Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | In Jikse-libben

In Jikse-libben

In Jikse-libben

Spoelstra, Janneke
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2008
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
112
Genre
  • coming of age
Tags
  • doarpslibben
  • leafde
  • identiteit
  • homoseksualiteit
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Janneke Spoelstra (1962) is skriuwster fan gedichten en proaza en makket dêrneist oersettingen. Se folge in oplieding ta medysk analiste en letter studearre se Frysk oan de NHL en de RUG. Se debutearre yn 2004 mei de dichtbondel Goeie is it wachtwurd. Fjouwer jier letter ferskynde In Jikse-libben, dêr't se yngiet op har lesbysk wêzen. Spoelstra is de earste Fryske skriuwster dy't de leafde tusken twa froulju ta ûnderwerp fan har literêr wurk makket. De skriuwstyl fan Janneke Spoelstra is ienfâldich en nochter.

Inhoud

Jiks fielt har oars as oaren omdat se fernimt dat se net op jonges, mar op famkes falt. Sy fynt it dreech om oer dy gefoelens te praten en der foar út te kommen. Jiks is ferlegen en skriuwen is foar har in útlitklep. Stadichoan krijt har lesbysk-wêzen hieltyd mear in plak en doart sy der foar út te kommen. De ferhalen yn de bondel geane ôfwikseljend oer Jiks as bern, Jiks as puber en Jiks as frou. Tuskentroch steane ferhalen fan lesbyske froulju út it ferline, dy't troch Jiks betocht binne.

Leesaanwijzingen

In Jikse-libben is in eigentiidsk boek dat skreaun is yn in subtile, nuchtere styl. It is opboud út koarte ferhalen. Lykwols sit der ek in drege kant oan dit boek, en dat is dat it perspektyf net altyd dúdlik is. Soms is de jonge Jiks oan it wurd, soms de âldere. Mar it komt ek foar dat net Jiks de haadpersoan is, mar in oare frou, yn it ferline. Ast dy dêrfan bewust bist, skeelt dat al in hiel ein.

Om over na te denken

Hoe is it atst akseptearje moatst datst oars bist as oaren? Kinst dy foarstelle datst wat ferswijst foar in goede freon?

Waardering

"De grutste fertsjinste fan dizze bondel is dat Spoelstra in Jiks fan fleis en bloed delsetten hat. In Jiks dy't yn al har kwetsberens en mei al har prakkesaasjes net allinnich hiel werkenber wêze sil foar 'minsken sa as har', mar ek foar froulju yn it algemien."
Yvonne Dijkstra yn it Friesch Dagblad

"Ik vind dat ze heel leuk schrijft. (...) Ze zet een herkenbaar verhaal neer, met herkenbare elementen, zeker voor mensen die in kleine gemeenschappen zijn opgegroeid."
Unbekende jonge frou út Ljouwert, FynstTV 2008

Opmerkingen

In Jikse-libben is yn 2013 yntrodusearre op de Frankfurter Buchmesse, de wichtichste boekebeurs op de wrâld. Yn oktober 2013 ferskynde de Nederlânske oersetting Wat ze dan dacht.
Filmke oer de skriuwster




Leestips/meer weten

Eigen website fan de skriuwster
Ynformaasje oer de skriuwster en it boek op tresoar.nl
Resinsje fan it boek op YouTube

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op de ein fan it boek

Opdracht

1. Fynsto it belangryk dat in boek goed ôfrint? Lis dyn antwurd út.

2. Lês it lêste haadstik nochris oer. Hoe rint it ôf? Wat fynsto fan de ein? Lis dyn antwurd út.

3. Lês it folgjende fragmint.

En wylst Jiks mei Matty - dy't siet te lêzen - foar de tinte siet oan 'e râne fan in fjord, tocht se oan doe't se mei Marten en Houkje foar de tinte siet. (…) Se hie har foarsteld hoe't it wêze soe, as se dêr wêze soe mei ien dy't fan har hood, fan wa't sij hood.
s.100

Is Jiks har winsk útkaam? Lis út.

4. Matty en Jiks lêze itselde boek. Dat boek rint goed ôf. 'It boek wie út, in happy end, se hienen elkoar krigen.' (s. 101). Tinksto dat Jiks de ein fan har eigen boek ek beskôget as in happy end? Lis út wêrom.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om te reflektearjen op in wichtich tema út it boek

Opdracht 1. Skriuwsto wolris oer dyn eigen libben, bygelyks oer dingen dy'tst belibbe hast? Sa ja, wêrom? Sa nee, kinst dy foarstelle dat oaren ferlet ha om dat te dwaan? Lis út.

2. Lês de fragminten hjirûnder.

Us mem kaam niis boppe en frege wat ik hjir dochs die, binnendoar, mei dat moaie waar. 'Och, niks,' sei ik.
It skrift hie ik krekt op 'e tiid fuortmoffelje kinnen yn it buro.
s. 24

'Wat dochst?' freget Matty.
Ik sit mei de jas oan bûtendoar op in túnstoel. Sij hat de sêredoar, dy't ik tichtlutsen hie, iependien.
'Och,' sees ik.
'O,' seit se.
Ik klap it skriuwboekje ticht.
s. 62

Wêrom reagearret Jiks sa op de fraach fan har mem en, letter, op de fraach fan Matty?

3. Wat foar reden(en) soe Jiks ha om te skriuwen?


4. Lês no ferhaal tsien ('It boek fan Jiks') troch en folje de reden(en) oan dy'tst by opdracht 3 neamd hast.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst3 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusdyn miening
Learst

om dyn miening te ferwurdzjen en te ûnderbouwen

Opdracht

1. Op Youtube stiet in mûnlinge resinsje fan In Jikse-libben (boarne [1]). Besjoch it filmke en lês it stikje oer Literêre teory.

2. Wat fynst fan de resinsje? Bist it mei de resinsint iens of net? Motivearje dyn antwurd.

3. Meitsje no in filmke fan dysels dêr'tst yn fertelst watst fan it boek fynst en wêrom. Jou hieltyd foarbylden út it boek, sadat dejingen dy't letter nei it filmke sjogge, begripe wêrom'tst der sa oer tinkst.

Fansels meist deselde miening ha as de resensint yn it filmke yn de boarne, mar brûk dan oare arguminten en foarbylden om dyn miening mei te ûnderbouwen. Ta ynspiraasje foar ferskillende soarten arguminten kinst ris sjen yn de tekst dy't neamd wurdt ûnder boarne [2].

Literaire theorie

Ast in boek resinsearrest, kinst ferskillende arguminten brûke wêrom'tst in boek wol of net de muoite wurdich fynst. Kinst bygelyks yngean op de struktuer fan it boek, of op de fraach oft it maklik foar de lêzer om him te identifisearjen mei de haadpersoan. Kinst ek yngean op de orizjinaliteit fan it boek of op de skriuwstyl.

Bronnen

[1] Youtube, Mûnlinge resinsje
[2] Op side 182-191 yn Basisboek Literatuur van Van Balen, Joosten en Peppelenbos, kinst it ien en oar lêze oer resinsjes en oer arguminten dy't yn resinsjes brûkt wurde kinne.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om de ûntjouwing fan it haadpersonaazje te beskriuwen

Opdracht

In profyl is in sjoernalistyk stik dêr't in persoan yn karakterisearre wurdt. Skriuw in profyl fan Jiks fan 300 oant 400 wurden.

Brûk de folgjende opdrachten foar de opbou foar dyn stik:

Beskriuw...
1. .. it libben fan Jiks as bern.
2. .. it libben fan Jiks as puber.
3. .. hoe't Jiks yn dy tiid omgiet mei har homoseksualiteit.
4. .. wat skriuwen betsjut foar Jiks.
5. .. hoe't Jiks letter omgiet mei har homoseksualiteit.
6. .. de ûntwikkeling fan Jiks.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN3/3
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om te reflektearjen op de aktualiteit fan in wichtich tema út it boek

Opdracht

Jiks fynt it dreech om foar har homosekstualiteit út te kommen, sels tsjinoer har bêste freonen.

1. Hasto it idee dat yn dyn omjouwing iepen dien wurdt oer homoseksualiteit? Kinsto dy foarstelle dat Jiks it dreech fynt om foar har homoseksualiteit út te kommen? Lis út.

Besjoch boarne [1]. Ut dat ûndersyk út begjin 2013 docht bliken dat mar in tredde part fan learlingen op it fuortset ûnderwiis homoseksualiteit normaal fynt. Twatredde fan de learlingen giet homoseksuele klasgenoaten leaver út 'e wei.

2. Herkensto de útkomsten fan it ûndersyk? Tinksto dat it by dy op skoalle ek sa is? Lis út.

Bronnen

Undersyk EduDivers, 'Mietjes moeten we niet', 2013 pdf

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN3/4
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de titel

Opdracht

1. Wat fynsto belangryk yn de titel fan in boek? Wêrom?

2. Wat fynsto fan de titel fan dit boek? Sprekt er dy oan? Wêrom wol of net?

3. It boek hjit In Jikse-libben, mar de skriuwster hie der ek foar kieze kind om it boek It Jikse-libben te neamen. Wat foar ferskil hie dy iene letter makke yn de betsjutting fan de titel?

