Fries | niveau 3 | In aap klimt út 'e beam

In aap klimt út 'e beam

In aap klimt út 'e beam

Tiemersma, Koos
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2017
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
186
Genre
  • politike satire
Tags
  • humor
  • polityk
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Koos Tiemersma (1952) is berne yn Frjentsjer en wennet tsjintwurdich yn Drachten. Oant syn pensjonearing wie er ûnderwizer yn Kollumersweach. Tiemersma hat oant en mei 1999 spile yn de trijemansband Skift.
Yn it jier 2000 wûn er mei it ferhaal 'Job – in alter' de Rely Jorritsmapriis. Dat ferhaal hat er útwurke ta syn debútroman De Ljedder dy’t yn 2002 fersynde. Foar dy roman krige er yn 2004 de Rink van der Veldepriis.
Tiemersma skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.
It Nederlânske Hoe blond je een aap, in parody op Wilders, wie de earste digitale útjefte.
Yn 2015 krige de skriuwer de heechste priis yn de Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis, foar it boek Einum.

Inhoud

Bobo Skat is in ûntsnapte aap út de bistetún Happy Zoo. Hy wit klean fan in man te pakken te krijen. In foarbygonger, Norbert Schnabel, en syn hûn, Spûky, komme yn de kunde mei de oanklaaide aap. Se sjogge yn him in minske en nimme him mei nei hûs.
Fia Schnabel komt Bobo wer yn de kunde mei de minsken fan de Nije Partij. Dizze partij, dy’t driuwt op ûnfrede, hat in nije listlûker nedich en Bobo makket mei syn oneliners oer yntegraasje en de multykulturele maatskippij bot yndruk.
De karriêre fan Bobo giet as in komeet: de partij groeit en befeiliging is net mear út syn libben wie te tinken.
Lang om let wurdt it minder, minne peilingen en ynterne swierrichheden, en de partij wol de achtergrûn fan Bobo neilûke. It bestjoer is bang dat Bobo yllegaal is en wurket him de partij út. Bobo klimt wer yn de beam.

Leesaanwijzingen

In aap klimt út ‘e beam lêst hiel flot en der sit in protte humor yn it boek. It is wol nedich om in bytsje ôf te witten oer polityk en bepaalde politike figueren sa as Geert Wilders en Donald Trump. It ferhaal giet yn op de aktualiteit, nammentlik oer de opkomst fan in populistyske partij. Dêroan ferbûn giet it oer de problemen fan de multykulturele maatskippij en de yntegraasje.

Om over na te denken

Hoe wurkje populistyske politike partijen? Hoe kin it dat minsken somtiden fluch fan miening feroarje kinne? Hoe sjochtsto nei populistyske politike partijen?

Waardering

‘Om echte satire kun je weliswaar lachen, maar je haalt er ook je ziel aan open. De humor van de satiricus bijt en strooit zout in wonden. Tiemersma doet dat ook, met veel gebruik van absurdisme en humor.’
Gert Jan de Vries op De Moanne.nl

‘Mei it satiryske boek In aap klimt út ‘e beam lit de skriuwer dy op in grappige manier beseffe dat oeral ferskate soarten binne. Dat makket de wrâld krekt gesellich. De Nije Partij hat tekenen fan de PVV fan hjoeddedei en jout ynsjoch yn hoe gau’t minsken harren rol yn de polityk feroarje kinne.’
Sjirk Bruinsma, 5 vwo

Opmerkingen

Yn 2010 is Hoe blond je een aap as ebook útkaam. De auteur hat it boek sels oerset yn it Frysk. Yn 2014 kaam In aap klimt út ‘e beam as ebook út.

Beide ferzjes binne sûnt 2017 ek as papieren boek te krijen.




Leestips/meer weten

Webside auteur

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de haadpersoan en dy te beskriuwen

Opdracht

Bobo Skat is de haadpersoan yn In aap klimt út ‘e beam. Wy leare him kennen as aap dy’t ûntsnapt is út de bistetún, dan in hoartsje as minske troch it libben giet en ta einbeslút wer as aap yn de beam klimt.

Understeande fragen geane oer de tiid fan Bobo Skat as minske.

1. Hokker kenmerken fan in aap hat of hâldt Bobo as minske?

2. Hokker minsklike kenmerken krijt Bobo?

3. Neam twa foarfallen dêr’t Bobo Skat as politikus op reagearret en hoe’t er him oanpast oan de nije sitewaasje. 

4. Beskriuw punt foar punt fan trije persoanen hoe’t se reagearje op Bobo Skat.

5. Wat is it effekt fan in aap(/in bist) as haadpersoan yn in boek mei fierder minsken as personaazje? 

Makke trochAns Wallinga
Boek Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen oer de titel

Opdracht

De titel is in hiel wichtich ûnderdiel fan in boek.

1. Hokker ferwachtingen hiest fan it boek nei it lêzen fan de titel? Wêr soe it boek oer gean? Watfoar boek soe it wêze?

Binne dy ferwachtingen útkaam? Motivearje dyn antwurd.

2. Yn it Nederlânsk hyt it boek Hoe blond je aap. Hokker titel fynst it bêste en wêrom?

3. Betink sels twa alternative titels en lis út wêrom’tst se by it boek passen fynst.

4. Hokker titel fynst it bêste? In aap klimt út ‘e beam, Hoe blond je aap of ien fan dyn eigen betochte titels? En wêrom?  

Makke trochAns Wallinga

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om dyn miening te jaan oer it boek

Opdracht

Hjirûnder steane fiif stellingen út en oer In aap klimt út ‘e beam. Kies ien fan de stellingen út en reagearje dêr yn in betooch op.
Bou it betooch op neffens ûndersteande punten:

  1. Skriuw de stelling oer;
  2. Skriuw de ynlieding;
  3. Skriuw in middenstik fan trije alinea’s. Yn elke alinea brûkst ien argumint dat de stelling stipet. Dêr moatst foarbylden út it boek by brûke.
  4. Slút ôf mei in konklúzje.

De stellingen
- In aap klimt út ‘e beam is in goede/moaie titel foar dit boek.
- In aap klimt út ‘e beam is in humoristysk boek.
- Troch In aap klimt út ‘e beam krij ik in goed byld fan hoe’t it der yn de polityk om en ta giet.
- Bobo Skat is as haadpersoan oannimlik.
- ‘Tiemersma’s absurdisme zit hem niet alleen in beelden en gedachten, maar zeker ook in de taal’ (sitaat fan Gert Jan de Vries op demoanne.nl).

Makke trochAns Wallinga
Boek Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokussatire
Learst

learst wat satire is en hoe’t satire mear foarkomt

Opdracht

- Op de foarkant fan it boek In aap klimt út ‘e beam stiet it wurd ‘satire’. Sykje mei help fan ynternet út fan satire presys betsjut. Skriuw dat op yn sa’n 100 wurden.

- Neam noch 5 foarmen en/of foarbylden fan satire. Brûk dêrby ynternet.

- Besjoch de Clipphanger oer satire op schooltv.nl.
Yn dat filmke wurdt sein ‘Satire begeeft zich op de grens tussen grap en grofheid’.
Jildt dat ek foar it boek In aap klimt út ‘e beam? Motivearje dyn antwurd.

- It boek Animal Farm (1945) fan de Britske skriuwer en sjoernalist George Orwell is in klassiker út de wrâldliteratuer.
Sykje op ynternet út hoe’t it ferhaal yn Animal Farm giet en lês ek achtergrûnynformaasje.
Wêryn komme In aap klimt út ‘e beam en Animal Farm oerien en wêryn ferskille de beide boeken? Neam ien ferskil en ien oerienkomst.  

