Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | Griene simmer

Griene simmer

Griene simmer

Kingma, Bart
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2010
Uitgeverij
Elikser
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
159
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • dea
  • leafde
  • ôfskie
  • skuld en boete
  • wierheid en werklikheid
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Griene Simmer is it romandebút fan Bart Kingma (Wommels, 1970). Oer it skriuwen fan it boek sei Kingma yn in ynterview: 'Ik woe sjen oft ik it kin, ik wol ien kear yn myn libben in roman skreaun ha, dat wie de útdaging.'
Foar syn wurk is Bart Kingma programmamakker foar de skoaltelefyzje fan Omrop Fryslân. De telefyzjesearje 11&30, de Kanon fan de Fryske skiednis is ûnder oare troch him opsetten, skreaun en regissearre. It senario foar de jeugdsearje Ikaros is ek fan syn hân.

Inhoud

Haadpersoan Luc Franken hat trijefearnsjier yn foararrest sitten foar in moard dy't gjin moard wie, mar wat oars... Hy besiket syn libben op 'e nij op 'e rit te krijen. Om him te uterjen skriuwt er mails oan syn sakepartner Sebastiaan Koppen. Dy mails jout Sebastiaan oan Frouck van Eyck, in âlde leafde fan Luc. Frouck lêst de mails yn de trein as se fan Ljouwert weromreizget nei A. Stadichoan komt de wierheid boppe wetter en wurdt dúdlik wêrom't Luc fiif jier tebek ferdwûn is.

Leesaanwijzingen

Griene Simmer is net dreech skreaun. Wurden en sinnen binne goed te folgjen. It drege fan dit boek is de struktuer. As lêzer moatte je wol eefkes trochsette, want it ferhaal komt troch de opset fan it boek net maklik op gong. Ast begjinst te lêzen witst noch net wa't de haadpersoan is. Letter komst derachter wêrom't der oer him praat wurdt en wêrom't er sels allinne mar oan it wurd komt fia âlde e-mails.

Om over na te denken

Wannear binne je skuldich? Wannear moatte je boete dwaan?

Waardering

'Griene Simmer is in leuk boek. Ik fûn de struktuer grappich, oars as oars. It ferhaal is spannend en ûnferwachts.'
Foke (5 vwo)

'Men bliuwt hiel lang yn it ûngewisse oer wat Luc útheefd hat en dat makket dat je graach trochlêze wolle. (...) Kingma bringt in stikje filosofy yn it boek, dêr't de achterflap al fan tsjûget: "wierheid boppe werklikheid".'
Geart Tigchelaar yn Ensafh

Opmerkingen

Griene Simmer is te krijen yn it Frysk en it Nederlânsk. It wie yn 2010 it earste Fryske boek dat ek as e-book beskikber kaam.




Leestips/meer weten

Profyl op tresoar.nl.

Samengesteld door

Ans Wallinga

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Kingma, Bart Griene simmer
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmiental
Fokusgronology
Learst

om te reflektearjen op de ferteltechnyk

Opdracht

It ferhaal yn Griene Simmer wurdt net gronologysk ferteld. Yn dizze opdracht moatst in tiidbalke meitsje oer it libben fan Luc Franken.

1. Skriuw fyftjin wichtige foarfallen op oer Luc Franken dy't yn de roman neamd wurde.
2. Meitsje in tiidbalke foar Griene Simmer. Set de foarfallen yn de goede folchoarder op de tiidbalke. Yn boarne 1 stiet mear útlis oer in tiidbalke.
3. Wêrom soe de skriuwer it ferhaal net gronologysk ferteld ha?
4. Net elkenien fynt it noflik om in ferhaal te lêzen dat net gronologysk ferteld is. Wat is dêr dyn miening oer? Motivearje dyn antwurd.

Bronnen

Boarne 1. De Wikihow

Makke trochAns Wallinga
Boek Kingma, Bart Griene simmer
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmiental (of twatal)
Fokuspersonaazjes
Learst

om personaazjes te beskriuwen

Opdracht

Luc Franken is de haadpersoan yn Griene Simmer. Janna hat in soad ynfloed op it dwaan en litten fan Luc. De ferdwining fan Luc hat te krijen mei de eardere ferdwining fan Janna. Beide persoanen wurde wei sûnder in spoar achter te litten.

Yn it programma Opsporing verzocht wurdt oandacht bestege oan persoanen dy't fermist binne. Troch it jaan fan ynformaasje oer de persoanen en de omstannichheden dy't soarge ha foar de ferdwining, hopet de plysje de minsken op te spoaren. It programma hat in Youtube-kanaal dêr't filmkes op steane.

Yn dizze opdracht skriuwst in autocue oer Luc en Janna foar de presintator fan it programma Opsporing verzocht.

1. Besjoch ien of mear filmkes fan Opsporing verzocht. Jou antwurd op neikommende fragen:
a. Hoefolle en hokker ynformaasje wurdt oer de persoanen dy't fermist binne jûn?
b. Hoefolle en hokker ynformaasje wurdt jûn oer de omstannichheden fan de ferdwining?

2. Skriuw de ynformaasje op dy't by Luc en by Janna heart (apart).

3. Skriuw ien autocue út dêr't de ynformaasje oer Luc en Janna yn nei foarren komt. Gean dêrby út fan de gemiddelde lingte fan de filmkes fan Opsporing verzocht.

Ekstra: nim it filmke op en lit it sjen yn de klasse.

Bronnen

Boarne 1. Opsporing verzocht
Boarne 2. Autocue

Makke trochAns Wallinga

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Kingma, Bart Griene simmer
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokussjenre
Learst

te reflektearjen op it sjenre fan it boek

Opdracht

De measte boeken ha kenmerken fan meardere sjenres.

1. Jou in omskriuwing oer ûndersteande sjenres. Brûk de boarne en de tekst by Literatuerskiednis.

a. Famyljeroman
b. Untwikkelingsroman
c. Probleemroman
d. Psychologyske roman
e. Boereroman

2. Formulearje by elke sjenre safolle mooglik arguminten om te ûnderbouwen wêrom't Griene Simmer wol/net ta it betreffende sjenre rekkene wurde kin.

3. Asto Griene Simmer ûnderbringe moatst by ien sjenre, welk sjenre soe dat dan wêze? Motivearje dyn antwurd.

Literatuurgeschiedenis

Fryske romankeunst yn it ynterbellum: De boereroman

Yn de twadde helte fan de 19de iuw joegen de ferskillende blêden fan de bewegingsselskippen skriuwers en dichters publikaasjemooglikheden. Sa waard der hyltyd mear yn it Frysk skreaun. Mar it tal boekútjeften, foaral fan grutter proazawurk, bleau ynearsten beheind. Mei it ferskinen fan feuilletons yn kranten en tydskriften waard dat oars. Organisaasjes as de yn 1923 oprjochte Fryske Bibleteek (dfb) en de Kristlik Fryske Folksbibleteek (kffb) fan 1934 wiene ek tige fan belang foar it útjaan fan Frysk proaza.

Yn it ynterbellum begjint sa de produksje fan Frysktalige romans op gong te kommen. De measte romans út dit tiidrek binne de saneamde boereromans.
In oantal opfallende skaaimerken fan in boereroman binne de folgjende.
It ferhaal spilet yn boerefermidden. Ymplisyt of eksplisyt wurdt it plattelân as better foarsteld yn ferliking mei de stêd. Meastentiids spylje aktuele ekonomyske problemen gjin grutte rol. De boer yn in boereroman wurdt meastal úttekene as in net sa'n rasjonele man-út-ien-stik. Yntellektuele refleksje dy't twivels opropt is gjin pree. Yn it ferhaal moat de boer in soarte fan lotteringsproses ûndergean, mar it is de fraach oft it goed mei him beteart.

It sjenre fan de boereroman sakke nei de Twadde Wrâldoarloch yn oansjen, mar yn it ynterbellum skreauwen alle grutte Fryske skriuwers boereromans. In moai part dêrfan is nei 1993 útbrocht yn de twa rigen 'Fryske Klassiken'.
Hjirnei in oantal bekende auteurs en romans fan dit sjenre.
Simke Kloosterman. Har roman De Hoara's fan Hastings út 1921 is it ferhaal fan de delgong fan in grutske boer en fan it konflikt tusken de boer en syn soan, dy't by einsluten krekt sa wurdt as syn heit. Dit boek wurdt beskôge as de earste folweardige Fryske roman.
Reinder Brolsma. Yn syn romans joech er in brede skildering fan it boerebestean, fan bloei en ferfal, freugde en fertriet, fan opkommende en ek wer yn it ûnleech bedarjende famyljes. Dêrby hie er ek omtinken foar de lytse man, foar de swalkers en omstippers. Fan Brolsma ferskynden twa dielen yn Klassiken-rige: De Heechhôf trilogy (1926, 1938, 1947) en Grûn en minsken (1940).
Ulbe van Houten. De iennichste roman fan mulo-learaar Ulbe van Houten is De sûnde fan Haitze Holwerda* (1938). Dêryn giet it net allinne om in konflikt tusken de boer en syn ynhierde arbeiders, mar ek om in konflikt dat him yn it inerlik fan de heechhertige boer ôfspilet tusken syn godstsjinstige leare en syn dwaan yn it deistich libben.
Nyckle Haisma. Haisma wurke as ûnderwizer op Sumatra en kaam yn Ynje om yn in kamp. Hy joech yn de twa dielen fan Peke Donia, de Koloniaal (1937,1940) in moaie tekening fan de romantyske Fries dy't ûngeduerich is en om fierrens sjen wol, mar ienkear yn 'e frjemdte fertard wurdt troch langstme nei Fryslân.
Douwe Kiestra. Kiestra wie de iennichste yn dit rychje dy't ek sels boer wie. De froulju fan de fetweider* (1939) nimt yn de rige boereromans fan it ynterbellum in apart plak yn, mei't de idealisearring en romantisearring fan it boerelibben ûntbrekke.
Abe Brouwer. De gouden swipe* (1941) is troch de tiid hinne tige populêr bleaun. De haadfiguer Douwe Wallinga is it skematysk tekene prototype fan in boer út in boereroman dy't in lotteringsproses ûndergean moat. Ferfilming troch Steven de Jong yn 1998 mei as titelsong 'In nije dei' fan De Kast hat it boek ekstra bekendheid jûn.

* Dizze trije titels binne ek opnaam op Lezen voor de lijst.

Bronnen

Boarne 1. Joke van  Balen e.a.,  Basisboek literatuur, Uitgeverij kleine Uil, Grins, 2009, side 30 en fierder.

Makke trochAns Wallinga
Boek Kingma, Bart Griene simmer
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusoardiel
Learst

om in kritysk oardiel te formulearjen oer it boek

Opdracht

Hjirûnder steane fiif stellingen oer de personaazjes út Griene Simmer. Kies ien fan de stellingen út en reagearje dêr yn in koart betooch op. It betooch moat út neikommende ûnderdielen bestean:
- in ynlieding dêr'tst ûnder oare de stelling formulearrest;
- in middenstik dat út trije alinea's bestean moat, dêr'tst yn elke alinea in argumint útwurkest, dat de stelling ûnderbout;
- in konklúzje dêr'tst it betooch mei ôfslútst.

Stellingen
1. Luc is skuldich oan de dea fan syn heit;
2. Luc is skuldich oan de dea fan Leo;
3. Op side 67 stiet: 'Luctor. Sa neamde Janne my somtiden. Ik wrakselje.' Mei dy wurden hat Janne Luc goed omskreaun.
4. Janne hat it rjocht om te ferdwinen nei't se Luc ferteld hat dat se swier is.
5. Luc is in sympatyk/ûnsympatyk personaazje.

Makke trochAns Wallinga

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Kingma, Bart Griene simmer
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om resinsjes by it boek te ferlykjen

Opdracht

Lês de resinsjes fan Josse de Haan en Jelle van der Meulen oer Griene Simmer (sjoch by de boarnen). Beantwurdzje dêrnei ûndersteande fragen.

1. Yn Basisboek Literatuur wurdt op side 183 sein oer in resinsje: 'Een recensie moet in ieder geval bestaan uit een weergave van een verhaal, een eindoordeel en argumenten bij dat oordeel.'
Kinst boppesteande weromfine yn de resinsjes fan Josse de Haan en Jelle van der Meulen?
Motivearje dyn antwurd.

2. Neam oerienkomsten yn de mieningen oer Griene Simmer út beide resinsjes.

3. Neam ferskillen yn de mieningen oer Griene Simmer út de resinsjes.

4. Hokker fan beide resinsjes fynsto it bêste? Motivearje dyn antwurd.

Bronnen

Boarne 1. Josse de Haan Ensafh 18-02-2011
Boarne 2. Jelle van der Meulen Friese Literatuursite

Makke trochAns Wallinga
Boek Kingma, Bart Griene simmer
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusyntertekstualiteit
Learst

wat yntertekstualiteit is

Opdracht

1. Sykje yn it Basisboek Literatuur op wat yntertekstualiteit ynhâldt. Skriuw yn eigen wurden op wat yntertekstualiteit is.

2.  Op de siden 80 en 84 fan Griene Simmer wurdt Janne ferlike mei Astarte.
a. Gean nei http://nl.wikipedia.org/wiki/Astarte en skriuw yn eigen wurden op wa't Astarte wie.
b. Luc ferliket Janne mei Astarte. Kloppet it byld sa't Astarte omskreaun wurdt op Wikipedia mei it personaazje Janne? Motivearje dyn antwurd.

3. Op de siden 95 en 148 hat Luc it oer syn bern.
a. Hoe neamt Luc yn it ferhaal it bern fan Janna dêr't hy de heit fan is?
b. Wêr ferwiist dy namme nei? Helje dyn antwurd fan ynternet. Set de site dêr'tst it antwurd fûn hast derby.
c. Wêrom neamt Luc it bern sa? Helje dyn antwurd út it boek Griene Simmer en jou de bledsidenûmers derby.

Bronnen

Boarne 1. Joke van  Balen e.a.,  Basisboek literatuur, Uitgeverij kleine Uil, Grins, 2009, side 100.

Makke trochAns Wallinga

Docenteninformatie

Yntroduksje

Bart Kingma (1970) waard berne yn Wommels. It grutste part fan syn jeugd brocht er yn Kollum troch. Nei syn stúdzje journalistyk yn Zwolle wurke er by ferskate media yn Noard-Nederlân as sjoernalist, senarioskriuwer en regisseur.
Sûnt 2000 makket er skoalletelefyzjeprogramma's by Omrop Fryslân. De telefyzjesearje11&30, de Kanon fan de Fryske skiednis is bygelyks troch him opsetten, skreaun en regissearre. Dêrneist docht er skriuwwurk, ûnder oare lietteksten. Oan syn projekt Cohen in het Fries wurken ferskate Fryske artysten mei. It projekt waard yn 2008 rûnom yn it lân goed ûntfongen. De skriuwer is ek de man achter de site De Bûten Post mei humoristysk kommintaar op de Frysk aktualiteit. Griene Simmer is it romandebút fan Bart Kingma.

Ynhâld

Haadpersoan Luc Franken hat trijefearnsjier yn foararrest sitten foar in moard dy't gjin moard wie, mar wat oars... Hy besiket syn libben op 'e nij op 'e rit te krijen. Om him te uterjen skriuwt er mails oan syn sakepartner Sebastiaan Koppen. Dy mails jout Sebastiaan oan Frouck van Eyck, in âlde leafde fan Luc. Frouck lêst de mails yn de trein as se fan Ljouwert werom nei A. reizget. Stadichoan komt de wierheid boppe wetter en wurdt it dúdlik wêrom't Luc fiif jier tebek ferdwûn is.

Swierte

Griene Simmer is in dramatysk, eigentiidsk ferhaal. It is skreaun yn hjoeddeistich, flot Frysk. Foar in N2-lêzer binne dat oantreklike eleminten. Oan de oare kant kin Griene Simmer foar in N2-lêzer dreech wêze. It ferhaal hat in komplekse struktuer en spilet him ôf yn in wrâld fan folwoeksenen.
N3-lêzers sille har fine kinne yn de sosjale en morele kant fan it ferhaal.
Foar in N4-lêzer is Griene Simmer oantreklik om't it ferhaal net foarsisber is. Wol hat it ferhaal in lange oanrintiid, it duorret frij lang foardat de lêzer yn 'e gaten kriget wat der allegearre spilet en hoe't de ferhâldingen tusken de personaazjes lizze. Foar in N4-lêzer sit dêr in útdaging.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N2- en N3-lêzer moat ree wêze om him de struktuer fan it ferhaal eigen te meitsjen. It ferhaal wurdt net gronologysk ferteld en benammen yn it begjin is it dreech om derachter te kommen hoe't it yn elkoar stekt. Dat hoecht foar in N4-lêzer gjin behindering te wêzen.
De N2-lêzer moat ek iepenstean foar de ûnderwerpen en de personaazjes om't se net drekst binnen de belibbingswrâld fan de N2-lêzer falle.

Ynteresses

It dramatyske, meislepende ferhaal sil de N2-lêzer oansprekke. Foar de N3- en N4-lêze binne de psychologyske en morele fraachstikken yn it ferhaal oantreklik.

Algemiene kennis

Spesifike kennis oer de wrâld is net nedich om it ferhaal begripe te kinnen.
Psychyske kennis: Om it karakter fan de haadpersoan, Luc Franken, te begripen moat de lêzer trochlêze. Yn de rin fan it ferhaal wurdt dúdlik wêrom't Luc hannelet sa as er hannelet.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Foar in N2-lêzer kin it handich wêze om wat te witten oer (a)gronologysk fertellen. Sjoch side 111 en 112 fan Basisboek Literatuur.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is tagonklik.

Sinskonstruksjes

De sinnen yn Griene Simmer binne net lang. Bysinnen wurde net in protte brûkt. As se der al steane, binne se ienfâldich.

Styl

De styl is strak en tagonklik.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn it ferhaal bart wol it ien en oar, mar fan echte aksje is gjin sprake. Dat is minder oantreklik foar N2-lêzers.
In grut part fan it ferhaal bestiet út brieven/e-mails fan de haadpersoan oan in syn sakepartner. Dy mails kinne sjoen wurde as in lange monolooch oer de wichtichste foarfallen yn it boek.

Gronology

De struktuer fan it boek is lestich. Dêrneist duorret it frij lang foardat de lêzer trochkriget hoe't it ferhaal yn elkoar stekt. Foar in N2-lêzer binne dit lestige tûkelteammen.

Ferhaalline(n)

It boek hat eins fjouwer ferhaallinen: de treinreis fan Frouck fan Ljouwert nei A., it weromsjen fan Frouck op dyselde dei, de mails dy't Frouck lêst fan Luc oan Sebastian oer (1) de tiid fan foar de finzenis en (2) de tiid fan nei de finzenis.

Perspektyf

De mails wurde ferteld út Luc (= ik-ferteller) wei en de parten tusken de mails binne skreaun út it perspektyf fan Frouck wei.

Betsjutting

In N4-lêzer sil benammen oan de psychologyske en morele fraachstikken hechtsje. De N4-lêzer kin ek wille belibje oan de ferwizingen nei mytyske en Bibelske figueren en kultuerhistoaryske kennis. Foar de N3-lêzer sil it psychologyske en morele fraachstik in útdaging wêze. De N2-lêzer sil wille belibje oan it dramatyske en meislepend ferhaal.
Yn it ferhaal komme in tal ferwizingen foar, bygelyks de namme Luc. Op side 67: 'Luctor. Sa neamde Janne my somtiden. Ik wrakselje.' Janne wurdt yn it ferhaal ferlike mei Astarte, memmegoadin.
Kleuresymbolyk: grien, read en wyt komme in soad foar en stypje de ferhaallinen.
Dy ferwizingen kinne lestich wêze foar learlingen. Dêr stiet tsjinoer dat se it begripen fan it ferhaal net yn it paad steane.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Luc is de sintrale persoan. It hanneljen fan benammen Janne hat grutte gefolgen foar de situaasje en it hanneljen fan Luc.

Oantal karakters

It tal karakters yn Griene Simmer is beheind. Luc is de sintrale persoan. Om him hinne steane likernôch seis, sân persoanen.

Untjouwing fan de karakters

Luc is in twifelder en komt net echt fierder yn it libben. Dat wurdt yn de rin fan it ferhaal dúdlik. Oan de ein fan it ferhaal nimt Luc in drastysk beslút.

Relevante  boarnen dosinten

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite.
De folgjende artikels, te finen fia it boekprofyl op tresoar.nl
Geart Tigchelaar, 'De twifel oerwûn'.
Josse de Haan, 'Anakroanistysk melodrama op Koehoal'.
Cara Ella S.N. Bouwman, 'Schuld en boete in de polder'.