Feroaring fan lucht
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 1971 [17de pr. 2014]
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 195
- Genre
-
- skelmeroman
- sosjale roman
- Tags
-
- Drachten
- frijheid
- natuer
- yndustrialisaasje
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Rink van der Velde (1932-2001) wie in populêre Fryske skriuwer en sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Fan syn goed fjirtich boeken en ferhalebondels binne mei elkoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
De Fûke wurdt algemien sjoen as ien fan syn allerbêste boeken, mar fan Feroaring fan lucht ferskynden fierwei de measte eksimplaren, mear as 34.000. Dat is yn Fryske ferhâldingen in absolute bestseller.
Van der Velde ûntwikkele syn skriuwstyl út de sjoernalistyk wei. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen. Syn foarkar foar frijfochten types is werom te finen yn de haadpersoanen fan syn romans en ferhalen. De striid fan de lytse man dy't gjin gesach boppe him duldt, is in sintraal tema yn syn wurk. De Twadde Wrâldoarloch is ek in belangryk tema yn syn boeken. Hy skreau ek in rige plysjeromans.
Van der Velde wenne ûnder oare op De Gordyk, Drachten, De Wylgen en Ljouwert, mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop. Dat arkje wurdt no ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen. Nei syn ferstjerren hawwe syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld, de priis foar it bêste Fryske proazawurk fan de ôfrûne twa jier.
Inhoud
De haadpersoan yn dizze roman, Durk Snoad (offisjele namme: Lugtigheid), is in echte wâldpyk. Mei syn grutte húshâlding, de hûn Bijke en wat kninen en in geit wennet er yn in ûnbewenber ferklearre wenning op de Sânleane yn Beetstersweach. Durk hat in lytse útkearing en skarrelt dêrnjonken de kost by inoar mei allerhanne saken wêrfan't de measten it ljocht net ferdrage kinne. Hy fielt him kening yn syn eigen keninkryk en sa frij as God yn Frankryk. Gesach erkent er net. Seker net as dat komt fan minsken dy't him de wet foarskriuwe wolle lyk as amtners fan sosjale saken of de boskwachter. Opbokse tsjin syn eigen frou en âldste bern, dat slagget him no krekt net. Hy moat belies jaan en ferhúzje nei in nijbouwente yn Drachten en sels oan it wurk op Philips.
Leesaanwijzingen
Yn it earste haadstik komst yn 'e kunde mei Durk Snoad en syn húshâlding. Troch de koarte sinnen en de direktens fan de taal lêst it boek flot. Rink van der Velde tekenet de persoanen en de hûn Bijke, de âlde klinte dêr't se wenje, it lânskip dêromhinne en de frije natuer skerp út. Silst sjen dat it boek dy al gau meinimt. Durk Snoad docht syn bêst om de húshâlding fan it nedige te foarsjen en om syn frijheid te bewarjen. Hy moat it sels opnimme tsjin syn eigen frou en bern. Oft er dat folhâldt?
Om over na te denken
Hâldsto fan dyn frijheid en hast in hekel oan regels dy't dyn frijheid ynperkje en dingen dy't dy oplein wurde? Hoe reagearrest dan? Hoe fier soesto gean om dyn frijheid te hâlden of te fergrutsjen?
Waardering
'Feroaring fan lucht: in nij hichtepunt!'
Freark Dam yn de Ljouwerter Krante
'De libbene beskriuwing fan in âlderwetske praatsjemakker dy't him foar it wurk wei wine moat, omdat er fiersten te folle om hannen hat om der ek noch by arbeidzje te kinnen, wie efterôf besjoen it bêste wat der yn Fryslân yn 1971 skreaun is.'
Jan Wybenga yn de Ljouwerter Krante
Opmerkingen
Feroaring fan lucht is online beskikber op de dbnl en it is ek te krijen as harkboek. It boek is oerset yn it Nederlânsk ûnder de titel Verandering van lucht. Fan it boek is in muzykspul makke en in iepenloftspul.
Rink van der Velde hat yn 1975 de Gysbert Japicxpriis krigen foar syn hiele oeuvre.
Leestips/meer weten
Biografyske skets fan Rink van der Velde op tresoar.nl
Boekprofyl fan Feroaring fan lucht op tresoar.nl
Jelle van der Meulen op syn Friese literatuursite
Samengesteld door
Lieukje Leistra-ReidstraAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst |
om nei te tinken oer de titel fan it boek |
Opdracht |
1. Wat is de algemiene betsjutting fan 'feroaring fan
lucht'? |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | rake beskriuwingen |
Learst | om nei te tinken oer de beskriuwing fan persoanen, plakken of gebeurtenissen yn it boek |
Opdracht | Rink van der Velde waard faak priizge om't er mei wurden persoanen en gebeurtenissen yn syn boeken sa raak delsette. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | haadpersonaazje |
Learst | om nei te tinken oer it karakter fan de haadpersoan |
Opdracht | De namme fan de haadpersoan fan Feroaring fan lucht is Durk Lugtigheid. Syn bynamme is Durk Snoad. |
Bronnen | |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel (kin ek yn twatal) |
Fokus | ôfrin |
Learst |
om nei te tinken oer de ynhâld fan it lêste haadstik |
Opdracht |
Lês it lêste haadstik dêr't de skriuwer de ôfrin fan it ferhaal
yn fertelt. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht |
Nûmer | N2/3 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal as it mooglik is, oars yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om personaazjes en relaasjes te analysearjen |
Opdracht | Yn dizze opdracht makkest in sosjogram ('sociogram') fan de foarnaamste personaazjes. In sosjogram is in tekening dy't oanjout hoe't de ûnderlinge ferhâldings tusken minsken binne. Foekje |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | opbou |
Learst | om nei te tinken oer de opset en yndieling fan it boek |
Opdracht | Tink derom: de haadstikyndieling sa't dy hjir neamd wurdt is dy fan de 13de printing (1990) of letter. |
Bronnen | Jan Wybenga, 'Durk Snoad yn 't nij', Ljouwerter Krante 08-06-1990 |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht | |||||||||||||||
Nûmer | N3/2 | |||||||||||||||
Nivo | 3 | |||||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slu | |||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel (kin ek yn twatal) | |||||||||||||||
Fokus | ûntjouwing | |||||||||||||||
Learst | om te reflektearjen op de feroarings dy't plakfine yn it libben fan minsken ûnder ynfloed fan de yndustrialisaasje | |||||||||||||||
Opdracht | Tsjin syn sin ferhuzet Durk Snoad mei de húshâlding nei Drachten. Lês haadstik 10, 11 en 13 (yn de 13de printing of letter, yn eardere printings binne it de haadstikken 9, 10 en 12).
| |||||||||||||||
Bronnen |
| |||||||||||||||
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Velde, Rink van der Feroaring fan lucht | |||||||||||
Nûmer | N3/3 | |||||||||||
Nivo | 3 | |||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slu | |||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | |||||||||||
Fokus | it wurk fan Rink van der Velde | |||||||||||
Learst | om te reflektearjen op de ynhâld fan de boeken fan Rink van der Velde | |||||||||||
Opdracht | 1. Lês de ynformaasje by 'Oer de auteur' op de dosinteside troch en folje de kolom 'ûnderwerp' yn fan de tabel oan de ein.
| |||||||||||
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Rink van der Velde (1932-2001) wie in populêre Fryske skriuwer en sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Fan syn goed fjirtich boeken en ferhalebondels binne mei elkoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
Van der Velde makke yn 1959 syn debút yn Frysk & Frij en skreau yn 1960 syn earste roman, it Nederlânsktalige De kleine kolonie. Yn 1962 ferskynde de earste fan de 25 Fryske romans dy't er neilit: Joun healwei tolven. De Fûke wurdt algemien sjoen as ien fan syn allerbêste boeken. Fan Feroaring fan lucht ferskynden de measte eksimplaren, mear as 34.000.
