe koart en dúdlik ynformaasje oer de foarm en ynhâld fan de roman.
Op ynternet daliks te finen de resinsje fan Jelle Krol yn de Ljouwerter Krante yn 1992, diel 1 en diel 2.
Oer Riemersma sels: Dokumintêre Omrop Fryslân, maart 2011

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen