Einum
- Niveau
- Niveau 4
- Jaar uitgave
- 2012 [2de útjefte 2015]
- Uitgeverij
- Elikser
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 312
- Genre
-
- psychologyske roman
- Tags
-
- doarpslibben
- takomst fan it Frysk/Fryslân
- krimp
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hyltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (ûnder pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe, útjefte yn eigen hân hâlde en ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe’t yn septimber 2015 lykwols bekend waard dat er foar it e-book Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 krige, brocht er mei Utjouwerij Elikser in moanne letter dochs in edysje fan Einum út op papier.
Inhoud
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje út ein mei de oerstek nei Europa. In reis dy’t syn einbestimming fynt by Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan Fryslân. De reis fan it fûgeltsje is in unikum, noait earder hat ien fan syn soarte (Seiurus Noveboracensis) de oerstek weage. Mar de fraach is oft syn ferbliuw yn Einum wol takomst hat, in fraach dy’t ek jildt foar de buorskip en syn bewenners. It doarp stiet op de nominaasje om foar it grutste part sloopt te wurden en foar de measte ynwenners liket der ek net folle perspektyf te wêzen. Mar de aksje fan it fûgeltsje bringt him en Einum even yn it sicht: kloften fûgelspotters komme derop ôf en ek ûnder de Einumers sels ûntstiet beweging.
Leesaanwijzingen
Koos Tiemersma hat in tige byldzjende literêre styl (mei in protte metafoaren). Hy seit de dingen soms oars as sljochtwei. Dêr moatst betocht op wêze en miskien ek wol efkes oan wenne yn it begin fan de roman. Dêrneist brûkt de skriuwer bytiden lange sinnen dêrt’st op stinne moatst (dialogen en gedachten steane dêrby troch elkoar). De roman wurdt ferteld út achttjin ferskate personaazjes wei. Lit dy net ôfskrikke troch saken dy’tst yn earste ynstânsje net begrypst, want sommige personaazjes komme werom yn lettere haadstikken en dan wurdt der folle mear dúdlik. Tiemersma leit hieltyd ferbiningen tusken de ferskate personaazjes, mar soms moatst dêr wol tige krekt foar lêze.
Om over na te denken
Is it noflik om yn in lyts doarp te wenjen? Wat soest dwaan as dyn doarp sloopt driget te wurden? Is de befolkingskrimp in bedriging foar Fryslân?
Waardering
‘Neist de styl is ek de opset fan de roman bysûnder. Elke persoan stiet mar ien kear sintraal yn in haadstik, al komme de measten wol yn oare rollen werom. Dêrmei is it risiko libbensgrut dat it ferhaal slim fragmintarysk bliuwt. De skriuwer hat lykwols in tal aardige ferbiningen oanbracht, dy't it ferhaal spannend hâlde en fan it boek in ienheid meitsje.’
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant
‘It ferhaal en de personaazjes sit net allinnich goed yninoar, mar ek de trant fan fertellen. It is efkes wennen, want it binne ferhipte lange sinnen, dy’t betiden hinne en wer fleane, benammen as der twa of mear minsken oan it wurd binne en dat net oanjûn wurdt troch oanhellingstekens. Mar sadree’t men der oan wend is, komt men yn in beskaat ritme en dan hie in oare skriuwstyl ek net by it ferhaal past.’
Geart Tigchelaar op Ensafh
Geart Tigchelaar filmke
Opmerkingen
Einum waard yn 2015 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis. It boek wie doe noch allinne mar as e-boek te krijen.
