Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 2 | Rosmos

Rosmos

Rosmos

Schoorstra, Willem
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2019
Uitgeverij
Het Nieuwe Kanaal
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
116
Genre
  • misdiedroman
Tags
  • ôfkomst
  • misdied
  • drugs
  • geweld
  • moard
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Willem Schoorstra waard yn 1959 berne yn Ternaard. Hy hâldt derfan om syn personaazjes yn heftige sitewaasjes te bringen. Dat smyt meinimmende boeken op. Bekende boeken fan Schoorstra binne Swarte Ingels, oer de relaasje tusken in broer en in sus, en Rêdbâd, oer de âlde kening fan de Friezen. Beide boeken steane op Lezen voor de Lijst. Ynspiraasje foar syn boeken hellet er út muzyk en films. De personaazjes yn Schoorstra syn boeken binne faak oandien troch harren opfieding, miljeu en leafdeleazens. It boadskip yn syn boeken is faak dat leafde him net liede lit troch maatskiplike konvinsjes. Dat sjochst ek yn Rosmos.

Inhoud

Hedzer Mebius komt út in kriminele húshâlding. Hy fielt him oars as syn famylje en ûntflechtet syn miljeu troch by de plysje te gean. Hy kin lykwols net loskomme fan syn ôfkomst. Hy fielt him oanlutsen ta kriminaliteit, drugs, prostituees, rûch taalgebrûk en drank. As er ûntslein wurdt by de plysje, giet er as priveedetektive oan de slach. Troch in opdracht komt er telâne yn it kriminele sirkwy. Dat komt him goed fan pas as er syn freondinne Maria út ‘e brân helpe moat.

Leesaanwijzingen

Do wurdst gau yn it ferhaal sûge, want de haadpersoan begjint iepenhertich te fertellen oer syn lêste relaasje en hoe’t dy einige. Fierders makket de haadpersoan fuort oan it begjin as 16-jierrige wat bysûnders mei ... Kinst yn dit boek rûch taalgebrûk ferwachtsje. Mooglik fynst it Frysk hjir en dêr lestich. Lit dy net ûntmoedigje troch wurden dy’tst net kenst, mar lit dy meinimme troch it ferhaal.

Om over na te denken

Kinst dy oait echt losmeitsje fan dyn woartels? Hoe bepalend is dyn ôfkomst foar dyn fierdere libben? Hoefier giest foar dyn eigen famylje? Wat hast der foar oer om in oar gelokkich te meitsjen?

Waardering

‘Schoorstra hat mei Rosmos in flot en retespannend boekje skreaun dat men yn ien sike útlêst. (…) It is dúdlik dat de auteur in soad wille oan it skriuwen belibbe hat, want dat spat derôf en dat wit er ek op ‘e lêzer oer te bringen. Dit boek freget om in ferfolch.’
Geart Tigchelaar op Ensafh.nl

Opmerkingen

Rosmos wie yn 2019 it kadoboek yn De Moanne fan it Fryske boek.




Leestips/meer weten

Ynformaasje oer de skriuwer en syn oeuvre op tresoar.nl.

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Rosmos
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer in belangryk personaazje

Opdracht

1. Wat is dyn byld fan it uterlik fan it haadpersonaazje (Hedzer Mebius)? Beskriuw dat. Meitsje der ek in tekening by of sykje in foto op ynternet fan ien dy't der op liket.
2. Beskriuw fierder watst witst fan de haadpersoan. Tink oan leeftiid, berop, famylje, karakter.
3. Yn it boek wurde twa akteurs neamd: Steven Seagal en John Wayne. Sykje op ynternet op wa’t dat binne. Yn watfoar type films spylje de akteurs? Wat fynsto fan dat sjenre? Hast wolris in film sjoen dêr't ien fan beide yn spilet?
4. Ferlykje de beide akteurs (kwa uterlik en inerlik) mei it haadpersonaazje út dit boek. Neam trije punten dêr’t se itselde yn binne. Neam ek trije ferskillen.
5. Fynsto de haadpersoan sympatyk? Wêrom wol of net? Lis dyn antwurd út troch foarbylden te neamen fan foarfallen yn it boek.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schoorstra, Willem Rosmos
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Hjirûnder sjochst de trije fragminten út it boek dêr't it wurd 'rosmos' brûkt wurdt.

"Rosmos.
Dat seine de minsken as it om de Mebiussen gie." (s. 65)

"Miskien dat se no tinkt: Mei watfoar rosmos stiet myn mantsje eins te praten? Grif gjin klant." (s. 83)

"'Op it rosmos dat wy binne,' seit de âld man." (s. 106)

1. Hiesto foardatst dit boek liest wol ris fan it wurd ‘rosmos’ heard?
2. Wat betsjut it wurd neffens dy?
3. Download no it Frysk Hânwurdboek fan www.taalweb.frl (sjoch by it tabblêd "Downloads"). Sykje yn dat wurdboek op wat 'rosmos' betsjut.
4. Watfoar oare wurden jout it wurdboek foar ‘rosmos’? Fynst ien fan dy wurden geskikt as titel foar dit boek?
5. Hoe soest it fine om ta 'rosmos' rekkene te wurden?
6. Hoe't de haadpersoan it fynt om ta 'rosmos' rekkene te wurden is net it hiele boek gelyk. Wat fynt er der oan it begjin fan it boek fan? En hoe sjocht er der letter tsjinoan? Hoe kin it dat dat feroaret?
7. Net alle personaazjes yn it boek hearre ta it rosmos. Wa net? Lis út.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Rosmos
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

1. Hielendal oan it begjin fan it boek (de earste tsien siden) leit de haadpersoan út wat it ferskil is tusken figueren en mantsjes. Fertel yn eigen wurden wat dat ferskil is. Doch dat op sa'n manier, dat ien dy't it boek net lêzen hat it begrypt.

2. Mantsjes en figueren komme geregeld werom yn it boek, lykas yn de neikommende fjouwer fragminten. Lês dy troch en beäntwurdzje dêrnei de fraach dy't derby heart.

"Allegeduerigen wie it in kommen en gean fan in bûnt ferskaat oan minsken. It faakst seach ik mantsjes." (s. 9)

"Yn de wenkeamer sieten twa manlju dy’t gjin acht op ús sloegen. Net mear as in fluch fansiden sjen, teminsten. De iene siet stiif yn ‘e hoeke fan de trijesitsbank, de oare yn de learen stoel. Beide wienen it sûnder mis mantsjes." (s. 16)

"Hy wie in jier as tsien âlder as my, in man fan de wrâld, yn myn eagen. Kreas yn ‘e klean, lekker rûke, flotte prater.
By de opsjemooglikheid mantsje of figuer sette ik in krúske by de lêste." (s. 40)

"De sinne skynde. Figueren en mantsjes rûnen foarby. Dy ynteresearren my. Leaver heale soalen as hilligen." (s. 58-59)

Wat is de reden, tinksto, dat minsken oare minsken yn kategoryen of hokjes yndiele? Wêrom tinkst dat de haadpersoan fan dit boek it docht? Ferklearje dyn antwurd.

3. Neist mantsjes en figueren is der noch in oare kategory. Hokker (manlik) personaazje is neffens de haadpersoan net in mantsje en ek net in figuer? Hoe kin dat? Lis dyn antwurd út.

4. Soe de haadpersoan himsels sjen as in mantsje of as in figuer? Lis dyn antwurd út.

5. Wat soe de haadpersoan sels leafst wêze wolle, in mantsje of in figuer of beide net? Wêrom tinkst dat? Lis dyn antwurd út.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schoorstra, Willem Rosmos
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te ferpleatsen yn in personaazje

Opdracht

1. Oan de ein fan it boek giet Maria werom nei Bulgarije ta. Wêrom wol se dat?
2. Wiest ferrast dat Maria derfoar kiest om nei har thúslân te gean?
3. Lês it neikommende fragmint.

"Foar't se troch de dûane moat nimme we ôfskie. (...) 'Do bist alles foar my,' flústeret se. 'Moatst net ferjitte wat ik earder tsjin dy sein ha.' Dêrnei jout se my in lange, ynlike tút." (s. 116)

Doch krekt of bist Maria of Hedzer (sels kieze) en skriuw in mail of in brief oan de oar. Fertel watst by de ein hast yn it deistich libben en hoe'tst it fynst om net mear by de oar wêze te kinnen. Ferwiis nei datjinge dat sein is doe't jim noch byinoar wienen. Betink sels wat dat west hat en lit dat weromkomme yn de brief. Sjoch yn de brief werom op wat jim tegearre belibbe ha. Soargje dat de ynhâld fan de brief kloppet by de ynhâld fan it boek. Skriuw de mail of de brief sa, dat er opnommen wurde kinne soe yn it boek.

Lingte fan de brief: 300 wurden of mear.

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Schoorstra, Willem Rosmos
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

In belangryk tema yn it boek is ferbûn wêze.
1. Wat is 'sibskip' (bygelyks s. 11)? Hiesto wol ris fan dat wurd heard, foardatst dit boek liest?

2. Op hokker mominten yn it boek fielt Hedzer sibskip? Neam twa foarbylden.

3. Wat is 'predestinaasje' (s. 21)? Sykje op it ynternet in definysje op en lis dêrnei yn eigen wurden yn wat it ynhâldt. Ast yn it Nederlânsk sikest, krijst nei alle gedachten mear resultaten. It Nederlânske wurd is 'predestinatie'.

4. Leausto yn 'predestinaasje'? Lis út wat dyn gedachten dêroer binne.

5. Wat is neffens dy de ferklearring dat Hedzer foar it ljocht komt as er syn broers werkent? (s. 65) Wat is de konsekwinsje fan dy kar?

6. Hedzer en Maria binne de wichtichste personaazjes út it boek. Se hawwe in hiel oar libben en komme út in oare kultuer, mar dochs diele se ek wat mei elkoar. Neam twa oerienkomsten tussen Hedzer en Maria ast sjochst nei hoe't se grutbrocht binne.

7. Tinksto dat it foar ien dy't as bern in 'aso-bestean' hân hat mooglik is om dêr oan te ûntkommen?

8. Is it Hedzer slagge om oan syn famylje te ûntkommen? Lis dyn antwurd út en ferwiis yn dyn útlis nei it boek.

9. Watfoar antwurd soe Hedzer sels jaan op fraach 8? Belûk yn dyn antwurd it neikommende fragmint.

"Alles is presys sa’t it my heucht. De gebouwen, de minsken, de solidariteit. Dy benearjende, befrijende solidêrens. Dy ferdomde woartels dy’t jin groeie litte en tagelyk, út it sicht, beethâlde." (s. 106)

10. Lês it neikommende fragmint en beäntwurdzje dêrnei de fraach dy't derûnder stiet.

"In wrâld dêr’t ik ôfstân fan nommen hie, ôfskie sels, bliek noait fuort west te hawwen. Dy lake my lyk yn it gesicht út. (…) Wat betsjutte dat foar my? Wat betsjutte dat foar myn fierdere libben?" (s. 59)

Wy witte fan Hedzer net hoe't it fierder giet mei syn libben. Wat is dyn ferwachting dêrfan? Jou oan wat neffens dy it antwurd is op de fraach dy't Hedzer himsels stelt. Lis ek út wêrom'tst dat tinkst.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Schoorstra, Willem Rosmos
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusstylfigueren
Learst

om nei te tinken oer it effekt fan styl

Opdracht

In stylfiguer is in útdrukking dy't in beskaat styleffekt ta stân bringt troch dingen op in bysûndere manier te sizzen. Der binne in hiel soad ferskate stylfigueren. Ien dêrfan is de paradoks. By dat stylfiguer giet it om in tsjinstelling, dy't net in echte tsjinstelling blykt te wêzen. It is in skynbere tsjinstelling. Sjoch no nei it neikommende fragmint en beäntwurdzje de fragen.