- Neam trije foarbylden fan satire yn de (Nederlânske) media op dit stuit. Tink oan telefyzjeprogramma’s, persoanen dy’t regelmjittich reagearje op it nijs, kartoons yn kranten ensafuorthinne.

Bronnen

- Schooltv.nl (Clipphanger/Wat is satire?)
- Wikipedy: satire

Makke trochAns Wallinga

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbetsjutting
Learst

om ûnder wurden te bringen wat de auteur mei it boek sizze wol

Opdracht

In aap klimt út ‘e beam is in satiryske roman. Op wikipedia.org stiet oer satire ‘Een satire of hekeldicht is een kunstvorm waarbij vaak op humoristische wijze maatschappijkritiek wordt gegeven’.
It is dúdlik dat de auteur fan In aap klimt út ‘e beam krityk jaan wol op de hjoeddeistige maatskippij.

Jou yn eigen wurden wer wêr’t dy krityk út bestiet.

Skriuw trije saken op dêr’t de skriuwer ymplisyt syn miening oer jout. Set achter de omskriuwing de sidenûmers fan it boek.

Bronnen

- Wikipedia (satire)
- Wikipedy (satire)

Makke trochAns Wallinga
Boek Tiemersma, Koos In aap klimt út 'e beam
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuseigen miening en resepsje
Learst

om in eigen miening oer in roman te foarmjen, mei op basis fan resinsjes

Opdracht

1. Wat fynst fan it boek In aap klimt út ‘e beam? Jou dyn miening wer yn in ferslach fan 150 wurden.
2. Under ‘Boarnen’ stiet in resinsjes fan Hoe blond je een aap, de Nederlânske foarrinner fan it boek en In aap klimt út ‘e beam. Lês beide resinsjes.
3. Skriuw fan elke resinsje de plus- en de minpunten op dy’t oer it boek jûn wurde.
4. Is dyn miening oer it boek feroare nei it lêzen fan de resinsjes? Motivearje dyn antwurd.

Bronnen

- Gert Jan de Vries, Hoe blond je aap, demoanne.nl, 22 septimber 2015.
- Meindert Reitsma, Eefkes de minske úthingje, ensafh.nl, 16 desimber 2014.

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Koos Tiemersma (1952) is berne yn Frjentsjer en wennet tsjintwurdich yn Drachten. Oant syn pensjonearing wie er ûnderwizer yn Kollumersweach. Tiemersma hat oant en mei 1999 spile yn de trijemansband Skift.
Yn it jier 2000 wûn er mei it ferhaal 'Job – in alter' de Rely Jorritsmapriis. Dat ferhaal hat er útwurke ta syn debútroman De Ljedder dy’t yn 2002 fersynde. Foar dy roman krige er yn 2004 de Rink van der Veldepriis.
Tiemersma skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.
It Nederlânske Hoe blond je een aap, in parody op Wilders, wie de earste digitale útjefte.
Yn 2015 krige de skriuwer de heechste priis yn de Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis, foar it boek Einum.

Ynhâld

Bobo Skat is in ûntsnapte aap út de bistetún Happy Zoo. Hy wit klean fan in man te pakken te krijen. In foarbygonger, Norbert Schnabel, en syn hûn, Spûky, komme yn de kunde mei de oanklaaide aap. Se sjogge yn him in minske en nimme him mei nei hûs.
Fia Schnabel komt Bobo wer yn de kunde mei de minsken fan de Nije Partij. Dizze partij, dy’t driuwt op ûnfrede, hat in nije listlûker nedich en Bobo makket mei syn oneliners oer yntegraasje en de multykulturele maatskippij bot yndruk.
De karriêre fan Bobo giet as in komeet: de partij groeit en befeiliging is net mear út syn libben wie te tinken.
Lang om let wurdt it minder, minne peilingen en ynterne swierrichheden, en de partij wol de achtergrûn fan Bobo neilûke. It bestjoer is bang dat Bobo yllegaal is en wurket him de partij út. Bobo klimt wer yn de beam.

