Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | De Jacht

De Jacht

De Jacht

Ploeg, Durk van der
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
1988 [3de pr. 2014]
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
263
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • 'goed of fout'
  • doarpslibben
  • jierren '30
  • Twadde Wrâldoarloch
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Durk van der Ploeg (1930) waard berne yn Hoogkarspel. Hy groeide op yn Ealsum, krekt boppe Dokkum. Hy folge in oplieding ta typograaf en wurke by ferskillende printerijen en kranten. Fan 1971 oant 1997 skreau hy literêre resinsinsjes foar de Leeuwarder Courant. Van der Ploeg debutearre yn 1955 mei gedichten yn it Nederlânsk, syn earste Fryske fersen ferskynden in jier letter. Dêrnei begûn er ek koarte ferhalen en romans te skriuwen. Mei De Jacht berikte er foar it earst in grut lêzerspublyk. It boek waard yn 1996 op 'en nij útjun. Syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken dy't it libben amper of net oankinne.

Inhoud

De Twadde Wrâldoarloch en de ferwurking dêrfan is it sintrale tema fan De Jacht. De lêzer folget twa doarpsminsken. Former is breafisker, jager en mollefanger. Yn it doarp leit er der al gau út, om't er eigensinnige wegen giet: hy fielt him nammentlik oanlutsen ta de antymilitaristyske ideeën fan dûmny J.W.B. Cohen. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi: in idealist, mar ek in labile figuer, dy't yn de oarloch NSB-er wurdt. Wêr't Former him steande wit te hâlden en súkses hat, is Lútsen in slemiel en in loser. As Former trout mei Hinke, de eardere skarrel fan Lútsen, wurdt de tsjinstelling tusken de mannen noch grutter. It slepende konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei yn in drama.

Leesaanwijzingen

Yn De Jacht skriuwt Durk van der Ploeg oer de Twadde Wrâldoarloch. It ferhaal is tige spannend skreaun. Van der Ploeg syn taal is frij tagonklik en de roman befettet in protte dialogen. Foar leafhawwers fan histoaryske romans of lêzers dy't graach lêze oer de oarlochsjierren is De Jacht in oanrieder. Van der Ploeg mijt maatskiplike tema's en psychologyske kwestjes net.

Om over na te denken

Wat soesto dwaan as ien dy'tsto goed kinst dingen begjint te dwaan dy't net goed binne?

Waardering

'De Jacht is in roman wurden dêr't wy wiis mei wêze kinne.'
Dick Eisma yn de Leeuwarder Courant.

'Mei dit boek hat Van der Ploeg in oannimlik stik wurk delset. It docht faak reëel oan. It benearjende fan dy tiid, mar ek it sloppe fan de minsken, it ûnbetroubere en it hinne-en-wer waaien op 'e wyn.'
Rients de Boer yn it Friesch Dagblad.

Opmerkingen

De Jacht is it earste diel fan de Dongeradielsyklus dy't fierder bestiet út It wrede foarjierReis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel. Yn 2011 krige Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar al syn proazawurk.
De tekst fan De Jacht stiet op de dbnl.




Leestips/meer weten

Oer de skriuwer: libbensskets op tresoar.nl
Besprekken yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd by boekprofyl op tresoar.nl

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Ploeg, Durk van der De Jacht
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusein
Learst

om nei te tinken oer de ôfrin fan it ferhaal

Opdracht

1. Lês de lêste twa siden (s. 262 en 263) fan De Jacht.

2. It is ûndúdlik wat dêr krekt bard is as Hinke Former bûten dea fynt. Durk van der Ploeg hat dizze sêne net útskreaun. Wat is der foarfallen? Betink twa mooglikheden.

3. Skriuw yn 250 wurden de ûntbrekkende sêne oer de dea fan Former Bloemkamp.

Makke trochBart Temme
Boek Ploeg, Durk van der De Jacht
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazje
Learst

om nei te tinken oer in personaazje

Opdracht

1. Yn De Jacht slút Lútsen him oan by de NSB. Hast nimmen yn syn omjouwing is bliid mei de kar dy't Lútsen makket. Neam trije redenen wêrom't de minsken it net iens binne mei syn kar.

2. Beskriuw yn sa'n hûndert wurden wêrom't Lútsen der neffens dy foar kiest om him oan te sluten by de NSB.

3. Ek hjoeddedei is de diskusje oer 'goed' en 'fout' yn de oarloch noch aktueel. Lês de boarne der mar op nei (sjoch hjirûnder). Dy giet oer it wol of net foardragen fan in gedicht fan in 15-jierrige jonge mei de Deadebetinking op 4 maaie 2012. Syn omke wie 'fout' yn de oarloch. It oanbelangjende gedicht stiet hielendal ûnderoan it artikel. Tinkst dat minsken troch it ferstriken fan de tiid oars tsjin goed en fout yn de oarloch oansjogge? Lis út en brûk sa'n hûndert wurden foar dyn antwurd.

Bronnen

'Ophef over gedicht oudoom die bij Waffen-SS zat', parool.nl 25-04-2012

Makke trochBart Temme

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Ploeg, Durk van der De Jacht
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de haadpersonaazjes

Opdracht

1. Wolsto dy graach ynlibje yn in boek? Hasto dêrfoar in sympatike haadpersoan nedich dêr'tst dysels mei identifisearje kinst?

2. Koest dy ynlibje yn ien fan de personaazjes yn de roman De Jacht? Wêrom (net)? Sa ja, yn wa koesto dy ynlibje?

3. Wa binne de twa haadpersonaazjes yn De Jacht? Fynst dy personaazjes sympatyk of net? Hoe komt dat?

4. Meitsje fan dy haadpersonaazjes in karakteristyk. Beneam uterlike en inerlike skaaimerken. Jou by elk inerlik skaaimerk in foarbyld út de roman. Brûk dêr de beide tabellen foar dy't hjirûnder steane.

Namme haadpersoan 1:

Uterlike skaaimerken:

Inerlike skaaimerken:

Foarbyld út de roman (mei sidenûmer):

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Namme haadpersoan 2:

Uterlike skaaimerken:

Inerlike skaaimerken:

Foarbyld út de roman (mei sidenûmer):

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 


5. Binne de haadpersonaazjes flat of round characters? Motivearje dyn antwurd.

6. Yn it boek fan Durk van der Ploeg falt op dat er gebrûk makket fan tsjinstellingen by de beskriuwing fan de haadpersonaazjes. Notearje safolle mooglik punten wêrop't de haadpersonaazjes inoars tsjinpoalen binne en ferwiis nei foarbylden út de roman.

7. Sjoch noch even werom nei dyn antwurden by punt twa en fjouwer. Hat dizze opdracht dyn miening oer ien fan de personaazjes feroare? Lis út.

Bronnen

'Personages', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek Literatuur. Grins 2009, side 106-108.

Makke trochBart Temme
Boek Ploeg, Durk van der De Jacht
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

om dyn miening te jaan oer it boek en dy te beargumintearjen

Opdracht

Hjirûnder steane fiif stellingen oer (personaazjes út) De Jacht. Kies ien fan de stellingen om op te reagearjen. Skriuw in reaksje yn de foarm fan in ienfâldich betooch.

a. Skriuw de stelling oer;
b. Skriuw in ynlieding;
c. Skriuw in middenstik fan trije alinea's. Yn elke alinea brûkst ien argumint dat de stelling stipet. Dêr kinst ek foarbylden út it boek by brûke;
d. Slút ôf mei in konklúzje mei in sterke útsmiter deryn.

De stellingen
- Former Bloemkamp is de held fan it ferhaal;
- It is ferstannich dat dûmny Cohen syn preek hâlden hat;
- Lútsen Idsardi is in minne man;
- De heit en mem hienen brekke moatten mei har soan Lútsen, om't er him oansluet by de NSB;
- De roman De Jacht jout in wichtich byld fan de oarlochstiid yn Fryslân.

Makke trochBart Temme

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Ploeg, Durk van der De Jacht
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om it motto fan it boek te analysearjen

Opdracht

1. Durk van der Ploeg hat syn roman De Jacht opdroegen oan J.W.B. Cohen (1904-1942), herfoarme dûmny te Dokkum. Hy lit ek as motto in sitaat út in preek fan Cohen foarôfgean oan de roman. Sykje op ynternet ynformaasje oer de dûmny en rapportearje koart dyn befinings.

2. Lês it motto fan De Jacht hiel krekt oant yn it detail. Skriuw koart yn eigen wurden op wat yn it motto stiet.

3. Op hokker personaazje(s) slacht it motto neffens dy? Lis út. Beargumintearje dyn antwurd mei fjouwer foarbylden út de roman.

Makke trochBart Temme
Boek Ploeg, Durk van der De Jacht
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusfeit en fiksje
Learst

om te reflektearjen op feit en fiksje yn dit boek

Opdracht

1. Hâldsto fan wierbarde ferhalen? Lis út wêrom wol of wêrom net.

2. Hasto wolris in boek lêzen dat basearre wie op wat echt bard is? Neam de titel(s).

3. Is De Jacht in wierbard ferhaal? Lis út.

4. Alhoewol't De Jacht in roman is (fiksje dus), hat Durk van der Ploeg wol in protte eleminten brûkt dy't wy út de werklikheid kenne. Notearje fiif

5. Fynst dat Van der Ploeg dy eleminten oannimlik beskreaun hat? Lis út. Brûk byneed boarnen (ynternet, boeken, dosint) dy't dy helpe kinne om dizze fraach te beantwurdzjen.

Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje

Durk van der Ploeg (1930) waard berne yn Hoogkarspel. Hy groeide op yn Ealsum, krekt boppe Dokkum. Hy folge in oplieding ta typograaf en wurke by ferskillende printerijen en kranten. Fan 1971 oant 1997 skreau er literêre resinsinsjes foar de Leeuwarder Courant. Van der Ploeg debutearre yn 1955 mei gedichten yn it Nederlânsk, syn earste Fryske fersen ferskynden in jier letter. Dêrnei begûn er ek koarte ferhalen en romans te skriuwen. De Jacht markearret syn trochbraak nei in grutter lêzerspublyk ta; fan it ferskinen fan dizze roman ôf komt der mear dramatysk konflikt yn syn boeken. Syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken dy't it libben amper of net oankinne. Yn 2011 krige Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar al syn proazawurk.

Ynhâld

De Twadde Wrâldoarloch en de ferwurking dêrfan is it sintrale tema fan De Jacht. De lêzer folget twa doarpsminsken. Former is breafisker, jager en mollefanger. Yn it doarp leit er der al gau út, om't er eigensinnige wegen giet: hy fielt him nammentlik oanlutsen ta de antymilitaristyske ideeën fan dûmny J.W.B. Cohen. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi: in idealist, mar ek in labile figuer, dy't yn de oarloch NSB-er wurdt. Wêr't Former him steande wit te hâlden en súkses hat, is Lútsen in slemiel en in loser. As Former trout mei Hinke, de eardere skarrel fan Lútsen, wurdt de tsjinstelling tusken de mannen noch grutter. It slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei yn in drama.

Swierte

De roman De Jacht fan Durk van der Ploeg is tagonklik skreaun: de sinnen yn de roman binne net hiel lang, der steane net in protte lestige wurden yn en it boek befettet in protte dialogen. It ferhaal wurdt gronologysk ferteld en is plotdriven. N2-lêzers sille dat wurdearje. Mar foar N3-lêzers is der ek genôch útdaging. Sy hâlde fan ferhalen oer psychologyske kwestjes. Van der Ploeg jout har sa'n ferhaal: de lêzer lêst in ferhaal oer twa tsjinpoalen yn oarlochstiid. Wa is goed en wa is fout yn 'e oarloch? N4-lêzers kinne har fêstbite yn it byld fan de oarlochstiid yn Fryslân mei ferwizings nei de polityk en maatskiplik kwestjes.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in detaillearre skreaun ferhaal oer de oarlochstiid yn Fryslân. Durk van der Ploeg ferwurke in protte histoaryske ynformaasje yn syn roman De Jacht, mar de lêzer krijt der in plotdriven ferhaal foar werom.

Ynteresses

De Jacht fan Durk van der Ploeg is tige geskikt foar lêzers dy't hâlde fan ferhalen oer de oarloch. Van der Ploeg biedt de N2-lêzer in spannend ferhaal. Dy lêzers sille meisleept wurde troch de ferskate barrens dy't inoar flot opfolgje. N3- en N4-lêzers sykje mear yn psychologyske kwestjes yn in boek. Van der Ploeg jout harren sa'n ferhaal: de oanhâldende striid tusken Former en Lútsen.

Algemiene kennis

Van der Ploeg skriuwt detaillearre oer de oarlochstiid yn Fryslân. N4-lêzers sille mei in protte wille dy histoaryske kennis ta har nimme. De skriuwer leit guon histoaryske barrens eksplisyt út, mar net alles. Bygelyks, wêr stiet de ôfkoarting BVL foar? Wat wie de funksje fan de BVL? As se dêr nocht oan ha kinne N2-lêzers mei help fan ynternet ûndersyk dwaan nei soksoarte ferwizings, mar it foarmet gjin belemmering as se it net útsykje. Psychologyske kennis is wol wichtich: de lêzer sit yn de holle fan Former en Lútsen. Se wurde hieltyd hinne en wer slingere tusken goed en kwea. Soms ferwiist Van der Ploeg yn syn roman nei de bibel (Jeruzalim, Jakob en Esau, Eben Haëzer, de ezel fan Bileam). Lêzers sille net in protte misse as se de ferwizings net hielendal begripe.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Yn De Jacht steane net in protte lestige wurden. De roman is yn frij gongber Frysk skreaun, op siswizen ('in moai poepke') en spesifike wurden út it boerelibben nei. Ut en troch komme literêr oandwaande wurden foar, mar se binne goed te begripen út de kontekst fan de sin.