"Sechtsjin wie ik, in puber yn it kwadraat, en ik seach heech by him op. Ik hâlde sels fan dy kloatsek." (s. 8)

1. Wa hat it yn dit fragmint oer wa? Watfoar paradoks sjochst yn it fragmint? Lis dyn antwurd út.

2. In 'neologisme' is in selsbetocht, nij wurd. Faak kinst de betsjutting derfan ôfliede. In foarbyld is 'thúsbankierje': do begrypst fuort wat bedoeld wurdt. Wat bedoelt Hedzer as er it hat oer 'willesjekjes'?

3. Do hast grif wol ris fan it stylfiguer 'eufemisme' heard. By in eufemisme wurdt in wurd dat kwetsend fûn wurdt fersêftsjend útdrukt. Bygelyks 'brûke' as it giet om it brûken fan drugs en sterke drank, en 'in putsje' (s. 70) foar in kriminele aktiviteit. Watfoar eufemisme sjochst yn it fragmint hjirûnder? Wat wurdt bedoeld, tinkst? Ljochtsje dyn antwurd ta.

"En as it útkomt dat ik by de plysje wurke ha, rûs ik dat inkeld dat gegeven genôch is om my sokken fan beton te jaan." (s. 88)

5. In stylfiguer dat in hiel soad foarkomt yn dit boek is it 'dysfemisme': it tsjinoerstelde fan in eufemisme. Yn plak fan dat in wurd 'sachter' útdrukt wurdt, wurdt it júst botter en groffer útdrukt. Sjoch hjirûnder in oantal foarbylden en fier dêrnei de opdracht út.

"'Mynhear Judas fan de NSB', antwurde Jehannes." (s. 65)
"Hy seach as hie er in hûnedrol yn 'e mûle." (s. 65)
"'Mongoal dy'tst bist! Wêrom hast net earder in ôfspraak makke?'" (s. 82)
"'Dêr hasto dan wer net in flikker mei te krijen.'" (s. 83)
"'Se neukt mei de tennislearaar. Hoe klisjee is dat.'" (s. 87)

Skriuw no de fragminten oer yn in oare styl. Helje it dysfemisme derút en meitsje der neutraal taalgebrûk of in eufemisme fan.

5. Helje sels ek noch twa foarbylden fan in dysfemisme út it boek.

6. Krekt as elkenien past Hedzer syn taalgebrûk oan syn publyk oan. Wannear brûkt er in soad dysfemismen? Mei wa is er dan yn kontakt? En wannear praat er gewoan?

7. Hasto wol ris earder in boek lêzen of miskien muzyk heard (fan bygelyks 'de Hûnekop') mei in soad dysfemismen? Wat is it effekt fan dat stylfiguer op dy?

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje
Willem Schoorstra waard yn 1959 berne yn Ternaard. Hy hâldt derfan om syn personaazjes yn heftige sitewaasjes te bringen. Dat smyt meinimmende boeken op. Bekende boeken fan Schoorstra binne Swarte Ingels, oer de relaasje tusken in broer en in sus, en Rêdbâd, oer de rûge tiid dy't de âlde kening fan de Friezen belibbe. Beide boeken steane op Lezen voor de Lijst. Ynspiraasje foar syn boeken hellet er út muzyk (metal) en films.

Ynhâld
Hedzer Mebius komt út in kriminele húshâlding. Hy fielt him oars as syn famylje en ûntflechtet syn miljeu troch by de plysje te gean. Hy kin lykwols net loskomme fan syn ôfkomst. Hy fielt him oanlutsen ta kriminaliteit, drugs, prostituees, rûch taalgebrûk en drank. As er ûntslein wurdt by de plysje, giet er as priveedetektive oan de slach. Troch in opdracht komt er telâne yn it kriminele sirkwy. Dat komt him goed fan pas as er syn freondinne Maria út ‘e brân helpe moat.

