Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 2 | Krús fan de Hollanner

Krús fan de Hollanner

Krús fan de Hollanner

Grypstra, Ate
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2012
Uitgeverij
Afûk
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
139
Genre
  • histoaryske roman
  • jongereinboek
Tags
  • 16de iuw
  • Fryske frijheid
  • held
  • seerôvers
  • wraak
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

 

Over de auteur

Ate Grypstra is yn 1973 berne yn Noardburgum. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en wurket as dosint Ingelsk. Hy hat ek Frysk jûn. Sûnt 2006 publisearret er dêrnjonken regelmjittich yn ferskate media: proaza, gedichten, resinsjes en oersetwurk. Foar Krús fan de Hollanner skreau er Heftich, in bondel mei realistyske ferhalen foar en oer middelbere skoaljeugd. It beest fan de Westereen, in 'huverroman' sa't hy it sels neamt, is in Stephen King-achtich ferhaal. Krús fan de Hollanner is it produkt fan in gearwurking tusken de auteur Ate Grypstra, útjouwerij Afûk en game-ûntwikkelder Triangle Studios.

Inhoud

Wijerd Jelckama fan Boalsert fertelt yn in herberch it ferhaal fan syn omke Grutte Pier. Yn it begjin fan de 16de iuw wurdt boer Pier Gerlofs Donia troch de moard op syn frou en soantsje en it platbaarnen fan syn pleats de frijheidsstrider Grutte Pier. Syn wraak slacht troch yn moard, plondering, it platbaarnen fan doarpen en piraterij op de Sudersee. Grutte Pier is sa it krús fan de Hollanner oant him in halt taroppen wurdt.

Leesaanwijzingen

It ferhaal fan Grutte Pier wurdt prachtich ferteld troch Wijerd. Hoe kin it ek oars, Wijerd hat as omkesizzer en striidmaat fan Grutte Pier hast alles mei him mei belibbe. Wijerd fertelt it ferhaal oan oaren wylst er yn in herberch sit. En ek dêr bart fan alles. Troch dy twa ferhalen yn ien boek komst hieltyd fan it no yn it doe. Slim is dat net want de skeakeling yn it boek bart yn koarte haadstikken dy't fol aksje, spanning en drama sitte. Grutte Pier libbet yn de 16de iuw. Fansels spilet dat in rol yn it boek. It giet oer de politike situaasje yn dy tiid. Hoechst net in soad kennis fan de skiednis te hawwen om it boek te begripen en mei nocht te lêzen. En miskien fynst it wol sa aardich datst dy ferdjipje wolst yn de skiednis fan doe of lêze wolst oer oare histoaryske persoanen.

Om over na te denken

Stel dat ien fan dyn famylje fermoarde wurdt. Wat soe dyn reaksje wêze? Soest wraak nimme wolle op de dieder(s)? Wat fynst fan terroristyske oanslaggen sa't dy no foarkomme as middel yn de striid foar de frijheid fan folk of leauwe?

Waardering

'Ik fyn it in hiel leuk boek. It beskriuwt in ynteressant stik skiednis. It is flot skreaun, mar wol te maklik foar learlingen fan 6 vwo.'
Simon (5v)

'It boek lêst maklik en it hat in hiel ferrassend ein. Ik tink dat it ek in hiel leuk boek foar jonges is.'
Femke (5v)

'Fan Grutte Pier hie ik wol heard. It is moai om troch it boek mear te witten te kommen. It boek is maklik en echt hiel aardich om te lêzen.'
Johan (4h)

Opmerkingen

De yllustraasjes yn it boek binne fan Pascal Brander fan Triangle Studios. Dat bedriuw wurket ek oan in game by dit boek mei de titel 'Cross of the Dutchman'. De ûntwikkeling fan de game is hjir te folgjen.

 




Leestips/meer weten

Triangle Studios, Cross of the Dutchman

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmiening
Learst

om dyn miening te jaan oer Grutte Pier syn wraak

Opdracht

Wijerd fertelt yn 'e herberch yn geuren en kleuren wat er mei Grutte Pier yn de frijheidsstriid meimakket. Mar op side 116 seit er dat Grutte Pier hieltyd wreder waard.

