Losse hannen
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2000 [2de pr 2014]
- Uitgeverij
- TDE
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 240
- Genre
-
- roman
- Tags
-
- famylje
- narje
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Saakje Huisman (1951-2001) waard berne yn Goutum dêr’t har heit buorke. Nei de ulo waard se learling-ferpleechster yn it Diakonessehûs yn Ljouwert. Se troude en krige twa bern. Se folge Afûkkursussen en helle in foech Frysk, yn 1991 waard se museum-assistinte by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) te Ljouwert. Yn 1997 waard boarstkanker by har konstatearre. Oan de gefolgen fan dy sykte is se yn 2001 stoarn.
Saakje Huisman wie in bysûnder sportive en kreative frou. Se begûn al op har sechstjinde mei it skriuwen fan (Nederlânsktalige) gedichten. Dêr is neat fan bewarre bleaun. Letter skreau se Fryske gedichten, koarte ferhalen en in roman. Se wie o sa hoeden mei publisearjen fan har wurk, dat, lang net alles wat se skreaun hat, is de iepenbierheid tabetroud. De ferhalebondel Sûnder hûd (1998) wie har debút yn boekfoarm. Losse hannen is har iennichste roman.
Inhoud
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en thús fielt se har net lekker. Se is wat in bûtensteander. Tessa komt graach by Sjerda, dy’t troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet mei har bisten in eintsje bûten it doarp. Se docht har sterk en ûnôfhinklik foar en rêdt harsels. De tritichjierrige filosofystudint Jeroen helpt har mei putsjes. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen (sjoch romantitel) net thúshâlde. Tessa hat net genôch betrouwen yn harsels en yn har omjouwing om mei him ôf te weevjen. Se hat wol in protte oan Sjerda.
Leesaanwijzingen
It ferhaal is meinimmend skreaun. Moatst wol rekken hâlde mei perspektyfwikselingen. It ferhaal wurdt benammen ferteld troch Tessa, mar ek oare personaazjes binne as ferteller oan it wurd. Saakje Huisman skriuwt yn geef en flot te lêzen Frysk. Sa hiel no en dan komme der wat dregere wurden yn de tekst foar, mar dêr kinst wol oerhinne lêze sûnder de tried fan it ferhaal kwyt te reitsjen.
Om over na te denken
Wat dochst ast lestich fallen wurdst troch ien en doarst net goed fan dy ôf te biten? Wêr lûkst dyn grinzen en hoe soargest dat gjinien dêr oerhinne giet? Is der in persoan dêr’tst safolle betrouwen yn hast datst ‘alles’ by har/him dellizze kinst?
Waardering
‘It ferhaal hat my fan it begjin oant de ein yn ’e besnijing hân en ik bin derfan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil.’
Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad
‘Huisman toant har op har bêst yn ’e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich.’
Sjoerd Bottema yn Trotwaer
Opmerkingen
Losse hannen kinst lêze as e-book. It stiet ek op dbnl.
Leestips/meer weten
Babs Gezelle Meerburg, Saakje Huisman-Venema (1951-2001). Ta in oantinken. Trotwaer 2001, op dbnl.
Saakje Huisman op Wikipedy
Wybren Huisman, website
Samengesteld door
Babs Gezelle MeerburgAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Huisman, Saakje Losse hannen |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ferhaalline en miening |
Learst | om oersjoch te krijen oer it ferhaal en om it te beoardieljen |
Opdracht | 1. Beantwurdzje de folgjende fragen |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Huisman, Saakje Losse hannen |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst | om dyn miening oer de roman op ferskillende manieren dúdlik te meitsjen |
Opdracht | 1. Beantwurdzje de folgjende fragen |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Huisman, Saakje Losse hannen |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes en ynteraksjes |
Learst | om te sjen en te beskriuwen hoe werkenber en realistysk it ferhaal is |
Opdracht | Beantwurdzje de folgjende fragen |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Huisman, Saakje Losse hannen |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om watst lêzen hast om te setten yn in byld en in sitaat |
Opdracht | Humans of New York is in Facebookpagina mei foto's fan gewoane New Yorkers en harren útspraken. De site hat 15 miljoen fans út de hiele wrâld! |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Huisman, Saakje Losse hannen |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | maatskiplike realiteit |
Learst | om de realiteit fan de roman te sjen as maatkiplik probleem |
Opdracht | Yn Losse hannen spylje morele, maatskiplike en psychologyske kwestjes. |
Bronnen | YouTube, Geweld is niet gewoon |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Huisman, Saakje Losse hannen |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | motto |
Learst | om motto en ferhaalline yn ferbân te sjen |
Opdracht | 1 |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Huisman, Saakje Losse hannen |
Nûmer | N3/3 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slû |
Wurkfoarm | yndividueel, kin ek yn twatal |
Fokus | tiidsferrin |
Learst | om de fertelde tiid yn de roman te analysearjen |
Opdracht | De komposysje fan Losse hannen is net al te ienfâldich. |
Literaire theorie | Mei de ‘ferteltiid’ wurdt de tiid bedoeld dy’t de trochsneedlêzer brûkt om it ferhaal (of in fragmint) te lêzen. Mei Losse hannen hast bygelyks 5 oeren dwaande west. In oar wurd foar ‘ferteltiid’ is ‘lêstiid’. |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Saakje Huisman (1951-2001) waard berne yn Goutum dêr’t har heit buorke. Dêr brocht se – mei har twillingsus skriuwster Doete Venema en in oantal oare broers en susters – har bernejierren troch. Nei de ULO waard se learling-ferpleechster yn it Diakonessehûs yn Ljouwert. Se troude en krige twa bern.