Swierte
Foar in N1-lêzer is dit in ferhaal fol aksje, oer ûnderwerpen dy’t bekend binne út searjes en films. It sil him oansprekke dat it ferhaal spannend is. It sil lykwols lestich wêze foar de N1-lêzer om him te ferpleatsen yn de haadpersoan en om de dialogen en de humor te begripen. Foar in N2-lêzer is dat minder in probleem en dy sil dit boek makliker lêze as in misdiedroman dêr’t er him mei ûntspanne kin. Hoewol’t de gewelddadige gebeurtenissen fier ôf steane fan de lêzer, sil der dochs wat werkenbers yn sitte troch films en telefyzjesearjes. In N3-lêzer kin troch dit boek oan it tinken set wurde oer ôfkomst en oer leafde. Hy kin him fierder ferdjipje yn wat it boek sa spannend makket en mei dit boek it inerlik fan ien út in krimineel miljeu ferkenne.

Didaktyske en letterkundige analyze 

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

In learling moat der gjin problemen mei hawwe om in rûch boek te lêzen mei rûch taalgebrûk.

Ynteresses

Learlingen dy't hâlde fan spannende ferhalen en misdied, sille dit in moai boek fine.

Algemiene kennis

Der is gjin algemiene kennis fereaske om it boek te begripen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Is net fereaske. Der sitte hjir en dêr ferwizings yn it boek nei akteurs (John Wayne, Steven Seagal) en filmpersonaazjes (Jabba the Hutt).  

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Foar in lêzer dy’t net faak Frysk lêst, sil it wurdgebrûk hjir en dêr útdaagjend wêze. Hoewol’t it oan de iene kant in tagonklik boek is mei in soad dialooch, sil de lêzer hjir en dêr wurden tsjinkomme dy’t er noch net earder heard of sjoen hat. Foarbylden binne trappearre (s. 6), figelearjend (s. 31), enigma (s. 45), teanterje (s. 63), primordiaal (s. 114).

Sinskonstruksjes

De sinskonstruksjes sille gjin problemen opsmite.

Styl

De styl is rûch, grof en hjir en dêr iroanysk. Foarfallen wurde plastysk beskreaun.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Der sit in soad aksje yn it boek. Dat sil N1 en N2-lêzers oansprekke.

Gronology

It boek begjint mei in lange flashback, dy’t sawat hielendal gronologysk opboud is en yn de doetiid skreaun is. It twadde part fan it ferhaal spilet him ôf yn it no. Der binne tiidsprongen, mar dy binne net lestich te folgjen foar de lêzer.

Ferhaalline(n)

De lêzer folget it libben fan Hedzer en dy bestiet út syn opdracht as priveedetektive en syn nije leafde Maria.

Perspektyf

De lêzer nimt it ferhaal ta him yn it ik-perspektyf: Hedzer Mebius is oan it wurd. It kin foar in N1-lêzer lestich wêze om him yn te libjen yn dat personaazje.

Betsjutting

De N1- en N2-lêzer sille betsjutting hechtsje oan dit boek as in dramatysk ferhaal mei in soad aksje en geweld. In N3-lêzer sil dit boek sjen as in ferhaal oer ien dy’t net ûntkomme kin oan hoe't er grutbrocht is en hoe’t dy de rest fan syn libben syn foarkarren bepaalt.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It kin bêst lestich wêze foar in learling om him te ferpleatsen yn ien dy’t ta it ‘rosmos’ heart en dingen docht dy’t ferbean binne. Tagelyk is it in bekende wrâld út searjes en films.

Oantal karakters

It tal karakters yn dit boek is goed nei te kommen.

Untjouwing fan de karakters

De haadpersoan learst aardich kennen, mar makket yn dit tinne boek net in ûntjouwing troch. Hy en de oare personaazjes bliuwe flak.