De sûnde fan Haitze Holwerda
- Niveau
- Niveau 4
- Jaar uitgave
- 1938 [11de pr. 2010]
- Uitgeverij
- De Fryske Bibleteek / Laverman
- Plaats
- Ljouwert / Drachten
- Aantal pagina's
- 156
- Genre
-
- boereroman
- histoaryske roman
- Tags
-
- Greidhoeke
- religy
- sosjalisme
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Ulbe van Houten (1904-1974) wie skoalmaster en letter learaar Ingelsk yn Sint Anne. Hy begûn mei skriuwen om 1930 hinne en publisearre syn ferhalen yn it moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip. De sûnde fan Haitze Holwerda ferskynde dêr fan 1936 ôf as feuilleton yn. Twa jier letter kaam it yn boekfoarm út. De roman wie in trochslaand súkses en groeide út ta ien fan de populêrste Fryske boeken fan alle tiden. Van Houtens wurk falt op troch in treflike en libbene fertelstyl.
Inhoud
Wa is de baas? De striid om de macht is fan alle tiden, yn it grut en yn it lyts. Dit ferhaal spilet om 1900 hinne op in pleats tusken Blessum en Boksum tichteby Ljouwert. Haitze Holwerda, in stege grifformearde greidboer, hat trije arbeiders út It Bilt ynhierd foar it wurk yn de 'ûngetiid' - de drokke tiid by it ynheljen fan it hea yn it waarmst fan de simmer. De Bilkerts binne frijfochten mannen en tige mûltsjegau. De boer hat fan it begjin ôf in protte argewaasje fan de arbeiders, mar dy litte har net yn 'e hoeke sette. As it wurk yn fjouwer wike berêden is, wol de boer de fyfde wike net útbetelje, lykas wol ôfpraat wie. De Bilkerts nimme dat net en witte de boer om lyk te krijen. Dy komt ta ynkear en wurdt fersoene mei himsels en mei syn God.
Leesaanwijzingen
De aksje yn dit boek begjint yn haadstik 2, it twadde stik. Dan komme de arbeiders oan dy't de boer ynhierd hat foar de 'ûngetiid'. Yn de ûngetiid wie alle folk oan it skreppen om it hea fan it lân te heljen en yn de skuorre op te slaan. It joech ek stress, want as der rein kaam, waard it hea net drûch. Yn it earste stik fan haadstik 2 wurdt ferteld hoe't de boer oan de Bilkerts slagge is. Haadstik 1 brûkt de skriuwer om haadpersoan Haitze Holwerda foar de lêzer del te setten: in grutske grifformearde boer dy't it goed mei himsels troffen hat. Yn it boek komme termen út it âlde boerelibben foar. Soms kinst se wol ûngefear begripe út de kontekst, mar it kin ek handich wêze om se op te sykjen. Googelje op 'Woordenboek der Friese taal kennislink' of brûk taalweb.frl. De Bilkerts prate yn har eigen taal, mar dat is wol te snappen.
Om over na te denken
Kinne minsken wol echt feroarje of sitte se sa fêst oan har miljeu en karakter dat je dêr net op hoege te rekkenjen? Wat is yn Fryslân sa ûngefear de bouhoeke en wat de greidhoeke? Hoe meanden de boeren yn earder tiid it gers op it lân foardat der meanmasines wiene?
Waardering
'... as Yvon Jaspers fan 'Boer zoekt vrouw' by Haitze Holwerda op de pleats delkomme soe, soe se him earst ris op in striepak sette, en in serieus gesprek mei him hawwe. 'Kan dit nou zomaar, Haitze? Het is voor jou misschien maar negen gulden, maar voor je arbeiders is het een kapitaal!' It soe grif moaie telefyzje opleverje.'
Nynke de Jong yn 2010 op sirkwy.frl
'Van Houten hat it ferhaal lyts holden [...]. It is krekt dy beheining dy't De sûnde fan Haitze Holwerda noch altyd aktueel makket. Ferfang de buorkerij troch in grut boubedriuw mei in wat sunige direkteur, ferfang de Bilkerts troch in pear Poalske of Marokkaanske wurknimmers, lit se rúzje krije oer de ynhâld fan de Europeeske CAO en je krije in eksplosyf mingsel fan eangst, erchtinken, ûnfrede en latint rassisme.'
Jaap Krol yn 2010 op sirkwy.frl
Opmerkingen
De folsleine tekst fan it boek stiet op de dbnl
Van Houten krige mei foar dizze roman yn 1955 de Gysbert Japicxpriis.
