Fries | niveau 3 | It Eagleton Segel

It Eagleton Segel

It Eagleton Segel

Terpstra, Arjen
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2010
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
479
Genre
  • histoaryske roman
Tags
  • Amearika
  • emigraasje
  • fantasy
  • Ierlân
  • spanning en aventoer
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Arjen Terpstra is yn 1948 yn Weidum berne. Hy skreau al op syn tolfde en op syn achttjinde wûn er in literêre priis foar in toanielstik. Hy bleau skriuwen: heale romans, toanielstikken, films en gedichten, mar alles kaam op in grutte steapel. Om oan de kost te kommen hat Terpstra in protte by de ein hân. Sa wie er ûnder oare stjoerman op de grutte feart, ûndernimmer yn Amearika, freelance sjoernalist en kameraman. As er ferlear begûn er op 'en nij. Dat ferbynt him mei Amearika, it lân dêr't er him bûten Fryslân it meast thúsfielt.
Yn 2008 debutearre er mei De Hearen fan Fryslân, dêr't er yn 2010 de Rink van der Veldepriis foar krige.

Inhoud

It Eagleton Segel is it epos fan de Ierske famylje Eagleton dy't al yn de midsiuwen in kastiel bewenje op Mount Eagleton. Troch de Ingelske besetting fan Ierlân nei 1649 rekket de famylje fan it kastiel ôf. Se hâlde in spesjaal segel as bewiis dat it kastiel fan har is. Yn 1846 slacht Patrick Eagleton it segel yn twaën. Syn beide soannen, Shay en John, krije elk in part. De bruorren moatte flechtsje om't se in Ingelske lânhearre fermoarde ha. It ferhaal folget de neikommelingen fan Shay en John dy't elkoar út it each ferlieze en ûnder oare telâne komme yn Skotlân, Amearika en Fryslân. As yn 1954 kandidaat-gouverneur John Hamilton fan de steat Montana delsketten wurdt troch in froulike Eagleton komme de twa famyljelinen en ek de twa segel-parten wer by elkoar. In wichtich tema yn it boek is de magyske ferbûnens fan de Eagletons mei de kening fan de loften, de earn (Ingelsk: 'eagle').

Leesaanwijzingen

De struktuer fan It Eagleton Segel is lestich. It ferhaal wurdt net gronologysk ferteld. Om yn it ferhaal te kommen moatst even trochsette! In twadde aspekt dat lestich is, is it grut tal persoanen dat yn it ferhaal foarkomt. Foaryn it boek is in stambeam opnommen dy't helpe kin om de minsken út inoar te hâlden. Dêr sitte lykwols in pear flaters yn. It ferhaal lêst fierder flot, it taalgebrûk is net dreech.

Om over na te denken

Wat dochst ast flechtsje moast út dyn lân wei? Wat dochst mei dyn besittingen ast flechtsje moast?
Hawwe jim yn de famylje ek famyljetradysjes of famyljebesittingen? Hoe wurdt dêr mei omgongen? Hoe fier giest ast famyljebesittingen werom ha wolst dy't troch omstannichheden net mear yn de famylje binne?

Waardering

'It moaiste boek dat ik oait lêzen ha.'
Fenna (5v)

'Het Eagleton Zegel
is een aanrader voor iedereen die zin heeft in een 'meeslepend epos over een Ierse dynastie'.
Natascha van der Stelt op Crime Zone

'Een indrukwekkende roman, machtig in zijn historische reikwijdte, boeiend in zijn beeldende anekdotes en overtuigend in zijn hartstocht.'
Ellen ten Damme

Opmerkingen

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd: It Eagleton Zegel




Leestips/meer weten

In oantal resinsjes fynst op tresoar.nl by it boekprofyl

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen