De koma-korrektor
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2018
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 254
- Genre
-
- roman
- Tags
-
- oarloch
- heit-dochterrelaasje
- reizgje
- koloanjes
- minsklike ferantwurdlikheid
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Baukje Zijlstra (Dokkum, 1967) is skriuwer en redakteur. Oait is se begûn as redakteur by de Ljouwerter Krante. Se skriuwt Frysk en Nederlânsk. Sy hat ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút fan de foarôfgeande fiif jierren foar har roman De koma-korrektor. Har ferhalen steane yn literêre tydskriften. Baukje Zijlstra hat it boekewikegeskink 2019 oerset yn it Frysk.
Inhoud
Op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is mei in boek oer it Yndoneezjeferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma en nei it sikehûs. Siemen wie fan 1945 oant 1948 as frijwillige soldaat yn Ynje, mar is dêr weirekke, omdat er tidens in aksje it befel wegere. Sa is Betty teminsten altiten ferteld. Betty konstruearret it ‘echte‘ ferhaal foar safier’t dat mooglik is.
De roman lit sjen dat oer ien en deselde sitewaasje mear ferhalen ferteld wurde kinne en dat dy allegearre in kearn fan wierheid befetsje, mar ek allegearre mar in lyts part fan de wierheid fertelle.
Leesaanwijzingen
Haadstikken oer hjoed en earder wikselje inoar ôf. Ferskate kanten fan it ferhaal wurde beljochte troch in ferskaat oan perspektiven yn it ferhaal te ferwurkjen. Ast deroan fêsthâldst dat Betty de wichtichste ferteller is en sy de oaren it wurd jout, kinst de tried fan it ferhaal maklik fêsthâlde. Alhoewol't it om in swier tema giet, is de toan fan it ferhaal dat net. It boek is frij eksplisyt en de lêzer wurdt by de hân nommen by bygelyks de titelferklearring en de yndieling fan de haadstikken.
Yn de boekekast fan Omrop Fryslân kinst op de smaak brocht wurde mei in fragmint út De koma-korrektor.
Om over na te denken
Wannear meist opdrachten fan de baas wegerje? Oan wa bist úteinliken ferantwurding skuldich foar dyn dieden? Wat fertelsto letter oan dyn eigen bern oer dyn eigen jonge jierren? Binne der by dy thús ûnderwerpen dêr’t net oer praat wurde mei?
Waardering
‘Knap is it hoe’t de skriuwster dit gauris swiere ûnderwerp tagonklik makket foar de lêzer. Knap ek hoe’t se it barren yn Yndonesië, spegelet mei de reorganisaasje by de krante: de heit hat in befel wegere en hat letter nee sein tsjin rehabilitaasje, de dochter blykt ek in stânfêstige kant te hawwen en hat de kop yn de wyn smiten.’
Sjueryrapport Douwe Tammingapriis 2019.
‘Soms moatst erkenne datsto net witst hoe’t it krekt sit. Dan follest dingen oan mei fantasij, of litst krekt fragen iepen. It is net allinne in ferhaal fan ús, mar ek fan de Sinezen, de Indiërs, de Molukkers, it ferhaal wurdt hieltyd breder. It is in ferhaal dat lang net folslein is, nettsjinsteande dat it hieltyd groeit en altyd trochgiet. Guon ferhalen sprekke inoar tsjin. Literatuer lit dy lagen sjen.’
Resinsje Jelma Knol, Ensafh, jiergong 10, nûmer 3 2018, pp. 53-54.
Opmerkingen
It tinken oer de Nederlânske skiednis feroaret troch de jierren hinne. Wat earder ferswijd waard of wêr’t men grutsk op wie, krijt in oare lading. Dat makket in diskusje mooglik oer identiteit, diskriminaasje en gelykheid.
Leestips/meer weten
Sjoch op tresoar.nl: boekprofyl mei resinsjes.
De skriuwster hat in eigen website.
Op de Boekekast fan Omrop Fryslân is in podcast mei in fragmint fan De koma-korrektor te finen.
Samengesteld door
Babs Gezelle MeerburgAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Zijlstra, Baukje De koma-korrektor |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | identifikaasje mei it haadpersonaazje |
Learst | dy te ferpleatsen yn de sitewaasje fan it doetiids noch jonge haadpersonaazje troch te konkretisearjen |
Opdracht | Lês side 60-63 oer de hutkoffer dy’t Siemen meinaam nei wat doe Nederlânsk Ynje neamd waard en no Yndoneezje. Elke kist wie oars, mei de eigen namme fan de soldaat derop en syn nûmer. Sjoch foar foto’s: http://www.berghapedia.nl/index.php/Scheepskisten |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Zijlstra, Baukje De koma-korrektor |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ferliking realiteit en klisjee/stereotyp |
Learst | tekst om te setten yn bylden |
Opdracht | Broer Benno skriuwt mails fanút Yndoneezje. Hy beslút syn mails oan Betty hieltiten mei ‘Dit is wat ik sjoen ha’ (realiteit) en ‘Dit is wat ik net sjoen ha’ (klisjee). |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Zijlstra, Baukje De koma-korrektor |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | motto |
Learst | it motto yn relaasje te sjen ta de ynhâld fan de roman |
Opdracht | 1. Op side 10 fan de roman lêst wa’t it ferhaal fertelle. Wa binne dy fjouwer fertellers? |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Zijlstra, Baukje De koma-korrektor |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel of yn gearwurking |
Fokus | moraal en etyk |
Learst | morele en etyske fragen út de tekst oan de kaak te stellen |
Opdracht | Yn de roman nimt Siemen in oantal kearen in beslút:
Beneam per beslút oftsto itselde dien hiest as Siemen. Doch dat yn in pear sinnen. Stadichoan nimt Betty yn dit ferhaal in beslút oer it al of net trochsetten fan har baan. Hoe tinkt se oer har wurk? Beneam in tal sitewaasjes dy’t bydrage ta har beslút en jou de bledsiden oan. Watfoar arguminten jouwe by har de trochslach foar har beslút (3)? Wurkje dizze opdracht út yn 10-20 rigels. |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Zijlstra, Baukje De koma-korrektor |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | auteursyntinsje |
Learst | de auteursyntinsje ûnder wurden te bringen en kritysk te beskôgjen |
Opdracht | De auteursyntinsje is de manier wêrop’t de skriuwer fertelt hoe’t in boek bedoeld is. Lês hjirfoar ek de literêre teory hjirûnder. Betty besiket om op basis fan ynformaasje dy’t se garret oer it Ynjeferline fan har heit syn ferhaal kompleet te meitsjen: |
Literaire theorie | Auteursyntinsje: https://nl.wikipedia.org/wiki/Auteursintentie |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Zijlstra, Baukje De koma-korrektor |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | maatskiplike kontekst fan literatuer |
Learst | Yndoneezje breder te lûken yn de maatskiplike kontekst |
Opdracht | Betty skriuwt op side 177: ‘Eins wie it oeral itselde: yn Yndoneezje, yn Noard-Korea, yn Libanon, yn Irak, yn Afganistan, en gean sa mar troch: de gewoane soldaat waard oer it algemien ûnder … net-optimale omstannichheden de rotsoai ynstjoerd, en as it ferkeard gie of op syn minst net hielendal nei ’t sin, dan waarden sy mei de nekke oansjoen. Net de hege militêren, en al hielendal net polityk ferantwurdliken, dy’t harrren om te begjinnen dy rotsoai ynstjoerd hienen.’ |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Zijlstra, Baukje De koma-korrektor |
Nûmer | N4/3 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | maatskiplike kontekst fan literatuer |
Learst | Yndoneezje breder te lûken yn de maatskiplike kontekst |
Opdracht | Lês dizze taspraak fan Mark Rutte by de jierlikse Ynjebetinking yn 2020. |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Baukje Zijlstra (Dokkum, 1967) is skriuwer en redakteur. Oait is se begûn as redakteur by de Ljouwerter Krante. Se skriuwt Frysk en Nederlânsk. Sy hat ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút fan de foarôfgeande fiif jierren foar har roman De koma-korrektor. Har ferhalen steane yn literêre tydskriften. Baukje Zijlstra hat it boekewikegeskink 2019 oerset yn it Frysk.
Ynhâld
Op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is mei in boek oer it Yndoneezjeferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma en nei it sikehûs. Siemen wie fan 1945 oant 1948 as frijwillige soldaat yn Ynje, mar is dêr weirekke, omdat er tidens in aksje it befel wegere. Sa is it Betty teminsten altiten ferteld. Betty konstruearret it ‘echte‘ ferhaal. De roman lit sjen dat oer ien en deselde sitewaasje mear ferhalen ferteld wurde kinne en dat dy allegearre in kearn fan wierheid befetsje, mar ek allegearre mar in partsje fan de wierheid fertelle. In ûnderwerp yn it boek is foar josels en foar oaren opkomme.
Swierte
Foar de N2-lêzer is De Koma-korrektor in yndrukwekkend boek, want der sit wol aksje yn en de ferhaallinen binne meislepend en dramatysk. De N2-lêzer kin him maklik ynlibje yn de personaazjes, ek om’t der in protte dialogen yn it boek sitte. Der sitte perspektyfwikselingen yn en sprongen yn de tiid, dy’t foar de N2-lêzer miskien wat dreech binne, mar dy binne meast eksplisyt en helder oanjûn. De N2-lêzer sil miskien muoite hawwe mei de tsjokte fan it boek. Foar de N3-lêzer is it boek krekt op nivo mei in ienfâldige literêre struktuer en styl. De N4-lêzer kin him konsintrearje op de manier fan literêr fertellen en op parallellen tusken de ferskate ferhaallinen. De N4-lêzer kin wierskynlik goed troch it boek hinne komme, ek al freget it tiid en ynspanning.
Didaktyske en letterkundige analyze
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
Foar N2-lêzers is it faaks lestich om in wat tsjokker boek as dit te kiezen en út te lêzen. Yn it boek sitte perspektyfwiksels en it ferhaal wurdt net hielendal gronologysk ferteld. Yn it ferhaal wurdt wol oanjûn wêr’t sprongen yn de tiid en de fertellers sitte.
|
Ynteresses |
Ynteresse yn wat der bard is yn ‘Nederlânsk Ynje’/Yndoneezje is wol in fereaske. Lêzers moatte nocht hawwe om mei Betty mei te gean en de puzzel oer it ferline fan har heit op te lossen. |
|
Algemiene kennis |
Der is gjin algemiene kennis fereaske om it boek te begripen. Histoaryske kennis oer Nederlânsk Ynje/Yndoneezje wurdt yn de roman jûn. De lêzer kin dy’t dat wol, kin ekstra kennis op ynternet sykje. It koloaniaal ferline fan Nederlân wurdt behannele by it fak skiednis op HAVO en VWO (Kenmerkend aspect 41) en is in finster yn de Nederlânske skiedniskanon (Anton de Kom). |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It boek bestiet út mono- en dialogen en mails yn deistich Frysk. Dat makket dat it wurdgebrûk maklik nei te kommen is. |
Sinskonstruksjes |
It boek bestiet benammen út mono- en dialogen en mails. Sinskonstruksjes binne dêrtroch net yngewikkeld. |
|
Styl |
Gjin bysûnderheden. De skriuwstyl is konkreet en ynformeel, mar soms wat omslachtich. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn de ferhaallinen sit aksje en avontuer. Dat makket it foar N2-lêzers oantreklik. Betty fertelt har ferhaal oer har heit foar safier’t se dat rekonstruearje kin. Broer Benno docht ferslach fan syn reis nei Yndoneezje op syk nei spoaren fan syn heit. Heit Siemen fertelt troch syn boek mei oantinkens en it âlde foto-album. Dy syn maat Jappy praat mei Betty oer it ferline. Dêrnêst spylje der spanningen tusken personaazjes dy’t ek aksje opleverje. |
Gronology |
It ferhaal is net gronologysk ferteld. Foar it begryp fan de N2-lêzer ropt dat lykwols gjin problemen op, want der sit safolle aksje yn dat de lêzer wol trochlêst. |
|
Ferhaalline(n) |
De haadferhaalline is dy fan Betty dy’t anno 2018 it ferhaal fan har heit besiket te rekonstruearjen. Dêrfoar brûkt se boarnen dy’t besjoen wurde kinne as aparte ferhaallinen: hallusinaasjes fan har heit, mails fan Benno, ferhalen fan Jappy (âlde maat fan har heit). Betty brûkt korreksjetekens om oan te jaan om watfoar ferhaalline it giet. Dêrmei makket se foar de N2-lêzer eksplisyt om wat foar ferhaalline it giet en wat it plak dêrfan is yn har grutte puzel. |
|
Perspektyf |
It perspektyf is benammen dat fan Betty en Benno. De heit hat ek oanpart yn it ferhaal mei’t de lêzer meisjocht yn syn boek en foto-album. Dat lêste fertelperspektyf ropt hjir en dêr wat ûndúdlikheid op: wa is de (troch-)ferteller fan dizze fertelline, hoesa liket it of fertelt in man yn koma in ferhaal? Men soe ommers tinke dat alle ynformaasje jûn wurdt fanút it ik-perspektyf fan Betty. Dat is lykwols foar de lêzer op gjin inkeld nivo in in behindering foar it begryp fan it ferhaal. |
|
Betsjutting |
In N2-lêzer identifisearret him wierskynlik mei de ik-ferteller Betty en de avontueren fan har heit yn Ynje/ Yndoneezje. Hy giet mei Betty it avontuer fan de syktocht oan. De N3-lêzer kin him ôffreegje wat hy dwaan soe yn in ferlykbere sitewaasjes. De N4-lêzer kin neitinke oer it motto fan de roman en oer morele en etyske fragen dy't yn de roman nei foaren komme. Foar de N4-lêzer binne fragen oer de konstruksje fan werklikheden ek nijsgjirrich. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Haadkarakter is Betty en fia har krijt de lêzer ynformaasje oer Siemen. Dy ynformaasje wurdt levere troch heit Siemen, broer Benno en oaren, lykas maat Jappy. Oare personaazjes binne bygelyks kollega’s fan Betty op it wurk, mar sy spylje mar sydlings in rol. |
Hoemannichte |
It tal karakters is lyts en smyt foar de lêzers gjin problemen op. |
|
Untjouwing fan de karakters |
De karakters litte in ûntjouwing sjen, benammen Betty yn har tinken oer har heit en oer it konstruearjen fan in ferhaal. Broer Benno tinkt oan de ein fan it ferhaal nuansearre oer Yndoneezje, ferline en takomst. |
|
Ferantwurding |
- |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Sjoch op tresoar.nl: boekprofyl mei resinsjes. It Nederlânske ferline yn Ynje is geregeld yn it nijs en der is in protte oer te finen op ynternet. |