De weddenskip
- Niveau
- Niveau 4
- Jaar uitgave
- 2017
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 143
- Genre
-
- ramtfertelling
- Tags
-
- folksferhalen
- Edda
- mytology
- Taalniveau
- C1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Bibliotheek Fryslân
Over de auteur
Lida Dykstra (1961) groeide op yn in lyts doarp yn Fryslân. Se studearre oan de Reinwardt Academie yn Leien, hbû foar museummeiwurkers, keunstskiednis en archeology. Se wurke by de Stichting Monument van de Maand yn Ljouwert en wie konservator yn Museum Joure. Nei de berte fan har dochter naam se it beslút om har te setten ta kreatyf skriuwen. Yn 1994 ferskynde har earste berneboek en no is skriuwen har berop. Lida Dykstra skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har earder fakgebiet. Har boeken hawwe in soad fantasij en humor. Lida Dykstra hat gâns prizen krigen foar har wurk, dêrby twa kear de Simke Kloostermanpriis, de wichtichste Fryske priis foar jeugd- en berneboeken.
Inhoud
De Weddenskip is in ferhaal oer Jari, dy’t fertocht wurdt fan moard en dêrom op ‘e flecht is. Hy moetet de bline dichter Bernlef dy’t him de keunst fan it ferhalefertellen leare wol. Sy bedarje yn in herberch dêr’t Bernlef de minsken fermakket mei de spannende ferhalen út de Noardske mytology. Yn it ferhaal komst der achter wat de wiere reden is fan de flecht fan Jari en krijst in soad mytologyske ferhalen mei.
Leesaanwijzingen
De Weddenskip is net in gewoan ferhaal, mar bestiet út ien haadferhaal mei dêryn seis oare ferhalen dy’t yn it read skreaun binne. Dy seis ferhalen wurde ferteld troch Bernlef, in bline dichter. By de seis ferhalen hearre nochris seis ferhalen. Dy binne yn it goud werjûn. It is hiel dúdlik wannear’tst it haadferhaal lêst of ien fan dy seis ferhalen. Dy ferhalen soargje der allinnich wol foar dat der in soad lêstiid tusken de ferkillende sênes fan it boek sitte. Dy lêstiid kinst ferkoartsje troch de gouden ferhalen earst oer te slaan.
De seis reade ferhalen binne mytologyske ferhalen mei in soad wurden en ferwizingen nei dy mytology. It is dêrom wol handich datst yn it foar witst dat er in wurdlist oan it ein yn it boek sit. Ast efkes ferjitten bist wa’t Loki bygelyks wie, dan kinst dat opsykje.
Der stean hiel wat wurden yn it boek dy’tst net alle dagen hearst. Tink bygelyks oan it wurd earn of smjunt. Om it ferhaal goed te begripen silst sa no en dan miskien in wurd opsykje moatte. De tekeningen dy’t makke binne by de mytologyske ferhalen kinne dy ek fierder helpe.
Om over na te denken
Wannear bist in goede freon? Yn hokker situaasjes kiesto foar dysels? Foar wa hasto alles oer?
Waardering
‘Al mei al is de Weddenskip in pracht fan in boek wurden, wat ik o sa oanriede kin’
Geart Tigchelaar foar Ensafh.
‘In oanrieder foar elkenien dy't in útdaagjend en kreatyf ferhaal oer goaden, reuzen, dwergen, alfen en in protte oare wêzens lêze wol!’
Gerbrich, studint Ingelsk oan NHL Stenden
‘Ik fyn it in prachtich boek, wol wat foar de fynpriuwers. It is in moaie yntroduksje ta de orizjinele Edda.’
Babs Gezelle Meerburg, learareoplieder NHL Stenden.
Leestips/meer weten
BBA22_De-weddenskip_V05.pdf (berneboekeambassadeur.frl)
Samengesteld door
Akke GerlsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Lida Dykstra De weddenskip |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ferhaal |
Learst | Learst oer de wize fan fertellen/adaptaasjetechniken |
Opdracht | Opdracht
It is net belangryk datsto sichtber bist op it filmke, mar de tekening moat wol goed yn byld. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Lida Dykstra De weddenskip | |
Nûmer | N3/2 | |
Nivo | 3 | |
Stúdzjelêst | 1 | |
Wurkfoarm | yndividueel | |
Fokus | mytologyske ferwizings | |
Learst | Learst mear oer de Noardske mytology | |
Opdracht | Besjoch it ferske Fredou fan Baldrs Draumar op YouTube (sjoch by boarnen). It linkje stiet by de boarnen. En lês de tekst:
Do hast no in ferske belústere fan de band Baldrs Draumar. Yn it hjoeddeitisch Frysk is de namme fan dy band Balder syn dream.
