De froulju fan de fetweider
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 1939 [4de pr 2010]
- Uitgeverij
- Kamminga
- Plaats
- Dokkum
- Aantal pagina's
- 134
- Genre
-
- boereroman
- Tags
-
- famylje
- jierren '30
- leafde
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Douwe Hermans Kiestra (1899-1970) skreau proaza, poëzij en toanielstikken en wie ek aktyf as literatuerkritikus. Hy hat syn bêste wurk publisearre yn de jierren tritich, de jierren foar de Twadde Wrâldoarloch. Yn de oarloch keas er foar de Dútsers en dêr hat er letter bot spyt fan hân. Dêrom hold er him nei de oarloch op 'e achtergrûn. Kiestra wie boer fan berop, syn pleats stie yn de Legeaën boppe Snits. Neffens Kiestra hiene boeren in kulturele plicht: se soargen foar iten, mar moasten ek de Fryske kultuer libbenhâlde.
Inhoud
Dit boek fertelt it ferhaal fan in boer mei in frou en trije dochters. Wy folgje de boer yn it jier dat syn dochters allegearre in man fine. De dochters geane har eigen gong en meitsje allerhande tripkes mei har feinten. It boek beskriuwt it wjerfarren fan de trije dochters yn har syktocht nei in geskikte man. It boek wie in moderne boereroman foar syn tiid, omdat it him ek bûten Fryslân ôfspilet en de heit gjin stereotype boer is.
Leesaanwijzingen
Oan it begjin fan it boek learst de heit fan de húshâlding, Feike Feikema, goed kennen. Yn it haadstik dêrnei wurde syn trije dochters oan dy foarsteld. Der wurde wolris wat wurden brûkt dy'tst miskien net kinst, mar it boek is lykwols flot skreaun en goed te folgjen. Boppedat sit der humor yn hoe't de leden fan de húshâlding Feikema meiinoar omgeane. As de fammen ienris ferkearing ha, komt it ferhaal goed op gong en bart der fan alles.
Om over na te denken
Hoe wichtich is it om in goede partner te finen? Wat tinkst dat de ferskillen binne tusken doe en no yn it finen fan it partner? Hoe seach it libben fan in boeredochter der út yn de jierren foar de oarloch?
Waardering
'De kwaliteiten fan Kiestra as ferteller tille dit boek fier út boppe in gewoane boereroman.'
Leeuwarder Courant 1970
'De froulju fan de fetweider kin eins in monumint yn de Fryske literatuer neamd wurde, om't de roman op it mêd fan seksualiteit tabûtrochbrekkend west hat. It taalgebrûk is faak ferrassend byldzjend mei moaie fynsten.'
Jan Jongsma yn it Frysk Deiblêd yn 1993
Opmerkingen
Dit boek is hielendal te finen op de dbnl. It boek is ferneamd omdat it (al binne it mar in pear rigels) de earste eksplisite erotyske sêne beskriuwt yn de Fryske literatuer.
Leestips/meer weten
Flaptekst fan edysje yn digitale biblioteek.
Op tresoar.nl ynformaasje oer de skriuwer.
Samengesteld door
Gerbrich de JongAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst |
om nei te tinken oer hoe't de ynhâld modernisearre wurde koe |
Opdracht |
Dit boek wie yn 1939 in moderne roman. It wie it earste boek
dêr't iepenlik oer seks skreaun waard en de personaazjes hiene
moderne dingen by de ein (fleane, nei de TT yn Assen).
Hjoed-de-dei, 75 jier letter, is de roman fansels net mear sa
modern. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst |
om dyn miening oer it boek te ûnderbouwen |
Opdracht |
1. Wat fynsto fan dit boek? Brûk foarbylden út it boek om dyn
miening mei te ûnderbouwen. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazje |
Learst |
om dy te ferpleatsen yn in haadpersonaazje |
Opdracht |
Fokje skriuwt brieven mei in Súd-Afrikaan. Har heit en mem wolle
dat sy mei dy skriuwerij ophâldt. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazje |
Learst |
om te reflektearjen op de ûntjouwing fan in personaazje |
Opdracht |
1.Lis út oftsto it mei de folgjende stellingen iens bist en
wêrom. |
Bronnen |
Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek
Literatuur, Grins 2009, side 106-107. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N3/3 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | twatal as it mooglik is, oars yndividueel |
Fokus | ôfrin |
Learst |
om te reflektearjen op it slot fan it ferhaal |
Opdracht |
1. Yn it lêste haadstik wurdt ferteld hoe't it fierder giet mei
de personaazjes. Fine jim dat it boek in happy end hat?
Wêrom wol of net? |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst |
om te reflektearjen op de ynhâld oan de hân fan in oar boek |
Opdracht |
De froulju fan de fetweider lit jin tinke oan it
ferneamde boek Pride and prejudice fan de Ingelske
skriuwster Jane Austen. Dat boek wurdt rekkene ta de belangrykste
boeken út de wrâldliteratuer. |
Bronnen |
Wikipedy, Pride and Prejudice |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | perspektyf |
Learst |
om te reflektearjen op it perspektyf fan it boek |
Opdracht |
1. Lês ûnder boarne 1 of yn dyn eigen lesmetoade foar Nederlânsk
de ynformaasje oer de auktoriale ferteller. Is de ferteller fan dit
boek eksplisyt auktoriaal of ymplisyt auktoriaal? Lis út. |
Bronnen |
Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek
Literatuur, Grins 2009, side 101-102. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kiestra, D.H. De froulju fan de fetweider |
Nûmer | N4/3 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om te reflektearjen op de mooglike bedoeling fan de auteur |
Opdracht | 1. De dochters fan Feike Feikema fine allegearre in man. Yn it lêste haadstik wurdt dúdlik hoe't it mei de trije dochters en har mannen fierder giet. Wa fan har is it gelokkichst, tinkst? En wat it ûngelokkichst? Lis dyn antwurd út. |
Bronnen | Biografyske skets fan D.H. Kiestra op tresoar.nl |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Douwe Hermans Kiestra (1899-1970) skreau proaza, poëzij en toanielstikken en wie ek aktyf as literatuerkritikus. Hy hat syn bêste wurk publisearre yn de tritiger jierren, de jierren foar de Twadde Wrâldoarloch. Yn de oarloch keas er foar de Dútsers en dêr hat er letter bot spyt fan hân. Dêrom hold er him nei de oarloch op 'e achtergrûn. Kiestra is de iennichste Fryske skriuwer fan belang dy't sels ek boer fan berop wie. Neffens him hiene boeren in kulturele plicht: se soargen foar iten, mar wienen ek dragers fan de Fryske kultuer.
Ynhâld
Dit boek fertelt it ferhaal fan in boer mei in frou en trije dochters. Wy folgje de boer yn it jier dat syn dochters allegearre in man fine. De dochters geane har eigen gong en meitsje allerhande tripkes mei har feinten. It boek beskriuwt it wjerfarren fan de trije dochters yn har syktocht nei in geskikte man. It boek wie in moderne boereroman foar syn tiid, omdat it him ek bûten Fryslân ôfspilet en omdat de boer net oan it stereotype byld fan de typyske Fryske boer foldocht. Boppedat is it it earste boek yn de Fryske literatuer dêr't (yn in pear sinnen) iepentlik oer seks skreaun waard.
Swierte
Yn syn algemienheid kin sein wurde dat lêzers kwa struktuer mei dit boek net yn de problemen komme. It ferhaal ken gjin perspektyfwiksels of oare yngewikkelde ferteltechnyske prosedees. De swierte fan dit boek sit op it stik fan de wurdskat en de ymplisite manier fan kommunisearjen fan de personaazjes. De lêzer moat yn steat wêze om de iroanyske toan fan de personaazjes troch te hawwen om de humor yn dit boek te sjen.
Foar in N2-lêzer kin it dreech wêze dat dit boek him ôfspilet yn in tiid dy't foar de learling net direkt werkenber is. Ek de taal fan it boek is fan eardere tiden: der sille ûnbekende wurden yn it boek foarkomme. Oantreklike kanten foar de N2-lêzer binne de aktuele tematyk en de flugge opienfolging fan gebeurtenissen. Ek de sletten ein en de ienfâldige struktuer fan it boek meitsje it geskikt foar in N2-lêzers.
In N3-lêzer kin it boeiend fine om in ferhaal te lêzen dat him ôfspilet yn in oare tiid. It ferhaal beänderet oan fraachstikken dêr't N3-lêzers graach oer lêze: leafde, takomst, ferantwurdlikheid.
De ynterpretearjende N4-lêzer kin yn dit boek sykje nei de bedoeling fan de skriuwer. Is it tafallich hoe't personaazjes har hâlde en drage of stekt dêr wat achter? En hoe presintearret de skriuwer himsels yn it ferhaal? De N4-lêzer, mei al wat mear lêsûnderfining, sil boppedat minder muoite ha mei de byldzjende taal en de ymplisite dialogen yn dit boek as lêzers fan legere nivo's.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
Benammen in N2-lêzer moat de reewilligens opbringe om te begjinnen yn in boek dat him ôfspilet yn in tiid dy't foar de learling net werkenber is. |
Ynteresses |
In N2-learling sil it aardich fine om te lêzen hoe't de trije dochters in man fine en wat sy meiinoar belibje. In N3 en N4-lêzer sille dit boek ek lêze kinne as in tiidsbyld fan Fryslân foar de oarloch. |
|
Algemiene kennis |
Om dit boek goed begripe te kinnen moat de learling witte hoe wichtich oft it eartiids wie om in goede libbenspartner te finen. Fierders moat de learling witte dat de ferhâlding tusken manlju en froulju eartiids oars lei as no. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek goed begripe te kinnen. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der komme aardich wat datearre wurden yn dit boek foar, dy't foar learlingen ûnbekend wêze sille. It begjint al mei de titel (in fetweider is in boer dy't kij hâldt fanwegen it fleis). Benammen foar N2-lêzers, dy't faaks wat jonger binne, kinne dy wurden lestich wêze. Sa kin it samar wêze dat in personaazje 'spoensk' sjocht of 'in biis' neamd wurdt, of se jouwe inoar 'in lytskert'. De kontekst makket faak wol dúdlik wat der bedoeld wurdt en oars kin in wurdboek helpe. |
Sinskonstruksjes |
De sinslingte sil gjin problemen opsmite. Eventuele problemen sitte benammen op it stik fan it wurdgebrûk. |
|
Styl |
De styl fan it boek is somtiden wat iroanysk. De dialogen dy't de personaazjes meiinoar ha binne gauris humoristysk, trochdat in soad ymplisyt en iroanysk dúdlik makke wurdt. Byldspraak komt ek foar. It kin foar N2 en N3-lêzers dreech wêze om de iroanyske toan te werkennen. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der bart in soad yn it boek, benammen as de fammen ienkear ferkearing hawwe. Der binne ek wat beskriuwende passaazjes, mar meastentiids folgje de gebeurtenissen inoar rap op. Boppedat sitte der in soad dialogen yn dit boek. Dy binne lykwols wolris wat ymplisyt, wat dreech wêze kin foar learlingen. |
Gronology |
It boek is folslein gronologysk opboud. De fertelde tiid beslacht ûngefear ien kalinderjier. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline en dy smyt gjin probemen op. Yn dit boek folgje wy de hiele húshâding fan de fetweider. Somtiden giet it dus oer Feike en mem Houkje, en somtiden oer wat oare personaazjes belibje. It is hieltyd dúdlik oer wa't it giet. |
|
Perspektyf |
It perspektyf fan it boek is net kompleks. It boek wurdt ferteld troch in alwittende, auktoriale ferteller. Dy fungearret as yntermediêr tusken de lêzer en it ferhaal. |
|
Betsjutting |
In N2-lêzer sil betsjutting hechtsje oan dit boek as in ferslach fan hoe't trije susters oan in man slagje. In N3-lêzer sil dit boek sjen as in miljeuskets fan in boerehúshâlding foar de oarloch. In N4-learling kin der ek noch in djippere betsjutting yn sykje. Kiestra wie yn de oarloch pro-Dútsk, mar hy hie yn de jierren tritich en ek yn de oarloch net folle op mei de NSB, dy't er as in 'Hollânske' en 'stedske' beweging seach. De boeren rêde it goed yn dit boek, de stêd wurdt minder posityf foarsteld as it boerelibben. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De karakters wurde net bot útdjippe. Se bliuwe allegearre flat, miskien mei útsûndering fan Feike, dy't wol in sekere ûntjouwing trochmakket. Alle oare personaazjes binne types en wurde ek as types delset. |
Oantal karakters |
Der komme aardich wat personaazjes yn it boek foar, mar dy hoemannichte is goed nei te kommen. |
|
Ferhâldingen |
De ferhâlding tusken Feike en syn dochters en tusken de dochters en harren mannen passe by de tiid dêr't it boek yn spilet. Dat kin benammen foar in N2-lêzer, dy't graach werkennend lêst, dreech wêze. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Trinus Riemersma, yn de útjefte yn de rige Klassiken, neiwurd 'Oer skriuwer, boek en útjeften'. |