Se folge de leargongen Frysk fan de Afûk en dêrnei MU-A (no bachelor Frysk) en fersoarge in kursussen Frysk by de Afûk. Yn 1991 waard se museum-assistinte by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) te Ljouwert. Yn 1997 waard boarstkanker by har konstatearre. In wike dêrfoar hie se noch foar de tredde kear de Alvestêdetocht útriden. Yn 2001 stoar se oan de gefolgen fan dy sykte. Saakje Huisman wie in bysûnder sportive en kreative frou.
Se begûn op har sechstjinde al mei it skriuwen fan (Nederlânsktalige) gedichten. Dêr is neat fan bewarre bleaun. Letter skreau se Fryske gedichten, koarte ferhalen en in roman. Se wie o sa hoeden mei publisearjen fan har wurk, dat lang net alles wat se skreaun hat, is de iepenbierheid tabetroud. De ferhalebondel Sûnder hûd (1998) wie har debút yn boekfoarm. Yn it autobiografyske ferhaal ‘Bestean’ slagget it har om op in betreklik lichte toan it swiere ûnderwerp fan boarstkanker oan de oarder te stellen. Losse hannen (2000) is har romandebút en giet oer har favoryt personaazje, de bûtensteander.
Ynhâld
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en thús fielt se har net lekker, se fielt har in bûtensteander. Tessa komt graach by Sjerda, dy’t troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet mei har bisten in eintsje bûten it doarp. Se docht har sterk en ûnôfhinklik foar en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen (sjoch romantitel) net thúshâlde. Tessa hat net genôch betrouwen yn harsels en yn har omjouwing om mei him ôf te weevjen.
Swierte
It ferhaal nimt de lêzer mei. De lêzer moat wol rekken hâlde mei perspektyfwikselingen. It ferhaal wurdt benammen ferteld troch Tessa, mar ek oare personaazjes komme as ferteller oan it wurd. Saakje Huisman skriuwt yn geef en flot te lêzen Frysk. Sa no en dan komme dêr ek wat dregere wurden yn de tekst foar, mar dat behinderet it begripen fan it ferhaal net.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer wurdt al gau meinommen yn in tagonklik ferhaal. Dat jildt foar de lêzer op N1, N2 en N3-nivo. |
Ynteresses |
Foar it lêzen fan dit boek moat de lêzer ynteressearre wêze yn minsken en yn minsklike relaasjes. |
|
Algemiene kennis |
Der is gjin algemiene kennis fereaske. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Der is gjin spesifike kennis fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It Frysk fan de skriuwster is geef en flot. Foar de N1- en miskien foar de N2-lêzer komme yn de roman soms wat minder gebrûklike wurden foar (bgl. mûskopje, wrinzgje, breidswale). De wurdkar is net sa dreech dat it de gong fan it ferhaal fersteurt. Foar de N3-lêzer leveret it wurdgebrûk gjin probleem op. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne net bysûnder lang of yngewikkeld konstruearre. Der sitte dialogen yn oer deistige ûnderwerpen en dy besteane net út drege, gearstalde sinnen. De tinzen fan de personaazjes binne foar de N1-lêzer faaks wat dreger te folgjen. N2- en N3-lêzers kinne se sûnder bysûndere ynspanning lêze. |
|
Styl |
De styl is flot en natuerlik. Dat jildt benammen foar de monologen en dialogen. Der wurde gauris sprekwurden en siswizen brûkt. Foar de N1-, N2- en N3-lêzers levert de styl gjin problemen op. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der is in protte ynteraksje tusken de personaazjes. |
Gronology |
It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. Yn inkelde haadstikken (23, 24, twadde haadstik 25 en 26; tink der om: yn de telling fan de haadstikken sit in flater, haadstik 25 komt 2x foar) diele de personaazjes ideeën oer har earder libben. N1-lêzers sille der faaks muoite mei hawwe om har sa hurd te ferpleatsen yn oare personaazjes as Tessa. Foar N2- en N3-lêzers is dat gjin probleem. |
|
Ferhaalline(n) |
Yn it middelpunt fan it ferhaal stiet de 14-jierrige Tessa. De oare personaazjes steane yn tsjinst fan dy ferhaalline. |
|
Perspektyf |
Yn it boek komme ferskillende pesonale perspektiven foar. It meastepart is in ik-perspektyf út Tessa wei. |
|
Betsjutting |
De betsjutting fan dit boek is foar de lêzers net dreech nei te kommen, it is in realistyske roman. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Haadpersonaazje Tessa, har taflecht Sjerda, har âlden Houkje en Simen, har broer Brucht, studint Jeroen en dy syn frou Fyt, freondinnen Jos en Anita. |
Oantal karakters |
It tal karakters smyt gjin problemen op. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Tessa makket in persoanlike ûntjouwing troch. Fan Sjerda wurdt de eardere ûntjouwing beskreaun. Dúdlik wurdt dat har probleem yn har libben fan tsjintwurdich ek noch spilet. Fan de oare personaazjes is de ûntjouwing minder fan belang, al wurdt al suggerearre dat de húsgenoaten fan Tessa begripe wat se ferkeard dien hawwe. |
|
Ferantwurding |
Babs Gezelle Meerburg, Trotwaer 2001, ‘Saakje Huisman-Venema (1951-2001). Ta in oantinken.’ Tekst op dbnl. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |