Sex to the Max
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2019
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 127
- Genre
-
- jongereinboek
- Tags
-
- seksualiteit
- identiteit
- maatskippij
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Over de auteur
Bart Kingma (1970) waard berne yn Wommels. Hy studearre sjoernalistyk en wurket no foar Omrop Fryslân as programmamakker en skriuwer. Hy makket ûnder oaren materiaal foar skoaltelefyzje, lykas de filmkes fan 'De kanon fan de Fryske skiednis'. Kingma hat lietteksten fan Leonard Cohen oerset nei it Frysk. Sex to the Max is it twadde boek dat Kingma skriuwt foar it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo, nei De deikoersen fan Remco (2016).
Inhoud
Dit boek bestiet út de oantekeningen fan Max Wouda, dy't er makke hat foar syn profylwurkstik oer seksualiteit. Om mear oer it ûnderwerp te witten te kommen, hat er minsken ynterviewd út syn direkte omjouwing dy't iepenhertich mei him prate. Hy wol fral witte hoe't it sit mei homoseksualiteit en hoe't dêr yn ferskillende tiden en kultueren tsjinoan sjoen wurdt. It boek begjint mei in foaropwurd fan de heit en mem fan Max, dêr't út bliken docht dat Max by in skoaltripke ferstoarn is en dat sy der nei syn dea foar kieze om syn oantekeningen te publisearjen.
Leesaanwijzingen
Dit boek bestiet út allegearre koarte stikjes tekst en (oan)tekeningen fan Max. Silst fernimme dat Max en minsken mei wa't er praat hiel iepenhertich prate oer seks. Mooglik moatst dêr oan wenne.
Om over na te denken
Hoe wurdt hjoed-de-dei omgien mei homoseksualiteit? Hoe maklik praatsto oer (dyn eigen) seksualiteit? Wat makket it út oft ien homoseksueel of heteroseksueel is?
Waardering
'It boek is net plat. It sjocht mei in romme blik nei de problematyk.'
(Skriuwer Bart Kingma)
'Wêrom te heftich? Bern fan de leechste klassen fan it fûortset ûnderwiis witte ommers allang wat seksualiteit is. It tema, útfine fan de eigen seksualiteit (en net allinnich it homo-wêzen, de haadpersoan liket my mear biseksueel as homoseksueel) is in hiel aktueel tema en in hiel wichtich ûnderdiel fan dy faze yn dyn libben.'
('Faber' op www.itnijs.frl)
Opmerkingen
It folsleine boek is te beharkjen op YouTube. Dêr fynst ek de flog Jennifer to the Max, dy't by it boek heart.
Leestips/meer weten
Sjoch op de side fan Lês no.
Samengesteld door
Gerbrich de JongAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Kingma, Bart Sex to the Max |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om personaazjes te beskriuwen |
Opdracht | 1. Kies trije personaazjes út it boek dy't neist Max in belangrike rol hawwe yn it boek. Lis koart út wêrom't se belangryk binne. 2. Meitsje in beskriuwing fan Max syn karakter, troch it format hjirûnder yn te foljen en te kiezen út de eigenskippen dy't jûn wurde. As ik kieze moat tusken de eigenskippen ûnferskillich en nijsgjirrich, soe ik sizze dat Max ... is, want yn it boek ... . Ik soe Max earder ... (moedich/bang) as ... (moedich/bang) neame wolle, omdat ... In lêste karaktertrek dy't ik goed by Max passen fyn is ... (sels ynfolje). 3. Doch no itselde foar ien fan de oare persoanen dy'tst by fraach 1 neamd hast. 4. Yn de literatuer wurdt ûnderskied makke tusken round en flat characters (sjoch de tekst ûnder 'boarnen'). Watfoar personaazje is Max, round of flat? Lis dyn antwurd út. Beäntwurdzje de fraach ek foar it personaazje datst by fraach 3 keazen hast en lis dyn antwurd út. |
Bronnen | Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107 |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kingma, Bart Sex to the Max |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening te ferwurdzjen |
Opdracht | 1. Yn it foaropwurd litte Jacob en Nellie Wouda witte wêrom't se derfoar keazen hawwe om Max syn oantekeningen te publisearjen. Lis yn eigen wurden út wat de reden is dat se it boek publisearje. Bêste menear en mefrou Wouda, bêste Jacob en Nellie, Foar skoalle ha ik it boek Sex to the Max lêzen. Yn it foaropwurd roppe jim learlingen op om te reagearjen. Yn dizze mail lit ik jim witte wat ik fan it boek fûn. Yn it earste plak fûn ik it in ... boek, want ... Dêrneist fûn ik it boek ..., omdat ... It moaiste/nijsgjirrichste/spannendste part fan it boek fûn ik ... Jim doel mei dit boek wie om ... (ferwurkje dyn antwurd op fraach 1). Ik tink dat jim dat doel wol/net berikke, want ... Mei freonlike groetnis, |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Kingma, Bart Sex to the Max |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om dy yn te libjen yn in personaazje |
Opdracht | 1. Yn de tekst ûnder 'boarnen' kinst neilêze wat it ferskil is tusken in haadfiguer en in byfiguer. Is Sylvia in haadfiguer of in byfiguer yn it boek? Lis dyn antwurd út. |
Bronnen | Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kingma, Bart Sex to the Max |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om nei te tinken oer de ynhâld |
Opdracht | Max syn bedoeling wie om in profylwurkstik (pws) te skriuwen oer seksualiteit, mar sa fier is it net kaam. Hy hat wol in hiel soad ynformaasje sammele. As Max syn pws ôfmeitsje kind hie, hie er de ynhâld derfan presintearre oan klassegenoaten en dosinten. Meitsje in PowerPoint, Prezi of oare presintaasje dêr'tst de wichtichste punten fan Max syn ûndersyk yn nei foaren komme litst. Brûk yn dyn presintaasje sitaten út Max syn oantekeningen. Meitsje yn dyn presintaasje dúdlik: |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Kingma, Bart Sex to the Max |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening te jaan oer de geskiktheid fan de ynhâld |
Opdracht | Sex to the Max is skreaun foar it projekt LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt. Alle earsteklassers fan 22 skoallen hawwe it boek krigen. Doe ûntstie der diskusje oer hoe geskikt oft dit boek is foar dy doelgroep. In pear skoallen woenen it boek net behannelje, omdat se de ynhâld te heftich fûnen. Bêste menear/mefrou ..., Jo ha my frege oft Sex to the Max neffens my geskikt is om te lêzen mei earsteklassers. Yn dizze mail lis ik út wat ik dêrfan tink. De tematyk fan it boek is neffens my wol/net te heftich foar learlingen yn klasse 1, want ... Boppedat fyn ik ... As lêste argumint foar/tsjin soe ik oandrage wolle dat ... Mei freonlike groetnis, .... |
Bronnen | |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Kingma, Bart Sex to the Max |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | moraal |
Learst | om nei te tinken oer de moraal fan it boek |
Opdracht | Fan in boek kinst wat leare. Fral boeken dy't skreaun binne foar de jongerein hawwe faak in didaktysk doel, wat betsjut dat de lêzer der wat fan opstekke kin. Yn dizze opdracht tinksto dêr oer nei. 1. De âlders fan Max Wouda hawwe in reden om de oantekeningen fan harren soan te publisearjen. Wat is dy reden? Ast it net út 'e holle witst, kinst it foaropwurd noch ris lêze. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Bart Kingma (1970) waard berne yn Wommels. Hy studearre sjoernalistyk en wurket no foar Omrop Fryslân as programmamakker en skriuwer. Hy makket ûnder oaren materiaal foar skoaltelefyzje, lykas de filmkes fan De kanon fan de Fryske skiednis. Kingma hat lietteksten fan Leonard Cohen oerset nei it Frysk. Sex to the Max is it twadde boek dat hy skriuwt foar it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo, nei De deikoersen fan Remco (2016).
Ynhâld
Dit boek bestiet út de oantekeningen fan Max Wouda, dy't er makke hat foar syn profylwurkstik oer seksualiteit. Om mear oer it ûnderwerp te witten te kommen, hat er minsken ynterviewd út syn direkte omjouwing dy't iepenhertich mei him praat hawwe. Hy wol fral witte hoe't it sit mei homoseksualiteit en hoe't dêr yn ferskillende tiden en kultueren tsjinoan sjoen wurdt. It boek begjint mei in foaropwurd fan de heit en mem fan Max, dêr't út bliken docht dat Max by in skoalreiske ferstoarn is en dat sy der nei syn dea foar kieze om syn oantekeningen te publisearjen.