1. Watfoar foarbyld jout er dêrfan op side 116 en 117?

2. Hoe is it sechje dat Grutte Pier brûkt om net-Friezen te werkennen?

3. Betink sels ek in sechje dat net-Friezen net maklik sizze kinne.

4. Op side 112 seit Wijerd dat er it oer in bepaalde oerfal fan Grutte Pier net hawwe wol. Oer watfoar stêd giet it hjir?

5. Dochs fertelt Wijerd wol fierder: sjoch side 119 o/m 123. Wat is der bard mei dy stêd?

6. Uteinlik hinget Pier syn swurd 'oan de balken', sa't Wijerd seit. Hy lûkt him werom út de striid. Hoe komt Grutte Pier safier?  Lês fan side 125: 'Wijerd skodholle en naam ....' oant de ein fan it haadstik op side 129.

7. Wat fynst derfan dat Grutte Pier him weromlûkt? Meitsje in kar út: ferstannich, lef, stom, ûnbegryplik, moedich. Lis dyn kar út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndividueel
Fokushaadpersonaazje
Learst

om in poster te meitsjen en in sêne foar in game op basis fan it boek

Opdracht

Sjoch by Trangle Studios op de site.
Dêr fynst ôfbyldings en filmkes fan de game dy't by it boek Krús fan de Hollanner makke binne. Besjoch de ôfbyldings en de filmkes.

1. Fynst dat de ôfbyldings fan Grutte Pier oerien komme mei hoe't hy yn it boek beskreaun wurdt? Lis út.

2. Betink mei jim beiden jim eigen Grutte Pier. Beskriuw him koart sa't soks wol ris dien wurdt op telefyzje as ien socht wurdt: byg. lingte, dik/smel, kleur hier, koart/lang, kleur eagen ensafh.

3. Meitsje in tekening fan jim Grutte Pier. Dy ha jimme nedich by de útwurking fan de lêste fraach.

4. Meitsje oer ien fan de hjirûnder steande sênes de opset fan in game.

Fan side 42 'Fierder kaam de âlde muonts lykwols net ...' oant de ein fan dit haadstik op side 46.

Fan side 116 'Hieltyd wreder waard er. Elke tsjinstanner...' oant de ein fan it haadstik op side 117.

5. Meitsje in poster dêr't jim jimme game yn oanpriizgje. Brûk dêr jimme tekening fan fraach trije by en wurkje dy yn kleur út. Dat mei ek op de kompjûter.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om de ûntwikkeling fan in personaazje te beskriuwen

Opdracht

A
It libben fan Grutte Pier yn it boek kin ferdield wurde yn fjouwer parten.
1. Foar de moard op syn frou en soan
2. Yn it earstoan nei de moard
3. Yn syn lêste jierren as frijheidsstrider
4. Doe't er him weromlutsen hie út de striid

Folje ûndersteand skema yn. Skriuw op watst witst fan Grutte Pier syn dieden. Meitsje in kar út de wurden foar Grutte Pier syn gefoelens yn dat tiidrek en passend by syn dieden: grutskens, Frysksinnigens, opljeppendheid, leafde, respekt, haat, godfreezjend, wraaksucht, berou, brutaliteit, ûnrjocht, gewelddiedigens, eangst. Kinst guon wurden faker brûke. Set de nûmers fan de siden dêr'tst de dieden fûn hast derby.

  Tiidrek

 Dieden

 Gefoelens

 Siden

 1. foar de moard

 

 

 

 2. yn it earstoan dêrnei

 

 

 

 3. lêste jierren as frijheidsstrider

 

 

 

 4. weromlutsen út de striid

 

 

 


B
1. Grutte Pier makket yn it boek in ûntwikkeling troch. Beskriuw dy ûntwikkeling yn eigen wurden mei help fan boppesteande tabel.

2. Lês it lêste haadstik fan it boek nochris troch. Wijerd hat it doel en reizgje de oare deis nei Grins om de moardner fan syn muoike en omkesizzer te sykjen. It liket oft er noch wraak nimme sil. Fynsto dat er dêryn oerien komt mei Grutte Pier? Lis út wêrom al of net.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmtwatal, kin ek yndividueel
Fokussjenre
Learst

om nei te tinken oer it sjenre fan de histoaryske roman en de ferhâlding tusken histoaryske feiten en fiksje

Opdracht

A
1. Sykje tegearre op ynternet de betsjutting op fan it begryp histoaryske roman en skriuw dy betsjutting op.

2. Watfoar ferhaalline sil, tinke jim, it meast histoarysk ferantwurde wêze: it ferhaal fan Wijerd oer Grutte Pier of dat fan Wijerd yn de herberch? Lis jim antwurd út.

B
Ien fan beiden makket opdracht 3 en 4. De oare opdracht 5. Tegearre meitsje jimme opdracht 6.

3a. Meitsje in tiidbalke en set dêr de neikommende jiertallen/datum op: ±1480, 1514, 29-1-1515, 1519, 1520.

3b. Set mei help fan de webside oer de Fryske kanon de foarfallen fan/oer Grutte Pier út de tekst oer Grutte Pier by de goede jiertallen.


Besjoch no nochris de siden mei de ferhaalline oer Grutte Pier yn Krús fan de Hollanner.

4a. Markearje op de tiidbalke de jiertallen dy't oerienkomme mei dy yn Krús fan de Hollanner.

4b. Markearje op de tiidbalke de foarfallen dy't oerien komme mei dy yn it boek.

4c. Ast yn it boek oare jiertallen fynst, set dy mei it byhearrende foarfal dan ek op de tiidbalke. No kinst goed sjen hoe't de jiertallen en foarfallen út de roman en de jiertallen en foarfallen dy't út de skiednis bekend binne oerienkomme.

Net allinne jiertallen en foarfallen mar ek persoanen kinne histoarysk ferantwurde wêze, of net.

5a. Meitsje twa kolommen. Set yn de linkerkolom mei help fan de webside oer de Fryske kanon earst de nammen fan de trije machthawwers, op rij 4 de Arumer Swarte Heap, op rij 5 'seinschipsluyden' en it sechsde plak litst iepen.

5b. Set yn de twadde kolom by de machthawwers oft Grutte Pier it mei harren iens wie of net. Fan 4 en 5 leist út wat dat binne.

5c. Lês yn Krús fan de Hollanner de tekstparten mei it ferhaal oer Grutte Pier scannend troch en sykje om de nammen fan de machthawwers en de oare beide dy't neamd binne by 4 en 5.

5d. Markearje se ast se tsjinkomst yn de tekst.

5e. Set op it sechsde plak yn de twadde kolom: neef fan Grutte Pier, Wijerd. 

Datst dy net tsjinkomst yn de kanon '11en30' hoecht noch gjin bewiis te wêzen dat er fiksje is. Sjoch mar ris op wikipedia.

Itselde jildt ek foar de frou en de bern fan Grutte Pier.

C
Konklúzje
Yn in histoaryske roman hoecht net alles histoarysk ferantwurde te wêzen, it is in roman en gjin skiednisboek. Yn in histoarysk jongereinboek hoecht dat likemin.

6a. Hoe fine jimme, op basis fan jim lyts ûndersyk hjirboppe, dat skriuwer Ate Grypstra omgien is mei de histoaryske feiten? Lis jimme antwurd út.

6b. Wêr is in skriuwer fan in histoaryske roman it meast frij yn syn fantasij?

6c. Wêr is de frijheid fan de skriuwer yn dit boek it grutst en lit er syn fantasij syn gong gean?

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswize fan fertellen
Learst

it literêre begryp ramtfertelling ('raamvertelling')

Opdracht

Yn it boek Krús fan de Hollanner sitte twa ferhalen.

1. Watfoar twa ferhalen komme der yn foar en wat is it ferbân tusken dy twa?

2. Hjirûnder steane trije kolommen. Beäntwurdzje de fragen en set it antwurd yn de goede kolom. Ferhaalline 1 is de ferhaalline dêr't it boek mei begjint.

  Fragen

Ferhaalline 1

Ferhaalline 2

 Wa is de haadpersoan

 

 

 Wat is de belangrykste ferhaalline

 

 

 Yn watfoar tiid spilet it ferhaal him ôf (doe of no)

 

 

 Hat it ferhaal in iepen of sletten ein?

