De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 2008
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 142
- Genre
-
- sosjale roman
- Tags
-
- earwraak
- famylje
- islam
- man-frouferhâlding
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Over de auteur
Aggie van der Meer (1927-2023) skreau graach oer maatskiplik relevante ûnderwerpen. Se hat ferskate dichtbondels, toanielstikken en romans skreaun. Ien dêrfan, Lytse roman fan Jon Fels (2002), giet oer pedofily en is oerset nei it Nederlânsk. Aggie van der Meer skriuwt byldzjend en ryk. Yn har wurk sitte in soad ferwizings nei de bibel, nei oare boeken, nei de natuer en de klassiken. Se hie fan jongs ôf niget oan skriuwen mar se kaam pas op lettere leeftyd mei publikaasjes nei bûten ta. Se kaam fan Boalsert en hat dêr ek altyd wenne.
Inhoud
Farah Bezaz is in islamitysk famke fan 16. Se sit op skoalle en hat ferkearing mei Josh, in Fryske jonge dy't net leauwich is. Farah wol graach fierder leare en mei Josh wêze, mar har heit wol har úthoulikje oan in neef. Dêrom sjocht Farah gjin oare mooglikheid as flechtsje fan hûs. De minsken dy't witte dat se flechte is, reagearje hiel ferskillend. Allegearre besykje se foar te kommen dat Farah it slachtoffer wurdt fan earwraak.
Leesaanwijzingen
It boek is opdield yn koarte haadstikken fan soms mar twa siden. Silst fernimme dat der in soad personaazjes yn it boek foarkomme en dat it perspektyf yn elk haadstik feroaret. Yn it begjin is dat lestich, mar ast trochlêst herkenst gau wa’t oan it wurd is en wat de personaazjes mei-inoar te meitsjen ha.
Om over na te denken
Hearst dy te gedragen nei de regels dy't by dyn kultuer hearre? Wat soest dwaan as dyn heit en mem foar dy bepale mei wa'tst trouwe moatst? Wat hast oer foar dyn eigen frijheid?
Waardering
'It is de fertsjinste fan dizze skriuwster dat se de problematyk fan benammen moslimfroulju fan in soad kanten beljochtet. Se makket dúdlik dat binnen dy wrâld hiel ferskillend tocht wurdt oer de ûnderdrukte posysje fan froulju.'
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante
'De stijlvolle manier van schrijven, beeldend, beheerst, helder en de vaart in het verhaal waarin naar een dramatische gebeurtenis toe gewerkt wordt, maken deze roman heel leesbaar en spannend voor een literair en ook wel iets breder publiek.'
Jelle van der Meulen op syn Friese-literatuursite
Opmerkingen
Aggie van der Meer hat tegearre mei skriuwster Marga Claus it kadoboek fan 2016 skreaun, Neiskrift. Kinst sjen wat se oer dat boek fertelle by dizze keppeling.
