Wat it is om bang te wêzen
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2012
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 222
- Genre
-
- ferhalen
- Tags
-
- dea
- eangst
- ferlegenheid
- moard
- morele fragen
- wraak
- geweld
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Sipke de Schiffart (1959) is grutbrocht yn in lyts doarp, Longerhou. Hy naam de pleats fan syn heit oer, mar it buorkjen befoel him net. Sûnt er de pleats ferkocht hat, hat De Schiffart alle tiid en romte om him op skriuwen en skilderjen ta te lizzen. It skilderij op de foarkant fan Wat it is om bang te wêzen is syn eigen skilderij, in foarstelling fan Longerhou yn de jierren sechstich. De Schiffart skriuwt al fan syn sechstjinde ôf gedichten. Wat it is om bang te wêzen is syn earste boek.
Inhoud
Wat it is om bang te wêzen is in boek mei tsien ferhalen. De haadpersoanen binne meastentiids boeresoannen dy't har mar krekt steande hâlde kinne yn de wrâld. Se binne bygelyks traumatisearre, freselik ferlegen of se ha in frjemde hobby. Hast altyd dûkt er yn in ferhaal in moaie, mar ûnberikbere frou op. Yn de measte ferhalen komt in fassinaasje foar dea en tsjerkhôven nei foaren. Yn praktysk alle ferhalen wurdt der ien mishannele of giet der ien dea.
Leesaanwijzingen
Ast fan swarte humor en spanning hâldst, dan is dit wat foar dy. Silst fernimme dat de spanning yn de ferhalen dy meinimt. Moatst wol oer skokkende gebeurtenissen kinne. Der sit in soad geweld yn dit boek en de haadpersoanen fan de ferhalen binne frjemde snuters. Oer froulju en famkes wurdt op in seksistyske manier praat en der sitte in soad groffe wurden en flokwurden yn it boek. Nei alle gedachten fynst it geweldich of fynst it niks. Hjir en dêr silst ferwizingen tsjinkomme nei skriuwers, boeken en films. Dêr kinst oerhinne lêze, mar it jout de ferhalen ferdjipping ast sokke ferwizings opsikest.
Om over na te denken
Hoe fielt it om hieltyd bang te wêzen? Meist laitsje om de dea? Is wraak nimme in minskerjocht?
Waardering
'De tsien ferhalen wurde (...) ferteld yn soepele taal en stekke kompositoarysk orizjineel yninoar.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad
'De Schiffart is (...) tige betûft, it slagget him yn dit boek in pear kear om in perfekt ferhaal te leverjen.'
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant
'De Schiffart beskriuwt alle ellinde mei in swartgallige, flymjende humor dy't tagelyk relativearret en ôfstân nimt. In eigensinnich en opfallend debút.'
Sjoerd Bottema yn De Moanne
'It boek is fris, modern, mei sa no en dan in moaie link nei de aktualiteit.'
Ernst Bruinsma
Opmerkingen
De skriuwer hat mei twa ferhalen út dit boek in Rely Jorritsmapriis wûn.
Leestips/meer weten
tresoar.nl, boekprofyl
tresoar.nl, biografyske skets fan de skriuwer
Samengesteld door
Gerbrich de JongAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening te ferwurdzjen |
Opdracht | Hjirûnder steane seis stellingen oer it boek. Reagearje op dy stelling troch oan te jaan oftst it der wol of net mei iens bist en lis dyn antwurd út troch foarbylden te brûken út it boek. Doch it sa: 'Ik bin it wol/net iens mei de stelling, want...'. Meist it fansels ek foar in part iens wêze en foar in part net iens. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | fjouwertal (kin ek tegearre) |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening oer it boek te formulearjen en te beärgumintearjen |
Opdracht | 1. Elk fan jim skriuwt sels fiif stellingen op oer Wat it is om bang te wêzen. Bygelyks: 'Wat it is om bang te wêzen is in grof boek' of 'Wat it is om bang te wêzen is in grappich boek.' |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen |
Nûmer | N2/3 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld |
Opdracht | 1. Op side 162 stiet 'Ik gûlde, der wie dochs gjinien dy't it hearre of sjen koe, ik gûlde fan gelok. Fan dit lân hold ik. Dit wie it lân fan ús heit. Myn heitelân! |
Bronnen | Fraachpetear mei de skriuwer troch Hedwig Terpstra, Ensafh 13-03-2013 |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst | om te reflektearjen op in morele fraach |
Opdracht | Dizze opdracht giet oer ferhaal nûmer 10, ‘Leafde nei de dea’. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om te reflektearjen op it karakter fan personaazjes |
Opdracht | Yn in resinsje fan it boek hat Sjoerd Bottema skreaun: 'De haadpersoanen binne abjekt of begrutlik of allebeide.' (De Moanne, sjoch boarne 1). |
Bronnen | Sjoerd Bottema, 'Eigensinnich en opfallend debút', De Moanne 2013, nûmer 1, s. 42-43 |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om te reflektearjen op de ynhâld oan de hân fan in ferneamde skriuwer |
Opdracht | Kwa styl litte de ferhalen fan Sipke de Schiffart jin tinke oan in bekende dichter út de Nederlânske literatuer: Piet Paaltjens, pseudonym fan François HaverSchmidt. Syn bekendste dichtbondel is Snikken en Grimlachjes (1867). |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Schiffart, Sipke de Wat it is om bang te wêzen |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | humor |
Learst | om nei te tinken oer de ferskillende foarmen fan humor |
Opdracht | In skriuwer kin op ferskillende manieren soargje foar humor yn in boek. Oftst it as lêzer ek echt humoristysk fynst, is fansels de fraach. In stylmiddel dat faak brûkt wurdt om humor te berikken, is de hyperboal, ek wol: oerdriuwing. In oar middel is de wurdgrap of it understatement. Ast net mear witst wat dy wurden betsjutte, sjoch dan ûnder by literêre teory. |
Literaire theorie | By in understatement wurde hiele swiere, grutte saken folle lichter ôfskildere as dat se binne. Dat hat faak in humoristysk effekt. In foarbyld is prate fan 'in skyteintsje' as it giet om in hiele lange ôfstân. |
Bronnen | Wikipedy, Swarte humor |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Sipke de Schiffart (1959) is grutbrocht yn in lyts doarp, Longerhou. Hy naam de pleats fan syn heit oer, mar it buorkjen befoel him net. Sûnt er de pleats ferkocht hat, hat De Schiffart alle tiid en romte om him op skriuwen en skilderjen te rjochtsjen. It skilderij op de foarkant fan Wat it is om bang te wêzen is makke troch himsels. It is in foarstelling fan Longerhou yn de jierren sechstich. De Schiffart skriuwt al fan syn sechstjinde ôf gedichten. Wat it is om bang te wêzen is syn earste boekpublikaasje. Foar twa fan de tsien ferhalen yn de bondel hat er de Rely Jorritsmapriis krigen.
Ynhâld
Wat it is om bang te wêzen is in boek mei tsien ferhalen. De haadpersoanen binne meastentiids boeresoannen dy't har mar krekt steande hâlde kinne yn de wrâld. Se binne bygelyks traumatisearre, freselik ferlegen of se ha in frjemde hobby. Hast altyd dûkt der yn in ferhaal in moaie, mar ûnberikbere frou op. Yn de measte ferhalen komt in fassinaasje foar dea en tsjerkhôven nei foaren. Yn praktysk alle ferhalen wurdt ien mishannele of giet ien dea.
Swierte
Kwa taalgebrûk en skriuwstyl is dit boek oantreklik foar learlingen. De ferhalen sille de learlingen gau gripe troch de goede spanningsopbou dy't der yn sit. It lestichste oan de ferhalen is it neikommen fan it gedrach fan de haadpersoanen yn de ferhalen. Dy dogge dingen dy't de measte minsken moreel sjoen net goed fine soenen. De skriuwer beljochtet de minder moaie kanten dy't elk minsk hat. De ferhalen komme je dêrtroch ticht op 'e hûd: in learling moat dêroer kenne. De ferwachting is dat in learling it óf geweldich fynt, of hielendal niks. De personaazjes binne bytiden rûch yn 'e bek: learlingen dy't dêr net fan hâlde, kinne better net oan dit boek begjinne.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De learling moat ree wêze om te begjinnen oan ferhalen dy't geane oer personaazjes dêr't er himsels net yn werkenne kin. Foar N3- en N4-lêzers sil dat gjin probleem wêze, mar in N2-lêzer kin dat dreech fine. |
Ynteresses |
Der is gjin spesifike ynteresse fereaske. |
|
Algemiene kennis |
Der is net in soad algemiene kennis fereaske om dit boek begripe te kinnen. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net fereaske. Der sitte lykwols aardich wat ferwizingen yn nei boeken, skriuwers en films, dy't de ynhâld fan de ferhalen ferdjipping jouwe. It boek is lykwols ek te lêzen sûnder dy ferwizings te begripen. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Hoewol't it boek priizge wurdt om syn 'modern Frysk', steane der ek gâns boeketaalwurden yn, sa as 'lofts', 'skilje' en 'abbekaat'. |
Sinskonstruksjes |
Wat langere sinnen en koarte sinnen wikselje inoar ôf. De sinskonstruksjes smite gjin moeilikheden op. |
|
Styl |
De styl is iroanysk en swartgallich. De Schiffart makket in soad gebrûk fan oerdriuwing, wat in humoristysk effekt ha kin. Foar in N2-learling kin it dreech wêze om de irony te herkennen. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der bart in soad yn de ferhalen en de gebeurtenissen binne faak heftich en dramatysk. De opbou dêrhinne kin lykwols frij lang wêze. Foar N2-lêzers kin dat beskriuwende lestich wêze. It ferhaal oer in politike diskusje (ferhaal 6) sil foar dizze lêzers dreech wêze. |
Gronology |
De gronology yn de ferhalen smyt gjin problemen op. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is yn alle ferhalen mar ien ferhaalline, dus ek hjir gjin problemen. |
|
Perspektyf |
Der wurde ferskillende perspektiven brûkt, mar dy binne net yngewikkeld en it is hieltyd dúdlik wa't der oan it wurd is. |
|
Betsjutting |
In N2-lêzer lêst dit boek as in bondel dramatyske ferhalen mei in soad heftige gebeurtenissen en geweld. In N3-lêzer sil troch dit boek oan it tinken set wurde oer psychologyske en morele fraachstikken. In N4-lêzer kin him fêstbite yn de ferteltechnyk en de toan fan De Schiffart. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
It kin benammen foar de N2-lêzer dreech wêze om mei de haadpersonaazjes mei te fielen, omdat dy fier fan syn eigen libben ôfsteane en ûnfoarsisber hannelje. Foar in N3- en N4-lêzers sil it minder in probleem wêze dat se har net identifisearje kinne mei de haadpersoanen. |
Oantal karakters |
It oantal karakters is goed nei te kommen. |
|
Untjouwing fan de karakters |
It sil foar learlingen net altyd maklik wêze om it gedrach fan de haadpersoanen nei te kommen. Dy gedrage har faak ûnfoarsisber en ymmoreel. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
tresoar.nl, boekprofyl en biografyske skets skriuwer |