De treastfûgel
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2013 [2de útwreide edysje]
- Uitgeverij
- Bornmeer
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 206
- Genre
-
- sjoernalistike roman
- Tags
-
- 'goed of fout'
- Amearika
- doarpslibben
- emigraasje
- Twadde Wrâldoarloch
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Hylke Speerstra (Tsjerkwert, 1936) is berne as boeresoan. Hy folge lânbou-ûnderwiis mar waard gjin boer, mar sjoernalist. Fan 1989 oant 1996 wie er haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Syn wurk as sjoernalist is goed werom te sjen yn syn boeken en syn wize fan skriuwen: syn ferhalen binne in mingfoarm fan fiksje en non-fiksje. Sels neamt Speerstra dy wize fan skriuwen 'nije sjoernalistyk'. Hy waard ferneamd mei syn boek oer de libbensferhalen fan Fryske emigranten It Wrede Paradys (1999). Yn De treastfûgel (2013) is emigraasje ek in wichtich tema. Yn 2014 kaam er mei Op klompen troch de dessa, in samling ferhalen fan Fryske Indië-feteranen dy't oan de ein fan har libben fertelle wat se altyd ferswijd ha. Hylke Speerstra is op it stuit de bêst ferkochte libjende Fryske skriuwer.
Inhoud
Yn De treastfûgel folgje we it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding (famylje Hiemstra) stapt yn 1911 op de boat nei Amearika, de oare húshâlding (famylje Boorsma) swalket tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De ferhalen fan dizze famyljes komme wer byinoar as Nanno Hiemstra en Meindert Boorsma (twa neikommelingen út de tredde generaasje) oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer.
Leesaanwijzingen
Foar leafhawwers fan histoaryske ferhalen is De treastfûgel in oanrieder. Speerstra is yn dit boek in rasferteller; hy nimt dy mei nei Amearika en Dútslân en fertelt ûnderwilens oer de libbens fan twa famyljes, mar ek oer de wrâldskiednis. Lêzers dy't graach ferhalen lêze oer maatskiplike tema's en psychologyske kwestjes wurde ek betsjinne. It boek hat twa ferhaallinen; dat kin yn it begjin fan it lêzen fan De treastfûgel miskien efkes wennen wêze, foaral omdat der in protte nammen fan famyljeleden yn foarkomme.
Om over na te denken
Soesto emigrearje om in better libben te krijen? Hoefier soesto gean foar dyn idealen? Wat wie yn de Twadde Wrâldoarloch 'goed' en wat 'fout'?
Waardering
'Sa fljocht De troostvogel fan Fryslân nei Amearika en Dútslân, fan histoarysk ferhaal nei roman, fan it ear fan Hylke nei syn tomme, fan feit nei fiksje.'
Gerben de Vries yn De Moanne
'Speerstra maakt door zijn haast sprookjesachtige manier van vertellen in De troostvogel een combinatie van een historisch feitelijke weergave en een mee-slepend literair verhaal.'
Kim van Goethem yn Geschiedenis24
Opmerkingen
De treastfûgel ferskynde yn septimber 2011 earst as kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boek. De twadde printinge is troch Speerstra op 'e nij bewurke en útwreide. Dizze útwreide ferzje ferskynde ek yn it Nederlânsk.
Op 20 maaie 2015 ferstoar Nanno Hiemstra, ien fan de haadpersoanen út De treastfûgel. Hy is 95 jier wurden.
Der is ek in Nederlânske oersetting fan it boek ferskynd: De troostvogel.
Leestips/meer weten
Oer de skriuwer: biografyske skets op tresoar.nl
Besprek fan it boek op De Moanne
Petear oer it boek by VPRO Boeken
Samengesteld door
Bart TemmeAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Speerstra, Hylke De treastfûgel |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst | om nei te tinken oer de titel |
Opdracht | De titel De treastfûgel jout fan tefoaren gjin dúdlike oanwizing wêr't it boek fan Hylke Speerstra oer giet. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Speerstra, Hylke De treastfûgel | ||||||||||||||||||||||||
Nûmer | N2/2 | ||||||||||||||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slû | ||||||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||||||||
Fokus | tematyk | ||||||||||||||||||||||||
Learst | om nei te tinken oer de tematyk | ||||||||||||||||||||||||
Opdracht | Emigraasje is in belangryk tema yn De treastfûgel fan Hylke Speerstra. Yn it boek stapt de famylje Hiemstra yn 1911 op de boat nei Amearika. Tsjintwurdich beslute famyljes noch hieltyd om te emigrearjen. It telefyzjeprogramma Ik vertrek folget sokke famyljes.
| ||||||||||||||||||||||||
Bronnen | De ôflevering fan 'Ik vertrek' stiet hjir. | ||||||||||||||||||||||||
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Speerstra, Hylke De treastfûgel |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | fiksje en werklikheid |
Learst | om te reflektearjen op werklikheid en fiksje yn in boek |
Opdracht | Yn it boek De treastfûgel fan Hylke Speerstra learst foaral it Amearika yn de jierren tweintich fan de foarige iuw kennen. |
Literaire theorie | Wikipedy, it begryp fiksje |
Bronnen | Amearika yn de jierren tweintich: |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Speerstra, Hylke De treastfûgel |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst | om in miening te jaan oer de tematyk |
Opdracht | Hjirûnder steane fiif stellingen oer de ynhâld fan De treastfûgel. Kies ien fan de stellingen om op te reagearjen. Skriuw in reaksje yn de foarm fan in ienfâldich betooch mei de folgjende opset: |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Speerstra, Hylke De treastfûgel |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | om te reflekterjen op de wize om oer skiednis te skriuwen yn fiksje en non-fiksje |
Opdracht | Yn it telefyzjeprogramma 'VPRO boeken' waard De treastfûgel beskreaun as 'een waargebeurde geschiedenis'. Gerben de Vries seit in syn resinsje yn De Moanne it tsjinoerstelde. Hy neamt it boek fan Speerstra 'in wier barde roman': 'De skriuwer lêst der wat literatuer by, mar foar it grutste part is de roman (…) benammen it produkt fan de fantasij.' |
Literaire theorie | Wikipedy: de begripen fiksje en non-fiksje. |
Bronnen | Resinsje De Moanne |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Speerstra, Hylke De treastfûgel |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | oeuvre |
Learst | om nei te tinken oer de betsjutting fan in wurk binnen in oeuvre |
Opdracht | 1. Lês de trije ynterviews mei Hylke Speerstra (sjoch by 'Boarnen'). |
Bronnen | De trije ynterviews binne hâlden troch Sietse de Vries: |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Hylke Speerstra (Tjerkwert, 1936) groeide op yn in boerehúshâlding. Hy folge lânbou-ûnderwiis mar waard sjoernalist. Sa wurke er foar it Fries Landbouwblad, de Friese Koerier en it skipperswykblêd Schuttevaer. Fan 1989 oant 1996 wie er haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Yn 1968 debutearre er mei in bondel skippersferhalen Heil om seil, tsien jier letter folge troch de twadde ferhalebondel Neaken en bleat foar de dokter. Mei beide boeken berikte er in grut publyk. Syn wurk as sjoernalist is goed werom te sjen yn syn boeken en syn wize fan skriuwen: de ferhalen binne in mingfoarm fan fiksje en non-fiksje. Sels neamt Speerstra dy wize fan skriuwen 'nije sjoernalistyk'.
Hy waard ferneamd mei syn boek oer de libbensferhalen fan Fryske emigranten It Wrede Paradys (1999). Dat tema komt ek werom yn De treastfûgel (2013), dat yn septimber 2011 earst as kadoboek ferskynde yn de Moanne fan it Fryske Boek. De twadde printinge is troch Speerstra op 'e nij bewurke en útwreide. Ek de plattelânsmienskip is in tema yn it wurk fan Speerstra. sawol yn de romans Yn de boer syn tiid (1980) en De blikken brulloft (1981) as yn De oerpolder (2006). Yn 2014 kaam er mei Op klompen troch de dessa, in samling ferhalen fan Fryske Indië-feteranen dy't oan de ein fan har libben fertelle wat se altyd ferswijd ha. Hylke Speerstra is op it stuit de bêst ferkochte libjende Fryske skriuwer.
Ynhâld
Yn De treastfûgel folgje we it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding (famylje Hiemstra) stapt yn 1911 op de boat nei Amearika, de oare húshâlding (famylje Boorsma) swalket tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De ferhalen fan dizze famyljes komme wer byinoar as Nanno Hiemstra en Meindert Boorsma (twa neikommelingen út de tredde generaasje) oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer.
Swierte
De tiid dat De treastfûgel him yn ôfspilet (fan 1861 oant 1945) stiet net tichtby de jongerein; foaral foar N2-lêzers kin dat lestich wêze. Wol leit Speerstra yn De treastfûgel in protte út oer de skiednis, wêrtroch't it boek wol wat makliker foar har wurdt. Syn styl is frij lêsber, mar Speerstra brûkt foaral by natuerbeskriuwingen byldzjend taalgebrûk (byldspraak, metafoaren). N3- en N4-lêzers sille dat wurdearje, krekt as de twa ferhaallinen dy't elkoar ôfwikselje. N2-lêzers moatte dêr miskien yn it begjin oan wenne. N3- en N4-lêzers kinne har ek fêstbite yn de maatskiplike en psychologyske kwestjes yn De treastfûgel. Wêrom emigrearret in Fryske famylje hielendal nei Amearika? Wat docht in minske om syn idealen te ferwurklikjen? Wat is goed en wat is fout yn 'e oarloch?
