Paradys oan de baai
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2010
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 168
- Genre
-
- reisferhalen
- Tags
-
- reisferhalen
- reizgje
- moetingen
- skiednis
- lânskippen
- bûtenlân
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Douwe Kootstra hat ûnderwizer west oan in basisskoalle yn Eastersee en oan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Hy rekke ynteressearre yn it Frysk en yn it ferskynsel twatalichheid. Nei 23 jier foar de klasse krige er in funksje by it Taalsintrum Frysk fan it GCO Fryslân, no Cedin. Underwilens is er mei pinsjoen.
Kootstra skriuwt gjin reisferslaggen, mar reisferhalen. Hy beskriuwt net allinnich wat er sjocht en belibbet, mar hat ek in miening oer wat er meimakket. Hy fertelt oer de faak opmerklike moetings dy’t er hat mei allerhanne nijsgjirrige minsken en syn ûntdekkings fan histoaryske en literêre fynplakken. De moanne op ’e rêch (1987) is syn earste boek mei literêre reisferhalen. Paradys oan de baai is al wer de fiifde bondel.
Douwe Kootstra is ek aktyf as ferhaleferteller, benammen fan âlde folksferhalen út Fryslân en dêr hat er in soad súkses mei.
Inhoud
Yn Paradys oan de baai fertelt Douwe Kootstra oer syn reizen nei Tsjechië, Noarwegen, Dútslân, Nova Scotia (Kanada), en Curaçao. Bysûnder is it ferhaal ‘Drachten en Rome’. Dy reis liedt net allinne nei Eastenryk mar ek nei de skiednis fan Drachten. Fan 1937 oant 1970 sieten dêr roomske geastliken yn it Minderbruorrekleaster. De net-roomske famylje Kootstra hie kontakt mei har. Jierren letter besiket Douwe Kootstra de Drachtster pater Schilder yn Wenen, dy’t dêr dan pastoar is.
Leesaanwijzingen
De seis reisferhalen litte har maklik lêze. Yn oerlis mei dyn dosint kinst ek in kar meitsje en lês ien of in pear ferhalen. Sykje ferhalen út dy’t oer in lân/gebiet geane, dat dy oansprekt en dêr’tst mear fan witte wolst. Miskien datst in kaart en/of wikipedia even ynsjen kinst foardatst it ferhaal lêst. It ferhaal ‘Drachten en Rome’ is it langst en giet oer twa plakken: Drachten en Wenen. It is sawol in histoarysk ferhaal as in reisferhaal. Bisto ynteressearre yn de skiednis fan dyn eigen provinsje dan is dit ferhaal miskien in goede kar. It jout ek in moai byld fan it Roomske libben sa’t dat nei iuwen út Fryslân hast fuort west te hawwen wêrom komt.
Om over na te denken
Ast op fakânsje giest nei oare lannen, wat sprekt dy dêr dan oan: it lânskip, de gebouwen, de kultuer, de skiednis of de minsken? En hoe tinkst oer bûtenlanners dy’t hjir hinne komme foar wurk of as flechtling? Praatst mei harren, ferdjippest dy yn harren kultuer, skiednis, leauwe?
Waardering
‘It ferhaal ‘Drachten en Rome’ lit fral sjen wat Douwe Kootstra kin, ...’
A.IJ. van den Berg yn ensafh
‘It is de styl fan de skriuwer dy’t it reisferhaal goed makket en Kootstra hat in noflike styl fan fertellen.’
Jetske Bilker yn de Leeuwarder Courant
‘In ferteller dy’t syn fernuvering dokumintearret en dielt mei de thússittende lêzer, dát is miskien wol de kearn fan literatuer op reis.’