 

 


3. Sykje op ynternet de betsjutting op fan it begryp ramtfertelling en skriuw dy betsjutting op.

4. Hjirûnder steane in tal titels fan boeken en films. Jou by elke titel oan oft it om in ramtfertelling giet of net. Sykje byneed ynformaasje op ynternet. Lis dyn antwurd út.
1. Krús fan de Hollanner, Ate Grypstra
2. Krústocht yn spikerbroek, Thea Beckman
3. De Fûke, Rink van der Velde
4. Titanic, James Cameron
5. Brief voor de koning,Tonke Dragt   

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokustematyk
Learst

wat de ferskillende fisys op de haadpersoan binne

Opdracht

Wijerd jout yn it boek syn fisy op (de dieden fan) Grutte Pier. Peter Jacobsz van Thabor docht dat yn de Historie van Vrieslant (achteryn it boek) as tiidgenoat fan Grutte Pier ek. Der sit ferskil tusken beiden yn de wize dêr't se Grutte Pier op beskriuwe.
Lêsoanwizing: de letter dy't op in f liket is in s, i kin ek brûkt wurde as j, de u is faak v of w. Lês de tekst de earste kear lûdop.

1. Jou in ferskil tusken beide beskriuwings oan.

Ien oarsaak foar it ferskil fan fisy kin sitte yn de achtergrûn fan de persoanen dy't de beskriuwing jouwe.

2. Jou de achtergrûn fan Wijerd en fan Peter Jacobsz van Thabor oan. Lis út hoe't dat liede kin ta ferskillende fisys op de persoan fan Grutte Pier.

3. Foar yn it boek stiet in stikje oer Grutte Pier fan Gysbert Japiks. It is Frysk út de 17de iuw en net sa maklik te lêzen, mar ast dy betinkst dat 'Uwz Lân-Fijnne' betsjut: 'de fijân fan ús lân' komst der wol út. Skriuw de ynhâld dêrfan yn dyn eigen wurden op.

4. Is yn it stikje fan Gysbert Japiks ek sprake fan in fisy op Grutte Pier? Sa ja, wat foar fisy? Sa nee, lis út wêromst dat fynst.

5. Jou yn likernôch 300 wurden dyn eigen fisy op Grutte Pier en wat hy dien hat. Set dêr yn wêrom'tsto sa oer him tinkst.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Ate Grypstra is yn 1973 berne yn Noardburgum. Hy studearre Ingelsk en letter ek Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Sûnt 2006 publisearret er regelmjittich yn ferskate media: proaza, gedichten, resinsjes en oersetwurk. Foar Krús fan de Hollanner skreau er Heftich, in bondel mei realistyske ferhalen foar en oer middelbere skoaljeugd en It beest fan de Westereen, in 'huverroman' sa't hy it sels neamt. Krús fan de Hollanner is ûntstien út in gearwurking tusken auteur Ate Grypstra, útjouwerij Afûk en game-ûntwikkelder Triangle Studios.

Ynhâld

Omkesizzer en striidmaat fan Grutte Pier, Wijerd Jelckama fan Boalsert, fertelt yn in herberch it ferhaal hoe't de boer Pier Gerlofs Donia yn it begjin fan de 16de iuw frijheidsstrider wurdt. Syn frou en soantsje binne fermoarde en syn pleats is yn 'e brân stutsen. Pier syn wraak slacht ek troch yn moard, plondering, it platbaarnen fan doarpen en piraterij op de Sudersee. Grutte Pier wurdt it krús fan de Hollanner oant him in halt taroppen wurdt.

Swierte

Foar N1-learlingen is it boek goed lêsber om't omkesizzer Wijerd it libben fan Grutte Pier fertelt mei faasje, spanning, fol aksje en drama. Dat lêste kin tagelyk in beheining wêze omdat de ferhaalline fan Grutte Pier trochbrutsen wurdt mei eigen ferwikkelings fan Wijerd. It taalgebrûk fan de skriuwer hoecht gjin tûkelteam te wêzen: it is net dreech en slút yn wurdkar oan by dy fan N1- en N2-learlingen. Foar de net betûfte Frysklêzer mei gjin inkelde affiniteit mei it histoaryske ûnderwerp kin it lykwols dreech wêze. Foar N2-learlingen kin it in opstap wêze nei dregere boeken oer histoaryske ûnderwerpen. Foar N3-learlingen jout it boek ferdjipping fan de histoarje fan Fryslân yn de 16de iuw. Fragen oer de kar dy't Grutte Pier makket  om frijheidsstrider te wurden en oft sa'n striid mei geweld fierd wurde moat of net, kinne har oan it tinken sette oer frijheidsstriders fan no.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en lit him meinimme troch ferteller Wijerd yn it libben fan syn omke Grutte Pier. Dat ferhaal wurdt troch de ferwikkelings yn de no-tiid trochbrutsen.

Ynteresses

In N1-lêzer dy't hâldt fan in soad aksje sil him meinimme litte yn dit histoaryske ferhaal. In N2-lêzer dy't fierder sjocht sil him ynlibje kinne yn de figuer fan de held en frijheidsstrider mar ek yn hoe't soks ferwurdt ta wraak en geweld. In N3-lêzer kin him by it lêzen ôffreegje hoefier't ien giet yn de striid foar folk en frijheid en oft dêryn alles tastien is.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net perfoarst nedich. Foar de lêzer dy't wat mear fan de achtergrûn witte wol, jout de Kanon fan Fryslân en it filmke oer Grutte Pier, Finster 10, op 11en30.nu ynformaasje.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is fan dizze tiid en slút oan by dat fan de learlingen. De histoaryske wurden binne út de kontekst wei goed te begripen.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart en dêrtroch maklik lêsber.

Styl

De styl yn 'e foarm fan in soad dialooch mei koarte sinnen en maklik wurdgebrûk is tagonklik foar N1- en N2-lêzers.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de koarte haadstikken sit in soad aksje, spanning en drama. Hjir en dêr giet it der wreed om en ta.

Gronology

De ôfwikseling yn it boek tusken wat yn it hjoed fan de roman bart yn de herberch en it ferhaal fan doe oer Grutte Pier is foar N2-lêzers goed te folgjen. Foar N1-lêzers kin soks in beheining wêze.

Ferhaalline(n)

De roman is in ramtfertelling oer Grutte Pier. Wijerd docht it ferhaal fan syn omke sa't hy dat meimakke hat yn in herberch. Dêr spilet him ek noch hiel wat ôf. Foar N1-lêzers kin dat betiizjend wurkje.

Perspektyf

It ferhaal fan Grutte Pier wurdt ferteld út it perspektyf wei fan syn omkesizzer Wijerd. It wurdt ferteld yn de direkte rede mei Wijerd as de ik-figuer. It ferhaal yn 'e herberch hat in personaal perspektyf.

Betsjutting

Foar N1-lêzers is it in moai aksjeferhaal. Foar N2-lêzers sil it ferhaal fragen oproppe kinne oer hoe't in gewoan man as Grutte Pier omslaan kin yn sa'n wreedaard. De N3-lêzer kin it oanset jaan om nei te tinken oft de dieden fan Grutte Pier te ferdigenjen binne troch dat wat er sels meimakke hat. En oft in frijheidsstriid altyd mei geweld fierd wurde moat en mei of dat it ek oars kin.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

De sintrale persoanen yn it ferhaal binne Wijerd, de ferteller, en de persoan fan Grutte Pier. De oare persoanen yn de herberch en it ferhaal binne flak en net útdjippe. Sy binne tahearders of figuranten.

Oantal karakters

Yn it boek komme in soad nammen foar mar it tal persoanen dat fan belang is, is beheind.

Untjouwing fan de karakters

It ferhaal lit sjen hoe't Grutte Pier omgiet mei syn ferlies en fersyld rekket yn gewelddieden mar ek hoe't er út dat libben stapt. Dy ûntjouwing is goed te folgjen foar de ferskillende lêzers. Wijerd nimt geandewei it ferhaal oer Grutte Pier ôfstân fan it tanimmend geweld sa't dat tapast wurdt troch syn omke. Oan 'e ein fan it boek sil er wol nei Grins om de oanstichter fan it delbaarnen fan de pleats en de moard te sykjen en wraak te nimmen.  

Ferantwurding

 

Relevante  boarnen foar dosinten

Boekfprofyl op tresoar.nl
Tigchelaar, Geart, 'Krossmediale Kimswerter'. Op Ensafh 8 july 2013.