It wurk fan 'e duvel
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2000 [2de pr. 2006]
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 360
- Genre
-
- histoaryske roman
- Tags
-
- 19de iuw
- earmoede
- Wâlden
- wûnderdokter
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Durk van der Ploeg is yn 1930 berne yn Hoogkarspel, Noard-Hollân. Hy groeide op yn Ealsum krekt boppe Dokkum.
Van der Ploeg folge in oplieding ta typograaf en wurke by ferskillende printerijen en kranten. Oant syn pensjoen yn 1990 wie er opmakredakteur by de Leeuwarder Courant.
De earste publikaasje fan Van der Ploeg is al fan 1955. Dat wienen gedichten yn it Nederlânsk. Dêrnei hat er benammen yn it Frysk skreaun en oer it generaal proaza. Nei syn pensjonearring kamen der hast alle jierren ien of sels mear titels by. Dêrmei is Van der Ploeg de skriuwer mei de heechste produktiviteit yn de Frysk-literêre wrâld. Syn haadpersoanen binne faak gefoelige ienlingen dy’t it libben amper of net oankinne.
Yn 2011 krige Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar al syn proazawurk.
Inhoud
It wurk fan 'e duvel giet oer it libben fan de yn 1812 berne Hartman Lautenbach. Hy wurdt grutbrocht troch syn mem, Lotte Hartman, en syn pake. Syn heit, in Frânske soldaat, hat er nea kend. Fan bern-ôf wurdt Hartman dermei pleage dat er gjin heit hat.
De pake fan Hartman is fan Dútske komôf en sutele mei brillen en koe minsken mei krûden en drankjes bettermeitsje. Fan syn pake leart Hartman it lapsalvjen, it wûnderdokterjen.
It libben op de heide yn de omkriten fan De Westereen, Kûkherne en Burgerheide is dreech en earmoed leit op de loer. As Hartman as jongfint op in jûn mei in dronkene kop in man, dy’t er foar in skiep oanseach, de kiel trochsnijt, wurdt it him op de heide te hyt ûnder de fuotten en naait er út. Fjouwer jier letter, nei de dea fan syn mem, komt er dochs wer werom nei syn bertestreek.
Hartman bliuwt in bûtensteander. Hy hat noch wol in lokkich eintsje libben mei syn frou Eke en har ûnnoazele soan Renger. Lang duorret dat net, want de dea fan Eke en in folksgerjocht wurde Hartman úteinlik fataal.
Leesaanwijzingen
It ferhaal yn It wurk fan ’e duvel wurdt gronologysk ferteld. Geregeldwei komme koarte ûnderbrekkings foar. De lêzer komt dan yn de kunde mei it haadpersonaazje Hartman dy’t yn de ik-persoan syn fyzje op syn eigen ferline jout.
It ferhaal spilet him yn in foar ús folslein oare wrâld ôf. De minsken libben doe folle tichter by de natuer as hjoeddedei. Yn earmoed moasten de bewenners fan de heide sjen te oerlibjen. Dat jout in rau en wreed byld fan it libben yn dy tiid.
Om over na te denken
Kinst flechtsje foar skuld? Wat dochtst ast libje moatst yn grutte earmoed en gjin jild hast om iten te keapjen?
Wat dochtst as altyd narre wurdst en der net by hearst? Wat dochtst ast besikest om te oerlibjen en tsjinwurke wurdst troch de autoriteiten?
Waardering
‘In knappe prestaasje fan Van der Ploeg is, dat it him op ’e nij slagge is en beskriuw mei grutte kennis fan saken in gea. Yn dizze roman beskriuwt er de kriten om De Westereen, Kûkherne en Burgerheide hinne. Hy lit it net by it tekenjen fan it gea, mar jout ek rynsk omtinken oan ’e kultuerhistoarje fan ’e krite. It kin net oars wêze, as dat er him yngeand yn ’e skiednis fan dy kanterijen ferdjippe hawwe moat. Itselde jildt foar de beskriuwing fan ’e drankjes en middels dy’t Hartman brûkt by it masterjen mei de sike lju út syn wûnderdokterspraktyk.’
Pieter Duijff yn it Friesch Dagblad
‘De beskriuwingen fan Hartman syn hielmasterij binne kleurryk, de ein is net sûnder spanning, de swakhollige Renger is op yntrigearjende wize delsetten.’
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant
Filmke fan Auke de Witte en oaren nei oanlieding fan dit boek
Opmerkingen
Nei oanlieding fan It wurk fan de duvel makke amateurfilmmakker Auke de Witte (en freonen) de koarte film It ein. Ferdinand de Jong skreau it skript.
It ein wie de winner fan de filmwedstryd yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek 2012.
Leestips/meer weten
Om te sjen hoe’t de minsken yn de 19de iuw en begjin 20ste iuw yn de Wâlden libben, soest in besite bringe kinne oan Openluchtmuseum/Themapark De Spitkeet yn De Harkema. Dêr binne ferskate wenningen en situaasjes te besjen fan dy tiid. Mear oer De Spitkeet.
Oer It wurk fan ’e duvel
Oer de skriuwer
Samengesteld door
Ans WallingaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynlibje |
Learst | om dy yn te libjen yn de belibbingswrâld fan de haadpersoan |
Opdracht | 1. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazje |
Learst | om nei te tinken oer de haadpersoan en dy te beskriuwen |
Opdracht | Hartman Lautenbach is de haadpersoan yn It wurk fan ’e duvel. Wy leare him kennen as bern en folgje syn libben oant in folksgerjocht him úteinlik fataal wurdt. |
Bronnen | Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur, Grins 2009, side 106–107. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst | om dyn miening te jaan oer it boek |
Opdracht | Hjirûnder steane fiif stellingen út en oer It wurk fan ’e duvel. Kies ien fan de stellingen út en reagearje dêr yn in koart betooch op. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om te reflektearjen op de rol fan personaazjes yn in ferhaal |
Opdracht | Yn It wurk fan ’e duvel is Hartman Lautenbach de haadpersoan, mar der spylje fansels ek oare personaazjes in rol yn it ferhaal. |
Literaire theorie | Rollen |
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel |
Nûmer | N 4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | om te reflektearjen op it sjenre fan it boek |
Opdracht | Boeken kinne faak ûnder mear as ien sjenre rekkene wurde. By It wurk fan ’e duvel stiet ien sjenre, histoaryske roman, neamd, mar mooglik hat it boek ek kenmerken fan oare sjenres. |
Bronnen | Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur, Grins 2009, side 30 en fierder. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Ploeg, Durk van der It wurk fan 'e duvel |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | eigen miening en resepsje |
Learst | om in eigen miening oer in roman te foarmjen, mei op basis fan resinsjes |
Opdracht | 1. |
Bronnen | Jabik Veenbaas, ‘In wûnderdokter foar it gerjocht’, Leeuwarder Courant, 25 febrewaris 2000 |
Makke troch | Ans Wallinga |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Durk van der Ploeg is yn 1930 yn Hoogkarspel, Noard-Hollân, berne. Hy groeide lykwols op yn Ealsum krekt boppe Dokkum. Dy kontreien, de Dongeradielen en de noardlike Wâlden, nimme in wichtich plak yn yn syn literêr wurk.
Van der Ploeg folge in oplieding ta typograaf en wurke by ferskillende printerijen en kranten. Oant syn pensjoen yn 1990 wurke er by de Leeuwarder Courant as opmakredakteur.
Hy is in tige produktyf skriuwer. Syn sande roman, De jacht út 1988, markearret de trochbraak nei in gruttere lêzersrûnte. Dêrnei ferskynden oant en mei 2016 likernôch sa’n tweintich titels.
Van der Ploeg syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken, dy't it libben amper of net oankinne. Se lije oan it libben en ek ûnder wat oare minsken harren oandogge. Se sykje it lok en it libben, de frijheid en de ferfolling, mar kinne meastentiids de lêst fan it libben net drage. It binne faak ienlingen, manlju almeast, dy't libje oan de râne fan de maatskippij.
Yn 2011 krige Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar al syn proazawurk.
Ynhâld
Hartman Lautenbach (1812), wûnderdokter yn de omkriten fan Kûkherne, is de haadpersoan yn dizze roman. Hy groeit op yn grutte earmoed by syn pake, in ferneamde wûnderdokter, en by syn mem dy't swier makke is troch in Frânske soldaat. Hartman hâldt dêr syn bynamme Nappe oan oer. Al yn syn bernetiid wurdt dúdlik dat der wat mei him te rêden is: guon 'duvelske' trekjes binne him net frjemd. Fan pake en mem leart Hartman it masterjen en hy is letter ferneamd om syn krûdekennis. Nei de moard op in Joad wurdt de heide him te hyt ûnder de fuotten. Nappe meldt him oan as soldaat by it Nederlânske leger en fjochtet mei yn de Belgyske Opstân. Nei de dea fan syn mem komt er wer nei syn bertestreek werom.
