Skamte
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2011
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 160
- Genre
-
- psychologyske roman
- Tags
-
- adolesinsje
- famylje
- hûdsykte
- jeugdûnderfiningen
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Auck Peanstra (1954-2016) wie jierrenlang skoaljuf yn Bitgummole. Sy is bekend fan har berneboeken, dêr't sy ferskillende prizen foar krigen hat. Se krige de Simke Kloostermanpriis foar Yn piama de dyk oer. Dêrneist krige se trije kear in sulveren spjelde fan de berneboekesjuery. Auck Peanstra skriuwt ek foar folwoeksenen. Njonken proaza skriuwt Auck Peanstra gedichten, dy't geregeld brûkt wurde troch dielnimmers oan it Ferstival. Yn Skamte binne autobiografyske eleminten opnaam. Auck Peanstra hat in realistyske styl fan skriuwen, dy't har boeken hiel tagonklik makket.
Inhoud
Anke fynt har dochter Debby bewusteleas op bêd: Debby hat besocht om selsmoard te plegen. Wylst Debby op de intensive care leit, besiket Anke út te finen wêrom't har dochter net mear libje woe. It antwurd fynt sy yn Debby har deiboek. De ûnderfiningen fan Debby roppe by Anke oantinkens op oan har eigen bernetiid. It docht bliken dat Debby mei deselde gefoelens sit as Anke eartiids.
Leesaanwijzingen
It boek begjint mei in spannende sêne. Ast begjinst, sitst fuort yn it ferhaal. Fierder silst fernimme datst benijd bist wêrom't Debby in ein oan har libben meitsje woe. Sa bliuwt it ferhaal hieltyd spannend.
Om over na te denken
Mei in mem it deiboek fan har dochter lêze? Kin in mem in selsmoardpoging fan har dochter foarkomme? Hoe wichtich is de bân tusken mem en dochter?
Waardering
'It boek giet oer in ynteressant ûnderwerp: psoriasis. Ik hie dêr noch noait fan heard. It boek lêst hiel flot. Ik fyn it wol mear in boek foar famkes.'
Sytske (5v)
'It is in realistysk ferhaal. Ik woe hieltyd witte hoe't it fierder gong dat ik hie it samar út.'
Ingeborg (4h)
'Skamte lêst hiel flot en der stean net in soad drege wurden yn. Ik fûn it in moai boek.'
Hetty Nienhuis op www.auckpeanstra.nl [webside bestiet net mear]
Opmerkingen
Yn Sitebuorren, myn eigen paradys skiuwt Auck Peanstra oer har eigen jeugd. Foar dy roman krige se de Rink van der Veldepriis.
Leestips/meer weten
tresoar.nl, profyl oer Skamte
Samengesteld door
Gerbrich de JongAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Peanstra, Auck Skamte |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal, kin ek yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om dy te ferpleatsen yn in personaazje |
Opdracht | Jim sitte yn de redaksje fan it BNN-programma Je zal het maar hebben (boarne 1). Der komt in spesjale útstjoering oer hûdsyktes en Debby is frege om te fertellen oer har libben mei psoriasis. |
Bronnen | BNN-programma Je zal het maar hebben
|
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Peanstra, Auck Skamte |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening oer it boek te formulearjen |
Opdracht | Hjirûnder steane fiif útspraken oer it boek. Jou per útspraak yn minstens fyftich wurden oan oftst it iens bist mei dy útspraak of net, en wêrom. Brûk by dyn antwurden foarbylden út it boek. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Peanstra, Auck Skamte |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst |
om nei te tinken oer de betsjutting fan de titel |
Opdracht |
Auck Peanstra hat it ferhaal oer Anke en Debby Skamte
neamd. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Peanstra, Auck Skamte |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | karakters |
Learst |
om dy yn in personaazje te ferpleatsen |
Opdracht |
Oan 'e ein fan it boek komt Debby by út har koma. It boek
einiget mei har wekkerwurden en wy witte net hoe't it fierder
giet. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Peanstra, Auck Skamte |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | relaasjes |
Learst |
om te reflektearjen op de relaasje tusken mem en dochter |
Opdracht |
Hjirûnder sjochst trije sitaten út it boek, dy't
oanknopingspunten jouwe by it meitsjen fan dizze opdracht. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Peanstra, Auck Skamte |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel, twatal of fjouwertal |
Fokus | tematyk |
Learst | om te reflektearjen op it gedrach fan Anke |
Opdracht | Hâld mei jim twaën of mei jim fjouweren in debat oer de stelling: |
Bronnen | |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Auck Peanstra (1954-2016) wie jierrenlang learkrêft yn Bitgummole. Sy is bekend fan har berneboeken, dêr't sy ferskillende prizen foar krigen hat. Se waard trije kear foar de Simke Kloostermanpriis nominearre en krige dy priis yn 1998 foar Yn piama de dyk oer. Dêrneist krige se trije kear in sulveren spjelde fan de berneboekesjuery. Auck Peanstra skriuwt ek foar folwoeksenen. Foar har autobiografyske roman Sitebuorren, myn eigen paradys krige se de Rink van der Veldepriis yn 2008.
Njonken proaza skriuwt Auck Peanstra gedichten, dy't geregeld brûkt wurde troch dielnimmers oan it FeRstival. Yn Skamte binne autobiografyske eleminten opnaam, dy't de lêzer ek weromken yn Sitebuorren, myn eigen paradys. Auck Peanstra hat in realistyske styl fan skriuwen, dy't har boeken hiel tagonklik makket.
Ynhâld
Anke fynt har dochter Debby bewusteleas op bêd: Debby hat besocht om selsmoard te plegen. Wylst Debby op de intensive care leit, besiket Anke út te finen wêrom't har dochter net mear libje woe. It antwurd fynt sy yn Debby har deiboek. De ûnderfiningen fan Debby roppe by Anke oantinkens op oan har eigen jonge jierren. It docht bliken dat Debby mei deselde gefoelens sit as Anke eartiids.
Swierte
Hoewol't it boek beänderet oan it ferlet fan N1-lêzers oan spanning en emoasjes, kin it lestich wêze foar de N1-lêzer om him te ferpleatsen yn de psychology fan de personaazjes. Foar in N2-lêzer is dat minder problematysk. It boek giet om ûnderfiningen fan Debby en dy fan Anke. De ferskillende perspektiven fan it boek binne net dreech, omdat dy frij eksplisyt oanjûn wurde. It boek en de besprutsen problematyk wurde hieltyd besjoen út it each fan in puber en dat makket it boek foar N2-lêzers werkenber en boeiend, omdat it realistysk is. Foar N3-lêzers is Skamte in boeiend boek oer in psychologyske kwestje en sil it gjin swierrichheden opsmite. Heechút is it lestich om te betinken wat foar les oft der út it boek helle wurde kin.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De dramatyk en de emoasjes yn dit ferhaal binne oansprekkend foar N1- en N2-lêzers. In N3-lêzer sil nocht ha oan it boek omdat it giet oer in psychologysk fraachstik en de bân tusken mem en dochter. It is út in famke wei skreaun, dat famkes sille it miskien makliker fine om har mei de haadpersoan te identifisearjen.. |
Ynteresses |
Lêzers moatte in sekere ynteresse ha foar relaasjes en emoasjes om wat oan dit boek te finen. |
|
Algemiene kennis |
Om dit boek te begripen moat de lêzer it fermogen ha om him yn in oar te ferpleatsen. Dat fermogen kin by N2- en N3-lêzers ferûndersteld wurde, benammen omdat it him ôfspilet yn in werkenbere wrâld, mar by N1-lêzers miskien noch net. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Linich, hjoeddeisk Frysk, mei hjir en dêr nijfoarmingen (sa as fellekiker foar hûddokter) of ferdwûne wurden dy't nij-betocht lykje (smyksem foar salve). |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne ienfâldich en de tekst hat in soad dialooch. |
|
Styl |
Hjir en dêr útdrukkings dy't net elke learling ken (troch de mostert fiterje) en nijfoarmingen. De kontekst biedt genôch hâldfest om dy te begripen. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
It boek begjint mei in aksjesêne: Anke is ûnderweis nei it sikehûs, dêr't har dochter hinnebrocht wurdt. Fierders troch it hiele boek allegearre oantinkens oan jeugdûnderfiningen. Foar in N1-lêzer genôch aksje om wat oan dit boek te finen. |
Gronology |
De fertelde tiid binne de dagen dat Debby yn it sikehûs leit. Fia de gedachten fan Anke en de deiboekoantekenings fan Debby wurdt de lêzer hieltyd mei werom yn de tiid naam nei eardere gebeurtenissen. Goed nei te kommen, al is it foar de N1-lêzer miskien al even wennen dat der hieltyd flashbacks binne. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien dúdlike ferhaalline mei hieltyd flashbacks en oantinkens fan Anke oan har jonge jierren. |
|
Perspektyf |
It boek is skreaun yn ik-perspektyf, út Anke wei. De deiboeken fan Debby binne fanselssprekkend ek yn ik-perspektyf skreaun, mar dan út Debby wei. It is hieltyd dúdlik wannear't it om Anke har oantinkens of om Debby har deiboekoantekeningen giet. |
|
Betsjutting |
Foar in N1- en N2-lêzer kin it dreech wêze om ta in betsjutting fan de tekst te kommen. In N3-lêzer fynt it miskien aardich om oer dy betsjutting te diskussearjen. Giet it om de oerienkomsten tusken mem en dochter? Sit der in boadskip yn: Anke hie mear mei Debby prate moatten? Giet it om de earnst fan in hûdsykte? Of noch wat oars? |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Foar in N1-lêzer kin it dreech wêze om boeid te wêzen troch de psychology fan Anke en Debby. Alle ûnderfiningen geane oer de bernetiid, ek dy fan Anke, dat se spylje yn in werkenbere wrâld. Foar N2- en N3-lêzers sil it gjin probleem wêze. |
Oantal karakters |
Tekst docht gjin berop op it ûnthâlden fan in soad karakters. Debby en Anke steane sintraal. Oaren spylje byrollen. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Anke wurdt troch de selsmoardpoging fan Debby iepenhertiger nei har dochter ta en kin dêrom in round character neamd wurde. De oare karakters binne flat. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Biografyske skets fan Auck Peanstra op tresoar.nl. |