Sinskonstruksjes

Van der Ploeg brûkt nea lange, yngewikkelde bysinnen en hâldt syn sinnen meastal koart. Foar N2-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen.

Styl

De styl fan Van der Ploeg is frij tagonklik. De roman is foar it grutste part skreaun yn praattaal. It ferhaal befettet dêrneist in protte dialogen; foar N2-lêzers is dat tige oantreklik. De oarlochstiid wurdt troch Van der Ploeg detaillearre beskreaun. N2-lêzers sille dêr miskien op stinne moatte, mar it is in útdaging foar de N3- en N4-lêzer.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn De Jacht is sprake fan aksje, krekt dêrom is it oantreklik foar de N2-lêzer. Ek befettet it ferhaal hiel wat dialogen. Der bart in soad; de lêzer hoecht him net te ferfelen. It ferhaal hat in dúdlike plot (hoe rint it ôf tusken Former en Lútsen), mar it ferhaal biedt ek genôch útdaging foar N3- en N4-lêzers. It giet ek oer de psychologyske ûntwikkeling fan de twa haadpersonaazjes. Dat sil N3- en N4-lêzers oansprekke.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld: it begjint yn 1936 en it einiget yn 1945. Dat slút oan by de N2-lêzer, foar de N3- en N4-lêzer is der minder útdaging yn de gronology. Wol sitte der lytse tiidsprongen yn it ferhaal en flashbacks, mar dy binne dúdlik markearre.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline is net lêstich foar N2- en N3-lêzers. Der sitte wol sydlinen it ferhaal, mar dy binne goed te begripen foar de N2-lêzer. De sydlinen wurde ek nochris ferteld troch ferskillende personaazjes. Foar N2-lêzers sit dêr de útdaging.

Perspektyf

Yn De Jacht wurdt ferteld út in auktoriaal perspektyf wei. Der is in alwittende ferteller dy't foaral fertelt oer de tinkwize en hannelings fan Former en Lútsen, dy't ek yn de holle fan de heit en mem fan Lútsen sit. Foar N2-lêzer bliuwe de personaazjes troch dat perspektyf faaks op in ofstân, mar foar N3- en N4-lêzers sil dat gjin probleem wêze.

Betsjutting

It belangrykste tema fan de roman is dúdlik: goed en kwea yn oarlochstiid. Van der Ploeg beskriuwt it detaillearre, it tema komt foaral yn de personaazjes werom. It is dúdlik dat Former en Lútsen tsjinpoalen binne: de iene is goed yn de oarloch en de oare docht kwea. Yn De Jacht wurde de motiven oanhâldend mei inoar ferbûn. N3- en N4-lêzers sille dat miskien makliker werkenne as N2-lêzers. Der steane yn de roman ek ferwizings nei de lanlike polityk yn oarlochstiid. Former, Lútsen en de doarpsminsken diskusjearje faak oer de polityk. De posysje fan Colijn, mar ek de opkomst fan de NSB en de ideeën fan de antymilitaristyske dûmny Cohen fan Dokkum komme foar yn it ferhaal.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

De lêzer folget it meast de hanlings fan in twatal personaazjes. Foar N2-lêzers sil dat net lestich wêze. Dêrby spilet wol mei dat it giet om personaazjes fan in hegere leeftiid. De N2-lêzer sil miskien net alle hanlings en prakkesaasjes fan de personaazjes begripe kinne. Foar N3- en N4-lêzers moat dat gjin probleem wêze.

Hoemannichte

It tal personaazjes yn De Jacht is grut, der komme bygelyks yn protte nammen fan doarpsminsken foarby, mar úteinliken binne Former en Lútsen de sintrale persoanen. De minsken om har hinne dy't ek in stim krije yn de roman prate meastentiids oer Former of Lútsen. N3-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes wol oersjen.

Untjouwing fan karakters

De ferhâldingen tusken personaazjes yn De Jacht binne net echt kompleks. It is dúdlik wat de posysje is fan de twa haadpersonaazjes. Sy meitsje yn de roman in ûntwikkeling troch. De psychologyske ferhâldingen binne foar N2-lêzers lestiger as foar N3- en N4-lêzers: hoe hannelet in minske yn oarlochstiid?

Relevante  boarnen foar dosinten

Dick Eisma, 'De Jacht bliuwt jin lang by,' LC 23-09-1988.
Rients de Boer, 'Nijsgjirrige en degelike roman,' FD 03-12-1988.