Leestips/meer weten
Aggie van der Meer, eigen website
Boekprofyl op tresoar.nl
Aggie van der Meer op tresoar.nl
Samengesteld door
Gerbrich de JongAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om te reflektearjen op ferskillende personaazjes |
Opdracht | 1. Hjirûnder steane fiif personaazjes. Wa fan dy fiif fûnst it sympatykst? En wa fûnst júst it minst sympatyk? Meitsje in top fiif en set it meast sympatike karakter op ien. Jou ek in taljochting by dyn top fiif. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening te ferwurdzjen |
Opdracht | Hjirûnder steane fiif stellingen oer it ferhaal. Reagearje op dy stellingen troch oan te jaan oftst it der mei iens bist of net. Doch dat sa: 'Ik bin it wol/net mei dizze stelling iens, want...' en lis dan dyn antwurd út mei foarbylden út it boek. Brûk foar alle stellingen minimaal hûndert wurden. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om te reflektearjen op in wichtich personaazje |
Opdracht | 1. Jou dyn miening oer Gryt. Fynst har sympatyk? Lis dyn antwurd út. |
Bronnen | Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | twatal, fjouwertal of byneed yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst | om te reflektearjen op in moreel fraachstik |
Opdracht | Diskusearje mei inoar oer de folgjende stelling: |
Bronnen | |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn |
Nûmer | N3/3 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om dy te ferpleatsen yn in personaazje |
Opdracht | Der binne twa personaazjes yn dit boek dy’t opsletten sitte: John sit yn ’e finzenis en Farah ferberget har foar har famylje. Wa’t opsletten sit, hat in soad tiid om nei te tinken en te skriuwen. Farah en John skriuwe beide brieven. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | perspektyf |
Fokus | yndividueel |
Learst | om te reflektearjen op it perspektyf |
Opdracht | 1. Op de earste side fan it boek wurdt wat ferteld oer Lev. Sykje dy der nochris by. Wat wurdt der oer him sein? |
Bronnen | Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 101-102. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Meer, Aggie van der De dei dat Farah Bezaz ferdwûn |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om kritysk te reflektearjen op de ynhâld |
Opdracht | 1. Jetske Bilker (sels skriuwster) freget har yn in resinsje oer dit boek ôf: 'Moslims dy’t Frysk prate, is dat net wat nuver? Ymmigranteproblematyk behannelje yn ‘e Fryske literatuer, wol dat wol?' |
Bronnen | Jetske Bilker, 'Farah flechtet fan hûs', LC 14-11-2008 |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Aggie van der Meer (1927-2023) skreau graach oer maatskiplik relevante ûnderwerpen. Se hat ferskate dichtbondels, toanielstikken en romans skreaun. Ien dêrfan, Lytse roman fan Jon Fels (2002), giet oer pedofily en is oerset nei it Nederlânsk. Aggie van der Meer skriuwt byldzjend en ryk. Yn har wurk sitte in soad ferwizings nei de bibel, nei oare boeken, nei de natuer en de klassiken. Se hie fan jongs ôf niget oan skriuwen mar se kaam pas op lettere leeftyd mei publikaasjes. Se kaam fan Boalsert en hat dêr ek altyd wenne.
Ynhâld
Farah Bezaz is in islamitysk famke fan 16. Se sit op skoalle en hat ferkearing mei Josh, in Fryske jonge dy't net leauwich is. Farah wol graach fierder leare en mei Josh wêze, mar har heit wol har úthoulikje oan in neef. Dêrom sjocht Farah gjin oare mooglikheid as fan hûs flechtsje. De minsken dy't witte dat se flechte is, reagearje hiel ferskillend. Allegearre besykje se foar te kommen dat Farah it slachtoffer wurdt fan earwraak.
Swierte
Oantreklik foar in N3-lêzer is dat dit boek giet oer in aktueel maatskiplik en kultureel tema. Fierders wurdt de psychology fan de personaazjes bot útdjippe. It boek lit wat sjen fan ferskillende maatskiplike groepen en is dêrmei in sosjale roman. De ynhâld appelearret oan fraachstikken dy't foar in N3-lêzer nijsgjirrich binne, sa as leafde, ferantwurdlikheid en rjochtfeardichheid. Lestich kin wêze dat der in soad ferskillende perspektiven en personaazjes yn it boek foarkomme.
Foar in N2-lêzer is dit in pittich boek. Wat it lykwols oantreklik makket foar in N2-lêzer, is dat it net dik is en in spannende reade trie hat. It reflektearjen fan personaazjes op harren eigen persoanlikheid sil in N2-lêzer lykwols minder boeiend fine. Boppedat kin de metafoaryske en ymplisite skriuwstyl foar in N2-lêzer problematysk wêze.