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad
Opmerkingen
Douwe Kootstra skreau yn 2001 it boekewikegeskink Berjochten út Boedapest
Leestips/meer weten
Website fan de skriuwer
tresoar.nl, biografyske skets en boekprofyl
Samengesteld door
Lieukje Leistra-ReidsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Kootstra, Douwe Paradys oan de baai |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | om it sjenre fan it boek te werkennen |
Opdracht | Yn de Yntroduksje fan it boek stiet: ‘Douwe Kootstra skriuwt gjin reisferslaggen, mar reisferhalen.’ |
Bronnen | Wikipedy, Reisferhaal |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Kootstra, Douwe Paradys oan de baai |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel mar kin ek yn twatal; fanwegen fraach 5 en 6 kin it ek mei trije of seis persoanen |
Fokus | titel en omslach |
Learst | om nei te tinken oer de titel en de omslach |
Opdracht |
|
Bronnen | Wikipedia, Colofon |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Kootstra, Douwe Paradys oan de baai |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld |
Opdracht | 1. Sykje by twa ferhalen út de bondel Paradys oan de baai in liet, in gedicht, in folksferhaal/mearke of in resept. Kies twa ferskillende dingen, dus net twa kear in liet. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Kootstra, Douwe Paradys oan de baai | ||
Nûmer | N3/2 | ||
Nivo | 3 | ||
Stúdzjelêst | 2 slû | ||
Wurkfoarm | yndividueel | ||
Fokus | ynhâld | ||
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld fan it ferhaal ‘Drachten en Rome’ | ||
Opdracht | Lês it ferhaal ‘Drachten en Rome’ side 42 o/m 80.
| ||
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Kootstra, Douwe Paradys oan de baai |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | resinsjes en miening |
Learst | om mieningen/oardielen oer it boek te fergelykjen |
Opdracht | Lês de resinsjes fan Jetske Bilker en IJsbrand van den Berg oer Paradys oan de baai. Sjoch de boarnen. |
Bronnen | IJsbrand van den Berg op Ensafh 12-11-2010 Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante, 26-11-2010 |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Kootstra, Douwe Paradys oan de baai |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | motto |
Learst | om it motto fan it boek te analysearjen |
Opdracht | 1. Douwe Kootstra jout syn boek Paradys oan de baai twa sitaten mei as motto. |
Bronnen | Cees Nooteboom, eigen website Wikipedia, Cees Nooteboom Wikipedy, Olly B. Bommel |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Douwe Kootstra (1951, Drachten) folge de oplieding ta ûnderwizer oan de Ryks Pedagogyske Akademy en waard ûnderwizer oan in basisskoalle yn Eastersee. Nei seis jier ferruile er dy foar de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Op de PA rekke er al ynteressearre yn it Frysk en yn it ferskynsel twatalichheid; foar ûnderwiisblêd De Pompeblêden skreaun er dêroer. Nei’t er 23 jier foar de klasse stien hie, krige er in funksje by it Taalsintrum Frysk fan it GCO Fryslân, no Cedin. Underwilens is er mei pinsjoen.
Kootstra skriuwt gjin reisferslaggen, mar reisferhalen. Hy registrearret net allinnich wat er sjocht en belibbet, mar hat ek in miening oer wat er meimakket. Hy fertelt oer de faak opmerklike moetings dy’t er hat mei allerhanne nijsgjirrige minsken en syn ûntdekkings fan histoaryske en literêre fynplakken. Sûnt De moanne op ’e rêch (1987) stiet er bekend as de earste literêre reisferhaleskriuwer fan Fryslân. Paradys oan de baai is de fiifde bondel mei reisferhalen.
Douwe Kootstra is ek aktyf as ferhaleferteller. Hy leit him benammen út op âlde folksferhalen út Fryslân en hat dêr in protte súkses mei.
Ynhâld
Yn Paradys oan de baai fertelt Douwe Kootstra oer syn reizen nei Tsjechië, Noarwegen, Dútslân, Nova Scotia (Kanada), en Curaçao. Bysûnder is it ferhaal oer de bân fan de net-roomske famylje Kootstra mei de geastliken yn it Minderbruorrekleaster yn Drachten, dy’t dêr fan 1937 oant 1970 sieten. Jierren letter siket Douwe Kootstra de Drachtster pater Schilder yn Wenen op, dy’t dêr dan pastoar is. ‘Drachten en Rome’ bringt in unyk stik skiednis fan Drachten op ’e nij ta libben.
Swierte
Douwe Kootstra skriuwt yn syn reisferhalen tagonklik Frysk. It lânskip, de skiednis en bysûndere foarfallen, de moetings mei minsken en hoe’t sy mei elkoar libje beskriuwt er, mar hy jout dêr ek in miening oer. Dat docht er op orizjinele wize en mei humor. Wat it taal- en sinsgebrûk oanbelanget binne de ferhalen foar elk nivo wol nei te kommen. Paradys oan de baai is literêre non-fiksje. Lêzers fan de legere nivo’s lêze meastentiids fiksje. N1-lêzers sil it boek net gau oansprekke, dêrfoar fine se de ferhalen te langtriedderich en sit der te min aksje yn. Datselde soe ek jilde kinne foar N2-lêzers. Se fine der te min herkenning yn om har boeie te litten. Fanwege it plak dêr’t it ferhaal him ôfspilet sil it iene ferhaal ek in N3-lêzer mear oansprekke as it oare, ôfhinklik fan de ynteresse.