Van der Velde ûntwikkele syn skriuwstyl út de sjoernalistyk wei. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen. Syn foarkar foar frijfochten types is werom te finen yn de haadpersoanen yn syn romans en ferhalen. De striid fan de lytse man dy't gjin gesach boppe him duldt is in sintraal tema yn syn wurk. Syn personaazjes hâlde faak fan it frije libben yn de natuer en binne besteld mei fiskje, jeie en streupe. De Twadde Wrâldoarloch is ek in belangryk tema yn syn boeken. Hy skreau ek in rige plysjeromans.
Van der Velde wenne ûnder oare op De Gordyk, Drachten, De Wylgen en Ljouwert, mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop. Dat arkje wurdt no ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen. Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld, de priis foar it bêste Fryske proazawurk fan de ôfrûne twa jier.
Ynhâld
De haadpersoan yn dizze roman, Durk Snoad (offisjele namme: Lugtigheid), is in echte wâldpyk. Mei syn grutte húshâlding, de hûn Bijke en wat kninen en in geit wennet er yn in ûnbewenber ferklearre wenning op de Sânleane yn Beetstersweach. Durk hat in lytse útkearing en skarrelt dêrnjonken de kost by inoar mei allerhanne saken wêrfan't de measte it ljocht net earlik ferdrage kinne. Hy fielt him kening yn syn eigen keninkryk en sa frij as God yn Frankryk. Gesach erkent er net. Seker net as dat komt fan minsken dy't him de wet foarskriuwe wolle lyk as amtners fan sosjale saken of de boskwachter. Opbokse tsjin syn eigen frou en âldste bern, dat slagget him no krekt net. Hy moat belies jaan en ferhúzje nei in nijbouwente yn Drachten en sels oan it wurk op Philips. Dat beteart net goed.
Swierte
Feroaring fan lucht is sûnt de trettjinde printinge fan 1990 ferdield yn fyftjin haadstikken, dêrfoar wiene it fjirtjin. Haadstik 4, 9 en 15 binne troch de skriuwer skreaun om, sa't hy yn de tekst seit, it boek wat begrypliker te meitsjen foar de lêzers. Foar haadstik 2 jildt itselde, dat is yn 1990 taheakke ûnder de titel 'Pake fertelt, of: de tiid fan doe, ferklearre foar de jongerein fan no.' Dosinten en lêzers dy't âldere printingen brûke, moatte rekken hâlde mei it ferskil tusken de edysjes.
De haadstiktitels besteane út in omskriuwing fan ien of twa sinnen. De lingte fan de haadstikken sit tusken de tsien en fyftjin siden. Foar N1- en N2-lêzers binne dat hânsume stikken tekst. It ferhaal is skreaun yn koarte sinnen, dy't goed lêsber binne. Dat jildt seker foar de dialogen. It boek freget fan de lêzer wol om him te ferpleatsen yn de tiid fan de '50/'60-er jierren fan de foarrige iuw. Foar N3-lêzers is dat wol nei te kommen en troch de ynformaasje fan de skriuwer foar N2- en N1-lêzers oars ek wol. It wurdgebrûk, benammen yn de dialogen, is net dreech. Guon wurden, brûkt foar de fiskerij en streuperij, sille net altyd bekend wêze. Dêr leit in útdaging yn foar de N3-lêzer. Foar de N2- en N1-lêzer is it lykwols gjin behindering foar it begryp fan it ferhaal. De oangripende sênes en komyske foarfallen sille lêzers fan elk nivo oansprekke.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it tinken, hâlden en dragen fan in echte wâldman en syn húshâlding yn de jierren '50/'60 fan de foarrige iuw. |
Ynteresses |
Ynteresse yn de feroaring fan de maatskippij sa't dy nei de Twadde Wrâldoarloch plakfûn en hoe't dy it libben fan gewoane minsken beynfloede, is in pree. |
|
Algemiene kennis |