De Weddenskip is basearre op teksten en ferhalen út de Noardske mytology. Faak hawwe wy net yn de gaten dat der ek hjoed-de-dei noch in soad ferwizingen binne nei dy mytology. Tink bygelyks oan dagen fan de wike (Odin of Wodan foar woansdei, Freya foar freed).
Bygelyks: DINGtiid is in ûnôfhinklik advysorgaan foar it Ryk foar it Frysk. Ding is yn de Noardske mytology in gearkomste dêr’t faak rjocht sprutsen waard. Rjocht is ûnôfhinklik en dêrom past dy namme ek by it advysorgaan | |
Bronnen | Fredou - Baldrs Draumar - Aldgillissoan 2015 (youtube.com) | |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Lida Dykstra De weddenskip |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel of yn twatal |
Fokus | ramtfertelling |
Learst | Learst te fokusjen op ien ferhaalline |
Opdracht | De Weddenskip bestiet út in ramtferhaal en seis mytologyske ferhalen. Trochdat de mytologyske ferhalen troch it haadferhaal hinne sitte, kin it wêze datst de fokus yn dat ferhaal wat kwytrekkest.
|
Literaire theorie | Iepen plakken – In soad ferhalen en films wurde spannend troch de fragen dy’t oproppen wurde en net fuortendaliks beäntwurde wurde. Sa’n fraach wurdt yn de literatuerwittenskip in iepen plak neamd. De ôfstân tusken it iepen plak (de fraach) en wat it antwurd dêrop wurdt spanningsbôge neamd. As de fraach ridlik gau beäntwurde wurdt, is der in koarte spanningsbôge. Hoe langer oft it antwurd op him wachtsje lit, hoe langer de spanningsbôge. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Lida Dykstra De weddenskip |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel |
Fokus | miening oer it boek |
Learst | Learst dyn miening oer it boek te jaan |
Opdracht | Besjoch it fideobesprek troch Geart Tigchelaar foar ensafh Fideobesprek 'De weddenskip fan Lida Dykstra (youtube.com)
Yn it filmke jout Tigchelaar oan dat it ferhaal de ferklaaipartij ‘hiel hilarysk’ is en Dykstra sels jout oan dat it ferhaal de man mei de moaiste fuotten tige grappich is.
Geart Tigchelaar is ek tige te sprekken oer de tekeningen fan Nina Peckelsen.
It fideobesprek wurdt ôfsluten mei ûnder oare de wurden: ‘It mei dúdlik wêze dat Lida Dykstra wer in pracht fan in boek ôflevere hat foar jong, mar ek benammen foar âld.’
Ast op fraach 1 oant en mei 7 antwurd jûn hast, hast eins in soart fan skript makke foar in fideobesprek fan De Weddenskip.
|
Literaire theorie | Der binne ferskillende soarten fan arguminten. Hjirûnder folget in globaal oersjoch fan argumintesoarten dy’t in soad brûkt wurde:
|
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Lida Dykstra De weddenskip |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | yntertekstualiteit |
Learst | Learst oer de ivichheidsformule |
Opdracht | Lês de teory oer Fryske ivichheidsformules.
Lida Dykstra hat ek in ivichheidsformule skreaun.Op side 29 stiet dit: ‘Wy sille de hillige wurden sprekke dy’t jilde salang’t de wyn fan de wolken waait, it gers groeit, de beam bloeit de sinne moarns opgiet en alle njoggen wrâlden besteane.’
Is de ivichheidsformule fan side 29 it ûnderstreekjen fan in winsk of fan rjochtspraak? Beärgumintearje dyn antwurd mei op syn minst 50 wurden.
Wat binne de oerienkomsten tusken de ivichheidsformules?
|
Bronnen | |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Lida Dykstra De weddenskip | |
Nûmer | N5/2 | |
Nivo | 5 | |
Stúdzjelêst | 2 | |
Wurkfoarm | yndividueel of yn twatal | |
Fokus | Edda | |
Learst | Learst djipper op de tekst yn te gean | |
Opdracht | Opdracht Op it skutblêd fan De Weddenskip stiet Yggdrasil werjûn mei yn har de njoggen wrâlden. Lida Dykstra hat har ynspirearje litten troch de Edda’s. De Fryske skriuwer Willem Schoorstra hat de poëtyske Edda oersetten nei mear lêsber Frysk. Besjoch Diel 3 fan De Edda yn it wyld In skaaimerk fan de Edda is it rymskema. Der sit gjin einrym yn, mar wol assonânsje, alliteraasje en in metrum. Sjoch yn de literêre teory wat dat ynhâldt. In pear strofes dy’t Willem Schoorsta foardraacht, stean hjirûnder beskreaun.