Leestips/meer weten
Oer de skriuwer: biografyske skets
Froon Akker (Koos Tiemersma) eigen website
Besprekken fan it boek by it boekprofyl
Besprek yn de Leeuwarder Courant
Besprek op Ensafh
Samengesteld door
Bart TemmeAanbevolen
Opdrachten
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | aktualiteit |
Learst | om nei te tinken oer de aktualiteit dy’t it ferhaal oansnijt |
Opdracht | Yn Einum beskriuwt Koos Tiemersma in aktueel tema: de befolkingskrimp yn Fryslân. Neffens de lêste sifers sil it tal ynwenners yn Fryslân yn 2030 2% minder wêze en yn 2040 sil it sels 5,5% minder wêze. Jongerein geane nei de Rânestêd omdat dêr mear wurkgelegenheid is. |
Bronnen | Krimp yn Fryslân set troch, Omrop Fryslân 13-11-2015 |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum | ||||||||||||
Nûmer | N3/2 | ||||||||||||
Nivo | 3 | ||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slû | ||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||
Fokus | personaazjes | ||||||||||||
Learst | om nei te tinken oer de personaazjes | ||||||||||||
Opdracht | 1. Skriuw yn fjouwer kearnwurden op watst belangryk fynst foar in nijsgjirrich (ynteressant) personaazje. Bygelyks: humoristysk, krêftich, aardich, ensafh.
| ||||||||||||
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum |
Nûmer | Opdracht N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tiid |
Learst | om nei te tinken oer de tiidsferrin yn it ferhaal |
Opdracht | 1. Meitsje in list fan alle haadstikken yn it boek. Set yn de list binnen elk haadstik ûnder elkoar de foarfallen en sênes fan dat haadstik. Nim de reis fan it fûgeltsje ek mei yn de list! Sa krijst yn stekwurden in oersjoch fan de opbou fan it boek. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | perspektyf |
Learst | om nei te tinken oer it effekt fan it perspektyf |
Opdracht | Yn it sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 2015 skriuwt de sjuery oer it mearfâldich perspektyf fan Einum: ‘Yn elk haadstik sjogge wy it lytse doarp út it perspektyf fan in folgjend personaazje. Sa wurde de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele. Dy suver filmyske komposysje dy’t de roman in enoarme faasje jout, docht gjin ûnderstek oan de personaazjes. Krekt oarsom: elke ‘akteur’ groeit sûnder omhaal fan wurden út ta in werkenber karakter.’ |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum |
Nûmer | N4/3 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | foarm |
Learst | om nei te tinken oer de foarm |
Opdracht | 1. De roman fan Koos Tiemersma begjint mei it ferhaal oer it fûgeltsje Seiurus Noveboracensis. Dêrnei wurdt it ferhaal fan de bewenners fan Einum nochris fiif kear ûnderbrutsen troch it ferhaal oer it fûgeltsje. Dy koarte haadstikken hjitte ‘De tocht’. Lês dy haadstikken nochris. |
Bronnen | 'Metafoor', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij Kleine Uil, 2009, side 169. |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | om nei te tinken oer it sjenre |
Opdracht | 1. Op it omslach fan Einum stiet ‘roman’. Wat betsjut neffens dy it wurd ‘roman’? Wat makket in boek ta in ‘roman’? Sykje op ynternet om boarnen, brûk it Basisboek literatuur, gean yn petear mei in klasgenoat oer de term ‘roman’, wat net al. |
Bronnen | Josse de Haan, De Moanne 26-11-2015 |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Froon Akker [ps. Koos Tiemersma] Einum |
Nûmer | N5/2 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | poëtika |
Learst | om nei te tinken oer de poëtika fan in skriuwer |
Opdracht | Under 'poëtika' wurdt ferstien: de fisy en wurkwize fan in keunstner. Yn it bysûnder jildt dat foar in skriuwer of dichter. In poëtika ferwiist dus ek nei it gehiel fan opfettingen dy’t in skriuwer hat oer wat literatuer wêze moat. We ûnderskiede fjouwer poëtika’s: mimetysk, pragmatysk, ekspressyf en autonomistysk. De poëtika fan in skriuwer kin bliken dwaan út útspraken dy’t er binnen of bûten syn wurk docht. Nijsgjirrich is it om te sjen oft datjinge wat in skriuwer bygelyks yn ynterviews seit, kloppet mei syn skriuwpraktyk. Kinst ek ûndersykje oft de opfettingen fan de skriuwer oer literatuer feroarje in syn libben. |
Bronnen | 'Poëtica', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij Kleine Uil, 2009, side 18-21. |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy’t de lêzer hyltyd wer ferrast. Einum is syn werstart as skriuwer (ûnder pseudonym fan Froon Akker) mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe; útjefte yn eigen hân hâlde; ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe't lykwols bekend waard dat Tiemersma foar Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 takend krige, brocht er yn oktober 2015 mei Utjouwerij Elikser in edysje fan Einum út op papier.