Ekstra ynformaasje by de opdrachten, foar de dosint
Opdracht N2/1
It is foar fraach 1 en 2 net nedich it hiele boek te lêzen: der kin folstien wurde mei de ynhâldsopjefte. Foar 3 en 4 soe it goed wêze de beide lêste ferhalen te lêzen. Tagelyk wurdt dêrmei in sterke hint jûn nei de antwurden. Wurdt der yn in groepke fan trije of seis learlingen wurke oan fraach 5 en 6 dan kin elk de twa ferhalen of it iene lêze dêr’t er in ôfbylding fan makket.
Opdracht N2/2
Foar de opdracht kin folstien wurde mei it lêzen fan ien ferhaal.
Opdracht N3/1
De learling lêst twa ferhalen út it boek.
Opdracht N3/2
De learling lêst it ferhaal ‘Drachten en Rome’.
Opdracht N4/1
De learling lêst it ferhaal ‘Drachten en Rome’ en minstens ien oar ferhaal.
Opdracht N4/2
De learling lêst minstens twa ferhalen út it boek
Opmerking
Boppesteande jout de minimum easken foar it meitsjen fan de opdrachten. It stiet jo frij en freegje fan de learling om mear ferhalen te lêzen of it hiele boek.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn oare plakken op de wrâld en de minsken dy’t dêr wenje én om losse ferhalen te lêzen. |
Ynteresses |
Ynteresse yn oare parten fan de wrâld, it lânskip, de skiednis en de minsken dêr en hoe’t sy libje, is in pree. |
|
Algemiene kennis |
Algemiene kennis is net nedich. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is net dreech en tagonklik foar lêzers fan elk nivo. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne ienfâldich mei net al te lange bysinnen. |
|
Styl |
Douwe Kootstra hat in hiel ferhalende styl: hy skriuwt sa’t er ek as ferteller te wurk giet. Hy beskriuwt in plak, lânskip ensafh. mar jout tuskentroch ek anekdoates oer wat der plak fûn hat, oer skiednis, bysûndere minsken en plakken. Faak jout er syn miening ek. Dat docht er mei humor en iroanysk. Troch N2- en seker troch N1- lêzers sil dat net oppakt wurde. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De ferhalen fan de reizen wurde meast fan dei oant dei beskreaun. It iene plak is boeiender as it oare, dat fynt de skriuwer oars sels ek. It ferskil wurdt bepaald troch wat foar minsken de skriuwer moetet en watfoar ferhalen er heart en oan de lêzers troch fertelt. |
Gronology |
De ferhalen binne gronologysk opboud. Fan de reis nei it plak fan bestimming ôf oan de ein fan ’e reis ta. |
|
Ferhaalline(n) |
Elk reisferhaal hat syn eigen ferhaalline. Soms is de skriuwer op syk nei bepaalde foarfallen út it heden of it ferline. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf fan de reizger wei, de skriuwer, de ik-persoan. |
|
Betsjutting |
Douwe Kootstra jout gjin reisferslach sa’t de measte reizgers meitsje. Hy jout de lêzer in byld oer oare lannen en soms tiden sa’t hy it sjocht. De minsken, hoe’t se libje, foarfallen, skiednis fan in plak ensafh. wurde ek sa beskreaun en faak jout er dêr in miening oer. Soms, as er earder op in plak west hat, skriuwt er oer de ferskillen tusken doe en no of fertelt er wat er fan dy ûntwikkeling fynt. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Yn alle ferhalen spylje ferskillende minsken in rol dy’t de skriuwer moetet, by wa’t er ûnderdak fynt, persoanen út de skiednis of sels út mearkes. Haadpersoan is de skriuwer sels. |
Oantal karakters |
By in soad karakters bliuwt it by in flechtige moeting, by inkelde om in wat yntinsivere. |
|
Untjouwing fan de karakters |
It karakter fan de pastoar út ‘Drachten en Rome’ hat de measte ûntjouwing mar dat is mear in reis troch de tiid as in reis nei in oar plak. De skriuwer, de ik-figuer, makket ek in ûntjouwing troch. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Website Douwe Kootstra |