Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 4 | De sûnde fan Haitze Holwerda

De sûnde fan Haitze Holwerda

De sûnde fan Haitze Holwerda

Houten, Ulbe van
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
1938 [11de pr. 2010]
Uitgeverij
De Fryske Bibleteek / Laverman
Plaats
Ljouwert / Drachten
Aantal pagina's
156
Genre
  • boereroman
  • histoaryske roman
Tags
  • Greidhoeke
  • religy
  • sosjalisme
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Ulbe van Houten (1904-1974) wie skoalmaster en letter learaar Ingelsk yn Sint Anne. Hy begûn mei skriuwen om 1930 hinne en publisearre syn ferhalen yn it moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip. De sûnde fan Haitze Holwerda ferskynde dêr fan 1936 ôf as feuilleton yn. Twa jier letter kaam it yn boekfoarm út. De roman wie in trochslaand súkses en groeide út ta ien fan de populêrste Fryske boeken fan alle tiden. Van Houtens wurk falt op troch in treflike en libbene fertelstyl.

Inhoud

Wa is de baas? De striid om de macht is fan alle tiden, yn it grut en yn it lyts. Dit ferhaal spilet om 1900 hinne op in pleats tusken Blessum en Boksum tichteby Ljouwert. Haitze Holwerda, in stege grifformearde greidboer, hat trije arbeiders út It Bilt ynhierd foar it wurk yn de 'ûngetiid' - de drokke tiid by it ynheljen fan it hea yn it waarmst fan de simmer. De Bilkerts binne frijfochten mannen en tige mûltsjegau. De boer hat fan it begjin ôf in protte argewaasje fan de arbeiders, mar dy litte har net yn 'e hoeke sette. As it wurk yn fjouwer wike berêden is, wol de boer de fyfde wike net útbetelje, lykas wol ôfpraat wie. De Bilkerts nimme dat net en witte de boer om lyk te krijen. Dy komt ta ynkear en wurdt fersoene mei himsels en mei syn God.

Leesaanwijzingen

De aksje yn dit boek begjint yn haadstik 2, it twadde stik. Dan komme de arbeiders oan dy't de boer ynhierd hat foar de 'ûngetiid'. Yn de ûngetiid wie alle folk oan it skreppen om it hea fan it lân te heljen en yn de skuorre op te slaan. It joech ek stress, want as der rein kaam, waard it hea net drûch. Yn it earste stik fan haadstik 2 wurdt ferteld hoe't de boer oan de Bilkerts slagge is. Haadstik 1 brûkt de skriuwer om haadpersoan Haitze Holwerda foar de lêzer del te setten: in grutske grifformearde boer dy't it goed mei himsels troffen hat. Yn it boek komme termen út it âlde boerelibben foar. Soms kinst se wol ûngefear begripe út de kontekst, mar it kin ek handich wêze om se op te sykjen. Googelje op 'Woordenboek der Friese taal kennislink' of brûk taalweb.frl. De Bilkerts prate yn har eigen taal, mar dat is wol te snappen.

Om over na te denken

Kinne minsken wol echt feroarje of sitte se sa fêst oan har miljeu en karakter dat je dêr net op hoege te rekkenjen? Wat is yn Fryslân sa ûngefear de bouhoeke en wat de greidhoeke? Hoe meanden de boeren yn earder tiid it gers op it lân foardat der meanmasines wiene?

Waardering

'... as Yvon Jaspers fan 'Boer zoekt vrouw' by Haitze Holwerda op de pleats delkomme soe, soe se him earst ris op in striepak sette, en in serieus gesprek mei him hawwe. 'Kan dit nou zomaar, Haitze? Het is voor jou misschien maar negen gulden, maar voor je arbeiders is het een kapitaal!' It soe grif moaie telefyzje opleverje.'
Nynke de Jong yn 2010 op sirkwy.frl

'Van Houten hat it ferhaal lyts holden [...]. It is krekt dy beheining dy't De sûnde fan Haitze Holwerda noch altyd aktueel makket. Ferfang de buorkerij troch in grut boubedriuw mei in wat sunige direkteur, ferfang de Bilkerts troch in pear Poalske of Marokkaanske wurknimmers, lit se rúzje krije oer de ynhâld fan de Europeeske CAO en je krije in eksplosyf mingsel fan eangst, erchtinken, ûnfrede en latint rassisme.'
Jaap Krol yn 2010 op sirkwy.frl

Opmerkingen

De folsleine tekst fan it boek stiet op de dbnl
Van Houten krige mei foar dizze roman yn 1955 de Gysbert Japicxpriis.
Tusken Blessum en Boksum rint in fuotpaad dat de namme hat fan 'Haitze Holwerdapaad'.