Kennis fan it libben yn de tiid nei de Twadde Wrâldoarloch en ynsjoch yn it libben fan minsken dy't ferhuzen fan it plattelân nei in stêd of grut doarp mei it wurk yn it fabryk, jout mear begryp fan it karakter fan de haadpersoan, mar is net beslist nedich. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk is foar in boek skreaun yn 1971 net dreech, útsein wurden dy't te krijen hawwe mei fiskerij en streupen. It taalgebrûk yn de dialogen is hiel maklik en direkt. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne ienfâldich sûnder al te lange bysinnen. |
|
Styl |
De styl is direkt, humoristysk en soms koart om 'e hoeke, mar noflik om te lêzen. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn hast elk haadstik komt aksje foar. Watfoar aksje dat is, is hiel ferskillend: fan hoe't it der yn 'e húshâlding om en ta giet, oant Durk Snoad syn yllegale fiskerij en jeien en syn krewearjen tsjin (de minsken fan) it gesach. |
Gronology |
It ferhaal is gronologysk. Yn it earste haadstik komt de lêzer yn 'e kunde mei de haadpersoan en syn húshâlding. Dêrnei ûntwikkelet it ferhaal fan Durk Snoad en syn famylje him fierder. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline fan it earste haadstik oant en mei it lêste haadstik. De fjouwer haadstikken (2, 4, 9 en 15) dêr't de skriuwer oan it wurd is jouwe achtergrûnynformaasje en soms in soarte fan foarútblik. Haadstik 15 jout de ein fan it ferhaal wer. Haadstik 2, 'Pake fertelt...' jout as flashback ynformaasje oer de tiid dêr't it boek yn spilet. De kommintaar-haadstikken binne nij sûnt 1990 of byskaafd. |
|
Perspektyf |
It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf wei fan de alwittende ferteller. |
|
Betsjutting |
Feroaring fan lucht is it bêst ferkochte boek fan skriuwer Rink van der Velde. It tragykomyske ferhaal fan de wâldman Durk Snoad en syn wjerfaren spruts in soad minsken oan. Yn sa'n tsien jier tiid waard it elk jier opnij drukt en wienen der al 25.000 eksimplaren ferskynd. Faaks dat yn dy tiid minsken wat fan harsels werom seagen yn Durk Snoad. Hy is symboal fan it ferset tsjin it systeem dat fêstlein is yn wetten en regels en útfierd wurdt troch amtners. It fêsthâlden oan en stribjen nei frijheid stiet heaks op de sa opleine beskaving fan de maatskippij fan nei 1945. It súkses fan de lettere printings jout oan dat it boek noch altyd oansprekt, benammen troch de typearring fan de persoanen, minder troch psychologyske djipte. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
De karakters: de haadpersoan Durk Snoad, syn frou Foekje, de bern en it bernsbern, de mannen mei gesach sa as Feike Dam en in pear doarpsgenoaten of bruorren yn it kwea binne foar de lêzer goed nei te kommen. |
Oantal karakters |
It oantal karakters dat der ta docht is beheind. It draait benammen om Durk, syn frou en de âldste bern. It oantal karakters leveret gjin problemen. |
|
Untjouwing fan de karakters |
It karakter fan de haadpersoan hat de grutste ûntjouwing. Net dat it troch de skriuwer psychologysk útdjippe wurdt. Mar it wurdt wol hiel raak tekene. It foarnaamste foar him is de frijheid en in stikje gelok mei de minsken om him hinne op in plak yn de frije natuer. |
|
Ferantwurding |
Understeande boarnen |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Libbensskets fan Rink van der Velde, mei oan de ein taheakke: artikels fan Jabik Veenbaas en Pieter de Groot yn de Leeuwarder Courant oer it wurk fan Rink van der Velde by syn ferstjerren yn 2001, en in koarte beskriuwing fan de ynhâld fan njoggen boeken fan Rink van der Velde troch Jelle van der Meulen. |