4. Wat foar libben is in Jikse-libben? Wannear kinst fan ien sizze dat dy in Jikse-libben hat? Kinst as help by dizze fraach it haadstik 'It boek fan Jiks' nochris lêze (side 47).

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstruktuer
Learst

om te sykjen nei patroanen yn de struktuer fan it boek

Opdracht

1. Sjoch nochris nei it earste ferhaal fan it boek. Wa is hjir de haadpersoan? Wat is it perspektyf? En yn wat foar tiid is it ferhaal skreaun?

2. Lês no ek nochris it twadde ferhaal. Wat is hjir it perspektyf en de tiid? Wa is de haadpersoan?

3. It boek bestiet út koarte ferhalen dy't meastentiids oer Jiks geane, mar soms ek net. Guon ferhalen spylje yn it ferline, oare yn it no. Folje ûndersteande tabel yn.

 Haadstik

 Perspektyf

 Tiid

Haadpersoan

1

 

 

 

2

 

 

 

3

 

 

 

4

 

 

 

5

 

 

 

6

 

 

 

7

 

 

 

8

 

 

 

9

 

 

 

10

 

 

 

11

 

 

 

12

 

 

 

13

 

 

 

14

 

 

 

15

 

 

 

16

 

 

 

17

 

 

 

18

 

 

 

19

 

 

 

 

4. Wat foar patroanen ûntdekst yn de kar foar in bepaald perspektyf of in bepaalde tiid? Lis út.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Spoelstra, Janneke In Jikse-libben
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op it gedrach fan in personaazje

Opdracht

1. Yn it ferhaal 'Op in eilân' (s. 59) frustrearret it Jiks dat Wil nea wat sein hat oer har relaasje ta Renée. Wêrom fynt Jiks dat frustrearjend? Lis dyn antwurd út.

2. Wêrom begjint Jiks der sels net oer?

3. Yn it ferhaal 'De brulloft' (s. 90) is Jiks op it eilân mei Marten. 'Jiks tocht oan wat se har foarnommen hie. Sil ik der no oer begjinne, tocht se.' Wat hat Jiks har foarnommen? Wêrom fynt se it sa dreech om der oer te begjinnen?

4. Hoe reagearret Marten op wat Jiks seit? Wêrom reagearret er sa, tinksto? Kinst dy syn reaksje foarstelle?

5. Kinst it dy foarstelle dat Jiks nea wat sein hat tsjin Marten? Wat docht it mei har om iepen te wêzen?

6. De titels fan de ferhalen 'Op in eilân' en 'De brulloft' binne dûbelsinnich. Lis dy dûbelsinnichheid út.

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Janneke Spoelstra (1962) skriuwt oersettingen, gedichten en proaza. Se folge in oplieding ta medysk analiste en letter studearre se Frysk oan de NHL Hegeskoalle en de RUG. Se debutearre yn 2004 mei de dichtbondel Goeie is it wachtwurd. Fjouwer jier letter ferskynde In Jikse-libben. Spoelstra is ien fan de earste Fryske skriuwsters dy't de leafde tusken twa froulju ta ûnderwerp fan har literêr wurk makket. Har gedichten ûnderskiede har troch in nochtere styl mei subtile formulearringen.

Ynhâld

De ferhalen yn In Jikse-libben geane oer Jiks, in opgroeiende frou yn in beskerme, lytse mienskip, dy't har oars fielt. Dat se har oars fielt, komt trochdat se ûntdekt dat se op froulju falt. Se fynt it dreech dat se net past yn it standert byld fan ferkearing, trouwe en bern krije. Se praat net maklik oer har lesbyskwêzen en wrakselet mei gefoelens fan ûnsekerheid. De ferhalen yn de bondel geane ôfwikseljend oer Jiks as bern, Jiks as puber en Jiks as frou. Tuskentroch steane ferhalen fan lesbyske froulju út it ferline, dy't mei deselde fragen en problemen omgean moasten as Jiks.

Swierte

It boek is tagonklik skreaun, mei koarte sinnen en hjoeddeistich taalgebrûk. Foar in N2-lêzer is it boek oantreklik omdat dy him herkenne kin yn de wrâld fan Jiks yn har bernetiid en pubertiid. It kin foar in N2-lêzer dreech wêze om ek begryp op te bringen foar de gefoelens en gedachten fan de âldere Jiks. Boppedat is de ûntrochsichtige struktuer fan it boek mooglik in stroffelstien foar in N2-lêzer. Ek foar N3-lêzers kin dy struktuer in obstakel wêze. Der binne in soad ymplisite perspektyfwiksels. Lykwols kin in N3-lêzer nei alle gedachten wol mei it boek út de fuotten, ek omdat de tematyk oanslút by de kompetinsjes fan in N3-lêzer. In N4-lêzer, dy't ynteressearre is yn fertelkeunst en romanstruktuer, kin syn analytyske feardichheden goed kwyt yn de komplekse struktuer fan dit boek.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

It boek hat net in soad siden en bestiet út koarte ferhalen. De foarmjouwing is eigentiids. It sil foar learlingen gjin grutte drompel wêze om yn dit boek te begjinnen.

Ynteresses

It boek giet oer (homo)seksualiteit en jin oars fiele as oaren. In learling moat sokke tematyk boeiend fine om wat oan dit boek te finen.

Algemiene kennis

De algemiene kennis fan learlingen sil tarikkend wêze om dit boek goed begripe te kinnen. 

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich om dit boek goed te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

De wurden dy't brûkt wurde binne eigentiids, geef en subtyl. Spoelstra bliuwt ticht by har eigen sprektaal. Sa as achteryn it boek oanjûn stiet, wykt de stavering op guon punten ôf fan de wurdboekfoarm. Opfallend is dat wurden as hy, sy, dy as hij, sij en dij skreaun wurde. Fierders praat beppe, yn ferhaal ien, Biltsk. Spoelstra brûkt ek wurden dy't net yn it wurdboek steane (leze, seze yn plak fan lizze, sizze).

Sinskonstruksjes

De sinnen binne net lang en goed te folgjen.

Styl

Janneke Spoelstra skriuwt nuchter en sober. Hjir en dêr wurdt wol gebrûk makke fan byldspraak, sa as de rúzje tusken Jiks en har freondinne dy't as in 'iistiid' omskreaun wurdt. En Jiks dy't moarns betiid oan har boek skriuwt en harsels ferliket mei in 'faam yn 'e jister' dy't amers leget en wer follet. Foar in N2-lêzer kin sokke byldspraak mooglik wat lestich wêze.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De hannelingen yn dit boek folgje inoar fluch op. Der binne gjin lange beskriuwingen. Der is in soad dialooch. Troch de koarte ferhalen hoecht de lêzer de oandacht noait langer as in oantal siden fêst te hâlden.

Gronology

De gronology fan it boek is ûntrochsichtich. In ferhaal oer de folwoeksen Jiks kin sa folgje op in ferhaal fan Jiks as bern, en dan folge wurde troch in histoarysk ferhaal. Dy opbou is net ienfâldich. Dochs wurdt it in tûke lêzer wol dúdlik oft it oer Jiks giet of net, en hoe âld oft Jiks ûngefear is. 

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline en dy giet oer de opgroeiende Jiks (bern, puber, jonge frou, folwoeksene). Ut en troch wurdt dy ûnderbrutsen mei histoaryske ferhalen, dy't troch Jiks opskreaun lykje te wêzen.

Perspektyf

Der binne hieltyd wikseljende perspektiven. Dêr is gjin patroan yn te ûntdekken. De ferhalen oer Jiks wurde soms yn ik-perspektyf beskreaun en soms yn personaal perspektyf. Soms wikselet dat binnen ien ferhaal (bygelyks yn ferhaal nûmer 15). Der binne ek ferhalen by dy't letter in dream of in ferhaal fan Jiks blike te wêzen. 

Betsjutting

In N2-lêzer sil betsjutting oan dit boek hechtsje as in ferhaal oer it libben en de avontoeren fan in opgroeiend, lesbysk famke. In N3-lêzer sil dit boek lêze as it relaas fan in opgroeiende frou dy't om besiket te gean mei har ûnsekerheid en har oarswêzen. N4-lêzers, dy't each ha foar literatuer as keunstfoarm, kinne oan dit boek ek betsjutting hechtsje as in boek dat yngiet op it belang fan skriuwerij en literatuer.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De hoemannichte karakters is net in probleem yn dit boek. Folle lestiger is it om derachter te kommen wa't oan it wurd is, de jonge Jiks, de âldere Jiks, of in oar.

Oantal karakters

It oantal karakters is beheind. Jiks is it iennichste round character. De lêzer moat ûnderskie meitsje tusken oan de iene kant Jiks en minsken út it libben fan Jiks, en oan de oare kant personaazjes dy't troch Jiks betocht binne. 

Untjouwing fan de karakters

Allinnich Jiks makket in ûntjouwing troch. Sy ûntjout har fan famke dat derachter komt dat se oars is nei in folwoeksen frou dy't iepen útkomt foar har lesbyskwêzen.

Relevante  boarnen foar dosinten

Biografyske skets fan de skriuwster
Boekprofyl