Ynhâld
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje út ein mei de oerstek nei Europa. In reis dy’t syn einbestimming fynt by Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan Fryslân. De reis fan it fûgeltsje is in unikum, noait earder hat ien fan syn soarte (Seiurus Noveboracensis) de oerstek weage. Mar de fraach is oft syn ferbliuw yn Einum wol takomst hat, in fraach dy’t ek jildt foar de buorskip en syn bewenners. It doarp stiet op de nominaasje om foar it grutste part sloopt te wurden en foar de measte ynwenners liket der ek net folle perspektyf te wêzen. Mar de aksje fan it fûgeltsje bringt him en Einum even yn it sicht: kloften fûgelspotters komme derop ôf en ek ûnder de Einumers sels ûntstiet beweging.
Swierte
De roman Einum is in útdaagjend boek. Lêzers kinne har fêstbite in de styl (Tiemersma brûkt in protte byldspraak en metafoaren), it plot (der stean in protte iepen plakken in de roman) en it perspektyf (yn totaal folgje we mar leafst achttjin personaazjes). N4- en N5-lêzers sille dat wurdearje, mar N3-lêzers moatte dêr miskien wat mear oan wenne. Yn de roman komme maatskiplike en psychologyske kwestjes oan bod dy’t de jonge lêzers ek oan it tinken sette kinne. Is der takomst foar buorskippen en lytse doarpen? Wat kin de plattelânsmienskip dwaan tsjin befolkingskrimp?
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in ferhaal mei in protte personaazjes; foaral foar de N3-lêzers kin dat noch lestich wêze. Tiemersma jout de lêzer wol in realistysk ferhaal, dat makket it foar dizze lêzer wol makliker. |
Ynteresses |
Einum is geskikt foar lêzers dy’t hâlde fan ferhalen oer psychyske, sosjale en morele fraachstikken, sa as befolkingskrimp en de posysje fan it Fryske plattelân yn in feroarjende wrâld. Tiemersma biedt de lêzer genôch om oer te prakkesearjen. Ek lêzers dy’t hâlde fan doarpsferhalen sille Einum wurdearje. |
|
Algemiene kennis |
As de lêzer basale kennis hat fan befolkingskrimp en de gefolgen dêrfan foar it doarpslibben yn Fryslan wurdt Einum wol ynsichtliker. Psychologyske kennis is op guon plakken ek wichtich: de lêzer folget ferskate personaazjes mei ferskillende âldens: jong, âld en dêr tuskenyn. Yn Einum wurdt bytiden subtyl ferwiisd nei oare boeken en de Bibel, lykas de figuer fan Mozes. Mar ek sûnder de ferwizings op te pikken kin de lêzer it ferhaal begripe. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Yn Einum steane net in protte lestige wurden. Trochdat dy wurden yn in kontekst stean, hoecht it wurdboek der net altyd fuortendaliks by pakt te wurden. Dat is oantreklik foar de lêzer. |
Sinskonstruksjes |
De lingte fan de sinnen yn it boek fariearret sterk. Tiemersma brûkt bygelyks hiele lange bysinnen, mar syn sinnen binne bytiden ek koart (trije, fjouwer wurden op ien alinea). N3-lêzers sille by guon sinskonstruksjes krekt lêze moatte. |
|
Styl |
De styl fan Einum is bysûnder. De dialogen steane hieltyd yn de direkte rede (sûnder ynterpunksje). De roman befettet dêrneist in protte byldspraak: ‘Gré hat in noas as in jachtbuks’, ‘wolkjes fan fertriet boppe fronsele wynbrauwen’, ‘drinke en pisje mei myn liif as kearslûs’, ‘twa bûtenlampen nimme har ûnder skot’. De byldspraak is net altyd tagonklik foar N3-lêzers. N4- en N5-lêzers sille dat mear wurdearje. It ferhaal wurdt bytiden ek humoristysk ferteld (‘Foar Jan Bijker bestiet Thomas Vermeer foar santich persint út wetter en foar de oare tritich út benyptens’). De jonge lêzers sille dat wurdearje. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn Einum is net sprake fan in soad aksje. Lêzers dy’t dat sykje yn dizze roman sille teloarsteld wurde. It ferhaal hat net echt in spannend plot. |
Gronology |
It ferhaal yn Einum wurdt gronologysk ferteld, mar binnen de achttjin ferhalen sitte wol tiidsprongen en flashbacks, dy’t net altyd dúdlik markearre binne. Foar N3-lêzers is de gronology in útdaging. |
|
Ferhaalline(n) |
It ferhaal befettet ferskillende ferhaallinen. Einum bestiet út achttjin ferhalen oer doarpsbewenners dy’t foar it meastepart op harsels steane, fiif kear wurdt it ferhaal ûnderbrutsen troch it ferhaaltsje oer it fûgeltsje. Foar N4- en N5-lêzers sit der seker ferdjipping yn de ferskate ferhaallinen (se moatte alert bliuwe). Ek it ymplisite boadskip sille se wurdearje. Hoe kin it plattelânslibben him ferhâlde ta de befolkingskrimp? Dizze lêzers kinne har ek fêstbite yn de ‘iepen plakken’ dy’t it ferhaal biedt. |
|
Perspektyf |
Yn Einum is sprake fan in mearfâldich perspektyf. It ferhaal wurdt ferteld út achttjin personaazjes wei. Foar de lêzer bliuwe de personaazjes troch dat perspektyf wol mear op in ofstân (se komme net lang oan it wurd), mar foar N4- en N5-lêzers sil dat gjin grutte problemen opleverje. |
|
Betsjutting |
Ien fan de belangrykste tema’s fan Einum is de takomst fan de plattelânsmienskip yn Fryslân. Tiemersma beskriuwt it tema hiel subtyl yn de ferskate haadstikken en brûkt ferskillende personaazjes om sjen te litten dat it foar jong en âld jildt. Stadich wurde de ferhaallinen mei-inoar ferbûn. De N3-lêzer sil it oerkoepeljend tema miskien net daliks werkenne, mar foar N4- en N5-lêzers moat it gjin probleem wêze. Dy lêzers sille it tema ek op oare plakken yn de roman oanwize kinne, lykas de betsjutting fan it fûgeltsje (Seiurus Noveboracensis). |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
De lêzer folget de hanlings fan achttjin persoanen, mar yn Einum komme dêrneist noch folle mear karrakters foar. De N3-lêzer sil miskien net altyd de hanlings en prakkesaasjes fan alle karakters begripe kinne. In protte karakters binne gjin personaazjes dy’t tichtby de jongerein stean. Foar N4- en N5-lêzers moat it makliker wêze om har mei de personaazjes te identifisearjen. |
Hoemannichte |
It tal personaazjes yn Einum is hiel grut. Oan 'e iene kant jout dat betizing, want it tempo fan de haadstikken is heech en je sitte hiel fluch wer yn ’e holle fan in oar personaazje, dat kin N3-lêzers tsjinstean. Omdat de personaazjes net allegear útdjippe wurde, sille de N3-lêzers ek harren bêst dwaan moatte om de karakters te begripen. Binnen it ferhaal biede de personaazjes wol ‘iepen plakken’; N4- en N5-lêzers kinne dêrmei oan de slach. |
|
Untjouwing fan karakters |
Yn it ferhaal makket net elk personaazje in ûntwikkeling troch. By guon karakters is har libbensrin yn gearfetsjende styl troch Tiemersma yn it ferhaal ferfrissele (lykas by Thomas Vermeer). Tiemersma beskriuwt in protte hannelings fan de ferskate personaazjes, mar in eksplisite psychologsyske ferdjipping jout er net altyd. Foar lêzers is it ynteressant om dat sels te ûntdekken. It giet yn de roman benammen om in personaazje syn ferhâlding ta it plattelânslibben en ta de minsken yn de feroarjende Fryske wrâld. Foar N4- en N5-lêzers is dat tige útdaagjend. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Doeke Sijens, ‘In kleaune minsken’, Leeuwarder Courant, 22-11-2013. |