Foar in N4-lêzer sil de skriuwstyl krekt in oantreklik aspekt wêze. In N4-lêzer sil boppedat minder problemen ha mei de ymplisite perspektyfwiksels dy't in soad foarkomme yn it boek.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N3-lêzer, mei ynteresse foar maatskiplike kwestjes, sil nocht ha om oan dit boek te begjinnen. Omdat de posysje fan de frou in sintraal tema foarmet, soe it kinne dat it famkes mear oansprekt as jonges (sjoch ynhâld). |
Ynteresses |
It boek giet oer in kultuer dêr't yn de aktualiteit in soad om te dwaan is. It giet benammen yn op de posysje fan de frou en earwraak. |
|
Algemiene kennis |
In learling dy’t wat op ’e hichte is fan de aktualiteit en de islamityske kultuer hat genôch kennis om dit boek ynhâldlik nei te kommen. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Aggie van der Meer hat in byldzjende styl fan skriuwen en ferwiist wolris nei saken bûten it boek dy’t learlingen mooglik net werkenne. In foarbyld is ‘it grutte each fan Grutte Broer’ (s. 75). Dy ferwizings steane it folgjen fan it ferhaal lykwols net yn ’e wei. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der komme wurden en útdrukkings foar yn it boek dy’t learlingen sels net brûke, mar it wurdgebrûk smyt gjin problemen op. It is earder de styl dy’t yngewikkeld wêze kin. |
Sinskonstruksjes |
Sinskonstruksjes binne út en troch aardich kompleks, mei mear as twa bysinnen. Dy wurde ôfwiksele mei sinnen fan mar in pear wurden. Utdaagjend foar in N2-lêzer, te dwaan foar in N3-lêzer. |
|
Styl |
De styl is frijwat metafoarysk en ymplisyt en dat kin lestich wêze foar lêzers dy’t noch net in soad ûnderfining ha mei in literêre styl fan skriuwen. Foarbyld: ‘(...) nei in barre tocht troch syn hiele referinsjekader, wie de affêre Farah ek yn syn fleis fêstheakke.’ (s. 79) |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
It ferhaal bestiet foar in grut part út petearen tusken personaazjes. De konstante driging fan earwraak hâldt it ferhaal spannend. De bespegelingen fan Hero en Aana oer harren relaasje en persoanlikheid sille foar de lêzer wat minder spannend wêze. |
Gronology |
It ferhaal ferrint gronologysk, dus op dit punt binne der gjin swierrichheden. Fia de gedachten fan personaazjes wurdt ynformaasje jûn oer wat earder bard is. |
|
Ferhaalline(n) |
Der binne meardere ferhaallinen en it duorret even foar’t dy byinoar komme. It sil foar de N3-lêzer net dreech wêze om dy ferbining te lizzen, mar in N2-lêzer hat der klauwen oan. |
|
Perspektyf |
It perspektyf wikselet hieltyd tusken fiif ferskillende personaazjes. Oan de ein fan it boek is der in alwittende ferteller oan it wurd. It smyt gjin problemen op foar in N3-lêzer, mar foar in N2-learling kin it in obstakel wêze. |
|
Betsjutting |
It boek draait om de fraach hoe’t moslims omgeane mei harren leauwen en harren tradysjes yn in moderne westerske maatskippij. It boek lit sjen dat der binnen de moslimmienskip hiel ferskillend tocht wurdt oer de posysje fan de frou. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
It trochgrûnjen en neikommen fan de psychology fan de (folwoeksen) personaazjes foarmet in dreech aspekt fan dit boek. Hoewol’t in N3-lêzer by steat is om him yn te libjen yn in wrâld dy’t net syn eigen is, kin dit ek foar in N3-lêzer dreech wêze. In N2-lêzer sil dêr ek muoite mei ha. |
Oantal karakters |
In tal personaazjes ferget yn it begjin fan it boek ynspanning fan de lêzer. De nammen binne ûngewoan (ek dy fan de Fryske personaazjes). |
|
Untjouwing fan de karakters |
Guon ferhâldingen tusken personaazjes binne lestich te trochgrûnjen foar jonge lêzers. De ferhâlding tusken Hero en Farah en Hero en syn (eks)frou is aardich kompleks. In soad bliuwt ymplisyt en moat troch de lêzer sels ynfolle wurde. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Jetske Bilker, ‘Farah flechtet fan hûs’, LC 14-11-2008 |