Swierte
Wat lestich wêze kin oan dit boek, is dat de dea fan Max in iepen ein bliuwt. De lêzer bliuwt dus mei fragen sitten en fral de N1-lêzer kin dat lestich fine. Fierders moat de lêzer ree wêze om in boek te lêzen oer in tema dat mooglik fier fan him ôfstiet en/of yngiet tsjin syn eigen ideeën. Boppedat is it boek fragmintarysk opboud: dy relatyf koarte stikken tekst kinne it boek oantreklik meitsje foar de begjinnende lêzer, mar it kin der ek foar soargje dat de ferhaalline net fuort dúdlik is.
Didaktyske en letterkundige analyze
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It boek sjocht der eigentiidsk út, is net tsjok en bestiet út koarte fragminten. Benammen de N1-lêzer sil dat oantreklik fine. De tematyk is de grutste stroffelstien. |
Ynteresses |
Learlingen moatte ynteresse hawwe yn it tema seksualiteit om wat oan dit boek te finen. |
|
Algemiene kennis |
In learling moat op 'e hichte wêze fan hoe't maatskiplik sjoen reagearre wurdt op homoseksualiteit en biseksualiteit. Learlingen beskikke troch de media wol oer dy algemiene kennis. Dit smyt dus gjin problemen op. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It boek is tagonklik skreaun. Mooglik moat de lêzer wenne oan stylfigueren lykas 'steatige stekpeal'. Der komme ek gauris eigentiidske Ingelske wurden yn it boek foar, want foar jonge lêzers gjin problemen opsmite sil. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne koart en goed te begripen, omdat Max yn syn eigen wurden skriuwt. Fierders befettet it boek in soad dialooch. |
|
Styl |
Yn it boek wurdt seks ridlik eksplisyt beskreaun. Dat sil net elke learling op 'e selde manier wurdearje. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
It boek is opboud út koarte fragminten. In wat langer beskriuwend stik wurdt ôfwiksele mei in flog of in tekening. Dat is foar de begjinnende lêzer oantreklik. De ferhaalline fan Goffe en Jarich fereasket in wat langere spanningsbôge, dy't foar N1-lêzers mooglik lestich op te bringen is. Foar de N2- en N3-lêzer smyt it gjin problemen op. |
Gronology |
De oantekeningen en materialen fan Max binne gronologysk oardere, sadat de ferhaallinen goed te folgjen binne. |
|
Ferhaalline(n) |
Der binne ferskillende ferhaallinen dy'tst fia Max syn materiaal ta dy nimst: dat fan Max syn eigen syktocht, mar ek it ferhaal fan Goffe en Jarich. |
|
Perspektyf |
Troch de ynterviews en de flogs dy't Max makke hat, komme der ferskillende minsken oan it wurd en krijt de lêzer ferskate perspektiven te lêzen. |
|
Betsjutting |
In N1-lêzer sil dit boek lêze as in wat drûch ferhaal mei sensasjonele parten dêr't iepenlik oer seks praat wurdt. De N2-lêzer sil it boek lêze as in seksuele syktocht fan in werkenber personaazje. De N3-lêzer kin troch dit boek oan it tinken set wurde oer hoe't yn de eardere en hjoeddeiske maatskippij mei (homo)seksualiteit omgien wurdt. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De measte karakters dy't oan it wurd komme binne folwoeksen en prate iepen oer harren seksualiteit. Foar in N1- en N2-lêzer kin dat lestich wêze, omdat dy har ferpleatse moatte yn personaazjes dy't kwa leeftyd en tinken fier fan har ôfsteane. |
Oantal karakters |
Der binne aardich wat personaazjes yn dit boek, mar it tal is goed nei te kommen. De measte personaazjes bliuwe flak en meitsje gjin ûntjouwing troch. |
|
Untjouwing fan de karakters |
De ferhâldingen tusken de folwoeksen personaazjes kinne foar begjinnende lêzers lestich te trochgrûnjen wêze, omdat dy fier fan har ôfsteane. De N3-lêzer sil him dêr goed mei rêde kinne. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
|