Leestips/meer weten

Boekprofyl mei it boek yn de digitale biblioteek en ûnderoan ferwizingen nei resinsjes en achtergrûnartikels.

Samengesteld door

Teake Oppewal

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndiviueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de wichtige personaazjes fan it boek

Opdracht

1. As Hindrik Kuken oan de ein fan it boek lêst dat Haitze Holwerda ferstoarn is, lit er yn him omgean om op kondoleânsjebesite te gean, mar úteinliks sjocht er der dochs ôf (s. 154, 155). Stel, jimme moatte yn Hindrik syn plak ek de ôfweaging meitsje oft jim wol of net op kondoleânsje gean sille. Meitsje in listke fan de redenen wêrom't jim der wol hinnegean soene, en wêrom net. Ferwiis wêr't dat kin nei passaazjes út it boek.

2. Hoe soe by jim de ôfwaging útfalle: wol of net gean? Wêrom?

3. Hoe dan ek, jim wolle al wat hearre litte nei frou Holwerda. Skriuw har in kondoleânsebrief fan minimaal twahûndert wurden.

4. Je kinne de ôfrin fan dizze roman op ferskillende manieren sjen. Wat fine jim, is Haitze Holwerda in loser of in winner? Lis út wêrom (yn sawat 300 wurden); brûk ferwizingen nei de tekst.

Makke trochTeake Oppewal
Boek Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmtwatal
Fokushaadpersonaazje
Learst

om nei te tinken oer it karakter fan it haadpersonaazje

Opdracht

1. Stel Haitze Holwerda libbe no. Nim ek oan, hy wie fjirtich jier en hy hie gjin frou. Soe er dan meidwaan wolle oan 'Boer zoekt vrouw' of net? Lis út wêrom.

2. Om mei te dwaan oan it programma BZV, wurde de boeren dy't in frou sykje goed screend. Se moatte in listke ynleverje mei op syn minst trije positive eigenskippen fan harsels. As Haitze Holwerda meidwaan woe, hokker positive eigenskippen soe er dan oer himsels melde? Skriuw de siden op dêr't dy eigenskippen nei foaren komme.

3. Do sitst yn de redaksje fan it programma en hast by wize fan ynformaasje oer de kandidaat Holwerda it boek fan Ulbe van Houten lêzen (lit it lêste haadstik bûten beskôging). Soest Holwerda dan meidwaan litte oan it programma of net? Lis út wêrom.

Makke trochTeake Oppewal

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusûnbetroubere ferteller
Learst

mear oer it begryp 'ûnbetroubere ferteller' en wat foar effekt dat hat op 'e lêzer

Opdracht

1. Holwerda hat heldere mieningen oer himsels. Bygelyks dizze: 'Dy't by him yn it wurk wie en syn plicht die, dy gunde er in goed miel iten' (s. 31). Gean nei oft dy útspraak fan Holwerda oer himsels strykt mei wat er tinkt yn de sêne dy't dêrop folget, mei it earste mienskiplike middeismiel fan de arbeiders, de boer, de boerinne en it oare personiel. Jou foarbylden út de tekst (s. 31-35).

2. Op side 136 stiet hoe't Haitze Holwerda mei de pols oer in brede sleat springt. Hy is bang dat er it net mear kin, mar hy komt deroer. 'Ik kin it noch, tocht er, wylst er it wetter út 'e klompen geat, ...'. Fynsto dat Holwerda it sleatsjespringen wier noch kin, ast dit lêst? Lis út.

3. De skriuwer Van Houten past yn de boppeneamde foarbylden in technyk fan fertellen ta, dy't makket dat de lêzer in bepaalde yndruk fan it personaazje krijt. Jou yn de beide boppeneamde foarbylden oan wat foar yndruk Haitze Holwerda by dy as lêzer opropt. Kies út de folgjende mooglikheden (mear mei ek) en motivearje dyn kar:
- hy is in liger
- hy is net hielendal earlik
- it is in serieuze man
- hy hat in goed selsbyld
- hy is eigenwiis
- hy kin goed relativearje

4. Holwerda en syn frou Minke hawwe gjin bern. Hoe kin dat sa? (s. 12)

5. Tinkst datsto as lêzer no goed op 'e hichte bist wêrom't de Holwerda's gjin bern ha? Lis út.

6. Yn de boppesteande fertelsituaasjes is in 'ûnbetroubere ferteller' of in 'ûnbetrouber perspektyf' oanwêzich. Mear dêroer is ûnder oare te finen yn de boarne dy't hjirûnder neamd wurdt. Fertel yn dyn eigen wurden wat no krekt bedoeld wurdt mei in ûnbetroubere ferteller. Meist ien fan de yn fragen 1, 2 of 4 oanhelle fragminten brûke om it út te lizzen.

Bronnen

Basisboek literatuur, Joke van Balen e.a., s. 105

Makke trochTeake Oppewal
Boek Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om ynsicht te krijen yn hoe't de tsjinstellingen tusken personaazjes yn de tekst ferbylde wurde

Opdracht

1. Yn it konflikt dêr't it yn dizze roman om giet steane Haitze Holwerda en de Bilkerts, en dan benammen Hindrik Kuken, foar elkoar oer. De skriuwer hat de tsjinstelling tusken beide mannen op mear as ien wize útbylde.
Lês noch in kear it stik fan s. 45 oant healwei s. 49, 'Hy stie it net mei de loft. Doe't ......'  oant 'En Hindrik Kuken, dy soe mooglik ek nochris in kear oan dizze middei komme te tinken.'
Neam twa punten dêr't Haitze Holwerda en Hindrik Kuken elkoar yn bestride en jou oan wa't wint.

2. Yn itselde stik stiet ek in ferskil fan ynsicht oer 'de moderne tiid'. Jou oan wat dat ferskil is.

3. In oar striidpunt is wa't it meast fan de Bibel ôfwit.
Lês nochris de passaazje op s. 72-74, fan 'Hy blêde yn 'e grutte Bibel....' oant 'En as it net oars koe, as er it oars net hâlde koe, soe er it dochs wer dwaan!'.
Wa is hjir by einsluten de winner en wêrom?

4.  In nijsgjirrige rol yn de roman is ornearre foar Haitze syn frou Minke. Lis út dat de skriuwer daliks yn it begjin al oan de ûnderlinge oansprekfoarmen tusken Haitze en Minke sjen lit hoe't de ferhâldingen lizze (s. 6).

5. Geandewei it ferhaal blykt dat de ferhâldingen oars lizze as yn it begjin suggerearre wurdt. Op it hichtepunt fan it konflikt spilet Minke in essinsjele rol.
Lês nochris it stik fan side 138 'Hy gie daliks yn 'e hûs...' oant healwei s. 140. Gean nei hoe't Minke op har man ynpraat. Wat foar arguminten neamt sy op s. 139? Neam minstens trije.

6. Wat is it lêste sizzen fan Minke, dat makket dat Haitze om lyk giet? Fergelykje it taalgebrûk fan de ûnderlinge ferhâldingen mei dat by fraach 4.

 

Makke trochTeake Oppewal

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

oer de betsjutting fan dizze roman yn de Fryske literatuer

Opdracht

By in enkête yn 2006 fan de Ljouwerter Krante ûnder it Fryske lêzerspublyk nei de moaiste Fryske roman stie De sûnde fan Haitze Holwerda op nûmer 1, ex aequo mei Tin iis fan Tiny Mulder.
Yn 2010 ferskynde de alfte printing by útjouwerskombinaasje TDE. Yn dat jier wie it ek ien fan de boeken út de lêsbefoarderingsaksje 'Fryslân lêst syn toppers'. Alpita de Jong keas it boek yn 2013 út as in Fryske klassiker dy't it fertsjinnet oerset te wurden yn bygelyks it Dútsk.
Hoe kin it dat dit boek sa populêr wie en by guon miskien noch altyd is?
Om dat út te finen is it fan belang in oantal resinsjes oer it boek te lêzen.

1. Lês elk fan de folgjende boarnen en skriuw yn it koart op wat de sterke en eventueel swakke punten punten binne fan it boek, neffens de kritikus:
Tiny Mulder 1983, Jan Wybenga 1991, Klaas Jansma 2001, Jetske Bilker 2010, Jelle van der Meulen 2010.

2. Jou oan mei wa fan de boppeneamde kritisy oftsto it it meast iens bist, en wêrom.

3. Lês it Ingelsktalige stik fan Alpita de Jong út 10 Books from Friesland út 2013. Wat binne neffens De Jong de treflike punten fan it boek?

4. Tinkst dat Holwerda's Sin minsken dy't it plattelân yn Fryslân net kenne ek oansprekke sil of net? Lis út wêrom.

Bronnen

Alle boarnen binne te finen oan de ein fan it boekeprofyl op tresoar.nl

Makke trochTeake Oppewal
Boek Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuskontekst
Learst

om nei te tinken oer de religieuze kontekst fan it boek

Opdracht

De wrâld fan boerewurk sûnder masines sa't dy yn it boek skildere wurdt, heart al in hiel skoft by it histoarysk erfgoed fan ús kultuer, krekt as de termen dy't dêrby hearre, lykas 'seine' en 'potstro' [útspraak: postro]. Dat jildt ek hyltyd mear foar it libbensbesef en de religieuze wrâld fan Ulbe van Houten, sa't dy ta utering komme yn De sûnde fan Haitze Holwerda. As foarbyld kinne je sjen nei it wurd 'sûnde' út de titel.

1. Skriuw op wat foar dy de betsjutting is fan it wurd 'sûnde'.

2. It wurd sûnde komt twa kear yn de tekst foar (s. 12 en s. 149). Wat bedoelt de skriuwer mei dat wurd op dy beide plakken, te oardieljen nei it ferbân yn de tekst?

3. Foldocht it antwurd op de foarige fraach ek as ferklearring fan it wurd sûnde yn de titel? Lis út.

4. Foar in nije útjefte yn it Nederlânsk soe de oersetter kieze kinne foar de titel Het tekort van Haitze Holwerda. Jou dyn miening oer dizze titel. Tink dêrby ek oan de filosofyske term 'het menselijk tekort' en betrek dyn antwurd op fraach 1 derby.

5. Ulbe van Houten fertelt yn in lêzing yn 1955 dat foar him de 'kearnsin' út it boek is de sin 'Boppe him song in ljurk foar de blauwe simmerloft' (s. 151). Jou oan wat Van Houten dêrmei bedoele kin. Betrek yn dyn útwurking it gedicht 'De ljurk' fan Fedde Schurer, dat opnommen is yn de blomlêzing Oer de wjuk.

Bronnen

Oer de wjuk. Fryslâns moaiste fûgelpoëzy. Gearstald troch Eppie Dam, 2013.

Makke trochTeake Oppewal
Boek Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda
NûmerN5/3
Nivo5
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotyf
Learst

om in analyse te meitsjen fan it motyf 'jild' yn de tekst

Opdracht

Jild spilet yn de roman in belangrike rol. Troch yn de tekst te sjen nei de plakken dêr't de skriuwer it wurd 'jild' brûkt, wa't it der op dat plak oer hat en wat dy dêr oer seit, of tinkt of by fielt, kinst de funksje fan jild yn kaart bringe en miskien mear sizze oer de betsjutting yn de roman. Fan haadstik V ôf komt it wurd jild geregeld yn de tekst foar, wat mear nei de ein ta, wat faker.

1. Sykje yn de digitale ferzje fan it boek op dbnl.org om it wurd 'jild'. Kinst de hiele tekst trochsykje (linkerkolom 'doorzoek de hele tekst', mar kinst yn elk haadstik apart ek mei de funksjetoets F3 sykje om de plakken dêr't it wurd brûkt wurdt. Begjin by haadstik V en gean dan fierder oan de ein ta.
Notearje yn in tabel by elk foarkommen it folgjende:
Sidenûmer; wa't it oer jild hat of deroan tinkt; de betsjutting en eventueel de emosjonele lading.

2. Jou op grûn fan de by elkoar swile gegevens oan wat it jild foar de ferskillende personaazjes yn de roman betsjut en oft dy betsjutting ek feroaret yn de rin fan it ferhaal.

Literaire theorie

In motyf yn in literêre tekst is in betsjuttingsfol elemint dat geregeld herhelle wurdt. Motiven binne der op ferskillende nivo's. It jild yn dizze roman is in foarbyld fan in (konkreet) ferhaalmotyf dat útsoarte fan belang is foar it tema fan it boek. Der binne ek mear abstrakte motiven.

Bronnen

Basisboek literatuur, Joke van Balen, s. 113.

Makke trochTeake Oppewal

Docenteninformatie

Yntroduksje

Ulbe van Houten (1904-1974) wie skoalmaster en letter learaar Ingelsk yn Sint Anne. Hy begûn mei skriuwen om 1930 hinne en publisearre syn ferhalen yn it moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip. De sûnde fan Haitze Holwerda ferskynde dêr fan 1936 ôf as feuilleton yn. Twa jier letter kaam it yn boekfoarm út. De roman wie in trochslaand súkses en groeide út ta ien fan de populêrste Fryske boeken fan alle tiden. As syn libbenswurk beskôge Van Houten sels De hillige Histoarje (twa dielen), in neifertelling fan de ferhalen út de Bibel. Hy krige yn 1955 de Gysbert Japicxpriis foar beide titels. Syn ferhalen en twa novellen waarden yn 1965 by elkoar brocht yn De rook fan it lân.
Van Houtens wurk falt op troch in pakkende, libbene fertelstyl. Hy wie de earste Fryske romanskriuwer dy't moai konsekwint in personaal perspektyf folhâlde en gebrûk makke fan de ferteltechnyk fan de ûnbetroubere ferteller.

Ynhâld

It ferhaal spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda, in stege grifformearde greidboer, hat foar de ûngetiid trije Bilkerts ynhierd, frijfochten mannen en tige mûltsjegau. Yn de wiken dat se der binne ûntstiet in machtsstriid tusken de boer en de arbeiders; de boer ferliest slach op slach. As it wurk yn fjouwer wike berêden is, wol de boer de fyfde wike net útbetelje, lykas wol ôfpraat wie. De Bilkerts nimme dat net en witte de boer om lyk te krijen. Dy komt ta ynkear en wurdt fersoene mei himsels en mei syn God.

Swierte

It boek set yn mei in statysk haadstik, dêrnei begjint de aksje pas. It ferhaal spilet yn in wrâld dy't fier fan de learlingen ôf stiet, sawol yn tiid (1900), fermidden (boerewrâld mei syn eigen fakjargon) as geastlik (âlderwetsk tinkende otterdokse boer en selsbewuste arbeiders). Allinne al it wurd 'ûngetiid' ferget útlis. N3-lêzers sille der dêrom klauwen oan ha it ferhaal te wurdearjen, foaral ek omdat de irony fan de ferteller gearhinget mei de no net mear sa bekende otterdokse en tradisjonele tinkwrâld dy't Haitze Holwerda fertsjintwurdiget. Sy sille de plotûntjouwing fan de machtsstriid tusken boer en arbeiders wol folgje kinne en as se ienkear yn de besnijing komme fan it ferhaal docht dat in sterk berop op har rjochtfeardichheidsgefoel.
Foar N4-lêzers jilde deselde tûkelteammen, mar dy sille de ymplisite spot fan de auteur mei syn haadpersonaazje better pleatse en wurdearje kinne. Sy kinne ek de ferskillende tsjinstellingen dy't yn tekst foarkomme werkenne en sille in beredenearre oardiel jaan kinne oer de ôfrin fan it ferhaal.
N5-lêzers moatte it boek goed ha kinne. De útdaging dy't der foar har yn leit, is om har te ferdjipjen yn de maatskiplike kontekst: it Fryslân fan in iuw lyn en wat dêr no noch fan werom te finen is, sawol materieel as geastlik.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek hat sa'n 160 siden, mar de wat âldfrinzige titel sil net folle learlingen daliks oansprekke. It ferhaal komt earst yn paragraaf 2 fan haadstik 2 goed op gong. Learlingen dy't net daliks grypt wurde troch de fertelstyl moatte ree wêze tsien bledsiden troch te lêzen foar't se goed en wol meinommen wurde.

Ynteresses

Learlingen mei belangstelling foar moderne (sosjale) skiednis of foar it boerelibben sille yn dit boek grif wat fan har gading fine. Datselde jildt foar learlingen dy't bekend binne mei de kriten dêr't it boek spilet, mei it Bilts of mei it otterdokse fermidden fan de haadpersoan.

Algemiene kennis

It is in pree foar de lêzer as er de topografy yn it boek teplak bringe kin, mar dat is net needsaaklik. Itselde jildt foar it boerelibben sa't dat yn de roman delset wurdt.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is foar hjoeddeiske lêzers net ienfâldich. Foar N3-lêzers kin dat in ûntmoedigjend punt wêze. Sy sille guon situaasjes net snappe en dat gewurde litte. N4-lêzers kinne it wol ha en har faaks oantrúnd fiele om de betsjutting fan wurden op te sykjen. Foar N5-lêzers kin it in útdaging wêze om har troch de 'boerewurden' te ferdjipjen yn de achtergrûn. De direkte rede fan de Bilkerts is yn it Biltsk werjûn; dat sil foar N3-lêzers en heger gjin grutte beswieren oproppe.

