Krús fan de Hollanner
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2012
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 139
- Genre
-
- histoaryske roman
- jongereinboek
- Tags
-
- 16de iuw
- Fryske frijheid
- held
- seerôvers
- wraak
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Ate Grypstra is yn 1973 berne yn Noardburgum. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en wurket as dosint Ingelsk. Hy hat ek Frysk jûn. Sûnt 2006 publisearret er dêrnjonken regelmjittich yn ferskate media: proaza, gedichten, resinsjes en oersetwurk. Foar Krús fan de Hollanner skreau er Heftich, in bondel mei realistyske ferhalen foar en oer middelbere skoaljeugd. It beest fan de Westereen, in 'huverroman' sa't hy it sels neamt, is in Stephen King-achtich ferhaal. Krús fan de Hollanner is it produkt fan in gearwurking tusken de auteur Ate Grypstra, útjouwerij Afûk en game-ûntwikkelder Triangle Studios.
Inhoud
Wijerd Jelckama fan Boalsert fertelt yn in herberch it ferhaal fan syn omke Grutte Pier. Yn it begjin fan de 16de iuw wurdt boer Pier Gerlofs Donia troch de moard op syn frou en soantsje en it platbaarnen fan syn pleats de frijheidsstrider Grutte Pier. Syn wraak slacht troch yn moard, plondering, it platbaarnen fan doarpen en piraterij op de Sudersee. Grutte Pier is sa it krús fan de Hollanner oant him in halt taroppen wurdt.
Leesaanwijzingen
It ferhaal fan Grutte Pier wurdt prachtich ferteld troch Wijerd. Hoe kin it ek oars, Wijerd hat as omkesizzer en striidmaat fan Grutte Pier hast alles mei him mei belibbe. Wijerd fertelt it ferhaal oan oaren wylst er yn in herberch sit. En ek dêr bart fan alles. Troch dy twa ferhalen yn ien boek komst hieltyd fan it no yn it doe. Slim is dat net want de skeakeling yn it boek bart yn koarte haadstikken dy't fol aksje, spanning en drama sitte. Grutte Pier libbet yn de 16de iuw. Fansels spilet dat in rol yn it boek. It giet oer de politike situaasje yn dy tiid. Hoechst net in soad kennis fan de skiednis te hawwen om it boek te begripen en mei nocht te lêzen. En miskien fynst it wol sa aardich datst dy ferdjipje wolst yn de skiednis fan doe of lêze wolst oer oare histoaryske persoanen.
Om over na te denken
Stel dat ien fan dyn famylje fermoarde wurdt. Wat soe dyn reaksje wêze? Soest wraak nimme wolle op de dieder(s)? Wat fynst fan terroristyske oanslaggen sa't dy no foarkomme as middel yn de striid foar de frijheid fan folk of leauwe?
Waardering
'Ik fyn it in hiel leuk boek. It beskriuwt in ynteressant stik skiednis. It is flot skreaun, mar wol te maklik foar learlingen fan 6 vwo.'
Simon (5v)
'It boek lêst maklik en it hat in hiel ferrassend ein. Ik tink dat it ek in hiel leuk boek foar jonges is.'
Femke (5v)
'Fan Grutte Pier hie ik wol heard. It is moai om troch it boek mear te witten te kommen. It boek is maklik en echt hiel aardich om te lêzen.'
Johan (4h)
Opmerkingen
De yllustraasjes yn it boek binne fan Pascal Brander fan Triangle Studios. Dat bedriuw wurket ek oan in game by dit boek mei de titel 'Cross of the Dutchman'. De ûntwikkeling fan de game is hjir te folgjen.
Leestips/meer weten
Triangle Studios, Cross of the Dutchman
Samengesteld door
Lieukje Leistra-ReidsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | miening |
Learst |
om dyn miening te jaan oer Grutte Pier syn wraak |
Opdracht |
Wijerd fertelt yn 'e herberch yn geuren en kleuren wat er mei
Grutte Pier yn de frijheidsstriid meimakket. Mar op side 116 seit
er dat Grutte Pier hieltyd wreder waard. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | twatal, kin ek yndividueel |
Fokus | haadpersonaazje |
Learst | om in poster te meitsjen en in sêne foar in game op basis fan it boek |
Opdracht | Sjoch by Trangle Studios op de site. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner | ||||||||||||||||||||
Nûmer | N2/1 | ||||||||||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slu | ||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||||||||||
Fokus | personaazjes | ||||||||||||||||||||
Learst | om de ûntwikkeling fan in personaazje te beskriuwen | ||||||||||||||||||||
Opdracht | A
| ||||||||||||||||||||
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | twatal, kin ek yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | om nei te tinken oer it sjenre fan de histoaryske roman en de ferhâlding tusken histoaryske feiten en fiksje |
Opdracht | A
|
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner | |||||||||||||||
Nûmer | N3/1 | |||||||||||||||
Nivo | 3 | |||||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slu | |||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | |||||||||||||||
Fokus | wize fan fertellen | |||||||||||||||
Learst |
it literêre begryp ramtfertelling ('raamvertelling') | |||||||||||||||
Opdracht |
Yn it boek Krús fan de Hollanner sitte twa
ferhalen.
| |||||||||||||||
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Grypstra, Ate Krús fan de Hollanner |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst | wat de ferskillende fisys op de haadpersoan binne |
Opdracht | Wijerd jout yn it boek syn fisy op (de dieden fan) Grutte Pier. Peter Jacobsz van Thabor docht dat yn de Historie van Vrieslant (achteryn it boek) as tiidgenoat fan Grutte Pier ek. Der sit ferskil tusken beiden yn de wize dêr't se Grutte Pier op beskriuwe. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Ate Grypstra is yn 1973 berne yn Noardburgum. Hy studearre Ingelsk en letter ek Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Sûnt 2006 publisearret er regelmjittich yn ferskate media: proaza, gedichten, resinsjes en oersetwurk. Foar Krús fan de Hollanner skreau er Heftich, in bondel mei realistyske ferhalen foar en oer middelbere skoaljeugd en It beest fan de Westereen, in 'huverroman' sa't hy it sels neamt. Krús fan de Hollanner is ûntstien út in gearwurking tusken auteur Ate Grypstra, útjouwerij Afûk en game-ûntwikkelder Triangle Studios.
Ynhâld
Omkesizzer en striidmaat fan Grutte Pier, Wijerd Jelckama fan Boalsert, fertelt yn in herberch it ferhaal hoe't de boer Pier Gerlofs Donia yn it begjin fan de 16de iuw frijheidsstrider wurdt. Syn frou en soantsje binne fermoarde en syn pleats is yn 'e brân stutsen. Pier syn wraak slacht ek troch yn moard, plondering, it platbaarnen fan doarpen en piraterij op de Sudersee. Grutte Pier wurdt it krús fan de Hollanner oant him in halt taroppen wurdt.