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in detaillearre skreaun ferhaal oer twa famyljes út Fryslân. Hylke Speerstra hat in protte histoaryske ynformaasje yn De treastfûgel ferwurke; de lêzer moat dêr op taret wêze. |
Ynteresses |
Foar lêzers dy't fan histoaryske ferhalen hâlde is De treastfûgel dus in oanrieder. Ek lêzers dy't fan famyljeferhalen hâlde, wurde toch Speerstra betsjinne. |
|
Algemiene kennis |
Algemiene kennis oer de wrâldskiednis (Amearika, krisistiid, Twadde Wrâldoarloch, Dútslân) makket it lêzer fan De treastfûgel ienfâldiger. Mar de skriuwer funksjonearret yn it boek ek as in soarte fan skoalmaster dy't de lêzer by de hân nimt en histoaryske kwestjes ferdúdliket. Mei help fan ynternet kinne lêzers fansels altyd ûndersyk dwaan nei histoaryske ferwizings. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der steane net folle lestige wurden yn it boek. De treastfûgel is yn lêsber Frysk skreaun; dat is oantreklik foar N2-lêzers. Ut en troch komme literêr oandwaande wurden yn it boek foar, mar se binne goed te begripen út de kontekst fan de sin. |
Sinskonstruksjes |
De lingte fan de sinnen yn it boek fariearret nochal sterk. Speerstra brûkt bygelyks lange bysinnen, mar syn sinnen binne bytiden ek 'staccato'. Foar N2-lêzers binne de sinskonstruksjes wol goed te begripen. |
|
Styl |
De styl fan Hylke Speerstra is bytiden byldzjend; foaral yn natuerbeskriuwingen brûkt er byldspraak, bygelyks 'De earste droege snieflokken giselje harren as yn it stoarm temjitte, efkes letter wurdt in skier gerdyn om harren hinne tichtlutsen.' (side 66). Foar N3- en N4-lêzers is dat oantreklik. Foar de N2-lêzer is it miskien mear in útdaging. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
De treastfûgel is net echt taskreaun op in plot. Dat is minder oantreklik foar N2-lêzers. Natuerlik wol de lêzer wol witte hoe't it mei de famyljes ôfrint, mar úteinlik is it boek foaral in portret fan twa ferskillende famyljes. Der bart wol in soad; N2-lêzers sille dat wurdearje. De (psychologyske) ûntwikkeling fan de personaazjes (foaral Nanno Hiemstra en Meindert Boorsma) yn in woelige tiid sil N3- en N4-lêzers oansprekke. |
Gronology |
De struktuer fan de roman is frij ienfâldich: it begjint yn 1861 en einiget yn 1945. Yn De treastfûgel sitte net folle werom- of foarútferwizings. De gronology slút dêrtroch oan by de N2-lêzers. |
|
Ferhaalline(n) |
It boek bestiet út twa grutte ferhaallinen (de iene ferhaalline giet oer de famylje Hiemstra en de oare oer de famylje Boorsma). Dêrneist sitte der noch sydlinen yn it ferhaal (de ferskillende famyljeleden, de doarpsbewenners). Dat kin kompleks wêzer foar de N2-lêzers. Foar N3- en N4-lêzers is dit just in útdaging. |
|
Perspektyf |
De treastfûgel wurdt ferteld út in auktoriaal perspektyf wei. Der is in alwittende ferteller dy't it ferhaal fertelt. Yn de prolooch en epilooch fan it boek makket Speerstra him kenber as ferteller. Foar N2-lêzer bliuwe de personaazjes troch dit perspektyf wol mear op in ofstân, mar foar N3- en N4-lêzers sil dat gjin probleem wêze. |
|
Betsjutting |
It tema fan it boek is foar de N2-lêzer miskien net direkt dúdlik. Wat wol Hylke Speerstra ús presys fertelle? De ferskillende ferhaallinen meitsje dat ek komplekser. Oare betsjuttings, lykas motiven, wurde net echt eksplisyt útlein. De treastfûgel is dêrom foar N3- en N4-lezer ynteressant. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
De karakters steane kwa karakter net tichtby de jongerein. Har driuwfear, har prakkesaasjes en idealen binne net altyd maklik te folgjen; Speerstra jout dêr ek net ynsjoch yn. Foaral foar N2-lêzer sil dat lestich wêze, mar ek N3- en N4-lêzer moatte dêr op stinne. |
Hoemannichte |
De hoemannichte personaazjes yn De treastfûgel is grut. De lêzer folget nammentlik twa famyljes (trije generaasjes lang): foaral de famylje Hiemstra is grut (mei oanhang dêrby). Dêrneist komme der noch ferskate doarpsbewenners foarby. Foar N2-lêzers is dat in útdaging. |
|
Untjouwing fan karakters |
De ferhâldingen tusken personaazjes yn it boek binne yn prinsipe net kompleks, it is dúdlik wat se mei inoar te meitsjen ha. Allinnich is de psychologyske ferdjipping net altyd helder, dy is foar N2-lêzers net altyd goed nei te kommen. Wêrom slút Meindert Boorsma him bygelyks oan by de SS? |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Gerben de Vries, 'De treastfûgel fljocht tusken feit en fiksje', De Moanne, 9 septimber 2013. |