Tusken Blessum en Boksum rint in fuotpaad dat de namme hat fan 'Haitze Holwerdapaad'.
Leestips/meer weten
Boekprofyl mei it boek yn de digitale biblioteek en ûnderoan ferwizingen nei resinsjes en achtergrûnartikels.
Samengesteld door
Teake OppewalAanbevolen
Opdrachten
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | twatal, kin ek yndiviueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om nei te tinken oer de wichtige personaazjes fan it boek |
Opdracht | 1. As Hindrik Kuken oan de ein fan it boek lêst dat Haitze Holwerda ferstoarn is, lit er yn him omgean om op kondoleânsjebesite te gean, mar úteinliks sjocht er der dochs ôf (s. 154, 155). Stel, jimme moatte yn Hindrik syn plak ek de ôfweaging meitsje oft jim wol of net op kondoleânsje gean sille. Meitsje in listke fan de redenen wêrom't jim der wol hinnegean soene, en wêrom net. Ferwiis wêr't dat kin nei passaazjes út it boek. |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | haadpersonaazje |
Learst | om nei te tinken oer it karakter fan it haadpersonaazje |
Opdracht | 1. Stel Haitze Holwerda libbe no. Nim ek oan, hy wie fjirtich jier en hy hie gjin frou. Soe er dan meidwaan wolle oan 'Boer zoekt vrouw' of net? Lis út wêrom. |
Makke troch | Teake Oppewal |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ûnbetroubere ferteller |
Learst |
mear oer it begryp 'ûnbetroubere ferteller' en wat foar effekt dat hat op 'e lêzer |
Opdracht |
1. Holwerda hat heldere mieningen oer himsels. Bygelyks dizze:
'Dy't by him yn it wurk wie en syn plicht die, dy gunde er in goed
miel iten' (s. 31). Gean nei oft dy útspraak fan Holwerda oer
himsels strykt mei wat er tinkt yn de sêne dy't dêrop folget, mei
it earste mienskiplike middeismiel fan de arbeiders, de boer, de
boerinne en it oare personiel. Jou foarbylden út de tekst (s.
31-35). |
Bronnen |
Basisboek literatuur, Joke van Balen e.a., s. 105 |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst |
om ynsicht te krijen yn hoe't de tsjinstellingen tusken personaazjes yn de tekst ferbylde wurde |
Opdracht |
1. Yn it konflikt dêr't it yn dizze roman om giet steane Haitze
Holwerda en de Bilkerts, en dan benammen Hindrik Kuken, foar elkoar
oer. De skriuwer hat de tsjinstelling tusken beide mannen op mear
as ien wize útbylde.
|
Makke troch | Teake Oppewal |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | resepsje |
Learst | oer de betsjutting fan dizze roman yn de Fryske literatuer |
Opdracht | By in enkête yn 2006 fan de Ljouwerter Krante ûnder it Fryske lêzerspublyk nei de moaiste Fryske roman stie De sûnde fan Haitze Holwerda op nûmer 1, ex aequo mei Tin iis fan Tiny Mulder. |
Bronnen | Alle boarnen binne te finen oan de ein fan it boekeprofyl op tresoar.nl |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda |
Nûmer | N5/2 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | kontekst |
Learst |
om nei te tinken oer de religieuze kontekst fan it boek |
Opdracht |
De wrâld fan boerewurk sûnder masines sa't dy yn it boek
skildere wurdt, heart al in hiel skoft by it histoarysk erfgoed fan
ús kultuer, krekt as de termen dy't dêrby hearre, lykas 'seine' en
'potstro' [útspraak: postro]. Dat jildt ek hyltyd mear foar it
libbensbesef en de religieuze wrâld fan Ulbe van Houten, sa't dy ta
utering komme yn De sûnde fan Haitze Holwerda. As foarbyld
kinne je sjen nei it wurd 'sûnde' út de titel. |
Bronnen |
Oer de wjuk. Fryslâns moaiste fûgelpoëzy. Gearstald troch Eppie Dam, 2013. |
Makke troch | Teake Oppewal |
Boek | Houten, Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda |
Nûmer | N5/3 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | motyf |
Learst |
om in analyse te meitsjen fan it motyf 'jild' yn de tekst |
Opdracht |
Jild spilet yn de roman in belangrike rol. Troch yn de tekst te
sjen nei de plakken dêr't de skriuwer it wurd 'jild' brûkt, wa't it
der op dat plak oer hat en wat dy dêr oer seit, of tinkt of by
fielt, kinst de funksje fan jild yn kaart bringe en miskien mear
sizze oer de betsjutting yn de roman. Fan haadstik V ôf komt it
wurd jild geregeld yn de tekst foar, wat mear nei de ein ta, wat
faker. |
Literaire theorie |
In motyf yn in literêre tekst is in betsjuttingsfol elemint dat geregeld herhelle wurdt. Motiven binne der op ferskillende nivo's. It jild yn dizze roman is in foarbyld fan in (konkreet) ferhaalmotyf dat útsoarte fan belang is foar it tema fan it boek. Der binne ek mear abstrakte motiven. |
Bronnen |
Basisboek literatuur, Joke van Balen, s. 113. |
Makke troch | Teake Oppewal |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Ulbe van Houten (1904-1974) wie skoalmaster en letter learaar Ingelsk yn Sint Anne. Hy begûn mei skriuwen om 1930 hinne en publisearre syn ferhalen yn it moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip. De sûnde fan Haitze Holwerda ferskynde dêr fan 1936 ôf as feuilleton yn. Twa jier letter kaam it yn boekfoarm út. De roman wie in trochslaand súkses en groeide út ta ien fan de populêrste Fryske boeken fan alle tiden. As syn libbenswurk beskôge Van Houten sels De hillige Histoarje (twa dielen), in neifertelling fan de ferhalen út de Bibel. Hy krige yn 1955 de Gysbert Japicxpriis foar beide titels. Syn ferhalen en twa novellen waarden yn 1965 by elkoar brocht yn De rook fan it lân.
Van Houtens wurk falt op troch in pakkende, libbene fertelstyl. Hy wie de earste Fryske romanskriuwer dy't moai konsekwint in personaal perspektyf folhâlde en gebrûk makke fan de ferteltechnyk fan de ûnbetroubere ferteller.
Ynhâld
It ferhaal spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda, in stege grifformearde greidboer, hat foar de ûngetiid trije Bilkerts ynhierd, frijfochten mannen en tige mûltsjegau. Yn de wiken dat se der binne ûntstiet in machtsstriid tusken de boer en de arbeiders; de boer ferliest slach op slach. As it wurk yn fjouwer wike berêden is, wol de boer de fyfde wike net útbetelje, lykas wol ôfpraat wie. De Bilkerts nimme dat net en witte de boer om lyk te krijen. Dy komt ta ynkear en wurdt fersoene mei himsels en mei syn God.
Swierte
It boek set yn mei in statysk haadstik, dêrnei begjint de aksje pas. It ferhaal spilet yn in wrâld dy't fier fan de learlingen ôf stiet, sawol yn tiid (1900), fermidden (boerewrâld mei syn eigen fakjargon) as geastlik (âlderwetsk tinkende otterdokse boer en selsbewuste arbeiders). Allinne al it wurd 'ûngetiid' ferget útlis. N3-lêzers sille der dêrom klauwen oan ha it ferhaal te wurdearjen, foaral ek omdat de irony fan de ferteller gearhinget mei de no net mear sa bekende otterdokse en tradisjonele tinkwrâld dy't Haitze Holwerda fertsjintwurdiget. Sy sille de plotûntjouwing fan de machtsstriid tusken boer en arbeiders wol folgje kinne en as se ienkear yn de besnijing komme fan it ferhaal docht dat in sterk berop op har rjochtfeardichheidsgefoel.
Foar N4-lêzers jilde deselde tûkelteammen, mar dy sille de ymplisite spot fan de auteur mei syn haadpersonaazje better pleatse en wurdearje kinne. Sy kinne ek de ferskillende tsjinstellingen dy't yn tekst foarkomme werkenne en sille in beredenearre oardiel jaan kinne oer de ôfrin fan it ferhaal.
N5-lêzers moatte it boek goed ha kinne. De útdaging dy't der foar har yn leit, is om har te ferdjipjen yn de maatskiplike kontekst: it Fryslân fan in iuw lyn en wat dêr no noch fan werom te finen is, sawol materieel as geastlik.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It boek hat sa'n 160 siden, mar de wat âldfrinzige titel sil net folle learlingen daliks oansprekke. It ferhaal komt earst yn paragraaf 2 fan haadstik 2 goed op gong. Learlingen dy't net daliks grypt wurde troch de fertelstyl moatte ree wêze tsien bledsiden troch te lêzen foar't se goed en wol meinommen wurde. |
Ynteresses |
Learlingen mei belangstelling foar moderne (sosjale) skiednis of foar it boerelibben sille yn dit boek grif wat fan har gading fine. Datselde jildt foar learlingen dy't bekend binne mei de kriten dêr't it boek spilet, mei it Bilts of mei it otterdokse fermidden fan de haadpersoan. |
|
Algemiene kennis |
It is in pree foar de lêzer as er de topografy yn it boek teplak bringe kin, mar dat is net needsaaklik. Itselde jildt foar it boerelibben sa't dat yn de roman delset wurdt. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is foar hjoeddeiske lêzers net ienfâldich. Foar N3-lêzers kin dat in ûntmoedigjend punt wêze. Sy sille guon situaasjes net snappe en dat gewurde litte. N4-lêzers kinne it wol ha en har faaks oantrúnd fiele om de betsjutting fan wurden op te sykjen. Foar N5-lêzers kin it in útdaging wêze om har troch de 'boerewurden' te ferdjipjen yn de achtergrûn. De direkte rede fan de Bilkerts is yn it Biltsk werjûn; dat sil foar N3-lêzers en heger gjin grutte beswieren oproppe. |
Sinskonstruksjes |
De sinskonstruksjes yn it boek binne net dreech. Sinnen langer as twa rigels tekst komme net folle foar. |
|
Styl |
It boek is trochkrongen fan in iroanyske ôfstân tusken ferteller en haadpersoan. De skriuwer berikt dat ûnder oare troch fia de ferteller de tsjinstrichheden en ynkonsekwinsjes yn de gedachtegong fan Holwerda oan de lêzer troch te jaan. Dy wurkwize is net kompleks en helder markeard, in kontrastearjende ynterne monolooch wurdt faak ôfsletten mei in útropteken. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De spanning bout him troch it boek hinne stadich op; foar de lêzer wurdt it hyltyd dúdliker dat der in grut konflikt op komst is. N3-lêzers sille meinommen wurde troch it ferhaal. N4-lêzers kinne dêrnêst ek de stapkes fan de eskalaasje ûnderskiede. |
Gronology |
It ferhaal wurdt yn grutte halen gronologysk ferteld en jout op dit stik fan saken gjin swierrichheden. De lange flashback fan Hdst V.4 ôf oan de ein fan Hdst V ta foeget him maklik yn it ferhaal. Itselde jildt foar Hdst II.1 |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline dy't hielendal fokust op de ûntwikkeling fan de relaasje tusken boer en Bilkerts. Ien sydsprong, it wykein fan de Bilkerts yn St. Anne (Hdst IV.3), is maklik nei te kommen, al rint it út op in aparte trie yn it gehiel. |
|
Perspektyf |
It perspektyf is almeast personaal fan Haitze út besjoen. Parten dy't bûten him om spylje (bg. Hdst IV.3, V.9, VI.3, IX.2) hawwe in auktoriale ferteller. De perspektyf-kar is foar N3-lêzers en heger gjin swierrichheid. |
|
Betsjutting |
N3-lêzers sille de betsjutting fan it boek benammen sjen yn it sosjale konflikt, of miskien sille se it boek lêze as in kristlike bekearingsroman, ôfhinklik fan it eigen referinsjekader. N4-lêzers kinne beide kanten yn it ferhaal sjen en de ôfrin kritysk hifkje. N5-lêzers kinne boppedat ek neitinke oer de ferskate foarmen fan resepsje en de betsjutting fan dit boek yn de Fryske literatuer. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
De lêzer leart Haitze Holwerda goed kennen en sil oer it generaal in sekere sympaty foar him ha. Hindrik Kuken komt ek wol út de ferve. Frou Minke hat in wichtige byrol. De oare karakters bliuwe skematysk. De ferhâldingen tusken de karakters binne dúdlik. Foar N3-lêzers kin de omgong tusken Haitze en Minke faaks net dúdlik wêze, omdat sy him joket. |
Hoemannichte |
Nêst Haitze en de trije Bilkerts binne der noch in tal oare byfigueren dy't op de pleats tahâlde. Foar lêzers fan N3 en heger sil dat allegearre gjin swierrichheden jaan. |
|
Untjouwing |
Holwerda komt yn in krisis dy't er belibbet yn it ramt fan syn religieuze libbensfizy. It konflikt is foar alle lêzers goed te folgjen, mar de religieuze erfaring yn it slothaadstik kin foar N3-lêzers lestich nei te kommen wêze. |
|
Ferantwurding |
Tr. Riemersma, De kul, jg 2 (1984) s. 61-65. Sjoch op tresoar.nl ûnderoan by boekprofyl |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
De tekst fan it boek is te finen op de dbnl. |