Sinskonstruksjes

De sinskonstruksjes yn it boek binne net dreech. Sinnen langer as twa rigels tekst komme net folle foar.

Styl

It boek is trochkrongen fan in iroanyske ôfstân tusken ferteller en haadpersoan. De skriuwer berikt dat ûnder oare troch fia de ferteller de tsjinstrichheden en ynkonsekwinsjes yn de gedachtegong fan Holwerda oan de lêzer troch te jaan. Dy wurkwize is net kompleks en helder markeard, in kontrastearjende ynterne monolooch wurdt faak ôfsletten mei in útropteken.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De spanning bout him troch it boek hinne stadich op; foar de lêzer wurdt it hyltyd dúdliker dat der in grut konflikt op komst is. N3-lêzers sille meinommen wurde troch it ferhaal. N4-lêzers kinne dêrnêst ek de stapkes fan de eskalaasje ûnderskiede. 

Gronology

It ferhaal wurdt yn grutte halen gronologysk ferteld en jout op dit stik fan saken gjin swierrichheden. De lange flashback fan Hdst V.4 ôf oan de ein fan Hdst V ta foeget him maklik yn it ferhaal. Itselde jildt foar Hdst II.1

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline dy't hielendal fokust op de ûntwikkeling fan de relaasje tusken boer en Bilkerts. Ien sydsprong, it wykein fan de Bilkerts yn St. Anne (Hdst IV.3), is maklik nei te kommen, al rint it út op in aparte trie yn it gehiel.

Perspektyf

It perspektyf is almeast personaal fan Haitze út besjoen. Parten dy't bûten him om spylje (bg. Hdst IV.3, V.9, VI.3, IX.2) hawwe in auktoriale ferteller. De perspektyf-kar is foar N3-lêzers en heger gjin swierrichheid. 

Betsjutting

N3-lêzers sille de betsjutting fan it boek benammen sjen yn it sosjale konflikt, of miskien sille se it boek lêze as in kristlike bekearingsroman, ôfhinklik fan it eigen referinsjekader. N4-lêzers kinne beide kanten yn it ferhaal sjen en de ôfrin kritysk hifkje. N5-lêzers kinne boppedat ek neitinke oer de ferskate foarmen fan resepsje en de betsjutting fan dit boek yn de Fryske literatuer.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer leart Haitze Holwerda goed kennen en sil oer it generaal in sekere sympaty foar him ha. Hindrik Kuken komt ek wol út de ferve. Frou Minke hat in wichtige byrol. De oare karakters bliuwe skematysk. De ferhâldingen tusken de karakters binne dúdlik. Foar N3-lêzers kin de omgong tusken Haitze en Minke faaks net dúdlik wêze, omdat sy him joket.

Hoemannichte

Nêst Haitze en de trije Bilkerts binne der noch in tal oare byfigueren dy't op de pleats tahâlde. Foar lêzers fan N3 en heger sil dat allegearre gjin swierrichheden jaan.      

Untjouwing

Holwerda komt yn in krisis dy't er belibbet yn it ramt fan syn religieuze libbensfizy. It konflikt is foar alle lêzers goed te folgjen, mar de religieuze erfaring yn it slothaadstik kin foar N3-lêzers lestich nei te kommen wêze.

Ferantwurding

Tr. Riemersma, De kul, jg 2 (1984) s. 61-65. Sjoch op tresoar.nl ûnderoan by boekprofyl

Relevante  boarnen foar dosinten

De tekst fan it boek is te finen op de dbnl.
Oer de skriuwer sjoch ek yn de dbnl De rook fan it lân, neiwurd.
De resepsje fan De sûnde fan Haitze Holwerda is aardich breed, mar djippergeande skôgingen binne der net folle. Durk Nota en Trinus Riemersma hiene yn 1984 in nijsgjirrige polemyk oer de rol fan de psycho-analyse bij de romananalyse, yn it bysûnder fan dit boek.
Op tresoar.nl steane by it boekprofyl links nei in oantal wichtige artikels oer it boek.