Swierte
Foar N1-learlingen is it boek goed lêsber om't omkesizzer Wijerd it libben fan Grutte Pier fertelt mei faasje, spanning, fol aksje en drama. Dat lêste kin tagelyk in beheining wêze omdat de ferhaalline fan Grutte Pier trochbrutsen wurdt mei eigen ferwikkelings fan Wijerd. It taalgebrûk fan de skriuwer hoecht gjin tûkelteam te wêzen: it is net dreech en slút yn wurdkar oan by dy fan N1- en N2-learlingen. Foar de net betûfte Frysklêzer mei gjin inkelde affiniteit mei it histoaryske ûnderwerp kin it lykwols dreech wêze. Foar N2-learlingen kin it in opstap wêze nei dregere boeken oer histoaryske ûnderwerpen. Foar N3-learlingen jout it boek ferdjipping fan de histoarje fan Fryslân yn de 16de iuw. Fragen oer de kar dy't Grutte Pier makket om frijheidsstrider te wurden en oft sa'n striid mei geweld fierd wurde moat of net, kinne har oan it tinken sette oer frijheidsstriders fan no.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en lit him meinimme troch ferteller Wijerd yn it libben fan syn omke Grutte Pier. Dat ferhaal wurdt troch de ferwikkelings yn de no-tiid trochbrutsen. |
Ynteresses |
In N1-lêzer dy't hâldt fan in soad aksje sil him meinimme litte yn dit histoaryske ferhaal. In N2-lêzer dy't fierder sjocht sil him ynlibje kinne yn de figuer fan de held en frijheidsstrider mar ek yn hoe't soks ferwurdt ta wraak en geweld. In N3-lêzer kin him by it lêzen ôffreegje hoefier't ien giet yn de striid foar folk en frijheid en oft dêryn alles tastien is. |
|
Algemiene kennis |
Algemiene kennis is net perfoarst nedich. Foar de lêzer dy't wat mear fan de achtergrûn witte wol, jout de Kanon fan Fryslân en it filmke oer Grutte Pier, Finster 10, op 11en30.nu ynformaasje. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is fan dizze tiid en slút oan by dat fan de learlingen. De histoaryske wurden binne út de kontekst wei goed te begripen. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne koart en dêrtroch maklik lêsber. |
|
Styl |
De styl yn 'e foarm fan in soad dialooch mei koarte sinnen en maklik wurdgebrûk is tagonklik foar N1- en N2-lêzers. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn de koarte haadstikken sit in soad aksje, spanning en drama. Hjir en dêr giet it der wreed om en ta. |
Gronology |
De ôfwikseling yn it boek tusken wat yn it hjoed fan de roman bart yn de herberch en it ferhaal fan doe oer Grutte Pier is foar N2-lêzers goed te folgjen. Foar N1-lêzers kin soks in beheining wêze. |
|
Ferhaalline(n) |
De roman is in ramtfertelling oer Grutte Pier. Wijerd docht it ferhaal fan syn omke sa't hy dat meimakke hat yn in herberch. Dêr spilet him ek noch hiel wat ôf. Foar N1-lêzers kin dat betiizjend wurkje. |
|
Perspektyf |
It ferhaal fan Grutte Pier wurdt ferteld út it perspektyf wei fan syn omkesizzer Wijerd. It wurdt ferteld yn de direkte rede mei Wijerd as de ik-figuer. It ferhaal yn 'e herberch hat in personaal perspektyf. |
|
Betsjutting |
Foar N1-lêzers is it in moai aksjeferhaal. Foar N2-lêzers sil it ferhaal fragen oproppe kinne oer hoe't in gewoan man as Grutte Pier omslaan kin yn sa'n wreedaard. De N3-lêzer kin it oanset jaan om nei te tinken oft de dieden fan Grutte Pier te ferdigenjen binne troch dat wat er sels meimakke hat. En oft in frijheidsstriid altyd mei geweld fierd wurde moat en mei of dat it ek oars kin. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De sintrale persoanen yn it ferhaal binne Wijerd, de ferteller, en de persoan fan Grutte Pier. De oare persoanen yn de herberch en it ferhaal binne flak en net útdjippe. Sy binne tahearders of figuranten. |
Oantal karakters |
Yn it boek komme in soad nammen foar mar it tal persoanen dat fan belang is, is beheind. |
|
Untjouwing fan de karakters |
It ferhaal lit sjen hoe't Grutte Pier omgiet mei syn ferlies en fersyld rekket yn gewelddieden mar ek hoe't er út dat libben stapt. Dy ûntjouwing is goed te folgjen foar de ferskillende lêzers. Wijerd nimt geandewei it ferhaal oer Grutte Pier ôfstân fan it tanimmend geweld sa't dat tapast wurdt troch syn omke. Oan 'e ein fan it boek sil er wol nei Grins om de oanstichter fan it delbaarnen fan de pleats en de moard te sykjen en wraak te nimmen. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Boekfprofyl op tresoar.nl |