It sjaaltsje
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2019
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 88
- Genre
-
- ferhalebondel
- Tags
-
- houlik
- húsfrou
- feminisme
- relaasje man-frou
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Hylkje Goïnga (1930-2001) is berne yn Drylts yn in doktershúshâlding. Neidat se har gymnasiumdiploma helle yn Snits begûn se mei de stúdzje sosjology yn Grins. Se makke dy stúdzje net ôf, mar begûn al wol op har achttjinde mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Neidat se troude mei har âld-learaar en Frysk skriuwer Anne Wadman skreau se foar De Ljouwerter Krante en De Tsjerne. Neist har ferhalebondels wie Hylkje ek aktyf foar de Fryske Toanielstifting Tryater. Ferskate ferhalen binne yn it Hollânsk oerset.
Inhoud
Yn de measte ferhalen folgje we Martha, in húsfrou, yn har deistich libben. Har relaasje mei har man spilet yn de Marthaferhalen in wichtige rol. Der binne ek oare ferhalen opnommen dêr’t de húshalding en de relaasje tusken de man en frou in wichtige rol spylje. De ferhalen hawwe meastal in ûnferwacht, soms absurd ein.
Leesaanwijzingen
De ferhalen dy’t opnaam binne yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen binne meinimmend en flot skreaun, mar net altyd werkenber foar jonge minsken. Kinst de ferhalen goed los lêze, mar de tematyk is yn alle ferhalen itselde. Dêrtroch kinst de ferhalen ek goed achter elkoar oan lêze.
Ien ferhaal giet oer in oar haadpersoan as Martha. Dat is it ferhaal 'It sjaaltsje'. Dêr moatst rekken meihâlde. Trochdat de ferhalen yn de ik-perspektyf skreaun binne, hast dat net fuort yn de gaten.
Om over na te denken
Binne der ferskillen tusken manlju en froulju? Hawwe manlju mear te easkjen yn in relaasje as froulju? Wat fynsto wichtich yn in leafdesrelaasje? Hoe wichtich is lykweardichheid yn in relaasje?
Waardering
‘It genre fan de ferhalen fan Hylkje Goïnga falt bûten de wenstige yndieling. Se binne faak komysk of tragysk of beide tagelyk en krije gauris in grousume of bizarre kear. Dêrom wurdt har wurk wolris fergelike mei dat fan de Ingelske skriuwer Roald Dahl.’
tresoar.nl
‘Der stienen … mear peareltsjes yn har boeken.’
Douwe Kootstra
‘Thús is de maggi op is de titel fan ien fan de seis bondels dêr’t Douwe Kootstra in kar út makke hat. Dêr is safolle mei sein as dat de ‘brave’ boarger behalve skynhillich en selssuchtich foaral saai is. Mar oan de ferhalen dy’t Goïnga skreaun hat oer dat libben sûnder ‘maggi’, en dat jildt net allinne foar de trije dy’t ik hjir oanstipt ha mar ek foar de oare sân (en de rest), sit wol deeglik smaak. Noch altyd. Yndie, tiid foar in nije útjefte.’
Sjoerd Bottema (oer Tsien fan Hylkje)
Opmerkingen
De ferhalen út It sjaaltsje binne earder ferkynd tusken 1981 en 1993.
Der binne ferskeidene ferhalen fan Hylkje Goïnga oersetten en ferkynd yn frouweblêden sa as Libelle en Opzij.
Leestips/meer weten
Sjoerd Bottema, De Moanne 04-05-2017 (by de ferskining fan Tsien fan Hylkje)
Sietse de Vries, LC 06-01-2017
Wikipedia NL
Samengesteld door
Akke GerlsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | wurdgebrûk |
Learst | om nei te tinken oer de tematyk fan it boek |
Opdracht | Elts ferhaal yn de bondel giet oer in persoan mei in probleem. Faak geane dy problemen oer relaasjes en noarmen. Yn tydskriften en yn guon kranten steane rubriken dêr’t minsken brieven nei skriuwe kinne om rie te freegjen oer harren sitewaasje.
|
Bronnen | - Trouw |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 3 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk en tiid |
Learst | om nei te tinken oer de tematyk en de tiid fan it boek |
Opdracht | Hylkje Goïnga wurdt sjoen as in feministyske frou. Yn al har ferhalebondels is it sintrale tema de relaasje man-frou, it binne ferhalen mei in feministyske ynslach mei as kearntema it selssuchtige gedrach fan manlju en har ûntrou. |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | skriuwster |
Learst | om oer de relaasje tusken fiksje en de werklikheid nei te tinken |
Opdracht | Doe’t Hylkje Goïnga mei skriuwen begûn, skreau se ûnder pseudonym. Se brûkte in oare namme as har eigen. It pseudonym dat se brûkte wie Martha. Letter joech se dy namme oan de haadpersoan yn har ferhalen. Sels sei se dêroer: 'Earst wie it in pseudonym en letter waard ik fansels Martha. De ûntwikkeling fan Martha is ek myn ûntwikkeling, yn it begjin wie it Jaap en Martha, letter wennet Martha op harsels.' |
Bronnen | |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ferhaal |
Learst | om nei te tinken oer de gearstalling fan de ferhalebondel |
Opdracht | De ferhalebondel is gearstald út ferhalen út ferskillende bondels fan Hylkje Goïnga. De ferhalen binne yn ferskillende jieren útjûn. Dochs is der besocht om in logyske folchoarder te meitsjen yn de ferhalebondel.
|
Makke troch | Akke Gerlsma |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tiidsbyld en tematyk |
Learst | om nei te tinken oer de tematyk fan it boek |
Opdracht | Lês it artikel út it Historisch nieuwsblad. Yn dat artikel wurdt beskreaun dat manlju oant 1970 neffens de wet de baas wienen yn it houlik. De ferhalen yn de bondel binne allegear fan nei 1980. Dochs sjochst noch wol in protte werom fan de ferskillen yn de ferhâldingen tusken manlju en froulju. |
Bronnen | |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Boek | Goïnga, Hylkje It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | haadpersoan |
Learst | om nei te tinken oer de tematyk fan it boek |
Opdracht | 1. Hjirûnder steane fiif stellingen oer Martha. Jou oan oftst in stelling wier of net wier fynst en sykje dêr arguminten by út de ferhalen. Skriuw dy arguminten koart op.
De ferhalen út de ferhalebondel binne skreaun yn it ljocht fan de twadde feministyske golf. De man-frouferhâldingen wienen yn de tiid fan Hylkje Goïnga oars as no. |
Bronnen | - Atria.nl |
Makke troch | Akke Gerlsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Hylkje Goïnga (1930-2001) is berne yn Drylts yn in doktershúshâlding. Neidat se har gymnasiumdiploma helle yn Snits begûn se mei de stúdzje sosjology yn Grins. Se makke dy stúdzje net ôf, mar begûn al wol op har achttjinde mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Neidat se troude mei in bekende Fryske skriuwer, skreau se foar De Ljouwerter Krante en De Tsjerne. Neist har ferhalebondels wie Hylkje ek aktyf foar de Fryske Toanielstifting Tryater. Ferskate ferhalen binne yn it Hollânsk oerset.
Ynhâld
Yn de measte ferhalen folgje we Martha, in húsfrou, yn har deistich libben. Har relaasje mei har man spilet yn de Marthaferhalen in wichtige rol. Der binne ek oare ferhalen opnommen dêr’t de húshalding en de relaasje tusken de man en frou in wichtige rol spylje. De ferhalen hawwe meastal in ûnferwacht, soms absurd ein.
Swierte
De ferhalen dy’t opnaam binne yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen binne meinimmend en flot skreaun, mar net foar eltsenien werkenber. De ferhalen binne goed los te lêzen, mar de tematyk is yn alle ferhalen itselde. De ferhâldingen tusken de man en frou yn de jierren tachtich en njoggentich steane op skerp. Foar in N3-lêzer kin it nijsgjirrich wêze him te ferdjipjen yn it tiidsbyld. N2-lêzers kinne troch dy tematyk tsjinholden wurde. Ek de absurde einen fan de ferhalen meitsje de tekst net foar eltsenien tagonklik. Dochs sil in N2-lêzer gjin swierrichheden ûnderfine mei it taalgebrûk.
