In aap klimt út 'e beam
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2017
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 186
- Genre
-
- politike satire
- Tags
-
- humor
- polityk
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Koos Tiemersma (1952) is berne yn Frjentsjer en wennet tsjintwurdich yn Drachten. Oant syn pensjonearing wie er ûnderwizer yn Kollumersweach. Tiemersma hat oant en mei 1999 spile yn de trijemansband Skift.
Yn it jier 2000 wûn er mei it ferhaal 'Job – in alter' de Rely Jorritsmapriis. Dat ferhaal hat er útwurke ta syn debútroman De Ljedder dy’t yn 2002 fersynde. Foar dy roman krige er yn 2004 de Rink van der Veldepriis.
Tiemersma skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.
It Nederlânske Hoe blond je een aap, in parody op Wilders, wie de earste digitale útjefte.
Yn 2015 krige de skriuwer de heechste priis yn de Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis, foar it boek Einum.
Inhoud
Bobo Skat is in ûntsnapte aap út de bistetún Happy Zoo. Hy wit klean fan in man te pakken te krijen. In foarbygonger, Norbert Schnabel, en syn hûn, Spûky, komme yn de kunde mei de oanklaaide aap. Se sjogge yn him in minske en nimme him mei nei hûs.
Fia Schnabel komt Bobo wer yn de kunde mei de minsken fan de Nije Partij. Dizze partij, dy’t driuwt op ûnfrede, hat in nije listlûker nedich en Bobo makket mei syn oneliners oer yntegraasje en de multykulturele maatskippij bot yndruk.
De karriêre fan Bobo giet as in komeet: de partij groeit en befeiliging is net mear út syn libben wie te tinken.
Lang om let wurdt it minder, minne peilingen en ynterne swierrichheden, en de partij wol de achtergrûn fan Bobo neilûke. It bestjoer is bang dat Bobo yllegaal is en wurket him de partij út. Bobo klimt wer yn de beam.
Leesaanwijzingen
In aap klimt út ‘e beam lêst hiel flot en der sit in protte humor yn it boek. It is wol nedich om in bytsje ôf te witten oer polityk en bepaalde politike figueren sa as Geert Wilders en Donald Trump. It ferhaal giet yn op de aktualiteit, nammentlik oer de opkomst fan in populistyske partij. Dêroan ferbûn giet it oer de problemen fan de multykulturele maatskippij en de yntegraasje.
Om over na te denken
Hoe wurkje populistyske politike partijen? Hoe kin it dat minsken somtiden fluch fan miening feroarje kinne? Hoe sjochtsto nei populistyske politike partijen?
Waardering
‘Om echte satire kun je weliswaar lachen, maar je haalt er ook je ziel aan open. De humor van de satiricus bijt en strooit zout in wonden. Tiemersma doet dat ook, met veel gebruik van absurdisme en humor.’
Gert Jan de Vries op De Moanne.nl
‘Mei it satiryske boek In aap klimt út ‘e beam lit de skriuwer dy op in grappige manier beseffe dat oeral ferskate soarten binne. Dat makket de wrâld krekt gesellich. De Nije Partij hat tekenen fan de PVV fan hjoeddedei en jout ynsjoch yn hoe gau’t minsken harren rol yn de polityk feroarje kinne.’
Sjirk Bruinsma, 5 vwo
Opmerkingen
Yn 2010 is Hoe blond je een aap as ebook útkaam. De auteur hat it boek sels oerset yn it Frysk. Yn 2014 kaam In aap klimt út ‘e beam as ebook út.
Beide ferzjes binne sûnt 2017 ek as papieren boek te krijen.
Leestips/meer weten
Samengesteld door
Ans WallingaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om nei te tinken oer de haadpersoan en dy te beskriuwen |
Opdracht | Bobo Skat is de haadpersoan yn In aap klimt út ‘e beam. Wy leare him kennen as aap dy’t ûntsnapt is út de bistetún, dan in hoartsje as minske troch it libben giet en ta einbeslút wer as aap yn de beam klimt. Understeande fragen geane oer de tiid fan Bobo Skat as minske. 1. Hokker kenmerken fan in aap hat of hâldt Bobo as minske? 2. Hokker minsklike kenmerken krijt Bobo? 3. Neam twa foarfallen dêr’t Bobo Skat as politikus op reagearret en hoe’t er him oanpast oan de nije sitewaasje. 4. Beskriuw punt foar punt fan trije persoanen hoe’t se reagearje op Bobo Skat. 5. Wat is it effekt fan in aap(/in bist) as haadpersoan yn in boek mei fierder minsken as personaazje? |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst | om te reflektearjen oer de titel |
Opdracht | De titel is in hiel wichtich ûnderdiel fan in boek. 1. Hokker ferwachtingen hiest fan it boek nei it lêzen fan de titel? Wêr soe it boek oer gean? Watfoar boek soe it wêze? Binne dy ferwachtingen útkaam? Motivearje dyn antwurd. 2. Yn it Nederlânsk hyt it boek Hoe blond je aap. Hokker titel fynst it bêste en wêrom? 3. Betink sels twa alternative titels en lis út wêrom’tst se by it boek passen fynst. 4. Hokker titel fynst it bêste? In aap klimt út ‘e beam, Hoe blond je aap of ien fan dyn eigen betochte titels? En wêrom? |
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst | om dyn miening te jaan oer it boek |
Opdracht | Hjirûnder steane fiif stellingen út en oer In aap klimt út ‘e beam. Kies ien fan de stellingen út en reagearje dêr yn in betooch op.
De stellingen |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | satire |
Learst | learst wat satire is en hoe’t satire mear foarkomt |
Opdracht | - Op de foarkant fan it boek In aap klimt út ‘e beam stiet it wurd ‘satire’. Sykje mei help fan ynternet út fan satire presys betsjut. Skriuw dat op yn sa’n 100 wurden. - Neam noch 5 foarmen en/of foarbylden fan satire. Brûk dêrby ynternet. - Besjoch de Clipphanger oer satire op schooltv.nl. - It boek Animal Farm (1945) fan de Britske skriuwer en sjoernalist George Orwell is in klassiker út de wrâldliteratuer. - Neam trije foarbylden fan satire yn de (Nederlânske) media op dit stuit. Tink oan telefyzjeprogramma’s, persoanen dy’t regelmjittich reagearje op it nijs, kartoons yn kranten ensafuorthinne. |
Bronnen | - Schooltv.nl (Clipphanger/Wat is satire?) |
Makke troch | Ans Wallinga |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | betsjutting |
Learst | om ûnder wurden te bringen wat de auteur mei it boek sizze wol |
Opdracht | In aap klimt út ‘e beam is in satiryske roman. Op wikipedia.org stiet oer satire ‘Een satire of hekeldicht is een kunstvorm waarbij vaak op humoristische wijze maatschappijkritiek wordt gegeven’. Jou yn eigen wurden wer wêr’t dy krityk út bestiet. Skriuw trije saken op dêr’t de skriuwer ymplisyt syn miening oer jout. Set achter de omskriuwing de sidenûmers fan it boek. |
Bronnen | |
Makke troch | Ans Wallinga |
Boek | Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | eigen miening en resepsje |
Learst | om in eigen miening oer in roman te foarmjen, mei op basis fan resinsjes |
Opdracht | 1. Wat fynst fan it boek In aap klimt út ‘e beam? Jou dyn miening wer yn in ferslach fan 150 wurden. |
Bronnen | - Gert Jan de Vries, Hoe blond je aap, demoanne.nl, 22 septimber 2015. |
Makke troch | Ans Wallinga |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Koos Tiemersma (1952) is berne yn Frjentsjer en wennet tsjintwurdich yn Drachten. Oant syn pensjonearing wie er ûnderwizer yn Kollumersweach. Tiemersma hat oant en mei 1999 spile yn de trijemansband Skift.
Yn it jier 2000 wûn er mei it ferhaal 'Job – in alter' de Rely Jorritsmapriis. Dat ferhaal hat er útwurke ta syn debútroman De Ljedder dy’t yn 2002 fersynde. Foar dy roman krige er yn 2004 de Rink van der Veldepriis.
Tiemersma skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.
It Nederlânske Hoe blond je een aap, in parody op Wilders, wie de earste digitale útjefte.
Yn 2015 krige de skriuwer de heechste priis yn de Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis, foar it boek Einum.
Ynhâld
Bobo Skat is in ûntsnapte aap út de bistetún Happy Zoo. Hy wit klean fan in man te pakken te krijen. In foarbygonger, Norbert Schnabel, en syn hûn, Spûky, komme yn de kunde mei de oanklaaide aap. Se sjogge yn him in minske en nimme him mei nei hûs.
Fia Schnabel komt Bobo wer yn de kunde mei de minsken fan de Nije Partij. Dizze partij, dy’t driuwt op ûnfrede, hat in nije listlûker nedich en Bobo makket mei syn oneliners oer yntegraasje en de multykulturele maatskippij bot yndruk.
De karriêre fan Bobo giet as in komeet: de partij groeit en befeiliging is net mear út syn libben wie te tinken.
Lang om let wurdt it minder, minne peilingen en ynterne swierrichheden, en de partij wol de achtergrûn fan Bobo neilûke. It bestjoer is bang dat Bobo yllegaal is en wurket him de partij út. Bobo klimt wer yn de beam.
Swierte
It boek In aap klimt út e beam is net dreech te lêzen: it ferhaal wurdt lineêr ferteld en bestrykt in oersichtlike perioade út it libben fan de haadpersoan, de aap Bobo Skat.
De N2-lêzer sil de flotte skriuwstyl, de humor, de dialogen en de aksje yn it boek wurdearje.
Foar de N3-lêzers sit de útdaging him yn de djippere bestjutting, de lagen ûnder it opperflak: wat stiet der en wat wurdt der mei bedoeld? Wat wol de skriuwer mei dit absurdistyske ferhaal oerbringe? Wêr wol de skriuwer de lêzer oernei tinke litte?
Foar de N4-lêzer kin it wêze dat it boek te min útdaging biede kin.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en jou him oer oan in boek mei in aap as haadpersoan. |
Ynteresses |
In aap klimt út ‘e beam is in absurd ferhaal mei in serieuze ûndertoan. It is in moai boek foar dyjinge dy’t op in humoristyske manier ynsjoch hawwe wol yn de wurking fan in populistyske politike partij. |
|
Algemiene kennis |
It is in fereaske om basale kennis fan de hjoeddeiske polityk te hawwen om de satire begripe te kinnen. Foar in N2-lêzer soe dat lestich wêze kinne. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk yn In aap klimt út ‘e beam is net dreech en sil goed te behappen wêze foar de N2-lêzer. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne oer it algemien net lang. Der komme wol sinnen foar mei (lange) bysinnen, mar troch de flotte skriuwstyl binne dy goed nei te kommen. |
|
Styl |
In aap klimt út ‘e beam is tige flot skreaun. Der komme in protte dialogen yn it ferhaal foar. Dat sil benammen in N2-lêzer wurdearje. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn In aap klimt út ‘e beam sit in protte aksje. N2-lêzer sil dat wurdearje. |
Gronology |
It ferhaal wurdt lineêr ferteld en jout dêrmei gjin swierrichheden. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline. Dy fan de aap Bobo Skat yn in perioade dat er as minske troch it libben giet. |
|
Perspektyf |
Mearfâldich wikseljend perspektyf. It ferhaal wurdt ferteld út acht ferskillende ‘persoanen’ wei, dêr’t guon mar ien kear fan op it aljemint komme. Foar in N2-lêzer kin dat lestich wêze. De N3-lêzer moat dat oankinne. |
|
Betsjutting |
In aap klimt út ‘e beam wol sjen litte hoe’t bepaalde politike figueren en partijen fan hjoeddedei fungearje. Op in humoristyske wize jout de skriuwer maatskippijkrityk en tagelyk hâldt er ús as lêzer in spegel foar. Foar in N2-lêzer befettet it boek mooglik in moai ferhaal. Foar de N3-lêzer is it de útdaging om de maatskippijkrityk te ynterpretearjen en te betinken wat ús rol yn dy maatskippij is. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De haadpersoan yn In aap klimt út ‘e beam is de figuer Bobo Skat. Om de aap hinne toarkje in stik as acht persoanen en in hûn. De karakters binne gjin personaazjes dy’t tichtby de N2-lêzer steane. De N3-lêzers sille om de somtiden hypokrite personaazjes laitsje kinne. De personaazjes wurde net útdjippe, mar steane meastentiids foar in bepaald type minske. |
Hoemannichte |
It tal karakters kin foar in N2-lêzer lestich wêze. Foar de N3- en N4-lêzer sil it gjin probleem opsmite.
|
|
Untjouwing fan de karakters |
De tiid dat de haadpersoan as minske troch it libben giet feroaret er wol, mar dat is net ta te skriuwen oan de ûntjouwing fan syn karakter. Hy past him oan oan bepaalde omstannichheden dy’t faak troch oaren oandroegen wurde. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Oer de skriuwer: tresoar.nl en oer it boek: tresoar.nl |