Hartman is dêr lykwols hielendal in bûtensteander wurden en op 'e heide geane de praatsjes oer moarden en ferkearde froulju as diggelfjoer. Dochs hat hy ek noch in lokkich eintsje libben mei syn frou Eke en har ûnnoazele soan Renger. Lang duorret dat net, want de dea fan Eke en in folksgerjocht wurde him úteinlik fataal.
Swierte
It wurk fan de duvel is gronologysk skreaun mei flashbacks dy’t dúdlik oanjûn binne, om’t se skeanprinte binne. De N2-lêzer sil dat perspektyf wurdearje. Foar de N3-lêzer sit de útdaging yn it taalgebrûk (argaysk) en sil de haadpersoan Hartman Lautenbach nijsgjirrich wêze. Hokker achterlizzende oarsaken liede ta syn hanneljen? Wêrom docht Hartman de dingen sa’t er se docht?
Foar de N4-lêzer sil de kultuerhistoaryske kant fan it boek ynteressant wêze. It ferhaal jout in moai byld fan it libben oan it begjin fan de 19de iuw yn ien fan de earmste streken fan Fryslân. De maatskiplike ferhâldingen yn dy tiid sille stof ta neitinken jaan.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it libben fan in (jonge) man yn it begjin fan de 19de iuw yn ien fan de earmste streken fan Fryslân. |
Ynteresses |
Ynteresse yn de (kultuer)histoaryske aspekten fan it libben oan it begjin fan de 19de iuw yn de noardlike Fryske Wâlden is benammen foar de N2-lêzer, in betingst. |
|
Algemiene kennis |
Net fereaske. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is somtiden dreech, bygelyks wurden as gnobje, mâlfiten, avensearskuon, hoksen en moude. De kontekst makket lykwols de betsjutting meastentiids wol dúdlik. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne oer it algemien koart sûnder lange bysinnen. Foar in N2-lêzer goed nei te kommen. |
|
Styl |
It ferhaal fan Hartman Lautenbach is flot skreaun. Tagelyk slagget it Van der Ploeg de sfear fan sa’n 200 jier tebek wer te jaan. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De ferhaal yn It wurk fan ’e duvel beskriuwt de libbensrin fan Hartman Lautenbach. Syn hiele hâlden en dragen, dat benammen út hannelingen en aksjes bestiet, wurdt wiidweidich út de doeken dien. |
Gronology |
It libben fan Hartman wurdt gronologysk ferteld. Dat ferhaal wurdt ûnderbrutsen troch flashbacks (kursyf). |
|
Ferhaalline(n) |
Der is sprake fan ien ferhaalline dy’t bestiet út de beskriuwing fan it libben fan de haadpersoan. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld troch in alwittende ferteller. Dêrtuskentroch binne kursivearre flashbacks hinne ferfrissele. Yn de flashbacks tinkt Hartman, yn de ik-foarm, werom oan eardere tiden. |
|
Betsjutting |
It ferhaal hat gjin djippere betsjuttingslagen. It ferhaal wol it libben fan in ienling, in ferskoppeling út de ûnderste lagen fan de maatskippij sjen litte, yn syn tiid en wrâld. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Der is ien dúdlike haadpersoan, Hartman Lautenbach. Yn de rin fan syn libben binne in oantal persoanen wichtich foar him en oefenje ynfloed op him út, sawol yn positive as yn negative sin. |
Hoemannichte |
Yn de roman komme in protte personaazjes foar. Net elke persoan of groepen persoanen hat likefolle ynfloed op Hartman syn libben. Lykas wenst jout Van der Ploeg alle personaazjes in eigennamme. De lêzer moat der rekken mei hâlde dat der, ûndanks dat, oer in soad personaazjes fierder neat ferteld wurdt. De eigennamme tsjinnet inkeld as in sfearoantsjutting. |
|
Untjouwing fan de karakters |
It karakter fan de haadpersoan makket yn de rin fan syn libben troch omstannichheden en bepaalde keuzes in dúdlike ûntjouwing troch. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Douwe Kootstra, 'De duvel en gjin ein', yn Dreame fan in oare wrâld. Jierdei útjefte foar Durk van der Ploeg, s. 85-92, Ljouwert, 2005. |