Didaktyske en letterkundige analyze
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N2-lêzer moat ree wêze him ûnder te dompeljen yn in haadfiguer dy‘t net hiel tichtby harren sels stiet. It houlik en de relaasje tusken manlju en froulju spilet in wichtige rol. De ferhalen binnen flot skreaun, dus dat sil foar sawol de N2- as de N3-lêzer gjin drompel wêze moatte. |
Ynteresses |
De N3-lêzer dy’t ynteresseare is yn it libben fan in (heechoplate) húshâlding yn de jieren ’80 sil dizze bondel graach lêze. |
|
Algemiene kennis |
Algemiene kennis is net perfoarst nedich. Troch nammen as prins Rainier en Grace Kelly sil in lêzer it boek wol gauwer goed yn ‘e tiid pleatse kinne. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. Wol soe it mear djipgong oan it ferhaal jaan wannear’t it begrip ‘feministyske roman’ bekend is. Foar it tiidbyld is it sa no en dan wol handich om te witten wa’t de minsken binne dy’t neamd wurde. Sa wurde perfoarst prins Rainier en Grace Kelly neamd. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Trochdat der in soad dialogen yn de ferhalen sitte, binne de ferhalen goed te lêzen. Der komme sa no en dan wurden yn foar dy’t hjoed-de-dei miskien net sa faak mear brûkt wurde, mar dat is gjin beswier foar it begripen fan it boek. |
Sinskonstruksjes |
De sinslingte sil gjin problemen opsmite. |
|
Styl |
De styl fan it boek is humoristysk en ferhalen meitsje gauris in absurde draai. De dialogen dy't de personaazjes meiinoar ha binne gauris humoristysk, trochdat in soad ymplisyt en iroanysk dúdlik makke wurdt. It kin foar N2- en N3-lêzers dreech wêze om de iroanyske toan te werkennen. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der bart in soad yn de hollen fan de personaazjes yn de ferhalen. Der binne nochal wat beskriuwende passaazjes, mar der bart ek genôch. Trochdat der in soad dialogen yn de ferhalen sitte, sil it lêstempo heech wêze. De absurde draai dy’t yn folle ferhalen sit en de ymplisite barrens, meitsje de ferhalen net altyd like maklik foar N2-lêzers. |
Gronology |
Der is probearre in gronology yn de gearstalling te meitsjen. Dat is yn de measte gefallen slagge. Net alle ferhalen geane oer deselde minsken, wat de gronology of it tempo der wat úthellet. Dat makket de bondel miskien wat lestiger foar N2-lêzers. In N3-lêzer sil dêr gjin swierrichheden troch ûnderfine. |
|
Ferhaalline(n) |
Op it ferhaal ‘It sjaaltsje’ nei geane alle ferhalen oer Martha dy’t mei har houlik of de relaasje mei oare mannen ompielt. Yn it boek folgje we har troch har deistich libben. De ferhalen passe goed by mekoar. |
|
Perspektyf |
It perspektyf fan it boek is net kompleks. Alle ferhalen binne skreaun fanút it ik-perspektyf. Dat kin wol foar swierrichheden soargje, omdat it hieltyd efkes duorret foardat de lêzer wit wa’t de ‘ik’ is. Yn de measte gefallen is dat Martha. Dat it ferhaal ‘It sjaaltsje’ in oare ferteller hat, makket dat it tempo út it lêzen fan de bondel gean kin. |
|
Betsjutting |
In N2-lêzer sil foaral it ferhaal fan Martha lêze as in ferhaal op himsels. De N3-lêzer sil de nuvere barrens mear wurdearje, mar kin foar sawol N2- as N3-lêzers wol lestich wêze. Foar in N4-lêzer sit de útdaging folle mear yn it yn de tiid setten fan de ferhalen. Ek sil de N4-lêzer de feministyske ynslach fan Hylkje Goïnga mear yn de gaten hawwe. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Allinnich Martha wurdt troch de ferhalen hinne in dúdlik karakter. Alle oare karakters wurde net hiel bot útwurke. |
Oantal karakters |
Der komme hiel wat nammen foar yn de ferhalen. Dochs spylje der nea mear as fjouwer in wichtige rol yn in ferhaal. Yn de measte ferhalen binne der twa belangrike karakters. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Yn it begjin fan de ferhalebondel is Martha in troude frou, dy’t besiket te foldwaan oan de easken fan har man. Oan de ein fan de ferhalebondel is Martha net mear dwaande mei har man. De prakkesaasjes fan Martha steane net hiel tichtby de measte N2-lêzers of N3-lêzers. It binne ferhalen foar folwoeksen minsken, dy’t al wat ûnderfining hawwe mei relaasjes. |
|
Ferantwurding |
- |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
De biografyske skets stiet op tresoar.nl |