Lida Dykstra makket ek gebrûk fan assonânsje en alliteraasje om in goed metrum te krijen.
| |
Literaire theorie | ||
Bronnen | ||
Makke troch | Akke Gerlsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Lida Dykstra (1961) groeide op yn in lyts doarp yn Fryslân. Se studearre oan de Reinwardt Academie yn Leien, hbû foar museummeiwurkers, keunstskiednis en archeology. Se wurke by de Stichting Monument van de Maand yn Ljouwert en wie konservator yn Museum Joure. Nei de berte fan har dochter naam se it beslút om har te setten ta kreatyf skriuwen. Yn 1994 ferskynde har earste berneboek en no is skriuwen har berop. Lida Dykstra skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har earder fakgebiet. Har boeken hawwe in soad fantasij en humor. Lida Dykstra hat gâns prizen krigen foar har wurk, dêrby twa kear de Simke Kloostermanpriis, de wichtichste Fryske priis foar jeugd- en berneboeken.
Ynhâld
De Weddenskip is in ferhaal oer Jari, dy’t fertocht wurdt fan moard en dêrom op ‘e flecht is. Hy moetet de bline dichter Bernlef dy’t him de keunst fan it ferhalefertellen leare wol. Sy bedarje yn in herberch dêr’t Bernlef de minsken fermakket mei de spannende ferhalen út de Noardske mytology. Yn it ferhaal komst der achter wat de wiere reden is fan de flecht fan Jari en krijst in soad mytologyske ferhalen mei.
Swierte
De wikseling tusken de ferhalen kin foar N3-lêzers wol swierrichheden jaan. Sy soenen fêst rinne kinne op de details en beskriuwingen. De opmaak fan de ferhalen soarget der wol foar dat alle lêzers witte hokker dielen by mekoar hearre. Yn de mytologyske ferhalen sit in soad aksje, yn it haadferhaal sit dat wat minder. Faaks sil in N3-lêzer it mear sjen as in ferhalebondel en N4- en N5-lêzers hawwe wat mear grip op de gearhing fan it ferhaal. De tekeningen fan Nina Peckelsen binne foar alle lêzers stypjend om de mytologyske ferhalen te begripen.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N3-lêzer sil dit is lestich boek fine, om’t der trije soarten ferhalen |
Ynteresses |
Ynteresse yn de Noardske mytology of mytology yn it algemien |
|
Algemiene kennis |
It is handich as de lêzer in bytsje kennis hat fan mytology, |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fan tapassing. Al is it wol handich foar de lêzer at er kennis |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It taalgebrûk fan Dykstra is behoarlik geef en stiet It is ek ryk oan útdrukkingen, bygelyks ‘min as pompswetter’ In N3-lêzer dy’t it Frysk net op C1 nivo hat, sil it dreech |
Sinskonstruksjes |
De ferskillende ferhalen soargje foar in oare kar yn sinskonstruksje. De ramtfertelling is foar sawol de N3-, N4 as de N5-lêzer goed troch te |
|
Styl |
Dykstra wikselet ienfâldige dialogen ôf mei proaza. Dat soarget |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De fysike aksje sit foaral yn de mytologyske ferhalen. Yn it haadferhaal |
Gronology |
It ramtferhaal is gronologysk en der sitte gjin tiidssprongen yn. It duorret |
|
Ferhaalline(n) |
Der binne meardere ferhaallinen. It ramtferhaal fan Jari en de âlde |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld fan út it perspektyf fan de alwittende ferteller wei. |
|
Betsjutting |
Lida Dykstra jout oan dat De Weddenskip bestimd is foar lêzers |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Yn it ramtferhaal binne Jari en Bernlef de wichtichste karakters. Yn de oare ferhalen is der foaral in rol weilein foar Loki. |
Oantal karakters |
Neist Jari, Bernlef en Loki binne der eins net mear wichtige karakters. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Der is net in echte ûntjouwing by ien fan de karakters. Yn it ramtferhaal |