Swierte

It boek In aap klimt út e beam is net dreech te lêzen: it ferhaal wurdt lineêr ferteld en bestrykt in oersichtlike perioade út it libben fan de haadpersoan, de aap Bobo Skat.
De N2-lêzer sil de flotte skriuwstyl, de humor, de dialogen en de aksje yn it boek wurdearje.
Foar de N3-lêzers sit de útdaging him yn de djippere bestjutting, de lagen ûnder it opperflak: wat stiet der en wat wurdt der mei bedoeld? Wat wol de skriuwer mei dit absurdistyske ferhaal oerbringe? Wêr wol de skriuwer de lêzer oernei tinke litte?
Foar de N4-lêzer kin it wêze dat it boek te min útdaging biede kin.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en jou him oer oan in boek mei in aap as haadpersoan.

Ynteresses

In aap klimt út ‘e beam is in absurd ferhaal mei in serieuze ûndertoan. It is in moai boek foar dyjinge dy’t op in humoristyske manier ynsjoch hawwe wol yn de wurking fan in populistyske politike partij.

Algemiene kennis

It is in fereaske om basale kennis fan de hjoeddeiske polityk te hawwen om de satire begripe te kinnen. Foar in N2-lêzer soe dat lestich wêze kinne.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn In aap klimt út ‘e beam is net dreech en sil goed te behappen wêze foar de N2-lêzer.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne oer it algemien net lang. Der komme wol sinnen foar mei (lange) bysinnen, mar troch de flotte skriuwstyl binne dy goed nei te kommen.

Styl

In aap klimt út ‘e beam is tige flot skreaun. Der komme in protte dialogen yn it ferhaal foar. Dat sil benammen in N2-lêzer wurdearje.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn In aap klimt út ‘e beam sit in protte aksje. N2-lêzer sil dat wurdearje.

Gronology

It ferhaal wurdt lineêr ferteld en jout dêrmei gjin swierrichheden.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline. Dy fan de aap Bobo Skat yn in perioade dat er as minske troch it libben giet.

Perspektyf

Mearfâldich wikseljend perspektyf. It ferhaal wurdt ferteld út acht ferskillende ‘persoanen’ wei, dêr’t guon mar ien kear fan op it aljemint komme. Foar in N2-lêzer kin dat lestich wêze. De N3-lêzer moat dat oankinne.

Betsjutting

In aap klimt út ‘e beam wol sjen litte hoe’t bepaalde politike figueren en partijen fan hjoeddedei fungearje. Op in humoristyske wize jout de skriuwer maatskippijkrityk en tagelyk hâldt er ús as lêzer in spegel foar. Foar in N2-lêzer befettet it boek mooglik in moai ferhaal. Foar de N3-lêzer is it de útdaging om de maatskippijkrityk te ynterpretearjen en te betinken wat ús rol yn dy maatskippij is.   

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De haadpersoan yn In aap klimt út ‘e beam is de figuer Bobo Skat. Om de aap hinne toarkje in stik as acht persoanen en in hûn. De karakters binne gjin personaazjes dy’t tichtby de N2-lêzer steane. De N3-lêzers sille om de somtiden hypokrite personaazjes laitsje kinne. De personaazjes wurde net útdjippe, mar steane meastentiids foar in bepaald type minske.

Hoemannichte

It tal karakters kin foar in N2-lêzer lestich wêze. Foar de N3- en N4-lêzer sil it gjin probleem opsmite.

 

Untjouwing fan de karakters

De tiid dat de haadpersoan as minske troch it libben giet feroaret er wol, mar dat is net ta te skriuwen oan de ûntjouwing fan syn karakter. Hy past him oan oan bepaalde omstannichheden dy’t faak troch oaren oandroegen wurde.

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Oer de skriuwer: tresoar.nl en oer it boek: tresoar.nl